| |
| |
| |
Geart Jonkman:
De leffert gean de kleuren op en del
Nei't de forslachjower Donia yn 'e maitiid fan '59 foardroegen waerd as lid fan 'e D.R., de forneamde diskusje-rounte to uzes, kaem er op in lumineus idé: hy soe in roman skriuwe. It wie in machtichmoai foarnimmen, tocht him, en hy pakte der de hiele lange droege simmer mei om, heinde, fierde en fuorre it as in beuker syn earste knyntsje, en koe der mar net genôch fan krije. As skriuwer, as literair kunstner soe er syn yntré dwaen sadré't syn bineaming in feit wie en hy soe de earste joun - it winterskoft fan 'e D.R. bigoun oktober-novimber - daelk al in ûnderwerp ta diskusje leverje mei der guon fragminten fan foar to lêzen. Syn kollega's soene wol raer guod spuije as hja der fan hearden, de minskene oergunst wie great, binammen by heal-yntellektuélen en klienkunstners. En dat wiene de measte krantelju. Hja hiene mear to krijen mei ûnbitsjuttende feitekennis as mei kennis en mear mei kunstkes as mei kunst. Dat hja troch de bank gjin literatuer fan journalistyk ùnderskiede koene sei him genôch.
Goed, hy mocht dan net ien fan de feardichsten ûnder harren wêze, dat wie binammen in kwestje fan fatsoen. Net fan journalistyk fatsoen, mar fan fatsoen. Punt, ût! As de kniper op 'e skine kaem koene hja him bidjipje noch rikke, ûtsein mooglik de haedredakteur, mar dan altyd noch mei it ûnderskied dat dy greater skôger as skepper wie. Hy moast der einliks wol om gnize, om de journalisten dy't har sa fielden en meilydsum delseagen op de lju fan 'e setterij en de administraesje. Hwat bleau der aenst fan harren prestiizje oer as hy dêr op syn greate K boppe út troande? Goed, syn foarkommen mocht dan daelk gjin sprekken lije kinne yn de eagen fan snobs dy't de kunst allinne sykje yn kreaze koppen en lange lokken... de wrâld soe fan him hearre en net in bytsje. Punt, út!
Dat in gesicht roun wie en in plasse keal, dêr hoegde de lommert gjin jild op to jaen. Yn safier koe Guiseppe, de âlde granytwurker út Teglio Veneto, dy't nettsjinsteande syn oare nasionaliteit fan 'e wet Suurhof toppe, it dochs mar moai sizze: de kop fan in ezel waerd nea keal. Hy hie ek sizze kinnen: roun nóch keal. Haedsaek wie de kunst, net de kunstnerskop. De lêzers, en wol binammen de lêzeressen, soene lêzendewei mei him sympathisearje en him linkendewei idéalisearje. Hy soe yn harren eagen wêze hwat er wêze woe: in Adonis, in helt, in man èn... hawar, folle net genôch. Punt, út! Ja,
| |
| |
hwat doel hie it en ryd jinsels foar de kroade-fan-falske-biskiedenheit? Hwa mocht op 't lêst net oer hwat adoraesje? Yn alle gefallen soe syn namme forivige wêze, net allinne as romanfiguer troch Nykle Haisma silger - hy hiet nammers Pier yn sté fan Peke - mar ek as romanskriuwer, literair kunstner, wol to forstean.
Sa heinde en fierde de forslachjower Donia syn foarnimmens en boude er oan syn takomst, oant it hjerstreinen ynienen in ein oan droechte en dreamen breiden. Op dy earste reinige dei bisefte Donia net allinne dat de simmer òm wie, mar ek dat de earste folsin fan syn roman noch altyd skreaun wurde moast en it dus tinken waerd. Op himsels achte Donia dat net slim - as er de guit en de geast krige kaem it wol klear - mar syn bineaming ta lid en de earste konvokaesje fan 'e D.R. koe nou alle dagen komme en hy woe syn yntré net mei in ynlieding oer oarmans wurk, mar mei wurk fan eigen skepping fiere. Ha, hwat in idé om sok in wurk foar to lizzen oan de D.R. Ja, hy gyng net oer ien nacht iis, hy woe earst de réaksje fan in selekt publyk achtslaen, ear't syn wurk by de újower bidarre. Dy moast mar bliid wêze dat er sok wurk yn hannen krige en ynearsten geduld dwaen. Hwat deale, dat driuwen altyd!
