| |
| |
| |
Jan Piebenga:
Ernst Jünger yn hear en fear
I
Geastlike eftergrounen; ûntjowing fan it Dútske nasionalisme; it nasionael-bolsjewisme.
Doe't, op de earste dei fan septimbermoanne 1939, ik yn de Aldegeaster Brekken oan it swimmen wie, mei aldersierlikst moai waer en gjin hjerst yn it sin, rôp in silende buorman my ta, dat de oarloch útbrutsen wie; de man wist fansels net, dat er fiif jier letter yn in konsintraesjekamp tolânne komme soe. Hwa soe net kjel wurde fan sok nijs? Mar frjemd genôch gie der dochs ek hwat fan forromming oer de siel. It moast dochs ienkear wêze; einlings-en-to'n-lêsten wie de tsjokke swolm trochbrutsen en roun de goare ottermatearje de wrâld oer. Hiene de jonge minsken, dy't doe krekt yn Amsterdam by elkoar west hiene op in wrâldkonferinsje fan de oecuményske jongerein, net allegearre de wissichheit dat de fulkaen dy't sa lang al rommele en grommele hie nou foargoed los wie? Party koene mar mei lijen mear thúskomme. It Frânske famke, dat in feint hie dy't noch gjin jier letter op it slachfjild stjerre soe, wachte dêr in swiere rite fan ûndergrounsk wurk yn de Cimade. Fan in Joadske freon dy't ik yn gjin tiden sjoen hie, krige ik in wykmannich letter in steal boeken tastjûrd; ik moast se mar hawwe, ornearre er, hwant foar him gyng de wrâld dochs ûnder.
La Rebelión de las Masas fan José Ortega y Gasset wie doe al tsien jier âld, mar waerd ynienen wer aktueel. Hermann Rauschning syn Die Revolution des Nihilismus wie der krekt en gie fan hân ta hân. Fan 1938 wie ek Walter Schubart syn Europa und die Seele des Ostens; krekt foardat de grinzen foargoed ticht rekken krige ik myn eksimplaer dat yn de bisettingsjierren as in famyljejuwiel hoede wurde soe. Krekt op 'e tiid, yn 1939, wie ek útkommen dr. K.H. Miskotte syn Edda en Thora, net samar in boek fan de bêstbilêzen skriuwer fan Nederlân, mar ien fan de skerpste analyses fan hwat der yn Nazi-Dútsklân oan geastlike striid geande wie. Datselde jiers soe Theodor Haecker oan syn Tag- und Nachtbücher bigjinne to skriuwen en doe wurke Jochen Klepper ek al oan syn deiboek dat letter ûnder de titel Unter dem Schatten deiner Flügel útkomme soe, twa boeken dy't op it earlikst sjen litte hoe
| |
[pagina p.t.o. 158]
[p. p.t.o. 158] | |
ERNST JÜNGER
Dútsk skriuwer, berne 1895
| |
| |
forskuord de Dútske siele wêze kin. Hja wiene net sa seldsum, de Dútskers dy't doe field hawwe dat it orgasme fan Tod und Wollust útrinne soe yn it bluodrige feest fan de elkoar toropjende demonen. It folk fan de Mythus soe syn Walpurgisnacht krije, in skriklike heksesabbat fan amperoan seis jier lang.
Hwat in forbjustering fan de geasten hie har yn de foargeande seis jier iepenbierre! Ik swij oer de pervertearre foarmen fan de furor teutonicus, sa't dy ta útbarsting kommen binne yn de Führer en syn fuotfolk, de ûnhuerste kloft dy't ea oan it haed fan in kultuerfolk stien hat. Net swije lykwols mei men oer it riedsel, dat mannen mei geast en siel en forstân en karakter har willemoeds deljown hawwe ûnder de disoarder fan de duvel. Komselden hat him dat riedsel sa tragysk foardien as yn it gefal fan de jonge skiedkundige dr. Christoph Steding, de man dy't mei 35 jier al boppe syn skriuwtafel biswykt is, wylst er dwaende wie mei in stúdzjewurksûnder-ein: Das Reich und die Krankheit der europäischen Kultur. Hy hie yn Switserlân, yn Nederlân - by Huizinga yn Leijen! - en yn de Skandinavyske lannen studearre en hy hie der net folle oars foun as frjemdheit en wearze fan hwat der yn it Dritte Reich geande wie. Folslein oertsjûge, dat syn lân soun wie en de oaren siik, koed er dy ôfwizing en äfgriis allinne mar ynterpretearje as de útkomst fan in histoarysk proses fan trochgeande forwurding: dy naesjes oan de rânne fan it Ryk wiene de sloppe lidden dy't stadichoan fan it greate lichem ôfstoaren en dan gjin bisteansrjocht mear hienen om't hja net mear út de bloedstream fan it sterke hert libje woenen.
