De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 177] [p. 177] [Nummer 6] Durk van der Ploeg: De sjenner Djip yn it lân gjin wurd gjin brea mar in fjûr fan de sinne in droege boarne in beam stean op 'e seame fan ekers froulju to stjerren onder de lânwyn. Hja roppe traech de sjenner oan foar in bline en fine him steande as in blêdleaze strûk in biminde dy't gjin acht slacht it waer en de winen mar sieddet op stiennen om nei folle dagen to finen in toskroeide telle. [pagina 178] [p. 178] Efter it wurd Ik wol mei in wurd in beam stiftsje in beam foar fûgels. En mei in oar wurd wol ik de tiid oprjochtsje hastiger as hja ea west hat. En ik wol lichems meitsje út inkel nammen. En mei fokalen skep ik ljocht, lân wetter en stien. Hwant ik wenje op in eilân fan wurden ticht oan de skulp fan myn ear. It lan It lân mjit him út yn it each fan de sinne yn de mûle fan it wetter as in amjend lichem yn floed en fal en fjûr. Vorige Volgende