Dochs wie Donia gjin fantast, hwant dyselde freedtojoun, nei't er it forslach fan in lette keuring by de krante yn 'e bus smiten hie, joech er him efter de skriuwmasine. En al kaem er ynearsten net fierder as ‘De leffert gean de kleuren op en del’, wurden fan 'e Kretenzefoarst Idomeneus út de Ilias, as titel like him dat net min ta, ja suver wol hwat geleard. En dêr kaem by dat der in frij wykein foar him lei. Yn alle gefallen mocht er net ûntofreden wêze doe't er him de nachts op it divanbêd deljoech. In titel wie op 't lêst it heale wurk; sterker noch, it wurk stie of foel mei de titel. Mei de minsken wie 't al net oars. Stel dat in redakteur bygelyks yn 'e telefoangids as teuter to boek stie. Dan wie de man ommers wei. En dochs waerd mei teuter immen oantsjutten dy't, lyk as in redakteur, it nijs buorkundich makke. Né, de titel die in soad. Stel dat it folk de kommissarissen fan 'e keningin, dy't it gauris oer harren biminde foarstinne hawwe, minnaers fan 'e keninginne neamde. Hja koene har wol oppakke. Sterker noch, stel dat de direkteur fan 'e krante dy titel op in stuit net mear ta syn foldwaen hie, hwat bleau der dan oars oer as in klobbe fet? P.B. Poulet, klobbe fet. Né, dat koe de man net oandien wurde, al wie 't noch sa wier.
De moarns dêrop, nei in nachtfol dreamen fan literaire prizen,
| |
| |
banketten en taspraken, gyng Donia foar de skriuwmasine sitten, sloech in manlike streek ûnder ‘De leffert gean de kleuren op en del’ en stiek in sigaret oan. Hy hie wol ris heard dat guon skriuwers harren roman om in ramt bouwe, nou, hy soe wol bûten in ramt kinne. Hy moast it alhiel hawwe fan de frije fantasy, de spontane skepping. Syn roman soe bifolke wurde mei hilligen en demonen, krantelju en krintewagers, koartsein mei yndividuen dy't de fantasy him foar eagen tsjoende en dochs yndividuen fan fleis en bloed, fan syn eigen fleis en bloed sa to sizzen. De kunst liet him net yn systemen fan romantechnyk twinge. Hy mocht dan hwat ier troch syn hier wêze, de groeistûpen fan it atoomtiidrek gyngen him troch de lea, troch bloed en bonken. Avanti popelo! Allons mes enfants! Litera scripta manet!
En dêr krige er de guit sagoed as de geast. De kostfrou, dy't mei de kofje kaem, fortocht him der fan dat er samar út in soarte bolbjirkenheit op 'e masine omroffele en tamboere. Mar hy liet de kofje kâld wurde, die it him de oerdeis amper oan tiid om to iten en de jouns allyksa. Om healwei tsienen hinne woe 't ynienen net mear, mar hy krige op 'e nij in lumineus idé. It soe gjin roman, mar in novelle wurde! Dat er dêr net earder oan tocht hie. Hy breide in slot oan it kunstwurk, sloech der noch manliker streek ûnder as ûnder de titel, lies it oer en wie der wiis mei. Dit wie hwat oars as journalistyk, hwat oars as it forslaen fan it deade deistich barren.