As der in goed Dútsklân wie, hwerom is dat dan yn 1933 sûnder folle forwar yninoarstoarten? Hwerom siet der foar party skriuwers, politisi en stúdzjeminsken neat oars mear op as yn de emigraesje to gean? Hwerom hawwe yn it bigjin gâns krityske taskôgers dêrre jit safolle fan it kompromis forwachte? De forklearring leit hieltyd yn de Dútske skiednis sels, binammen yn de geastlike antjowing sûnt Hegel en sant de Romantyk. Yn Nederlân wisten frijhwat lju dêr it measte net fan, seagen yn alle gefallen de forbannen net. Doe't ik al gau bisocht ien-en-oar yn in trijetal opstellen hwat út de doeken to dwaen (Oer it Tredde Ryk, Ljouwerter Krante, 31 okt., 2 nov. en 6 nov. 1935), sei in kranteman, dy't letter bliken jaen soe net tsjin de stoarm fan de tiid bistân to wêzen, tsjin my dat ik it fierstentofier ophelle hie; it bigjin fan it nasionael-sosialisme lei yn Versailles en nearne oars; as der al in foargonger of paedwizer wie, dan soe it Oswald Spengler wêze moatte. Dat Friedrich Büchner en Ernst Haeckel mei Adolf Hitler to mei- | |
| |
tsjen hiene, en Feuerbach en Stirner en Nietzsche, en J.A. de Gobineau en H. St. Chamberlain net sa'n lyts bytsje, it waerd guodden earst neigeraden dúdlik. As der tsjintwurdich gauris oer striden wurdt, oft in dichter as Gottfried Benn of in filosoof as Martin Heidegger wol altyd ‘goed’ west hat, soe der dochs by bitocht wurde moatte dat sels ien as Thomas Mann yn syn jonge jierren frijhwat ‘forkeard’ wie.
It Dútske nasionalisme hat al fier foar de earste wrâldoarloch de njirre oan eigen boarst koeze. Ien as Stefan George wie grif gjin ‘ordinaire nazi’, earder oarsom, mar de dichter fan Das neue Reich (1928) hat dochs in sfear skepen dy't mannichien fan de jongerein de kant fan Hitler út fierd hat. Der wie yn syn forneamde rounte altyd praet fan ‘Herrschaft und Dienst’, der wiene fan syn learfeinten dy't it ‘molochitische Juden-Christentum’ forantwurdlik steld hawwe foar alle ellinde yn de wrâld, it heakkekrús wie dêr gjin ûnbikend symboal. Nammers, net inkeld George en syn hearrige maten wiene doe foarstanners fan in regear fan de aristoi, minsken dy't út de hichte delseagen op de fretters út de trôch mei plebejyske ynstinkten dy't yn de demokraty sa goed har gerak krije koene. Dat de Wagner-cultus alderminst frjemd oan de opkomst fan de NSDAP west hat, is bikend, mar yn it Dútsklân fan 187-1933 rounen hûndert paden dy kant op. Dútsklân dochs is it lân dêr't de tizelhollen de bêste kânsen krije as hja har optinksels mar yn plechtige styl, mei gelearde bombaerje en opgnist mei sabeare-filosofy witte klear to meitsjen. As Parzifal en Faust it langer as in dei en in moarnskoft mei syn beiden rêdde sille moat, Eulenspiegel wol stéfêst tusken har yn sitte; ornaris kriget er dêr de kâns net ta en sa al, dan op syn heechst yn Simplizissimus yn syn goeije tiid.
