sels wol foroaret, mar alles út 'e bernetiid gelyk hâlde wol.
Doe't ik in pear moanne letter thúskaem lei hja slik yn 'e efterkeamer. Har suster hie it oer ischias - it soe earst maitiid wurde moatte en mylder waer.
De jouns kaem hja hwat skruten to freegjen oft ús mem of ik de oare middeis in setsje komme koene. Hja moast op bigraffenis by in âlde omke yn 'e greidhoeke. De arbeidster soe oant nei iten ta bliuwe kinne.
Ik waerd der kjel fan doe't ik de oare deis foar it bêd stie. Hwat wie hja meager wurden en hwat hie hja in geizige kleur! Doe't hja de eagen opsloech, glimke hja tsjin my. ‘Moai dat jo ús efkes út 'e need helpe koene. Gelske woe my perfoarst net allinne litte.’
In skoft wie it stil. Men hearde allinne it tikjen fan 'e jouster klok en it spinnen fan 'e kat, dy't op it fuottenein lei.
Doe frege hja ynienen en ik wie der út noch yn net op fortocht: ‘Leauwe jo dat ik better wurd?’
‘Hwerom net?’ úntwykte ik it andert.
‘Gelske praet oer de maitiid en yn 'e tún sitte’, sei hja, as hie ik neat sein, ‘mar hja wit wol better. Soms lústert hja mei de dokter yn 'e gong. En ik bin sa bang... sa bang...’
‘Bang?’ frege ik súntsjes. ‘Mar jo ha dochs neat om bang foar to wêzen.’ En oer de gerdinen hinne eage ik nei de tsjerke, dêr't hja in libben lang gerânsje socht hiene foar it net bang wêzen.
‘Ik net - o fanke’ - en doe kaem it hiele forhael, dat ik sûnt net wer kwyt wurde kin. En ik kin it nea ien fortelle!
‘Jo witte net hwat Gels en ik trochmakke ha, en mist - foaral mist. Us heit wie in âlderwetsk man. Syn wil wie wet en syn opfettingen wiene de ienige dy't by ús telden. Mem wie dimmen en swijsum fan aerd en joech har derûnder del. Wy bisochten soms derûnder wei to kommen, foaral ús Liuwe, mar it slagge net. Yn it lêstoan bigoun heit mear drank to brûken as goed foar him wie. Net yn 'e herberge sasear - dat soe gjin pas jaen foar in tsjerkfâld, mar thús. Moarns wie er sa noartsk, dan doarsten wy gjin wurd sizze en wy fleagen op syn winken. It wie in forlichting as er nei 't bûthús gyng. Doe't er nei in koarte sykte stoar, blykte it mei de sinteraesje net yn oarder to wêzen. Heit hie jild fan it wetterskip ûnder syn bihear en mei it bûterfabryk hie er ek to dwaen. Ik wit it net sa krekt.
Liuwe, myn broer, stie derop dat alles yn koarte tiid foreffene wurde soe, sûnder dat de bûtenwrâld der aen fan hie. Wy libben tige kloek en krigen de namme sa fûl as foarken to wêzen. Jilles, de arbeider, âldfeint bleaun, bleau by as, al