| |
| |
| |
Jan Piebenga:
Ernst Jünger yn hear en fear
III
Twa haedwurken: Der Arbeiter en Auf den Marmor-Klippen.
Twa wurken lykje my yn Jünger syn great en grif net ientoanich oeuvre sa net hichtepunten, dan dochs markstiennen yn syn ûntjowingsgong to wêzen, stadia op de libbenswei, om mei Kierkegaard to sprekken. Tusken Der Arbeiter fan 1932 en Auf den Marmor-Klippen fan 1939 lizze mar sawn jier, mar it binne de sawn jierren fan nasionael-sosialistyske en fascistyske praktyk: boekforbarnen, tsjerkeforfolging, konsintraesjekampen, yn ballingskip jeijen fan elk dy't it net mei it regym iens is, oanfallen op it Joadendom. En fan oarlochstarissing net to min, fan Abessinië en Spanje. Yn in brief oan in goekunde hat Jünger de forhâlding tusken dizze beide boeken forgelike mei dy fan it Alde en Nije Testamint. Botte biskieden komt jin dat net oan, mar dêr sil wol mei bidoeld wêze dat Auf den Marmor-Klippen net goed forstien wurde kin sûnder kunde oan Der Arbeiter to hawwen; dochs is it lettere wurk earder de ûntbining as de foltôging fan it eardere. Stik foar stik binne hja lykwols in bisykjen om hwat Jünger gauris ‘de magy fan de tiid’ neamt to gripen en to bigripen. Auf den Marmor-Klippen wol neffens syn eigen wurden sokssahwat as in nije thélogy jaen; Der Arbeiter hat er dat by myn witten nea fan sein, mar dêr hâldt dy pretinsje dochs stiif safolle foar: net om 'e nocht is dit boek gauris de bibel fan it nasionael-bolsjewisme neamd.
Der Arbeiter giet oer de nije minske, de minske fan de tweintichste ieu, de arbeider dy't tagelyk soldaet is. Forienigje de wurken en de fjochter en jo hawwe de totale minske. Sa koart it boadskip fan it boek is, sa omstannich de formulearring. Om it op syn wearde to skatten, moat men de diskusje-thema's fan it geastlik-politike libben yn Dútsklân sûnt Nietzsche kenne, mar kennis allinne is net genôch. Der most bisibbens yn libbensgefoel wêze, it orgaen dêr't men de ûndergrounske rivieren yn har forburgen gong mei folgje kin. It boadskip aerdet hjir en dêr nei sosialisme, mar marxistysk is it út noch yn net; it is ek grif nasionalistysk fan bidoeling, mar mei it nasionalisme fan de Junkers en de konservative generaels hat
| |
| |
it suver neat mear út to stean. Jünger giet fan it aksioma út, dat de folksmienskip hjoeddeis stikkenbrutsen en ta chaos forwurden is; earste en iennichste opjefte fan de polityk is de wei ta definitive genêzing to wizen. It leauwen yn de mooglikheit fan genêzing út en troch en ta de minske is hjir by him sa sterk, dat er oan de skriklike rol fan it kweade yn de wrâldskiednis foarbysjocht. Dat er, mei dêrom, troch syn boek it histoarysk skandael fan 1933 bifoardere hat, stiet bûten kiif; op it gunstichst bioardiele, wied er as de dokter dy't yn de iepene swolm en de smoarge ottermatearje it proses fan suvering sjocht. Fansels hat Jünger gjin Kristallnacht-en-sa wollen, mar der binne mear mylde geasten dy't har learlingen ryp foar de hantearring fan de guillotine makke hawwe. Syn boek joech ommers in nije theory oangeande de autoritaire mienskip. De réalisearring fan autoritaire mienskipsfoarmen koe neffens him neat fan komme as der net in mythos yn en efter siet. Om dy mythos yn sabeare-religieuze bousels stal to jaen, lyk as de Ludendorffs, Wilhelm Kauer, Ernst Bergmann, Bernhard Kummer, Gustav Frenssen, Herman Wirth, folle-net-genôch, yn forskaet fan manifestaesjes woenen, - Deutscher Gottglaube, Deutschglâubige Bewegung, Artgemâsze Religion, Völkischer Glaube, - dêr wied er to forstannich ta; hy sil wol oan dizze foarbylden sjoen hawwe dat er dan ridlike gau op it plebejyske peil oanlânje moast. Mar as alternatyf bleau der dan fansels allinne oer de ynkorporaesje fan de mythos yn de persoan; yn de man of de sterke of de lieder wurdt it autoritaire bigjinsel foar it hiele folk it dúdlikst ta symboal.
