De Tsjerne. Jaargang 16
(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 333]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 334]
| |
it boek jowt op hokker willekeurich plak ek. Der is gâns in rige fan grafisi dy't regelmjittich oan de uterlike forsoarging fan it boek arbeidet: Meinte Walta, Jan van der Bij, Diet Huber, J.J. Spahr van der Hoek, Pier Feddema, Jan Murk de Vries, Joazum Walstra, Frits Klein, Jentsje Popma en ek de âldere Johannes Mulders. De grafyske kwaliteiten fan harren wurk rinne noch al hwat útinoar, mar der is suver ien mienskiplik tokoart, dat yn de measte omslachforsieringen nei foaren komt; dat hja net genôch op 'e hichte binne mei de aesthétyk en de histoaryske bitsjutting fan it letterbyld. De letterymprovisaesjes op de measte omslaggen binne slim ûnkritysk. Der bistiet tofolle de driuw nei it skeppen fan nije typen, dy't de ûntwerper oanslute litte wol by syn ûntwerp. It ûntwerpen fan in lettertype is lykwols ien fan de nuodlikste karweijen dy't in grafikus moetet. De letterfariaesje en karikatueren lykas men dy sjocht op de omslaggen fan Brekkende Branning (Jan van der Bij); Dûbelde Hael en Mei de pinne helle (Joh. Mulders); Yn 'e berm lâns, Op in paed, En de sé wie net mear (Frits Klein); Fjouwer minsken yn in stêd (Jentsje Popma) en noch tal fan oare kréaesjes, tsjûgje net fan in fundamintéle kennis fan letterkarakters. Men soe as dédlikste foarbyld tsjinoer dit wurk stelle kinne it treflike stofomslach fan Theo Kurpershoek, dat er makke foar de roman Lyoeske fan J.P. Wiersma, hwerby de aesthétyk fan it ûntwerp as gehiel in forantwurde oansluting hat by in moderne ynterpretaesje dy't elemintair basearre is op in klassike skientme en histoaryske forantwurding. Der binne lykwols fan Fryske grafisi ek tige goede foarbylden, b.g. Rimen en Teltsjes fan de Bruorren Halbertsma, sawnde printinge: in boek dat yn de Fryske typografy fan greate bitsjutting west hat en is. It stofomslach fan Jan van der Bij is typografysk folslein forantwurde. Der is yn dit ûntwerp in knappe oplossing fan tekstfordieling en dekoraesje, dy't it gehiel in aristokratyske sfear jowt, dy't modern is en dochs ek wer oanslét by it karakter fan it boek. Dat Jan van der Bij mear kin | |
[pagina 335]
| |
as hy op it omslach fan Pier Feddema syn Brekkende Brânning sjen litten hat, biwiist er mei Fan it anker slein fan Paulus Akkerman, mei in kleurich kontrastearjend omslach, dat wol in abstrakte kunst suggerearje wol, mar krekt binnen de grinzen bliuwt dy't dizze Bibleteek-útjefte forneare kin. Folle stiver is it wurk fan Frits Klein, dy't yn haedsaek de omslaggen forsoarget fan de KFFB-útjeften. Klein moat binnen de foarmjowing bliuwe dy't gaedlik is foar de rige en de mannichte. Klein soe der lykwols ek net bûten komme kinne om't hy suver naturalistysk werjowt en syn hiele kinnen basearret op tekenhandige reklamelay-out en copy-writing. Syn styl forriedt gjin inkelde forbylding en is inkeld ôfstimd op in trochstrings ûntypografyske foarm fan reklametekening. Syn wurk mist de linigens en transparantens, dy't yn it moderne grafyske wurk ûnmisber wurden is. Dêr stiet tsjinoer de frijwol nonchalante Pier Feddema, dy't it yndertiid bistien hat om in mei ballpoint produsearre wurktekening to brûken foar syn roman Gods Terskflier. In tekening dy't lykwols tekentechnysk fier ûnder de mjitte bleaun is, lykas ek de yllustraesje yn dit boek. Feddema hat hjir tofolle fan eigen kinnen oertsjûge west. Folle better fan him binne inkelde swartkryt-yllustraesjes út syn earsteling Brekkende Brânning, dy't aksje suggerearje en mei in minimum oan