De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 329] [p. 329] O. Postma: ‘Jo leze fest faek yn jou eigen gedichten? (Y. Poortinga) Is dat sa? tocht ik doe; mar nou is it wol goed wier. Al mar wer nim ik it boek yn 'e hannen en blêdzje dêr yn; En meast yn de lêste helt; hwant ik wie al âld ear't ik djipper trochskôgje koe. Nou wurdt ‘De hege dyk lâns’ al mei de skoalbern lêzen, mar ‘Fuortgean’ is in fers dat tinzen oer dea en ivichheit bringt. ‘Dat fersespul giet altiid oer it selde’, haw ik ris lêzen. Dat kinne wy oannimme as dêrmei it fryske Iân en libben bidoeld wurdt, hwant dat sei ek de âlde namme. Mar de greate boarne is de mienskip mei de libbene natûr om jin hinne... - O, dy Keats dy't op in hikke springt om de ‘floed fan it lân’ to sjen as de wyn oer de raeijen strykt! - Nêst dy mienskip mei de natûr stiet de ienens mei it forline. Yn it fers ‘Mienskip’ komt dêr al hwat fan as der stiet ‘en al hwat hjir troch bloei en stjerren gong’. Mar yn it gedicht ‘Foarjier’ hawwe wy de forbining mei it forline as de ‘fiere faer en moer’ der yn bihelle wurde, omdat troch har my de leafde foar it ljochte foarjier oankomt. Sa bringe dizze beide fersen eat fan de ynderlike essinsje fan dizze poëzij. Mar der binne ek eagenblikken dat de minske siele heger grypt. Dan fielt hja har forboun mei it greate en it ivige; Hja hat part oan it alomfetsjende bigripen of is diel fan in al-siele. Yn it fers ‘Ein’ lêze wy fan ‘forstoarne geslachten’ wêzens skyn' dy't opnomd wurdt fan de ‘weagjende siele’. Vorige Volgende