Oft Jünger by it skriuwen fan Der Arbeiter net sels fornommen hat dat er hieltyd by de rânne fan de ôfgroun lâns roun? Dútske tinkers dogge dat graech, mar reitsje dan spitigernôch har naïvens net kwyt en wurde fangefolgen yn polityk opsicht libbensgefaerlik. Sadré it speak rint, sjogge hja forheard op en witte fan gjin kwea en gjin rie. Hja wiene sa aerdich mei de paradoksen oan it gymnastykjen en tochten dat gjinien de line liniger om de reak skeare koe as hja, mar yntusken wiene hja as bern dy't mei lúsjefers yn de golle oan it boartsjen binne. It harket sa dryst hwat Jünger doe woe, ‘den Geist durch den Geist in die Luft zu sprengen’, mar de fosforbommen op de Dútske stêdden wiene it praktyske resultaet. Hy hat it withoefaek oer Plan, Ordnung, Hiërarchie, bigripen dy't de konservatyf-revolúsionaire foarmannen yn de mûle bistoarn leinen; sa sprekkend, joech er lykwols de jungle rom bod. Syn arbeider soe de positive forneatiger wêze; hwer't dy foar alles forlet fan hie, dat wie ‘des Sprengstoffs, damit der Lebensraum leer- | |
| |
gefegt werde für eine Hiërarchie’; mar hwer yn 'e goedichheit hellet de minske it rjocht op sok in ûnbarmhertigen hybris wei? Hwa jowt Jünger it rjocht koel en heechhertich earen en eagen to sluten, as de ‘Sprengstoff’ miljoenen libbens easket en de weagen fan ellinde de ierde oerstjalpje?
Elk boek fan Jünger wol winlik in diagnose fan syn tiid wêze. Stie Der Arbeiter yn it nauste forbân mei Die totale Mobilmachung, it boek dat in jier earder forskynd wie, it wie ek net to tinken sûnder Nietzsche syn leare fan ‘die Wille zur Macht’. Nietzsche dôch wie de foargonger en bisieler fan alle konservatyf-revolúsionairen. Fan him hiene hja leard, dat God dea wie, dat de heechste wearden ûntweardige wurde moasten, dat it kristendom mei syn leauwen oan fal en forlossing fan de minske in ûnmooglik en skynhillich wêzen makke hie. Syn nei foaren heljen fan Dionysos, foar de krusige Kristus oer, joech dizze Dútske nihilisten in kâns om net yn it romantysk ûnbihagen fan de njoggentjinde ieu to forsûpen. Nihilisme en vitalisme lizze fuort byinoar. Nou koene hja polityk aktyf wêze, nou koene hja bisykje om troch de forneatiging fan hwat hja foar âld en forrotte oanseagen, nij libben to skeppen.
Is Jünger kjel fan de konsekwinsjes fan syn tinken wurden? Moast ek hy de wenstige gong fan de konservatyf-revolúsionairen gean: fan revolúsionairen ta konservativen? Yn Auf den Marmor-Klippen is klear to fornimmen dat er de machtsdrift fan diktators as Hitler, Mussolini en Stalin eanget. Der krûpt in forlamjende freze troch dit boek, de freze fan de fûgel dy't de njirre oankommen sjocht en net fuortfleane doar. De ûnderwrâld wintelet foargoed nei boppen. Tsjin de hel is neat bistân; it rûge beest sil it winne. Tsjerke, kleaster, paleis, dichterhutte, studearkeamer, hja falle barnend yn pún. Dy't oan de greate forneatiging ûntkomme wol, moat oer de sé flechtsje. De katastrofe fan München kin net inkeld in warskôging foar it frije Europa west hawwe; mannich Dútsker en licht ek Jünger moat dêr in biwiis foar de swakkens fan de demokratyske steaten yn sjoen hawwe. Kaem it omdat der gjin lokjend alternatyf wie, dat it frij koarte, mar bytiden seldsum suggestive forhael yn de diagnose stykjen bliuwt en net fierder komt as de literatuer? Mannen as Ernst Niekisch en Martin Niemöller binne de iepene striid mei it Hitler-systeem oangien; Jünger sil him dêr net al to noflik by field hawwe, mar ek dan is er de fansiden steande skôger dy't it oan oaren oerlit de striid tsjin de helske machten sûnder formomming oan to binen. Ut syn oarlochsdeiboek Strahlungen (1949) witte wy, dat er nei 1940 as Dútsk offisier yn it formidden fan de ‘goede’ generael Stülp- | |
| |
nagel yn Parys forkeard hat en doe omgong hie mei inkelde foarname Frânske figueren, sa mei André Gide dy't in greate biwûndering foar In Stahlgewittern hawn hawwe moat; nearne lêze wy lykwols dat er oan it forset, byg. dat fan 20 july 1944,
meidien hat.
Auf den Marmor-Klippen jowt jin likefolle oanlieding ta argewaesje as ta biwûndering; de foarnaem-wémoedige toan resonnearret yn jins siel, mar al dat allegoaryske en legendaryske meitsje jin op 'en dûr ek kidelich. De parabel-eftige forklaeijing fan it forhael forhinderet jin ommers net it neakene tinken to sjen. Jünger mei it stomme graech hawwe oer: das Gesindel, das Niedere, die niedere Gewalte, die Eintagsmenschen; dêrfoaroer steane dan fansels: die edlen Herzen, das edle Blut, die Tapferen dieser Erde. Syn jonkheitsfilosofy libbet blykber noch as in hart: ‘Die Menschen-Ordnung gleicht dem Kosmos darin, dasz sie von Zeit zu Zeiten, um sich von neuem zu gebären, ins Feuer tauchen musz.’ Allegeduerigen is der - ien as Jënger kin hielendal net út syn eigen húd krúpe - de únderskieding neffens rangoarder, de militaristyske fordieling yn heechsten en leechsten: ‘Selbst die Krieger-Kaste beginnt zu zagen, wenn sie das Larven-Gelichter aus den Niederungen auf die Bastionen emporgestiegen sieht.’ As de grouwel fan de forneatiging dochs foltrutsen wurdt, bliuwt der ien treast oer: ‘Es gab noch Edle unter uns, in deren Herzen die Kenntnis der groszen Ordnung lebte und sich bestätigte.’ Binammen de dweperij mei it bosk is symptomatysk en op 'en dûr net to fortarren. As men hjir lêst fan ‘Wälder in denen Tod und Wollust tief verftochten sind’, bigrypt men hwat Charles Maurras fan dit slach fan Dútske mystici sein hat, doe't er it hie oer de obscene ûneinichheit dy't berne is ét de forieniging fan de Hebrieuske woastyn en it Dútske wâld.