streken in folslein byld jowe. Tige modern is it wurk fan Diet Huber, dat net direkte oansluting hat by it boek, lykas yn har omslach fan As ik fuortgean, kom ik net werom fan B. Heidstra-Visser, mar yn kleur en byld eat symbolisearret ta in aktualiteit, dat ek binammen sprekt út it tryste stofomslach fan De Breugeman komt fan Ypk fan der Fear. J.J. Spahr van der Hoek, dy't mei in pear stillistyske tekeningen twa knappe omslaggen forsoarge foar de bondels Fersen foar Marida fan Tjitte Piebenga en Sa sydlings fan Freark Dam, hat mei de biskieden kleureffekten griisswart in sfear werjown dy't by dizze bondels past en nettsjinsteande kompositoaryske oerienkomsten troch de forbylding twa aristokratyske omslaggen kréëarre, dy't sprekke fan in totael oare wrâld. Der leit in generaesjeforskil tusken de Fryske grafisi. Ien fan de jongsten bisiket it allinne yn it abstrakte. Joazum Walstra foarmet de folsleine tsjinpoal fan alle oaren. Hy forsoarge de omslaggen fan de bondels Ut 'e pas en Reade runen, resp. fan Jelle de Jong en Ella Wassenaer. Der is net folle forskaet yn syn thema. Hy bisiket hyltyd wer in spanning to lizzen yn linen en skrassen of kearpunten, út to tsjutten mei kwaststreken, hwerby hy net ûntkaem is oan de ynfloeden fan Gerrit Benner | |
[pagina 336]
| |
lykas dy de eksistinsiéle driften en natuerkrêften útbyldet. De hyltyd weromkearende foarmen, lykas hy dy ek regelmjittich yn quatrebras publisearret binne suver monotoan. It bringt gjin nije aspekten. Dit is foar in abstrakt kunstner as Walstra net in hoopfol teken, hwant al mei it thema bistean bliuwe, der leit yn de utering fan de abstrakte kunst dochs kontinu in gefoelsûntwikkeling, dy't hieltyd wer fan nije driften bisiele wurdt. Der moat in drift wêze nei de forwêzentliking fan in folsleinens, al wit men yn 't foar dat dy folsleinens nea birikt wurde sil. It is in hiele stap fan de jongste nei de âldste: Johannes Mulders, dy't al sant 1920 arbeidet oan de yllustraesje fan it Fryske boek. Syn wurk hat dêrfoar fan greate bitsjutting west. Syn krêftige grafyk en typografy, dy't ek binammen ta utering komt yn de omslaggen foar de Fryske Jierboeken is suver ta forfining kommen. Ien fan syn bêste stofomslaggen makke er yn 1960 foar de bondel Fryske Stúdzjes ta eare fan de bibliofile wittenskipsman prof. dr. J.H. Brouwer. It stofomslach dat dit boek forsiert, is mei fan syn bêste wurk. It grafysk wurk fan Meinte Walta aksintuearret tige sterk troch in massive konstruksje fan in ienfâldige en forienfâldige plastyske útbylding. De forheftigens yn syn wurk, laden troch in trochstrings logysk komponearjende ekspresje en abstraksje, ferget tagelyk in eigensoartige typografyske opfetting. Syn wurk ymponearret ynearsten troch krêft en kontrast, dat suver in agressive foarm hat en bisiele wurdt fan in dynamyske | |
[pagina 337]
| |
earnst. De vitaliteit fan artistike toets hat Walta needsake om typografysk mei aksintuearre, saeklike skreefleaze typen to kontrastearjen en letter en byld sawol posityf as diaposityf op to lossen yn kleurflakken, hwerby it al of net forantwurde wêzen tsjinoer de typografy somstiden yn 'e kiif stean mei. Typografy en grafyk binne yn Walta net to skieden yn twa rjochtingen, mar folje elkoar oan yn utering en typearring; de yllustraesje seit de letter, en de letter kin Walta ynspirearje ta de yllustraesje. Nettsjinsteande syn typografyske iensidigens, lit Walta him net bigrinzgje, mar fiert yn de ûnderskate techniken fan
Moderne illustraesje fan Meinte Walta út it berneboek ‘Durk en Djoke wurde greater’ fan Jant Visser-Bakker. Osinga, Bolswert (1959).
