Op it harspit:
Fortaling-fortolking
Elts dy't wolris in fers fan sines foardragen heard hat of dy't de opfiering bilibbe hat fan in toanielstik of harkspul sil it gefoel fan gêne kenne, fan skamte suver, dat jin dan bikrûpt en dat sa slim wêze kin dat men tinkt: ik hie leaver in wan bruijen. Ik kin my dan ek skoan de emoasionéle réaksje fan Sjoerd Leiker yntinke, dy't him der ta brocht yn Het Vrije Volk to skriuwen: ‘Het schaamrood steeg mij naar de kaken toen ik in de bundel Friese verhalen in het Nederlands de vertaling las van De Gastfrijheit, één van mijn Friese vertellingen.’
Foarm en ynhâld binne ien. Dêrfandinne dat in film makke nei in boek, in toanielstik nei in roman (jongste foarbyld: de biwurking fan Willem Elsschots Lijmen foar it Nederlânsk toaniel) altiten ûnbifredigjend is foar hwa't mei goede gefoelens forboun is mei it earstberne kunstwurk. Dêrfandinne ek dat it by it oersetten fan de iene tael yn de oare prinsipieel ûnmooglik is yntegrael itselde to hâlden: eltse fortaling is tagelyk ek in fortolking. En op in fortolking réagearret de Urheber emoasioneel.
Meastentiids sil men dêr by oersettingen net it measte lêst fan hawwe, om't men de tael dêr't yn oerset wurdt net goedernôch ken. By de fortalingen út it Frysk yn it Nederlânsk leit de saek lykwols oars, foar de twatalige Friezen. Dan ûndergiet men it feit dat sa'n oersetting in fortolking is, en as eltse fortolking: subjektyf. Dat iepenet de doar wiid foar krityk. Dy is dan ek wol fanwegen kommen op de bondel Friese verhalen in het Nederlands. Leiker skreau: ‘Het Nederlands van de bundel is van slechte kwaliteit’ en Tiny Mulder oardiele foar de R.O.N.O.-mikrofoan: ‘De vertalers schijnen vooral de neiging te hebben gehad om het in het Nederlands net even deftiger en dus sterieler te zeggen dan er in de Friese tekst staat.’
Ik kin it - ek subjektyf fansels - net iens wêze mei Leiker syn kwalifikaesjes. Hysels jowt inkelde foarbylden: ‘knus’ dekt net it bigryp ‘smûk’ ‘heikneuter’ is net itselde as ‘heidehipper’. Dat sille de beide oersetters (Douwe Tamminga en Anne Wadman) grif mei him iens wêze, mar dêrom is har kar, har fortolking net to forsmiten. Wichtiger ek as de oersetting fan it inkelde wurd is oft de fortolking as gehiel slagge is, oft de sfear, it eigen libben fan it forhael dêr't it om giet, fêsthâlden is. Fan datoangeande hat Leiker net to kleijen leau 'k. Dat mei subjektyf wêze fan myn kant, ik leau dat Leiker sels folle subjektiver is; wêze most. As Leiker syn forhael net yn it Frysk, mar yn it Nederlânsk skreaun hie, dan soe der hwat oars stien hawwe as nou yn de oersetting. Dan hiene foarm en ynhâld har wer oan elkoar oanpast, wylst de fortolking altiten it wanhopige bisykjen bliuwt om sa folle mooglik fan de oarspronklike ynhâld to biwarjen yn en mei de nije foarm.
Nijsgjirriger is de opfetting fan Tiny Mulder, foaral om't hja faktysk gelyk skynt to hawwen: artsen foar dokters, voortreffelijk foar best, verbruiken foar opmaken, bewustworden ynsté fan merken, conversatie ynsté fan gepraat, binnentreden foar binnenkomen lykje wier wol in soarte fan fordeftiging to wêzen. Dat kin lykwols skyn wêze, hwant hokker wurd de oersetter kiest hinget yn it foarste plak ôf fan de kontekst.