Salang lykwols in boek goed hjitte moat as it de hiele skriuwer earlik en folslein werjowt, is Auf den Marmor-Klippen grif bysûnder slagge. Allegearre dy't har wrantelich en wrokkerich tsjin Jünger forsette, omdat er sa graech op stelten rint en om syn foarleafde foar mythyske skûlnammen, sille dochs by stuiten ûnder de bitsjoening fan dit evokative proaza komme. Elk hat net sûnder reden it rjocht om dizze tekening-ynmearkestyl fan in foar it each anachronistyske wrâld to forspuijen, om yn dizze breed rythmisearre sinnen oars neat as in foarm fan prolongearre selsbihagen to sjen, om dit elegyske pathos klearebare forrifelderij to neamen, - mar hy sil it dochs wêze wolle moatte, dat de roman him faek fascinearre hat troch syn treflike werjefte fan in hjerstich libbensgefoel en fan de
| |
| |
binearing dy't jin op it hert slacht as de ûndergong wankt. Forjit ek net, dat Jünger syn travesty yn 1961 oars wurket as yn 1939, en dat de Dútskers der oars ûnder steane as wy. De âldfrinzige entourage fan it forhael hat doe, grif foar de goedwollende Dútskers, bysûndere aktueel west; hja moatte der in died fan greate moed yn sjoen hawwe. Hjoeddedei hat dizze precieuze en faek hwat pompeuze skriuwtrant licht hwat karikaturaels oer him; dy midsieuske nammen à la Tamalone, dy wiidweidige biskriuwingen fan klean, spegels, fazen, broches folle-net-genôch, dy devote earbied foar planten en blommen as de warders fan it libbensgeheim, hja lykje ús yn dy tiid en op dat plak net to the point. Moat der, as it om libben of dea giet, as de frijheit fan tsientallen miljoenen op it spul stiet, as de barbaren de troanen biklommen hawwe, in taflecht socht wurde yn de prysterlike plechtichheit dêr't gâns wurge Europeanen nei 1920 de easterske ‘learaers’ mei omklaeid hawwe, of yn de skimerige wijing fan de timpelruïne, of yn de literaire, ta gjin ethyske konsekwinsjes forplichtsjende kultus fan Lebensfülle, Lebensflamme en Lebensmelodie? Mear as ien hat efter dizze oanstelderige styl mei al syn sier en tier de trochwurking fan de Jugendstil socht. Ynfloed fan it symbolisme út de tiid fan foar de earste wrâldoarloch sil der ek wol yn sitte. It dúdlikst sjoch ik lykwols efter dit hast mythyske fisioen Nietzsche stean, al mist Jünger dy syn agressivens. By Jünger liket de fataliteit to hearskjen: ûnforbidlik giet de wrâld har gong en it jowt gjin byt as de ienling al bisiket yn it kosmyske barren yn to gripen; hy wurdt formoarzele as er net mei sin bisiden de wei stean giet. Nietzsche is altyd waerm, op it gleone ôf, hertstochtlik, in eruptive fulkaen; Jünger syn foarkommen dêrfoaroer
liket kâld, bitocht en birekkene: mei Dútske tawijing spilet er it fyn oerleine spul fan de idéën, mar hy weaget himsels der net oan, hy springt nea yn de ôgroun fan de existinsje. Nietzsche roun as in wyldskermer syn tijd foarút, sá fier dat er wol omkomme moast yn de woastyn fan de waensin; Jünger is evenrediger en wit op 'e tiid fan tobek. Ik wit net hwer't ik it typearjende sechje heard haw, mar it hâldt: ‘Man trenne den Marmor von den Klippen, und der Mensch tritt hervor.’ Jünger syn boeken lykje faek de útkomst fan in fornimstich opset chemysk proses; de lêzer sil bisykje moatte efter de formules to kommen, sil de skriuwer him ier of let net raer to fiter hawwe; fynt er neat, dan slacht er gau oer ta de oerdreaune forearing of de ûnforantwurde forfijing, dêr't Jünger sa faek al it slachtoffer fan wurden is.
Jünger is yn Auf den Marmor-Klippen de romantikus, dy't
| |
| |
troch Nietzsche hinne gien is en nou yn de fierte de humaniteit lizzen sjocht dy't it erfdiel is fan tweintich Europeeske ieuwen. Mar leaut er ek yn it erfdiel, is it foar him - mei in iepen each foar alle forleagening en alle bismodsking - like nij en bigearlik as yn it bigjin doe't dy humaniteit foar slaven, lijers en frjemdlingen de grounwet fan it kommende ryk útmakke? Is dan einlings-en-to'n-lêsten foar de utopy fan ‘das Reich’, dêr't Jünger en syn maten har sa lang oan forgaste hiene, it sicht op it ryk fan de krúshichte yn it plak kommen?
| |
IV
Inkelde oantekeningen oer oare wurken fan Jünger.
