De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 326] [p. 326] Tiny Mulder: Ungemurken as hja myn dreamen net hearre net sjogge de brân dy't ik stifte fan âlde brevetten net merke hoe't in goed waerm dier stilwei siik wurdt en skroeijend hongeret nei it koele dat ik net neame doar dan nim ik de wei dy't ik net nimme doar ik rop de namme dy't ik net tinke doar mar dou meist myn tinzen net fiele de forriederlike hannen moat ik stilte gebiede hwa is h jir wizernôch gjin skamte to kennen foar triennen hwa is hjir âldernôch om libje to kinnen Floed it tij keart en de slûge stream yn de piid fan de sé spat op út 'e dream ûnder de poarte fan forsoening sawnkleurich boeisel fan de floed hevet er útdaegjend de weagen en jaget de plastyske primitiven oan yn ekstatyske optochten nei selsfordjerren as hja jûtse oer de platen [pagina 327] [p. 327] de halzen noch ienkear yn ûnleauwe strekke foar it massale bateleaze stjerren tsjin it ûnbitochte gewelt fan it lân LIET fornij it liet op libanon in sederbeam dy't sé en stream biswart biswart jim dwêste net de leafde fan 't robinen hert de minne fan de titelroas wyld waechsjend yn de delta fan de sudewyn skomwite blom fan sharons delling sjong út dyn bast in lichte bark de titelroas beeft op 'e hark ûntweitsje twirre stjûr it skip mei aelwegeur en rook fan mirre it skip dat swiet bifrachte giet mei wize en wurd fan 't heechste liet [pagina 328] [p. 328] Fasetten de kastanje hat feeststeken op as er se ôfnimt foar de wyn o dan skriemt er konfetti in jonge ropt de mem de dea set de wekker en routineard bigjint de kalinder ôf to tellen de prunus swaeit waerme súdlike boeketten tusken klomske iperen beammen op in kâld hiem by warten om de ipen hawwe elkoar de prunus hat moed as in sigeuner ûnder de witen jûtse wy oer betonsingels withwerhinne net yn 't minst oergunstich klappe de beammen yn al har komike hantsjes Vorige Volgende