De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 174] [p. 174] Leah Goldberg: Hjoed de dei Hjoed de dei, brek brea En sammelje frucht yn 'e kuorren Hjoed de dei komme de soannen thús En de dochters wachtsje har yn 'e doar. Hjoed de dei tuge de wolken oan 'e himel En dogge de boade fan seinerein oer weetfjild en hôven En yn 'e stêd, tusken de kreammen op 'e merk Driuwe de roken fan bûter en oalje De wyntsjelk is oerrinnend fol. Hoe kinstû stjerre myn Biel, op sa'n dei - Dit is sa leaflik en fol Dit is sa simpel en oerdiedich Dit is ljocht Dit is hjoed de dei Dit is ien fan alle dagen. Hoe kinstû dy deljaen ta rêst Ear't syn tumult him deljowt? Hoe kinst him farwol sizze Ear't syn rop stil wurdt Hoe kinstû yn 'e rouwe gean Ear't syn freugde útdôve Hoe soestû it ivige ljocht birikke ast de earste stjerre net patte hiest? (fortaling út it Ingelsk fan Fedde Schurer) Vorige Volgende