Hwa't der nocht oan hat ris goed yn de foarskiednis fan de nazi-tiid to dûken, en dan leafst oan de hân fan fatsoenlike minsken dy't dochs net hielendal bûtensteanders wiene, moat foaral de autobiografyën fan Friedrich Hielscher en Ernst Niekisch lêze. Friedrich Hielscher is de skriuwer fan Das Reich, it boek dat yn itselde jier útkommen is as Ernst Jünger syn Der Arbeiter (1932). Ut syn libbensforhael Fünfzig Jahre unter Deutschen docht dúdlik bliken, dat Hielscher ek mei de erflike sucht fan de Dútskers nei nasionale mystyk oanhelle is, mar tagelyk, dat er tofolle soun forstân hat om him oan ôfgoaderijen as rasselear en pangermanisme oer to jaen. Hy is likegoed op de demokraty tsjin as op it fascisme of it kommunisme. Dy't in sprekkend foarbyld fan de ‘gebildeter Barbar’ oanwize wol, kin by him goed torjochte. Hy wie yn syn tiid ek lang de
| |
| |
iennichste net dy't op révolúsje oan woe, sûnder dat er wist hwat dy révolúsje winliken ynhâlde moast. It komt faker foar dat sokken har op 'en dûr allinne by de konservativen goed thús fiele. Ien as hy dy't miende it kristendom as in ôfbrûkt stik klean yn de berm lizze to moatten, mar dy't dochs leauwe wol en fan natueren leauwe moat, sil fan need wol nuver oer it libbenspaed swalkje. Frjemder jitte is Ernst Niekisch troch it Dútske doalhôf skarrele en syn selsportret Gewagtes Leben (1958) kin mei frijhwat rjocht in tiidskronyk hjitte. Ek wer sa'n Einzelgênger dy't it allinne om de idéale foarm fan mienskipslibben, it sosialisme, to dwaen wie, mar dy't it yn gjinien partij fine koe en oan de ein fan syn libben net mear wist hwer't rjochts en hwer't lofts wie. Hy hat it folhâlden, oan 1935 ta, yn syn tydskrift Widerstand en yn de rounte dy't har dêromhinne foarme hie, op trije fronten tagelyk, tsjin de republyk fan Weimar, de NSDAP en de KPD to fjochtsjen. It leger moat him, lyk as oaren fan syn maten ek, doe de hân wol boppe de holle hâlden hawwe, mar yn 1937 joech ek dat neat mear. Doe't syn boek Das Reich der niederen Dämonen forskynd wie, moast dêr wol in proses fan komme; Niekisch fordwoun oan 1945 ta yn de finzenis. De Russen hawwe him der úthelle en earst ek stie er oan har kant. Ridlik gau hied er de sitewaesje troch en forhuze er nei West-Berlyn. Ien út it hiele hout, ien dy't it syn hiel striidber libben tsjin it boun fan féodale hearen en klerus, fan de kapitalistyske boargers en servile professors yn 'e kant set hat, ien dy't lyk as safolle fan syn folks- en tiidgenoaten wis wie dat it mei de romrofte ‘abendlêndische Geist’ op 'e nûn draeije soe as der net gau en goed foroaring kaem.
Ien fan Niekisch syn boeken hjit Der dritte imperiale Figur; dêr wurdt dan fansels de arbeider mei bidoeld. In oar wurk, yn it krisisjier 1930 forskynd, hjit Entscheidung. Op dy bislissing woene al dizze mannen oan, mar om't elk oare dreamen yn de holle hie, om't elke dream ornaris net fierder kaem as de konsepsje, en om't dizze skriuwers oanhâldend oan it ‘groeijen’ wiene, waerd gjinien folle fan harren gewaer oer it hoe-en-it-het. Dit soarte rasionalisten, dat mei it leauwe fan de gewoane man ôfdien hat, krijt gau in tsjinnichheit yn syn eigen reedlikheit, om't dy sa keal en sa toar en sa negatyf is. It bigjin fan har ‘Entscheidung’ hat meastal dúdlik in antikristlike tendins, de fuortsetting wurdt fangefolgen anti-humanistysk. It minsklik ûnbihagen stiet foar neat, as it op himsels oanwiisd is. By einbislút gie it de mannen fan dit decisionisme dan ek om hwat faek de ‘Zerstôrung der Vernunft’ neamd is.
| |
| |
Waerd dêrom de hope dochs op East-Europa steld, wie it harren dochs bigoun om de ‘war against the West’? Wurge en sêdde Europeeske boargers as hja wiene, sochten hja rêdding yn it útmoardzjen fan it eigen soarte; dêrom koe der ek gjin goed wurd foar de Weimar-republyk ôf, mar likemin foar Hitler syn proleteboel.
