De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jan Dotinga: Genesis 1 en 3 it ljocht stiftsjend foroaren wy it yn hate bartholomëus nacht - amétryk it forwulft sleaten wy elkoar sellulair yn - It blies it gewaeks út 'e amme fan it ljocht mar wy ûntdieken it as wenplak foar guerilla's - en de fisk as in pearel wy lykwols diene it wetter dea mei ús liken - de Namme klankboaijem foar it lok fan de fûgels allinne wy ûnteigenen it lûd oan it liet - de droan fan it dúnjend bloed yn de hertslach der dieren wy hawwe se glimkjend snien - It skoep de minske mei de letters fan Syn namme en seach hoe't wy ús oan de tael bismoargen. Vorige Volgende