As men fan Gärten und Strassen (1942) ôfsjocht om't it net safolle mear as in artistike boarterij is, komt as oarlochswurk fan Jünger allinne Der Friede yn de bineaming. It boekje is yn 1944 skreaun, waerd doe yllegael forspraet en koe earst yn 1949 offisieel yn Dútsklân forskine. De skriuwer wol nou op de oerwinning fan it nihilisme oan en skout yn dat forbân oan de tsjerke in biskiedende rol ta; om't er lykwols yn de tsjerke net folle mear sjocht as in earweardich pedagogysk ynstitút dat ek yn de swierste tiden de kop der foar hâlden hat, moat syn forwachting wol op in toloarstelling útrinne. As fredesprogram hat it skriftke net folle om 'e hakken; de objektive bitsjutting is lyts, de subjektive hwat greater om't it hjir bliken docht dat Jünger yn de boargerlik-liberale wearden dy't foarhinne by him ta weismiten keard wiene nou dochs wol it ien-en-oar sjocht. De man-mei-de-röntgenblik, sa't er wolris neamd is, taest hjir spitigernôch hwat yn de dize om. Hy hat it wakker oer de sin fan de skiednis en de sin fan it offer en it soe jin al bare nij dwaen as it Schicksal der net by to pas brocht wie, mar hy forsommet de frage nei de politike forantwurdlikheit foar alle ellinde fan de jierren 1933-'45 to stellen en to biantwurdzjen, en fan de grousume skuld fan it Dútske foar it Joadske folk oer swijt er.
Strahlungen (1949), it deiboek dat Jünger yn de twade wrâldoarloch byhâlden hat en dat foaral oer syn dwaen en litten en syn minsklike kontakten yn Parys giet, lit de man sjen as in yntroverte bûtensteander dy't nijsgjirrige dingen fortelle kin, byg. oer de striid tusken Wehrmacht en Partei. Hwat jin opfalt is dat er dúdlik siket om in metafysysk bisef. Dat komt binammen ek ta utering yn de takomstroman Heliopolis (1949). It liket amper mear in réële wrâld dêr't de skriuwer jin yn forpleatst; oanstriid ta it ‘traumhafte’ hat er altyd al hawn. Dêr
| |
| |
hoecht fansels ek neat op tsjin to wêzen: Rex Warner hat mei syn Aerodrome en George Orwell mei syn 1984 net oars dien. As jin hwat yn 'e wei is, dan wol it kunstmjittige en esthétisearjende yn syn stylkonstruksjes. Yn bytiden seldsum fynpriuwerige en dan foar in krityske útlanner gauris parodysk wurkjende tael biskriuwt er hjir in fantasystêd, dêr't him de striid ôfspilet tusken de konservativen fan it eale soarte en de plebejyske terroristen. Guont wolle hawwe, dêr soene it formidden fan generael Stülpnagel yn Parys en dat fan de Hitlerfeinten mei bidoeld wêze. It grouwe boek wol mar min in roman wurde; it mei earder in losse oanienriging fan essays, dialogen, dreamforhalen en meditaesjes hjitte. Yn de stêd dêr't it oer giet is de technyk oan it uterste ta perfeksionearre. In jong offisier, Lucius de Geer, - nomen est omen, - moat kieze tusken macht en minsklikheit; nei lang wifkjen weaget er it mei de minsklikheit. In lânfâd spilet de rol fan de demonyske diktator; syn tsjinspylders hawwe it swier. Der hawwe kritisi west dy't yn dit boek Jünger syn definityf ôfskie fan de soldateske mythos en syn réëns ta it oannimmen fan de kristlike wrâldskôging fine; in ryklik rimpen oardiel, liket my ta. Yn dat gefal soed er dochs earst ris fan syn âldbiwende twadieling, - de hearskippij fan it lege gewelt dy't yn de domme kliber har hâld fynt, contra de legitime macht dy't yn hannen fan de geastlike aristokraten of fan de âlde adel leit, - ôfsjen moatte. De god fan de filosofen is fan in oar makkelei as de God fan Abraham, Izaäk en Jakob. Jünger, mei syn ivich oerhingjen nei it abstrakt-théoretyske, syn esthétendom en syn forealens op sier en glâns, soe by Pascal en Kierkegaard yn 'e lear moatte om to witten hwat
‘leauwen’ is.