Mar de Hitler-biweging hat hwat fan de genialens fan de satan yn har hawn; oars wie it har nea slagge al dy gystene berchstreamkes fan de Lebensphilosophie en fan de Jugendbewegung en fan de Stefan George-Kreis en fan de Völkische Wiedergeburt en fan de Deutsche Glaubensbewegung en fan de anti-semiten en fan de anti-klerikalen en fan de gefaerliklibbenmaniakken yn ien greate stream gearfloeije to litten. Party fortsjintwurdigers fan dy streaming hawwe it nazisme net sá, net daliks en net foargoed wollen, mar hja hawwe it lykwols mei mooglik makke. Sels de filosoof Heidegger, dochs grif gjin nazist, stie yn in biskate rite fan syn libben ticht oan de totalitaire skôging, omtrint sa ticht as syn Frânske learling J.P. Sartre, wiisgear, skriuwer en salonkommunist. Sels in theolooch as Friedrich Gogarten, withoelang freon en meistrider fan Karl Barth, fielde him tofolle Dútsker om mei dy syn radikale ôfwizing fan de Hitler-biweging ynstimme to kinnen. Der hat nammers yn dy biweechlike jierren ek praet fan in ‘Theologie der Entscheidung’ west; guont dy't lang oer de ynterpretaesje fan Ernst Jünger syn wurk gear west hawwe, founen hjir en dêr hwat forbân mei de dialektyske théology.
Moderne skiedskriuwers hawwe wolris sein, dat it oerbringen yn 1917 fan Lenin út Switserlân nei Ruslân troch tadwaen fan it Dútske Oberkommando ien fan de bilangrykste feiten fan ús ieu west het. Faeks omdat Dútsklân him altyd sintrale macht, middenryk, kontinentale as field hat? Of om't it mei Ruslân gemien hie, dat it gjin oséanyske, gjin atlantyske macht wie? Dútsklân hie al lêst fan it nasionael-kommunisme of nasionael-bolsjewisme, doe't der yn oare lannen jit gjin praet fan wie. Dy nasionael-bolsjewisten binne wolris de trotzkisten fan it nasionael-sosialisme neamd; de oantsjutting hat allinne eigenskip as dêr by tocht wurdt oan de fan âlds bisteande oriëntearring fan it konservative en soldateske Prusen op Ruslân, en oan it stik Slavendom dat forskate ûndersikers yn Prusen miene werom to finen. Fansels, de bolsjewistyske sympathyën fan ditsoarte Dútske nasionalisten wiene meer taktysk as prinsipieel, mar oft hja har oan it nije steatsethos fan Ruslân dochs net méár forboun field hawwe as oan it frijheitsethos fan it Westen, dat neffens harren gjin ynhouten hie
| |
| |
en op anarchy útrinne moast? Hwa wit, hat it atavistyske protestantisme fan de nasionael-bolsjewisten it ek leaver yn it Easten socht, as by de yn har eagen ûnbitroubere lieders fan it nasionael-sosialisme, dy't meastepart út it roomske, barokke Súd-Dútsklân wei kamen; in nije foarm alsa fan it leaver Turksk as Paepsk. Yn alle gefallen, Ernst Niekisch mei syn Widerstand en Otto Strasser mei syn Schwarze Front hawwe bisocht it Dútske roer yn oarewei to krijen, mar hja koene tsjin de Hitler-lawine neat mear bigjinne; sels it bisykjen hawwe hja bittere swier bitelje moatten.
