De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 169] [p. 169] Avraham Shlonsky: Ut ‘Arbeid’ Ris my, goemem, ris my út yn klean fol kleureforskaet Yn 'e moarnsdamp fit my gean la 't wurk. Myn lân is wuolle yn ljocht as yn in bidsjael Hûzen stean as hillichdommen As gebetsriemmen glide asfaltwegen, mei de hân lein, oan. Sa bringt in keine stêd de moarnsbea ta har skepper En ûnder de skeppers - jins soan Abraham In dichter-wegebouwer yn Israël. En by jounfal yn 'e skimer, as Heit werom komt fan al syn swiere besonjes Lústeret syn birutsen freugde as in gebet: In goed soan is my Abraham: Hûd, senuwen en bonken. Hallelujah. Ris my, goemem, ris my út yn klean fol kleureforskaet En yn 'e moarnsdamp lit my gean Ta it wurk. (fortaling út it Ingelsk fan Fedde Schurer) Vorige Volgende