Mar wol Jünger wol de fêste groun fan de dingen dy't men net ynsjocht? Yn elk nij boek bisiket er, biweechlik tinker as er is, oan to jaen hwer't er op dat stuit stiet. Is er yn Ueber die Linie (1950) foargoed in deagewoan konservatyf wurden? Hy wrakselet om ta in kleare ûnderskieding fan it nihilisme to kommen, tsjut dúdlik oan dat de chaos him skoan mei de uterlike oarder fordraecht, en wit mar net oft de minskewrâld him oanlieding ta optimisme of ta fortwifeling jaen moat. De einichste stap oer de grinsstreep hinne is neffens him jit net dien, mar der libbet ûnder de minsken aldergeloks dochs in metafysyske ûnrêst en yn de wrâldliteratuer komme hieltyd mear théologyske thema's oan de oarder. De driging fan de Leviathan, de totale steat, bliuwt great, mar de romte fan de frijheit wurdt dêrtsjinoer ek greater. Yn dy romte stiet sûnder mis de tsjerke: ‘Es ist ausser einigen echten Soldaten nur der
| |
| |
Kirche zu verdanken, dass es nicht unter dem Jubel der Massen zum offenen Kannibalismus und zur begeisterten Anbetung des Tieres gekommen ist.’ Der binne ek persoanlike oäsen oerbleaun: de dea, de eros, it kunstwurk, it tinken, it eigen ynboarst. Dat allegearre snijt wol hout, mar sadré Jünger fan de diagnose ta de therapy komt, wurdt de âlde, batske Adam wer yn him wekker: Oerwin it Neat, rêd dy mei dyn eangst, wit dat de smert in skeppende krêft is... Hwa hat dêr lykwols genôch oan?
It essay Der Waldgang (1951) breidet by dit petear-sûnder-ein in nij haedstik oan. Lytse elite-groepen moatte om de frijheit to biskermjen as jagers en pioniers it bosk yn doare, hja moatte út eigen krêft de nulmeridiaen passearje wolle. Op syn schöngeistige wize biskriuwt Jünger de taek fan dy ‘wittenden’, mar der komt op 'e keper bisjoen net folle mear út as it bikende pleit foar de minsklike weardichheit en it like bikende boadskip fan in striidber humanisme. As de ienling him mar moedich tsjin it munster fan de kollektiviteit forset, as de oertsjûging it wint dat de musyske wrâld fier boppe de technyske wrâld stiet, as de minske jit yn syn iensumheit ta selsynkear en selsbisinning komme doar, dan is der hoop dat wy it rêdde sille. Alwer it rountaesten yn 'e dize dus, mar ek as Jünger taest falt der ornaris in soad to sjen en to hearren: hy wit ôfgryslike folle, syn proaza hat altyd in eigen lûd, hy kin formulearje as ien.
Jünger is altyd yn biweging; de frage is: progressyf of regressyf? Yn alle gefallen slagget it him net syn hegeprysterlike status kwyt to wurden. De novelle Besuch auf Godenhalm (1952) is de safolleste fariaesje op itselde thema. De forrêdde neioarlochske minske moat wer leare op syn yntuysje to bitrouwen, hy moat wer yn rjochtstreeks forbân mei syn mythyske oergroun libje. Fansels hat er it wer oer de problemen fan de macht, fan de hearskippij, fan de elite; fansels hellet er de yntellektueel sûnder heitelân en de jimmer jins tsjinstréë soldaet der by. Earnst, heechheit, forheven toan, platonyske stilearring, hja misse nea; altyd is it forhael by him de kapstok foar de idéën. Dizkear liket de Europeaen it fan de nasionalist to winnen, mar by Jünger steane alle doarren fan syn great hûs meastal yn it tsier. De yntellektueel, in dokter, en de gewoane man, in soldaet, bringe de tiid by de hear fan it eilân troch yn ‘petearen en oefeningen’; hja geane earst werom as hja genêzing foar har sykte, de sykte fan de tiid, foun hawwe. Gjin frjemd resept: sykje it by de natuer, by de mythology, by de rykdom fan de eigen siel...
| |
| |
It essay Der gordische Knoten (1953), dat binammen oer de forhâlding fan East en West giet, spilet it ek wer net sûnder in macht fan mythologysk materiael klear. Bytiden wurdt der safolle oploege, dat de skriuwer der sels ûnder bidobbe rekket. It Westen is de wrâld fan de frijheit en stiet as sadanich boppe it Easten dat de wrâld fan it despotisme is. It Easten hat wol de wysheit, mar it Westen hat mear: de oardering. De Gordiaenske knoop is de fortiisde, riedseleftige, elemintaire sitewaesje fan it Easten, dêr't allinne it machthawwende, westlike swurd fan Alexander klearrichheit yn bringe kin. Hieltyd herhellet har yn de wrâldskiednis deselde bidriging: Xerxes tsjin Athene, de Hunnen tsjin Rome, de Turken tsjin Wenen. Wer moat de mythos by Jünger ta ynterpretaesje fan it wrâldbarren tsjinje, wer wurdt it dualisme fan it ivich weromkommend konflikt nei foaren helle. De trêdde wrâldoarloch sil ûnder ditselde skriklike teken steun, mar de skriuwer winsket dy net to bilibjen. De loft sil ek nea foargoed ôfskjinje; de Gordiaenske knoop wurdt alle kearen neidat er trochsnien is dochs wer lein; de spanning tusken de frijheit en de ûnfrije machten sil bliuwe. Jünger kiest uteraerd foar de tradysjes fan it ‘Abendland’, mar hwerom wurdt net hielendal dúdlik. Al dy autoritair foarbrochte wissichheit is faek mar in wankel gefal.