| |
II
Algemlene karakteristyk fan Jünger
Yn 1939 kaem Miskotte syn Edda en Thora út. Dêr neamde er ek Ernst Jünger syn Der Arbeiter yn; neffens him in magistrael boek dat in oangripend foarbyld oplevere fan de mooglikheit fan oansluting fan it primitive libbensfielen by de moderne, technysk-ekonomyske massa-produksje. Doe koed er net witte, dat deselde Jünger in oar haedwurk op priemmen hie, in lytse roman dy't oer de opkomst fan ‘das Reich der niederen Dämonen’ gean soe. It wie it letter sa forneamd wurden Auf den Marmor-Klippen, ôfgeande op de skriuwer sels ‘am 28. Juli 1939 beendet und im September 1939 beim Heer durchgesehen.’ Dat is dan ien fan dy seldsume boeken dy't in hiel tiidrek foar mannichien ynienen trochsichtich meitsje kinne; dochs moat men wol Dútsker west hawwe om de elektrisearjende skok to fielen dy't dit forhael de lêzer joech. It koe, doe en dêrre, net oars opfette wurde as in krityk op it Hitler-totalitarisme, mar tagelyk spriek it ek in forneatigjend oardiel út oer de diktators yn it algemien. Dat Jünger dêr gjin lêst mei krigen hat, lei him faeks oan syn ‘goede’ reputaesje en oan syn frij sterke posysje yn de Wehrmacht, mar grif foar gjin lyts diel ek oan it feit, dat er syn krityk op literaire wize yn in allegoaryske en sabeare-histoaryske forklaeijng stutsen hie. Mearkes hawwe altyd ûngefaerlik west en mythyske foarmen dogge ornaris net sear. Wis, Jünger hie him mei syn piratenkip yn de brânning bijown, mar hy fear fan de earste oan de lêste rigel ta mei de swiere djipgong dy't de Dútskers sa graech lije meije. Bûtendat hat er altyd hwat in highbrowstyl; esotearyske oankomsten dy't Stefan George en Rudolf Steiner tige hiem hiene, hawwe him ek nea frjemod west.
Jünger hat gauris, mei mear of minder forsearring, de hjerre- | |
| |
mitehâlding oannommen; dochs is der ek by him in tige nau forbân tusken wurk en libben. Hy liket by útstek de deeglike, prinsipiéle militarist; it pasifisme hat yn syn tinken gjin plak. Berne yn 1895 yn Heidelberg as soan fan in apotheker, koed er de him oankundigjende oarloch net iens ôfwachtsje. As jonge fan sechtjin jier pykte er der al út nei it frjemdelegioen. Yn de earste wrâldoarloch kin er him min ûngelokkich field hawwe; doe waerd er offisier, krige ien fan de heechste ûnderskiedingen en liet him fan it kanongebolder numineus kidelje; dêr hat er ek syn striidfilosofy skipe en syn foarleafde foar de Frânske geast; de Russyske geast moat him wol to myld en passyf, mar ek to wyld en ûnbirekkenber west hawwe. Hy is oant 1923 by de Reichswehr bleaun en hat doe in jiermannich natuerwittenskippen studearre. De planten en de ynsekten komt men allegeduerigen yn syn boeken tsjin; it herbarium en de bakjes mei opspjelde krobbeguod liket er gâns tiid oan spansearre to hawwen. Sûnt 1925 is er allinne mar skriuwer; oan de partijpolityk hat er nea meidien, oan de politike bisinning safollestomear. Wer grypt de oarloch him, mar kin men yn 1939 úthâlde dat de wapenkriich libben yn heechste potinsje is? Dyselde oarloch sil him ein 1944 ien fan syn soannen ôffreegje: it skriklik tribút dat mear sokke opsprekkers oan it wifkjen brocht hat. Dan giet der fan him al, net printe en min ofte mear yllegael, it skriftke Der Friede fan hân ta hân; gâns hwat oars as it heroysk nihilisme dat nei 1920 (In Stahigewittern) syn boadskip west hie. Yn in fearnsieu kin der yn in minske folle foroarje. Nei de earste wrâldoarloch de proklamaesje fan de minske dy't him yn frijheit ûnder de oarder deljowt,
dêr yn it stoyske oanfurdigjen fan de dea de bikroaning fan it libben sjocht, en yn de birûzing fan fjûr en bloed it kleare antlit fan Eros fynt; de minske dy't yn dy léste lottering fan syn boargerdom forlost wurdt en weromkeart ta syn natuersteat fan nomade, kampfjochter, berserker; de minske dy't as ‘Krieger’ en as ‘Arbeiter’ nei de forswakking fan de sivilaesje einlings wer diminsjes en potinsjes kriget. Nei de twade wrâldoarloch daget der ek by Jünger hwat fan Europeesk-kristlike humaniteit, mar mear as in flinterhúske wurdt it tonearsten net.