syn yllustratyf wurk ien en deselde massale dynamyk, dy't tsjûget fan ekspressive útbylding en massive konstruksje. Der is yn syn grafysk wurk trochstrings in utering, in sfear dy't skaeit nei syn skilderstechnyk. Dit komt binammen tige sterk nei foaren yn syn boekomslaggen, dy't er makke foar Springtij fan Abe Brouwer, Hoeder en Skiep fan Watse Cuperus, Soldaten en muzikanten fan Piter Terpstra, dy't stik foar stik yn nije rjochting wurkje yn de omslachforsoarging en dêroan binammen in opfallend aksint jowe. Der is yn it wurk fan Walta in krêftige ûntjowing en fordjipping ta abstraksje. Forgeliket men syn wurk út de bondel It jier yn 't roun fan D.H. Kiestra (1955) mei dat fan syn moderne omslachûntwerpen lykas dat fan Hoe moat dat nou, Marijke? fan Anne Wadman en syn wurk yn de bondel Op fjouwer winen, in moderne samling poëzij en grafysk wurk fan jonge Fryske kunstners, dan docht it bliken dat der in visuéle ûntjowing geande is. Dizze massive kon- | |
[pagina 338]
| |
struksje yn syn wurk bringt tagelyk mei dat hy yn syn ‘typographie pure’ wolris grof bigjint to wurden. De bondel Yn 'e lytse loege fan Anne Wadman tsjûget net mear fan in typografyske skientme. De linen en pylken dy't alhiel yn Walta syn styl passe, hawwe hjir hwat tofolle fan in suver saeklik arrangemint, dat by it boek, dat har distânsiearre hat fan de reklame, net past en in eigen typografyske foarm easket; in foarm dy't net ropt, mar ienfâldich wêze moat, hwant it is net de boekûntwerper dy't oan it wurd is, mar de skriuwer. In great part fan de typografyske rispinge fan nei de oarloch dy't ik op de Prov. Bibliotheek neisjoen haw is my net tafallen. Binammen itjinge ik fan de romanliteratuer op groun fan autopsy fêststelle moast, wie ûnder de mjitte. In earmtlike útjefte lykas Der waerd wol sein... fan S.J. van der Molen, is wol ien fan de meast banale uteringen fan typografy. Dizze útjefte fan Fryske Akademy en Brandenburgh en Co. waerd printe op in restant papier dat datearre út de lêste wrâldoarloch. De kronykeftige typografy, mei hûnderten spatiearre wurden is noch spoekiger as de tekst. Dat de fa. Brandenburgh it nei '45 mei syn útjeften hwat op 'e rongen slepe litten hat, is ek binammen to sjen oan de safolleste printinge fan It Jubeljier fan Simke Kloosterman. De titelpagina fan dit wurk roait kant noch wal. Der tsjûget út dit wurk gjin inkelde foarmopfetting en typografyske distânsje, wilens de útjower de Frânske titel yn it wurk forgetten hat. It stofomslach fan dit boek, ûntwurpen fan Joh. Mulders, is yn syn printkwaliteit lang net neffens de grafyske kwaliteit. Der binne noch mear fan dit soarte útjeften by Brandenburgh fan 'e parse kaem, dy't lang net tsjin syn wurk út 'e tritiger jierren munsterje kinne. Ien fan de wichtichste útjeften fan Brandenburgh nei de oarloch hat west Samle fersen fan O. Postma (2 dln.). De titelpagina fan dit wurk tsjûget daliks wer fan in typografy dy't fier efter dizze tiid leit. De bilettering fan dit wurk past net. Foar de tekst waerd de hollânske mediaeval brûkt, wilens de titels fan de fersen set weerden út de egmond, in letter dy't net oanslút by it mediaeval-karakter. Dit binne dingen dy't in útjower witte moat. In oar typografysk biswier tsjin dit wurk is, dat de hiele paginabou mei ynterliniearring net doocht foar dit wurk. De letter is oan 'e greate kant foar it formaet fan it boek. In útjefte dy't ek ûnder de midsmjitte bliuwt is de sechste printinge fan De Sûnde fan Haitze Holwerda. De letter is foar dizze roman to lyts. De útfiering is to earmoedich foar dit boek. Drukkerij Laverman dy't dit boek útjoech, hat sjen litten dat hja folle better prestaesjes leverje kin. De earste Fryske | |
[pagina 339]
| |