Nijsgjirrige en sierlike bispegelingen oer tiid en tiidmjitting stiet Das Sanduhrbuch (1954) fol fan. Jünger wit dêr dúdlik yn to meitsjen dat de fysica en de astronomy it paed werom sykje nei de theology, dêr't hja lang forlyn ek oan ûntspruten binne. Hielendal himsels bliuwt er ek yn syn reisforhalen, bygelyks Atlantische Fahrt en Am Sarazenenturm (1955). Hy hat in tige fyn en skerp observaesjeformogen, hy rûkt de sfear, hy kin elk aroma kondinsearje. Mar nea treft men syn deugden sûnder syn ûndeugden: oan hwat foar eagen en mei de hannen to fielen is, hat er net genôch; hy wol altyd troch de dingen hinne sjen en de oergroun fan de forskynsels bidjipje. Yn it op syn kunstichst gearstalde proaza leit er fêst hwat er sjoen hat, lit it wêze troch fierrekiker of mikroskoop; saeklik en koelbihearske glydt er dan oer op de lêste dingen, de wetten dêr't de wrâld oan ûnderwurpen is, de sin fan it skynber lytse yn de greate kosmos. Sa'n skriuwer forgriemt him net, wurdt net oerémus en net foreale, hat gjin lêst fan dronkenskip of fan ûnwennigens, mar studearret as in mûnts yn syn keale sel, skilderet syn miniatueren - pronkstikjes ien foar ien - en hâldt alle deistige getsjânsel bûten de muorren.
Gjin niget, dat de ridder, de heros, mar net út Jünger syn wurk fordwine wol. Yn Gläserne Bienen (1957) fortelt er fan
| |
| |
Richard, in Rittmeister, dy't in goed baentsje oanbean kriget yn it kleurich-fantasearre, yndustriéle ryk fan Zapparoni. Richard sjocht dêr glêzen bijen oan it wurk, automatysk huningsûgende ynstrumintsjes, dy't gâns mear út 'e wei sette as Gods boartlike skepseltsjes, mar dy't de natuer folslein bidjerre en in woastyn efterlitte hwer't hja west hawwe. De morael leit foar de hân: de moderne technology skuort de minsklike mienskip útinoar en birôvet har fan har tylkrêft. Foarsafier it forhael it sels al net docht, wurdt de les yn alderlei skôgingen oer de forbining fan it fegetative mei it animalyske, en oer dy fan it magyske mei it metafysyske, neijer útlein. De romantikus liket yn de âldere Jünger sterker to wurden; hwat seit de skriuwer fan dit boek fan syn Der Arbeiter fan in fearnsieu lyn, dêr't er it mal fan in trochtechnifisearre maetskippij yn ûntwurpen hie?
Jahre der Okkupation (1958) is wer sa'n boek dat in Jüngerhater - hja binne der by seksjes - kûgels meitsje kin. Sa'n idel en eigenwijs man dy't sa graech ridder en aristokraet wêze wol, mar net mear as in dom en réaksionair nasionalist is... De titel - dûbelsinnich: bisetting en beuzichheit - wiist der al op dat it oer de jierren 1945-'48 giet. De Amerikaenske tanks binne by Jünger syn hûs lâns rôlle; ynienen fielt er dat de skiednis in kear nommen hat. Alwer yn deiboekfoarm wurdt in great forskaet fan skôgingen, ynfallen, dreamen en natuerobservaesjes optekene. Yn de groun fan de saek is it swiere boek ien lange monolooch, in ôfrekkening mei alles hwat der de lêste jierren bard is, in biljochtsjen en trochsichtich-meitsjen fan gâns persoanen, feiten en forhâldingen, sa't wy dat út eardere boeken al kenne. De blommen en de ynsekten, de kuijergongen troch bosk en fjild ûntbrekke likemin as de refleksjes oer plak en bitsjutting fan de technyk. In troch alles hinne Dútsk boek, yn syn soarte tige earlik en meiskien earst likernôch 1970 op syn wearde to skatten.
Sa't bliken dien hat, biweecht Jünger syn tinken en stallen him altyd om de grins: dy tusken hjoed en juster, hjoed en moarn, minske en kosmos, frijheit en macht, tsjinstbere en hearsker. In An der Zeitmauer (1959) komt er nei folle omdoarmjen ta de ûntdekking, dat it heroyske minsketype dochs leger stiet as it humane. Om dat dúdlik to meitsjen oarderet er de wrâldskiednis yn tiidrekken en kultueren, mar dochs oars as Spengler en Toynbee dat dien hawwe. De tiid fan de histoarje, dy't mei Herodotus bigoun is, rint nou nei de ein. Greate foroaringen binne op komst. Wy sjogge it oan de populariteit fan de grotskilderingen by moderne kunstoanbidders, wy sjog- | |
| |
ge it noch mear oan de opbloei fan de astrology dêr't in waeksend leauwen oan komyske gearhingen út sprekt en dy't de opstanning fan de théology fan de âlde Oriënt bitsjut. It boek hat hjir en dêr hwat in kristlike toan, mar fierder as de ketterij - bisykjen ta herkonstruksje troch aksintforlizzing - giet dat net. De filosoof yn Jünger wol God graech ta Geast meitsje en kin it mar min forneare dat God him as Persoan oppenearret. De ôfwizing fan de ynkarnaesje hâldt dan fansels de ôfwizing fan it - immaninte en transcendinte - forbân tusken sûnde en dea yn. Ek foar Jünger yn syn humanisearre steat sprekt Nietzsche blykber it biskiedende wurd.
