De Tsjerne. Jaargang 16
(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 170]
| |
Durk van der Ploeg:
| |
[pagina 171]
| |
as in útweakke tradysje, dy't de posysje fan quatrebras bidriget. Neffens myn bitinken binne der lykwols oare redenen oan to wizen dy't de rankune fan Steven de Jong forklearje. It lûd fan it tydskrift quatrebras is to biheind, hat tofolle in ôffreding yn in by nou en by dan syklostilearre bledtsje, hweryn har sûnt 1950 in lytse groepearring fan débutanten mei in sterk dilettantisme fortsjintwurdiget, dy't al of net biwust literatuer produsearje wol. In groepearring dy't har forplichtingen tsjinoer har eigen orgaen, dat de literaire wrakseling wjerspegelje moat, mei de produktiviteit fan pûre kalligrafy steande hâlde moat. In groepearring dy't oant nou ta noch net biwiisd hat rjochting jaen to kinnen oan it eksperimint dat hja harsels oplein hat en dêroan stjûr to jaen yn krityske en essayistyske fordjipping, itjinge dochs in elemintaire foarmingstaek hat foar in tydskrift dat sa strak in groepearring fortsjintwurdiget. Of is der yn it kamp fan quatrebras gjin liedende figuer? Bistiet de rounte fan quatrebras allinne út in stikmannich der mar-hwathinne-skriuwers, dy't de wurden fan Bert Schierbeek ‘We hebben nu gvd lang genoeg gedacht’, en de apokrife stelling fan Karel Appel ‘We rotzooien maar wat’, wiermeitsje wolle ûnder it mom profeten en augurs to wêzen, yn de hope dat de dichterlike erupty net leagent? Steven de Jong wol dizze literaire ûnmacht fan eigen formidden ôfréagearje op in skôging, hweryn bisocht wurdt de posysje fan in avantgardistyske poëzij iepenlik oan 'e oarder to stellen, mei de bidoeling de essinsje fan dizze poëzij net alhiel oer to litten oan hallusinaesje en bidroch, mar rékapitulearjende globael èn ynsidinteel to analisearjen, hokker frucht it eksperimint opsmiten hat en tagelyk de striidfeardigens fan de jongste generaesje oan to puonnen ta drift en bihearsking. Ik haw yn myn skôging, yn it oktobernr. '60, stelling naem tsjin it eksperimint as sadanich, mar binammen tsjin it eksperimintalisme en har frijsinnichheit, dêr't Steven de Jong en konsorten har biwust of ûnbiwust oan skuldich makke hawwe as literaten dy't yn it foarste plak harsels hanthavenje wolle, al of net lâns wegen fan literaire frucht en bifruchting. Ut it antwurd fan Steven de Jong is klear nei foaren komd, dat er nou de wei fan de minste wjerstân biwannelje wol troch alle dwerse kneppels op it jiskelân to deponearjen en mar raek to skriuwen. Fan de hûndert fersen sil der grif ien by wêze dat better is as hûndert essays foarskriuwe kinne. Ik kin dizze redenearring lykwols net alhiel neikomme as er op in oar plak seit: dat de dichter yn elk fers op 'e nij berne wurde | |
[pagina 172]
| |
moat en mei elk fers nije mooglikheden skeppe kin. Elk gedicht hat syn eigen noarms, dy't net altyd objektyf to omskriuwen binne, mar dy't de lêzer kréatyf ûntdekke moat om der like kréatyf yn to leauwen. Bitsjut dit lêste itselde as it earste, hwerby de lêzer yn ien op 'e hûndert fersen kréatyf ûntdekke kin om der like kréatyf yn to leauwen? Of is dit in contradictio in terminis, dy't De Jong via in parabeltsje ûnlogysk forbine wol? De Jong hat hjirmei biwiisd net alhiel suver yn 'e leare to wêzen. Mei alle war en earnst, hwermei hy foar eigen parochy preket hat er tomin bigryp foar de anthropologyske kant fan de Fryske literatuer omt er him dogmatysk fêstbiten hat yn de cerebrale ynstelling fan in ekstreem dichterskip, dat nettsjinsteande har wjeraksel en ûnleauwe yn in konstruktyf poëtendom, in ropping hawwe wol fan fitael en profetysk alluere, mar yn har literaire hâlding mei opsetsin paradoksale biwearingen en sabeare earnst forkundiget om de agressy fan de biweging net oan ûnopfallendheit forkomme en weikwine to litten. Mei in stik ûnbigryp oer dichterskip en religy is Steven de