- Tonearsten bigjinne wy der net wer mei. It wurdt dochs net ien lyk as dou. Wy hawwe in protte wille fan dy hawn.
- En ik fan jim, sei er trouhertich. Jim hawwe goed op my past, út en troch bêst sels. Mar ik wie oars net âld wurden. Ik ha altiten in lijerke west.
- Der hat wol ris hwat west, joech ik ta, mar dou hast dy der altiten goed byjown. Dou wiest in baes boarre.
- Witst noch wol, datst my meinaemste by dy bakker wei? Ik sil doe fjirtjin dagen west ha.
- Mar dyn jierdei hawwe wy altiten tagelyk mei dy fan 'e frou fierd.
- Neat op tsjin, wy katten sjogge net op in pear dagen. Mar ik rekke wol ridlik gau by de âlde wei.
- Dat is sa, mar ik seach skoan, dat jim der mei jim fiven oer wiene. Dat ik miende der goed oan to dwaen en nim dy daliks mar mei. En it wie de frou har jierdei.
- Ik wit noch skoan, datst tsjin dy bakker seiste: Ik moat in presintsje ha foar de frou, mar ik ha gjin sint mear op myn noed. Kin 'k ek in jonge kat mei krije? Ik tocht: Dat sil der ek bystean strak. Mient dat minske, dat se in aerdich presintsje kriget en dan is 't mar in rudige kat. Dat is tafallen, hear, mar hwat ik sizze woe: As dy bakker net krekt mei fakânsje west hie doe't wy berne waerden, dan hiest de kâns net krigen. Hwant it wie 't doel, dat wy forsûpt wurde soene. De feint hie 't lykwols forgetten en in wike letter wiene wy al to âld. Doe koed er it net mear oer syn hert krije. Ek wer sa ynkonsekwint, as ik der noch eefkes op werom komme mei. Hwant ynsté fan ús to forsûpen liet er ús heal omkomme.
- It hat dochs in moai jierdeiskado west, sei ik.
- Ja, ik wie noch mar fjirtjin dagen by jim, doe't ik al earrude hie. En letter flieën en koart lyn noch in lintwjirm. Alles hwat in kat krije kin, ha 'k hawn. En nou sil de kattesykte my noch de das omdwaen. Yn elk gefal in sykte in kat wurdich, is 't net sa?
- Dou hiest noch wol in jier as fiif mei kind, suchte ik.
- Dat hie kind... Och, hwat docht my de bealch sear.
Hy heukere hwat oer syn matsje. - Ik stjonk al, sei er wreed.
- Net sa mâl, dat komt omdatst dy yn in pear dagen net wosken haste.
- Ik stjonk, stelde er nochris fêst. Ik koe fan 'e moarn mar amper by myn bakje komme. Dat is, tusken heakjes, ek noch in tip foar dy. Katten moatte in fiks gat dolle kinne. It leafst dogge wy it bûtendoar.
Hy seach ûnrêstich om him hinne. - Ik ha it mier oan fé-