Mei sa'n koarte karakteristyk is Jünger lykwols net ûnder dak to bringen. Hy is en bliuwt de Einzelgânger, in gewoane forskining yn it Nedersaksyske libben (hy wennet nei eigen forkiezing yn de omkriten fan Hannover). Dwers tsjin de tried yn, in hwat batsk non-conformist, bistrider fan de moade, fan it deistige waenbyld en fan alle communis opinio. De rjochts- | |
| |
révolusionairen tochten dat er ien fan harren wie, mar by oaren gie er troch foar in militair-kommunist dy't yn de yndividualistyske hoeke fan de sosialist Ernst Niekisch forkeart. Dochs rûkt er earder as oare jeijers de rook fan it wyld dy't op de wyn fan de tiid meifierd wurdt. Hy mei stomme graech de profetemantel om de skouders hingje. Hiëratyske gebearten kultivearret er syn libben lang; hied er dat net fan de dûmnyssoan en religystifter Nietzsche leard, dan wie it him troch de ynfloed fan alderlei estheten en symbolisten wol eigen wurden. Jerne lûkt er him by de konfrontaesje mei de smoargens yn syn heechheit werom; sa nei 1933: slagget Niekisch yn de finzenis, moat Otto Strasser emigrearje, hy bliuwt de literaet dy't in ôfgriis fan de barrikade hat. Eptich en koel stalt er syn swier to lêzen proaza, biskriuwt lantskip, blommen en bisten, sa presiis as hied er de tekenpinne fan Albrecht Dürer, nimf eigen dreamen moedsume earnstich foar tinken. Hat er soms yn folle de Olympiër fan Weimar ta foarbyld keazen? It liket as ken er gjin kleau, gjin twaspjalt, mar de lêzer most him net forrifelje litte: ek yn Jünger stride macht en geast, ek foar him hat Schiller syn distichon skreaun: ‘Zur Nation euch zu bilden, ihr hoffet es, Deutsche, vergebens. Bildet, ihr könnt es, dafür freier zu Menschen euch aus!’
Foaral foar de bigjinnende en fuort hwat krityske lêzer is Jünger faek swier to fortarren. Syn styl is foltroppe, heechoploege, djip-biklonken; it symbolisme dript der bytiden ôf. Syn wreidzjende perioaden floeije gear yn in ientoanich-forheven rhythme; syn hiele foarkommen lûkt er mei alle stúdzje yn de divinatoaryske ploaijen. Graech mei er as in séfûgel machtich en monumintael boppe de weagen fan de tiid sweevje, om dan ynienen del to sjitten op it offer dat er yn it each hie. Hy rêst yn syn biweging, hy sirkelet om syn eigen statuer, hy driuwt himsels yn spiraelfoarm omheech. As er syn wierheit ûngewoan en yn hiëroglyphen sizze kin, sil er dat net gewoan en yn de tael fan Hans Sachs dwaen. As syn lêzers him net forstean kinne, bigeart er harren net. Withoefaek is him maniërisme en sels snobisme forwiten; hy koe der op antwurdzje dat ien dy't sels fan it libben útdage wurdt, ek oaren útdaegje moatte wol.