Yn Der Weltstaat (1960), - in essay, in samling fan aforismen, in bondel stenografyske oantekeningen mei materiael foar grif oare boeken? - bringt Jünger gear hwat er op syn 65ste jier oan filosofyske, théologyske en natuerwittenskiplike forwurvenheden biskrept mient to hawwen. Hy is hjir op en út in moralist fan de âlde stimpel, ien dy't him likefolle bisint op hwat it forline him oerlevere hat as op hwat de takomst fan him freget. Sa'n ien kin in dryste Atlas lykje dy't de wrâld op 'e nekke nimt, mar syn gong wurdt dochs ien fan ynstoarten en oereinkommen. Fanneed wurde der dan sydwegen ynslein en - op syn Heideggers - ‘Holzwege’ bigien. Jünger forwachtet dat de wrâldhelten fan East en West hieltyd fierder útinoar groeije sille; de wichtichste frage is, oft de frijheit dan wol bistean bliuwe sil. De atoombom soe wolris net de greatste bidriging fan de frede, mar fan de frije wil wêze kinne. Mar as de steaten skielk har foarname rang fan op 't heden, har earstberterjocht forlieze, hwer bliuwt dan de skiednis? En as de skiednis weiwurdt, hwer bliuwt dan de minske? Sá freegjend, moat Jünger hast wol théolooch wurde!
| |
V
Krityske skôging en konklúzjes.
Ien dy't perfoarst oan it ôfslachtsjen wol, fynt yn de literatuer slachtoffers planteit; hy docht lykwols goed to bitinken dat er sels ek ienkear op it hakblok komme kin to lizzen. Deselde Frederik van Eeden dy't as Cornelis Paradijs de dûmny-dichters fan de âldere generaesje op syn pynlik harspit lein hie, moast it yn it lêst fan syn dagen bilibje dat dr. G. Kalff jr. him yn in mânsk boek sa ûnfoech geweken naem, dat it elke lêzer mei in weak hert nou noch oandeart. By ús hat Douwe Kalma, dy't as jongkeardel fan de Halbertsma's gjin goeds wist
| |
| |
to sizzen, letter op syn foar it leksum opsein krigen fan in jongerein dy't ek ris dryst wêze woe. Hwat Karlheinz Deschner yn it bikende Kitsch, Konvention und Kunst dien hat, - de ûntwearding fan gâns literaire heechheden, - wie op himsels dan ek in maklik karwei, like maklik as it finen fan in alliterearjende moadetitel. Dat in polemist fan syn slach Hermann Hesse, Hans Carossa en Ernst Jünger fan har fuotstik ôfhellet en dêr oaren foar yn it plak set, kin men as utering fan artistyk amusemint wol wurdearje; dammers slane ek wolris raer mei har houtsjes om. Oan de bitsjutting fan de skriuwers dy't er oanfalt docht sok byldestoarmjen suver neat ôf; faek is it net mear as in fingeroefening fan de polemist, in saek fan mei sin blyn wêzen, fan sympathy en antipathy, fan weilitten en oerdriuwen, fan it fan jin ôfskriuwen fan rankunes.
Dat Ernst Jünger altyd mar ûnbistriden op syn Dútske troan sitten bliuwe soe, wie net oan to nimmen. Unforskillichheit foar him oer liket ûnbisteanber; hy hat fan de miet ôf oan syn lêzers of fascinearre of irritearre en soms slagge it him om it beide tagelyk to dwaen. Mar is er altyd wol lêzen sa't er lêzen wurde wol? Dy't syn idioom net hwat ken of oanfielt, syn skriften net yn it forbân fan it hiele oeuvre forstiet, mei him net de niget oan natuer, skiednis, filosofy en mythology dielt, dy kin gau mei syn ôfwizend oardiel klear wêze. Mar dy sil dan ek sa earlik wêze moatte in tige great part fan it wurk fan Goethe en Novalis to forsmiten!
In skriuwer dêr't safolle fan fortaeld is en dêr't safolle stúdzjes oer forskynd binne, oant yn Ingelân en Amearika ta, is fansels wol hwat mear as in greatske pau of as in handich fabrikant fan banale djipsinnichheden. Hy mei dan hwat ryklik graech de pose fan de olympiër oannimme, gjinien kin ûntstride dat er syn fak in libben lang mei alle earnst en leafde bioefene hat. Mei syn tael hat er omgien as in byldhouwer mei syn stien; hwat hy mei it Dútsk wurde kin, moat elke skriuwer, yn hokker tael ek, wolris oergunstich meitsje. Wis, syn altyd knappe formulearringen binne nei ús sin op it oanstelderige ôf trochstilearre, mar in Dútsker hat dêr safolle euvelmoed net yn; dy is it pretentieuze en komplisearre karakter fan syn tael yn it bloed fearn, sa to sizzen.
Yn de argewaesje dy't Jünger hjir en dêr opropt, sit grif ek in stik erchtinkendheit oangeande syn politike hâlding yn in tsjuster forline. Hitler hat Jünger graech yn de brune rigen helje wollen en der hawwe sûnder mis yn de tweintiger jierren wol inkelde konneksjes west. Jünger syn tinkwrâld lei yn dy tiid earder de brune as de reade kant oer; hy hat doe ommers
| |
| |
wol skreaun oer de needsaek fan in Führer, oer de bitsjutting fan it nasionalisme yn de polityk, oer de Landvolk-Bewegung, en mear fan dy saken dy't de nazi's nei foaren brocht hawwe. Jünger mei dan doe alderminst in trou Parteigenosse west hawwe, hy oppenearre him yn 1932 mei Der Arbeiter dochs dúdlik as in nasionael-revolúsionair skriuwer. Doe al hied er it forskynsel oarloch in politike en positive ynhâld jown, hied er dryst mei alderhande yn dy tiid binammen nuodlike idéën omboarte, hied er de demokraty geastlik ûndergroeven, - kin men dan sizze dat er de boaijem yn Dútsklân net mei foar de needlottige omswaei fan 1933 rémakke hat?
