'e tiid forheven eilân Atlantis ta, dat hy dêr rêste mei en foar altyd frede hawwe. Ek jowe wy him it rjocht en de skipper, dy't him oer to farren hat, bistel, dat er, mocht it om ûnwennichheit foar to kommen nedich wêze, nei eigen kar fiif boeken dêrhinne meinimme sil.’
Sa seach ik Jan Piebenga foar de lêste kear oer syn flier, oan 'e kar út 13.884 skriftueren, Fryske net to min en oartalige yn it einleaze. Trije fan 'e fiif him tagunde boeken wie er fuort oer út 'e ried; it wiene de Bibel, de Edda en de Ilias koe ik biëagje. Mar doe waerd it minder. Der moast dochs ek in oarspronklik Frysk wurk by? Hy liet de eagen oer tûzen toanielstikken yn 'e eigen tael weidzje, mar kearde se mei in feardige sucht yn oare wei, twivele noch even tusken de Rimen en Teltsjes en de Rymlerije, en it waerd de Rymlerije. Jawis, it waerd de Rymlerije, mar David en Philippe de Mornay, ik twivelje der net oan, hawwe it him sekuer forjown. Is it lykwols niget, dat ik mei nammersto greater spanning de lêste kar ôfwachte? En loeken Piebenga's eagen dêr net wer it Suden yn, en stekt my dy snaek ynienen Rabelais' Gargantua en Pantagruel net by him?
O myn freon, neat is ûnmûglik. Leau dat ek Jan Piebenga mar. Ik wol allinnich yn it foar mar warskôgje. Ienris, ier of let, sille wy him misse moatte, en dat sil noch jo, wearde lêzer, noch my tafalle. Mar ik siz dit net om jo yn it foar al mismoedich to meitsjen. Wy sille der ússels mear mei hawwe as him. Leau mar net, dat er tsjin Atlantis óánsjocht. Soe hy mei syn tinzen dêr nou al net faek toevje, en hwa wit der út en troch gjin ynlik forlangst nei hawwe? Wy moatte him dat royael gunne en it foaral net egosintrysk sjen. Lit ús net allerearst foar ússels, mar yn 't bisûnder foar him bitinke, hwat in takomst him dêr yn Atlantis wachtet. Fiif boeken mar sille de hals en top fan syn fornoegen útmeitsje. Nea noch to ninter sil er it mear drok hawwe. De lêst fan problemen, folken en ieuwen sil him fan 'e wurge skouders ôfgliden wêze; rjocht en heech sil er de rêch rjochte hawwe. Hjir bin ik minsk, sil er sjonge, hjir mei ik it einlings wêze. Wannelje sil er tusken goaden, frisonyske foarsten, skandinavyske skalden, kristlike evangeeljeprekers, Fryske folks- en toanielskriuwers, fan held Friso en de iishilligen ôf oan 'e greate filosoof Sybe Sybesma ta, en harren to Sint Eal by koarnbier, mie en muzyk al reedzjend wysheit ûnderrjochtsje. En bileaven net to forjitten: hielendal gjin noed hoecht Jan Piebenga to hawwen, dat hy dêr yn dat selskip fan âlde, nije en posthume genyen Laurens ten Cate tomjitte komme sil. Dy ommers is sa biweechlik as wetter