dêrby sterke, originéle bylden yn tsjinstelling ta de poëzij fan tineke bethlehem, dêr't de bylden tear fan binne en dêr't de leafde like skruten as suver yn iepen giet. Mei de koarte gedichten, dy't hja skriuwt, tekenet tineke bethlehem lytse magyske sirkeltsjes, dêr't hja sels it milpunt fan foarmet mei in forwachting, dy't fol is fan stiltme. Bisiket tiny mulder de leafde en de wrâld yninoarrane to litten, tineke bethlehem biskriuwt altyd wer it konflikt fan it eigen erotysk fielen en de wrâld, twa wurklikheden, dy't inoar reitsje yn it medium fan in pynlike forwûndering. Hja docht dat mei sa min mooglik wurden, sûnder ek mar yn ien opsicht ‘tsjuster’ to wurden, wylst de útwurking fan in byld tiny mulder noch wolris forliede kin ta in charmante kokettery mei it wurd, dat út himsels bigjint to boartsjen. Tineke bethlehem is yn it wurk, dat hja skriuwt, folslein oanwêzich. Har o sa ienfâldige ferskes binne origineel, se hawwe in eigen oarsprong en hearre ta it bêste, hwat der it ôfroune decennium yn fryslân oan poëzij forskynd is. Soms lit it ‘libbensgefoel’, dat yn har wurk him uteret, my tinke oan de dichter j.h. leopold, al kin it bêst wêze, dat hja dy syn wurk nea lêzen hat. By tiny mulder forbyldzje ik my wolris klanken to hearren, dy't ik earder tsjinkommen bin by vasalis. Fierder freegje ik my ôf, oft de rigel elle danse elle danse contre la rue' yn it fers frou mei paraplu goed frânsk is.
De irony, dy't de smelle basis is fan hessel miedema syn like poëtyske as erotyske uteringen kin twa kanten útskaeije. De kant út fan de yntelliginte snob, dy't it mier hat oan de wrâld om him hinne en himsels o sa lekker fielt yn dat gefoel. Mar ek de kant út fan de man, dy't de irony eksistinsieel nedich hat, om sizze to kinnen, hwat er uterje wol en it konflikt tusken leafde en agressy, dêr't er mei tangele sit, ta in oplossing to bringen. Guon minsken yn fryslân hâlde spitigernôch de earste miedema foar de biskiedende. Hja forsinne har en binne sa fiksearre troch de earste miedema, dat hja de twade überhaupt net mear sjogge. Dat blykt al hjirút, dat hja miene mei in soarte fan sket-poëet op papier to krijen to hawwen, hwat werklik ridikúl is, omdat dizze dichter, fan hwa't men yn fryslân noch mear hearre sil, krekt in man is fan de poëtyske en erotyske understatement. Miedema birikt syn poëtyske effekten troch dat hwat er nèt seit ynpleats fan oarsom. Mei help fan de irony, dy't syn fersen in eigenaerdich aroma jowt, hat er sa'n distânsje forovere, dat er it fers mei bigeliedende opmerkingen ûnderbrekke kin en sa it perspektyf fan de lêzer foroarje. Syn fersen krije dértroch eat lichtfuottichs, dat de earnst likemin útslút as de humor, dy't der it gefolch fan is.