De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Durk van der Ploeg: It oerd Nou stiet de sinne as in fjûr boppe it wetter en stadich wurdt it lân sichtber as in flakke hân as in tonge dy't it wetter lekket as in lântonge dêr't fisken ûntwyk fine yn de holte fan it lichem hwerop it ljocht him útstoart as in falwyn. Vorige Volgende