Jong fallen yn in gefaerlik generalisearjen, dat alle dichters fan Steven de Jong(?) oant Obe Postma makket ta unifoarme wurdmaniakken, in generalisearjen hwermei hy tagelyk trije dichtersgeneraesjes dégradearje wol ta lûdop fordomjen fan alles hwat him oan ienkennichheit en forinkeling ûntwine wol oan de banaliteit dy't Steven de Jong prinsipieel hantearret. Hy leaut mar amper mear yn it fuortbistean fan in Fryske poëzij bûten it kamp fan quatrebras, mar frezet dat alles wol op 'e non rinne sil yn in tsienderangs amateurfilosofy en essayistyske dizenigens. Hwat him ek binammen dwers sit is it konstruktive dichterskip dêr't D.A. Tamminga, Tjitte Piebenga en Durk van der Ploeg mei oanklaud sitte. De Jong forbynt hjiroan in stikmannich nuveraerdige fragen en ûnderstellingen oer de produktiviteit fan dizze trije dichters. Ofsjoen fan it feit dat dizze tige persoanlike en bûten dit objekt lizzende saken alhiel net oan de oarder binne, hie De Jong dizze fragen dochs better yn eigen (quatrebras)formidden dellizze kinnen, dêr't, nei't ik freezje, bûten de produksje fan Jelle de Jong op 't heden in literaire ympotinsje bistiet dy't nei't it my taliket, fuortkomt út in ûnbifredigjend forrin fan it avantgardistysk stribjen, dat net mear tsjin it persoanlik thema oandoar. Fan myn kant kin ik Steven de Jong lykwols gerêst stelle. Ik sil it noch wol efkes úthâlde mei it riuwen fan wurden ta leptosome djipséfisken, lykas der noch fjouwer bondels yn | |
[pagina 173]
| |
myn burolaed op publikaesje lizze to wachtsjen. Hawar ik haw de tiid. Obe Postma is der âld by wurden seit Steven de Jong, en dêr sille wy it dan mar op hâlde. In hiel oar faset dêr't ik Steven de Jong mei syn der-marhwat-hinne-skriuwerij ek efkes op wize wol, is de kwestje fan de tael. It skriuwen fan eksperimintéle literatuer is net allinne in kwestje fan taelgebrûk en ynhâld, mar it giet lykop mei taelskeppend wurk, hwerby de tael út de biheining dêr't hja troch 'en dei yn forkeart, komt ta in greater ûntjowing en forbreding. Der leit foar de Fryske literatuer in romte braek, omt de bihearsking fan de tael net fier genôch rikt. Dêrtroch is it eksperimint foar in great part mislearre, opkeard, bigrinzge. En de rounte dy't it eksperimint it sterkst foarstiet, it oanhâldend propagearre hat as in nije trochbraek yn de Fryske letterkunde, hat it binammen op dit stik fan saken op it rammeljen fan de pels oankomme litten en der mar hwat hinne skreaun. It tal hollandismen soe dêrfan allinne al in dúdlik biwiis jaen kinne. Om efter dizze debile hâlding fan literair analfabetisme forskûl to gean wiist Steven de Jong op it wurk fan Obe Postma. Ik haw my ôffrege, hwerom hjir net op Jelle de Jong, Ella Wassenaer, Hessel Miedema of Marten Brouwer? Is harren wurk kwalitatyf net represintatyf genôch? Hwerom wiist Steven de Jong hjir op de tradisionéle Postma, fanâlds in skriuwer fan konstruktive poëzij fan tige biskieden kontemplaesje. Of wurdt Obe Postma, nou't er frije fersen skriuwt, ek ta de eksperimintélen rekkene, omt Steven de Jong tinkt dat Obe Postma der mar hwat hinne skriuwt? Hat Steven de Jong wolris stúdzje makke fan it wurk fan Postma en him wolris fordjippe yn de konstruktive foarm fan it frije fers? Postma is lykwols hielendal gjin eruptyf dichter. Syn wurk is suver meditatyf, wiisgearich, mei in glimp fan irony. Dichtsjen is by Postma in direkt bilibjen. It markante en karakteristike fan syn dichterskip is dat it altyd stiet op de grins fan persoanlik dicht en folksdicht. Mocht eat fan de wiisheit fan Postma de eksperimintélen biskern wêze, hja soene better bigripe de wrakseling en tucht dy't elke auteur himsels oplizze moat; in wrakseling dy't Postma biskriuwt yn Myn Fersen:
Soms binn' hja my sa nei, dat 'k foor my hinne
Har rigels jimmer wer bipreev'lje moat;
As by in mem de bern: hja bliuwe
Mar yn 'e eageweid en woll' net fuort.
|
|