Der binne noch mar in stikmannich forskynd fan de tsien dielen dy't Jünger syn sammele wurken bifetsje sille; dêr falt lykwols al dúdlik út op to meitsjen hoe'n greate swaei as er yn de rin fan syn fjirtich skriuwersjierren makke hat, in swaei sá great dat fan roomske kant al mear as ienkear grute is dat syn bikearing ta de tsjerke wolris oansteande wêze koe. Syn
| |
| |
ûntjowing soe men út de titels dy't er mei soarch kiest ôflêze kinne. Forskate opskriften fan syn essays út syn jonge jierren binne ta slachwurden útwoeksen yn de geastlike striid dy't ta de krisis fan 1933 laet hat: Der Kampf als inneres Erlebnis, Feuer und Bewegung, Die totale Mobilmachung, Ueber den Schmerz. Yn it lêst fan de tritiger jierren en yn Parys yn de earste jierren fan de twade wrâldoarloch moatte him de eagen wol fierder iepengien wêze foar de ‘abendlêndische Werte’: frijhwat dizenige bigripen yn syn mûle en in lûd dat altyd lêst fan twatongichheit hat. Liet er as jongkeardel de wrâld yn krêft en gewelt bistean, nou liket er gefoel foar mei-lijen, foar de agony fan al it skepene to krijen. It is net mear ‘der Krieger’; mei de mystikerige leafde foar bosk en beammen dy't de Dútskers eigen is, projektearret Jünger him fuortoan yn ‘der Waldgënger’. Gjin minske krûpt lykwols út syn eigen hûd; Sartre mei himsels foarsichtich fan it marxisme distansiearje, Jünger mei weromskrilje foar de wyldseauwige oarder fan it fascisme, hja bliuwe dy't hja binne. Foar Jünger bitsjut dat, as men in kear yn lilkens wol: de estheet dy't yn narcissysk wolbihagen syn wurk bisjocht; de dandy - yn de âlde sin fan it wurd - dy't de wrâld skôget sûnder dat it him de moaije klean rekket; de filosofaster dy't syn antithesen net as ynkonsekwinsjes mar as elkoars kompleminten opfettet. It libben spilet him allinne foar steksjoggerige minsken yn dualismen ôf, sa liket er sizze to wollen; by einbislút hinget it fan de ‘optyk’ ôf, hwer't men jinsels op in biskaet stuit stean sjocht. Hwat wy sjogge kin ek de wjerspegeling wêze fan it wiere byld yn it wetter dat alle strielen brekt of
it omkearde byld fan de camera obscura.
Fangefolgen falt in earlik en forantwurde oardiel oer it wurk fan Jünger ek net maklik to jaen. Oan de ein fan dit opstel kom ik der op werom, mar nou mei it al dúdlik wurden wêze hwerom party har bitinken allinne yn de ûtersten underbringe kinne. Guodden forearje yn him de sjenner, de spoarsiker, de linnimmer; foar harren is er de frijmachtige en ûnôfhinklike tinker dy't in twade ‘magiër fan it Noarden’ hjitte mei, is er foaral de kultuerkritikus hwaens yntelliginsje rojael opwoegen wurdt fan syn yntuysje. Oaren fordomje him om syn riedseleftich-djipsinnige wurdekream, dêr't hja al de ûnrypheit en al de selsoerskatting fan de Dútske geast yn weromfine, om syn sabeare-ôfsidigens binammen: as soed er net mear wêze as in seismograef dy't de ierdskoddingen fan fierôf en tichteby werjowt, wylst er neffens harren dochs de forkundiger fan it nihilistysk aktivisme is dat yn it boun mei it yngreven Dútske
| |
| |
militarisme streamen fan ellinde oer it minskdom brocht hat. Sok in lofspraek en wjerspraek om ien figuer hinne, - moat it jin nij dwaen dat der oer Jünger al gâns in rige ynterpretaesjes en dissertaesjes skreaun is? Of dat hy ek yn de alliearre lannen de oandacht lutsen hat, nota bene yn de jierren fan fuort nei de oarloch foaral doe't er fanwegen in denazifikaesjeproses - dat in forsin liket west to hawwen - yn eigen lân net publisearje mocht? Mar yn Amearika, dat de lânforrieder Ezra Pound yn 1946 offisieel foar dwylsinnich forklearre en him in pear jier letter in literaire priis joech, kin nou ienkear in hiele protte.
