De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 157] [p. 157] Durk van der Ploeg: De romte fan it ljocht Doe't er noch net siedde wie en de wyn wenne yn it wurd wie it wetter in trochsichtich skouder ûnder de sinne. Droegen wy neaken it forline neiby oant by de beammen wy blêdden ús hechten fan skamte. Wy wenje oan de sé wy forjitte mei gauwens de heup en it foalle en drage wetter oan op hope fan seine en hawwe gâns nammen foar de sinne. Nimmen hat de dou sjoen en heart in geweldich dreaune wyn. Men seit: de tongen hâlde har biskûl yn it hert fan de gemeente; der is inkel it wurd fan it forline as in âlde man mei in burd. It is joun west en it is moarn west en djipper de middei ploeget de sinne yn de hûd in fuorge fan ljocht. Vorige Volgende