pockets - dy't yn Fryslân noch mar gjin opgong meitsje wolle - hawwe de útjowers hwat al to maklik oer tocht. De tocht fan de Salamander fan Liuwe Brolsma en Op 'e drompel fan Th. Kuiper, resp. útjeften fan Laverman en Osinga binne typografysk wol hwat oan krapperein kommen. Laverman brûkte der in strieminne kranteletter foar. It binnenwurk fan Op 'e drompel is reedlik. Beide útjeften hawwe lykwols in mienskiplik tokoart. De omslaggen fan dizze pockets binne twa deade naturalistyske achttjinde-ieuske bernetekeningen wurden. It hat bliken dien dat gjin fan de beide ûntwerpers (Meinte Walta en Frits Klein) hjir bigrepen hawwe hwat it pocketboek as omslach easket. Nei dizze tragyske kronyk fan inkelde mislearre útjeften, dy't it Fryske folk der lykwols mei likefolle nocht om lêzen
Titelpagina mei side út it binnenwurk út ‘Rimen en Telisjes’ fan de bruorren Halbertsma, mei printen fan Ids Wiersma. Sawnde printinge (1958) A.J. Osinga, Bolswert/R. van der Velde, Ljouwert.
| |
[pagina 340]
| |
hawwe sil, stap ik oer nei in better genre dat my by in tige rage kar yn hannen foel. Dizze kar is lykwols net de romme kant neist, mar is safolle mear de muoite wurdich. De forhalebondel Bisten en Boargers fan Jo Smit (Laverman, '59) rint der út mei de egale en rêstige pagina's. Dit effekt is binammen to tankjen oan de lytse wytromten tusken de wurden en in goede ynterliniearring. In bisûnder moaije útjefte is wurden Kwatrinen fan Omar Khayyám yn 'e fortaling fan Inne de Jong. Binammen it stofomslach is tige goed slagge en past oan by de styl fan it wurk. Der is typografysk alle romte jown oan dizze kwatrinen, dy't op in njonkenlizzende pagina yllustrearre weerden fan Martha Wadman. It binne tige aerdige yllustraesjes, mar hja hawwe tsjinoer de wiisheit en greatens yn forbylding fan de tekst tomin djipte, binne somstiden hwat to houterich. Hja kiene as pintekeningen hwat mear sketsmjittich wêze kinnen; soks hie dit wurk dynamysker makke. De twa fersebondels fan Dam Jaarsma mei knipprinten fan Gretha Zijl binne knappe útjeften wurden. Yn it Fryske Blomme-alfabet is in treflik gehiel foarme tusken tekst en yllustraesje. It wurkje is printe by de Erven Koumans Smeding en set út deselde letter dêr't De Tsjerne ek yn forskynt. De pleatsing fan yllustraesjes is minder goed slagge yn de bondel It skriuwboerd. De knipprinten steane somstiden de tekst yn 'e wei. Der is hjir tofolle in gearfoeging fan los materiael. It stofomslach en de bân binne beide suggestyf. Drukkerij Laverman het mei de roman In man allinne fan Paulus Akkerman in greate roman jaen wollen, wylst it manuskript foar dit bigryp to lyts wie. Der is dêrom mei opsetsin in to smelle paginamjitte nommen en de ynterliniearring is to rynsk. Dit makket de pagina's yl. Dizze roman hie mei in better typografysk resultaet ta in tredde bikrompen wurde kinnen. Mei de yn 1952 by Laverman forskynde bondel De wylde fûgel fan Simke Kloosterman, kat de útjower hwat oars wollen, mar him is dat stribjen net slagge. It stofomslach fan dizze bondel, set mei fantasyletters, is to grof en to ropperich. It past net by dizze poëzij. De titels fan de fersen binne wer to great set en der is tomin wytkomposysje yn de pagina's brocht. By de titelpagina is werom grypt op in kubistyske foarm hwerby de tekst yn blokjes fordield is. Der is yn dizze bondel fan in moderne typografy neat to merkbiten. Oer it algemien kinne de wittenskippelike útjeften wol bylkje. De bondel Nei sawntich jier fan Wumkes is in knap boekwurk wurden, dêr't Osinga alle soarch oan bistege hat. Ien fan de bêste útjeften út it founs fan dizze printer is de Earebondel fan dr. G.A. Wumkes (1950). Set ut de garamond, in treflike | |
[pagina 341]
| |
boekletter, dy't hjir in bisûnder knappe paginaspegel jowt yn in rêstige en knappe ynterliniearring.