It is in lange rige, Jünger syn publikaesjes. Dêr binne reisforhalen by, - Middellânske Sé, Súd-Amearika, Skandinavyske lannen, - mar ek frijhwat deiboeken: nei alle gedachten útjown yn in swier biarbeide en fierhinne stilearre foarm. Syn politykpolémysk proaza hat foaral yn syn jonge jierren gâns fan syn krêften frege en it hat ek greate ynfloed hawn, net allinne yn Dútsklân nammers, al kin it allinne út it Dútske libben en tinken forstien wurde. It forheljende wurk bislacht net de measte romte; tusken dit wurk en de ‘utopyën’ leit ek gjin dúdlike grins. Jünger is gjin man fan ôfgrinzingen; op him kin men it wurd fan Hegel tapasse, dat de ûle fan Minerva allinne yn de skimer fljocht hwannear útslutend it forgiene en forgeande dúdlik to sjen falt; in skerp ôftekene oergong tusken de ‘romans’ en it proaza dat allinne út filosofyske skôgingen en aforismen bistiet is ek nearne to finen. As ik ien skriuwer neame moatte soe, dy't yn elke publikaesje, hokker dan ek, hielendal libbet, en dy't dochs út syn hiele oeuvre forstien wurde moat, dan soe it Jünger wurde. Sûnder in fiks poarsje histoaryske, géografyske, biologyske en filosofyske kennis, kriget men oan syn wurk ek net sa gau hâldfêst. Mannichien sil oanstriid hawwe it abracadabra to neamen, of hy sil, as dy oantsjutting to bot oankomt, forklearje dat dit proaza him krekt sa tsjuster is as de eksperimintéle fersen. In koart sitaet ta foarbyld, nommen út ien fan syn léste boeken, Sgraffiti, in samling fan hwat mear of minder útwurke oantekeningen. Dêr stiet ûnder it opskrift Mantrana it forgjende to lêzen: ‘Eine Alhambra aus Epigrammen: musivische Arbeit, bei der ein Teilchen die andern
ergänzt. Wenn sie zerstört wird, nehmen die Teilchen Juwelencharakter an. Barbaren tragen sie als Talisman. Splitter aus Heraklit.’ Dat is gjin ûnsin, en sa al, dan binne frijhwat fan byg. Rilke syn fersen it ek. Mar it beart wol altyd tige literair, it is allegearre moai optocht en opgnist, it hat nea de folslein-inerlike needsaek dy't
| |
| |
de profeten fan it Alde Testamint, of Aischulos, of Shakespeare, foar bigjinnende lêzers tsjuster meitsje kin.
Fersen hat Ernst Jünger by myn witten net skreaun. Dat hat syn jongere broer Friedrich Georg Jünger wol dien en frijhwat ek. In broer dy't altyd yn it skaed fan de folle mear forneamde Ernst stien hat, dy't gjin homo politicus wie en der ek gjin forlet fan hie jimmer en rounom striidposysjes yn to nimmen. Beide skriuwers kinne it oars tige mei inoar fine: hja steane elkoar gâns neijer as byg. Thomas en Heinrich Mann. In boekje fan E.J., Myrdun, bistiet út brieven oan F.G.J.; yn Bruder Otho yn Auf den Marmor-Klippen moat F.G.J. ek werom to finen wêze. Beide hawwe yn har wurk it maniërisme tige hiem, beide lûke graech in fiis gesicht as it forsutere en fortiisde hjoed yn har eachweid komt, beide skeppe graech ôfstân fan tiid en plak om de fenomenen fan it libben goed achtslaen to kinnen. E.J. hat dan noch hwat mear urbaens yn him as F.G.J., mar beide kinne it mei de Mythus allinne mar skoan fine. Komt it dêr út wei, dat de erotyske en seksuéle eleminten, yn de moderne literatuer oars it fruchtberste wyldwreid, by harren suver gjin kâns krije? Elke lêzer fan E.J. hat wol obstrevearre, dat syn frouwefigueren amper in eigen bistean hawwe; hja lykje wol wêzens sûnder fleis en bloed. Op elkoar lykje de bruorren ek hwat har konservative oanliz oangiet en har oanstriid om yn de technyk de demon fan de moderne tiid to sjen. Dochs hat F.G.J. ek yn de jierren om 1933 hinne meiutjower west fan Ernst Niekisch syn nasionael-kommunistysk tydskrift Widerstand. It lei wol hwat foar de hân dat er him op 'en dûr djip yn de modernisearring en aktualisearring fan de Grykske mythology jaen soe, - hy hat dat gemien mei party roman- en toanielskriuwers, - mar yn syn gefal praet men Barder as by oaren fan flecht, en sels, as it nypt, fan forrie. ‘La trahison des clercs’ is al lang gjin
útsûndering mear.
(wurdt fuortset)
|
|