Fansels, de vulgairens fan Hitler en fan syn striidkloften sille him, man fan aristokratyske styl, daliks wol kjel makke hawwe, mar fierder as de distansiearring is er dochs net kommen. Gjin nazi, mar ek gjin figuer fan de ‘innere Emigration.’ Hy hat trochwurkje kinnen, al stie de nazi-sensuer him wol hieltyd minder. Nei 1945 wied er earst foar de bûtensteanders hwat in ûndúdlik gefal, mar al gau hawwe de bisettingsynstânsjes him foar ‘goed’ forklearre. Syn literaire freonen yn Frankryk, syn boekje Der Friede en it frij greate tal oersettingen fan syn wurken sille dêr wol it paed foar sljochte hawwe. Hy bliuwt lykwols in man dy't yn de wenstige politike forhâldingen net ûnder to bringen falt. Foar it ‘Feuer und Blut’ fan de tweintiger jierren is dan wol in soarte fan humanisme yn it plak kommen, mar in liberael, in sosiael fielend minske, dat is er net en sil er nea wurde, likemin as er ea oan in universiteit, yn de redaksje fan in great blêd of yn in rounte fan fakfilosofen op syn plak wêze soe. Einzelgênger en non-conformist is hy, mar ien ding sil er net gau forleagenje: syn Dútsknasionael bloed. As er mei in Nederlanner forgelike wurde moast, dan grif mei prof. dr. F.C. Gerretson silger.
Dêrom stiet Jünger op 't heden de tsjerke ek allinne mar uterlik neijer as yn syn jonge jierren. Tsjerke en kristendom binne foar him fenomenen dy't it bistân fan it folk yn in swiere tiid as uzes forsterkje kinne; hy sil der him lykwols wol foar wachtsje der midden yn stean to gean. Sa'n geastlik-egosintrysk minske as hy sil net maklik bigryp hawwe foar de wûndere solidariteit fan sounen en siken, riken en earmen, wizen en dommen, hearen en slaven, yn de kristlike gemeente. Jünger syn minskeskôging mei dan hwat mylder en waermer as foarhinne lykje, hja wurdt dochs ynspirearre fan it Nietzscheaenske heroïsme, fan de langst nei it elemintaire, fan hwat yn wêzen minskeforachting is. It retoaryske enthousiasme fan de leauwige stjit him, de estheet, bislist ôf; hy wol ek gjin mien- | |
| |
skip mei de melaetske en de idioat hawwe. Underwurpen as er is oan de wet fan it eigen yngewant, sil er him net oan de dogma's fan de tsjerke ûnderwerpe kinne.
Jünger is in man dy't folle tsjinstellingen yn him forienigje kin: op syn minst de rasionalist en de gnostikus, de contemplative skôger en de aktivist, de biologysk-materialist en de fisioenair. De hiele hybridyske ûntjowing fan it Dútske geasteslibben fan de lêste twa ieuwen liket suver yn him bilicheme. Cryptysk kin er wêze, sabeare-objektyf, kâld-analysearjend op it wrede ôf. In skriuwer mei kapitale jeften, mar ek mei in manco: der is by him gjin bloedwaerme totaliteit. ‘Les grandes idées viennent du coeur.’ Is Jünger dêryn soms represintatyf foar syn tiid, in tiid dy't it mei de mûle op de ratio, mar yn de praktyk mei de elemintaire ynstinkten hâldt?
Dy't allinne literatuer siket, is der by Jünger gau mei oan. Hy fynt in eigensinnich man dy't weet hat fan gâns wittenskip, skriklik bilêzen is en seldsum graech djip dolt. Dútske Bildungsphilister hawwe oan dat soarte ornaris mear aerdichheit as literatuerleafhabbers yn oare lannen. Mar dy't de muoite nommen hat de skriuwerij fan G.B. Shaw to folgjen of tagong to krijen ta James Joyce of Ezra Pound, dy soe dochs foar Ernst Jünger net stean bliuwe moatte. Hy hat jin forrassingen by 't soad to bieden, hy biedt jin yn alle gefallen it Dútsklân dat altyd mei himsels dwaende is en nea net klearkomt.
Op it Amelân, april 1961.
De Werke fan Ernst Jünger wurde by Klett yn Stuttgart yn tsien dielen útjown en kostje it stik Dm. 23.50. Hja wurde ûnderfordield yn trije groepen: fjouwer dielen deiboeken, fjouwer dielen essays en twa dielen forheljende skriften. Diel V bifettet it earste diel fan de essays: Betrachtungen zur Zeit (538 bls.). Diel IV bringt it fjirde diel fan de deiboeken Reisetagebücher (431 bls.). Diel IX jowt it earste diel fan de forheljende skriften: Erzählungen (515 bls.). De wurken wurde allegearre neffens de oarspronklike tekst útjown; der steane ek gjin forklearjende oantekeningen of krityske kommentaren by.
|
|