Der wurdt spitigernôch yn de Fryske útjowerijen tofolle eksperimintearre mei allerhande stilen. Der is gjin evenwicht yn it wurk. Dêrnjonken is it de tradysje fan de typografy dy't troch de útjowers konservatyf fêsthâlden wurdt en formongen wurdt mei in moderne styl. Utjowerij Laverman hat mei de Reiddomp-rige bisocht hwat folslein nijs to jaen, mar dizze typografy biheind har allinne ta de poëzij. Dizze mooglikheden lizze der lykwols ek foar it proaza. It prokrustusbêdGa naar voetnoot*) is noch by gjin inkelde proaza-útjefte tapast. De symmetry wurdt strak fêsthâlden yn de titelpagina's. De lytskapitalen dy't har tige liene foar haedstiktitels en titelpagina's, wurde net brûkt. Titelpagina's oer twa blêdspegels wurde selden tapast. De hiele typografyske ûntjowing fan nei de twade wrâldoarloch kin yn Fryslân gjin sprekken lije, en kin hyn ofte nei net munsterje tsjin de midsmjitte fan nederlânsktalige útjeften. Yn de hiele fyftjinjierrige perioade is der ien Fryske útjefte ta de bêstforsoarge boeken rekkene: De Mâlbroekmich (1957), tekst en tekeningen fan Diet Huber, útjown by Laverman to Drachten.
Sûnt 1950 bistiet der yn Fryslân in kommisje ta bioardieling fan it uterlik en de forsoarging fan it Fryske of it oer Fryslân hanneljende boek. Dizze kommisje, ynsteld troch de Fryske Akademy, jowt jierliks in rapport út oer de forskynde útjeften. De Fryske Akademy is yndertiid mei dit plan kommen om troch bikroaning fan it bêste boek de uterlike forsoarging to bifoarderjen. Oer de njoggen jier hweryn dy kommisje arbeide hat, koe seis kear in boek bikroand wurde, Trije fan dizze bikroaningen foelen bûten Fryslân, by Van Goor, Meppel, L.J. Veen to Amsterdam en Utjowersmij. Elsevier to Amsterdam. Fan de seis bikroande wurken wiene fjouwer yn it Nederlânsk skreaun, ien yn it Frysk en ien yn beide talen. Yn 1955 krige printerij Laverman in bikroaning foar syn mienskiplike útjeften oer dat jier, itjinge lykwols net in bikroaning foar ien bipaeld boekwurk ynhâldde. Der waerd in earfolle bineaming jown oan de roman Lyoeske fan J.P. Wiersma, útjown fan A.J. Osinga (1953) foar de omslachforsoarging, dy't fan de CPNB in geli- | |
[pagina 342]
| |
kense bineaming krige, mar spitigernôch wie de ûntwerper dêrfan gjin Frysk kunstner. De juryrapporten tsjûgje jier op jier fan toloarstelling. De measte útjeften lizze neffens it karkolleezje fier ûnder de mjitte dy't hja stelle mei. Der wurdt by de Fryske útjeften tomin oandacht bistege oan it bigjinsel ‘typographie pure’. De forhâldingen fan pagina's ta elkoar, papier, papierformaet, ynterliniëarring, spatiëarring, korpsbipaling, it al of net brûken fan fet, kapitael, lyts kapitael, kursyf, it pleatsen fan yllustraesjes, komposysje fan titelpagina's, Frânske titels, registers, paginearring, initialen, bânûntwerpen, stofomslaggen en noch tal fan oare faktoaren, dy't yn har totael in boek meitsje moatte ta in kunstwurk, dat útgiet fan forhâldingen en opboud wurdt neffens suvere wytfordielingen, karakterisearjende bilettering en yllustraesje, passende papiersoarten, deugdelik bannemateriael en suggestive omslachûntwerpen dy't de earste moeting mei it boek oannimlik meitsje en yn sfear werjowt hwat it oan earste ympresje wêze wol. De typografyske ûntjowing yn Fryslân lit ûnder in konservatisme, dat fatael foar har wêze kin. De ûntjowing hat altyd to biskieden west en hat nea lykop wurke mei de kontinuearjende foarmfornijing en modernisearring, mar hâldt altyd hwat fan in karikaturistyske neifolging fan hwat yn feite alwer tradisioneel is. Dit komt binammen trochdat de ynrjochting fan de Fryske printerijen net oanpast wurdt by de prestaesjemooglikheden dy't in moderne typografy freget. Dizze situaesje hinget foar de útjowerijen op 'en nausten geur mei de posysje fan it Fryske boek, dy't neffens de easken net rendabel is. It tal útjeften yn Fryslân is to lyts om de útjowerijen de kâns to jaen har to spesialisearjen, wylst de oplagen needsaeklikerwize fierstento lyts binne om der bidriuwsekonomysk mei út to kinnen; fangefolgen dat de war dy't der winliken op dien wurde moat, logysk efterwege bliuwt.
De post-ynkunabelen fan de Fryske typografy binne sa likernôch ûntstien om 1844 hinne. Yn datselde jier waerd yn Frankryk it impression à mitype aktueel. Dat wie in nij stelsel fan printkunst fan de Frânske gelearde Pancouche, dy't útfoun hie dat de Frânske printletter tige goed lêsber wie as de ûnderste helte fan de letters bidutsen waerd. Boeken dy't neffens dit stelsel printe waerden soene mei in tredde part bilytse wurde kinne. Yn 1958 hat prof. mr. dr. G. van den Bergh dit kunstke herhelle en in wiidweidige skôging jown fan de mearlingprintinge, hwerby de pagina's de helte mear tekst bifetsje koene. | |
[pagina 343]
| |
Der soe in wiidweidige parabel to skriuwen wêze oer dizze twa feiten, dy't nea in praktyske mooglikheit hawwe sille. Dizze parabel soe safollesto nijsgjirriger wurde as dizze typografysk ûnkrityske en allinne op wittenskiplike basis herhelle blunder har ôfspile hie yn de Fryske typografy, al soe it allinne mar west hawwe om oan to tsjutten dat der bilangstelling is en dat der dochs noch minsken binne dy't bigien binne mei de situaesje fan it Fryske boek en har grafyske distânsje fan dizze tiid. De posysje fan it Fryske boek hat tsjin de eftergrounen fan de impression à mitype en de mearlingprintinge wol dúdlik in efterstân yn to heljen.
Ta bislút. Ik haw my yn dizze skôgingen biheine moatten ta koarte karakteristiken fan dizze tiid en flechtich bisprek fan in biheind tal útjeften dat perfoarst net respektabel is tsjinoer de hiele typografyske untjowing yn Fryslân. De kar dy't ik makke foar myn autopsyën bifette lykwols in seleksje fan de Fryske boekeproduksje dy't typearre en karakterisearre hwat it oan lytsens en greatens bistribbe hat yn de ûnderskate tijdrekken. Ik haw dêrby gjin jacht makke op typografyske nijsgjirrichheden - dy't der sûnder mis genôch binne - mar winliken thúshearre yn in apart artikel. Dizze skôging wol dêrom ek alderminst folslein wêze, dit binammen om't ik net katalogisearjend wurkje woe, mar mei bibliofile bilangstelling hifke haw tsjin in literaire eftergroun, al is dy lokkich yn dizze artikels dizenich bleaun as in persoanlik dékor, dat tsjinoer de lêzer miskien hwat al to subtyl dékorearret.
April/maeije '61 |
|