De moandeis kaem de konvokaesje fan 'e Diskusje Rounte, dy't tagelyk syn bineaming ta lid ynhoud. De gearkomste fan it winterskoft soe wêze op 6 novimber, hy hie dus noch omtrint twa wike de tiid om mooglike yngenieuze ynfallen yn to laskjen. En jawol, de ynfallen kamen by seksjes. As er by rjochtsaken siet, op gearkomsten en iepeningen wie om in forslach to skriuwen, krige er alderkostlikste ynfallen, dy't er daelk optekene en jouns tusken de tekst skreau. Lang om let wie de novelle ûnlêsber wurden fan ynlaskingen en kanttekeningen, sadat er yn 'e nacht fan 5 op 6 novimber, fan tongersdei op freed dus, alles op 'e nij oerskreau. It wie al sei er it sels, in stikje literatuer fan it boppeste buordtsje. De yntrigue fan it forhael kaem likernôch hjir op del:
‘De rintenierboer Hannema moast foar de kantonrjochter to X. forskine fanwegen it biriden fan in brommer ûnder ynfloed. De kantonrjochter, jhr. mr. W.C. fan Piaem to Gaest, sloech de man foar f 10, - yn 'e boete, nei't de amtner, mr. Soepboer, f 100, - of tritich dagen frege hie. De heer Hannema waerd lilk en rôp: Soa mynhear de kantonrjochter, as ûnderdûker myn
| |
| |
brea ite, myn libben yn gefaer bringe en myn dochter misledigje, om it samar to sizzen, en nou tsien goune boete as tank. Ik sil Jo fine, mynhear de jonker, dat siz ik Jo! Hannema wie noch net útpraet, mar de ferbalisant en de doarwarder skuorden him foar de griene tafel wei en brochten him bûten de seal. Der soe neat to rêdden west hawwe as de boete mar neffens de eask fan de amtner west hie. Nou bitrouden de beide mantsjes, dy't op 'e tribune it hiele publyk útmakken, de saek net alhiel. De mannen fan 'e parse likemin, mar dy binne yn sok ding loyael, mei 't each op de primeurs dy't de hearen fan 'e baly har wolris tasmite, lyk as in guodlike slachter soms in skurve houn in bonke tasmyt. Mar ja, it praet fan 'e tribune, hwa koe dat keare? It wie de beide mantsjes dy't dêr sitten hiene sa klear as in klûntsje dat de kantonrjochter net alhiel skjin op 'e hûd wie. Fan praet kaem praet en nei forrin fan tiid waerd de kantonrjochter earne oars bineamd. Underwilens hie 't al bliken dien dat ek oaren net alhiel skjin op 'e hûd wiene en gean sa mar troch. En der soe wier skjin skip makke wêze ûnder de hegerein fan it stedtsje as de man, dy't dêr de macht ta hie, der net foar omlizzen gien wie út leffens. Dat wie de haedredakteur Mollema, hwa't út eangst foar syn posysje de kleuren op en del gyngen en dy't dêrom alle nijsgjirrige dingen út de krante kearde. En sa bleau it stedtsje X. hwat it altyd west hie, in wytpleistere grêf fol fordjer en ûngerjochtichheden.’
Dit wie dan yn greate halen de yntrigue fan syn novelle.
De jouns fan de seisde novimber 1959 die Donia syn yntré by de Diskusje Rounte en him waerd it wolkom taroppen troch notaris Jongepier, de foarsitter. Der waerd fûstke, praet, lake en dronken en Donia fielde him wol thús yn dat lytse mar tige selekte selskip. It duorre al net lang of de architekt Herrema fiske nei syn persoanlike leafhawwerijen en oft er ek earne mei pielde op dit stuit. Doe't Donia út 'e doeken die dat er literator wie en ‘ûnder oaren’ in novelle skreaun hie, rôp Herrema: Hearre de hearen hwat Donia my hjir niis fornijde? Hy is literator. Hoe komt it dat hjir nea in ynlieding oer him hâlden is?
- Nou, sei Donia, dat sil him mear oan mysels as oan dit achte selskip lizze. Ik haw oant nou ta biskieden west en jow myn wurk net út.
- Mar achte hear Donia! protestearre de architekt.
- Ik kin dat joun daelk wol goedmeitsje as it de hearen alteast goed is, sei Donia sêft, wylst er in kaem skaet.
Notaris Jongepier kloppe mei de pipe op in jiskepantsje en joech Donia it wurd.
| |
| |
- As de hearen it my tastean wolle, jow ik leaver myn wurk it wurd, sei Donia. Nou, dat waerd tastien en Donia bigoun to lêzen. It duorre net lang of de spanning wie taestber. Mei in flugge blik stelde Donia fêst dat er him net forsinde. Guon harkers hiene hollen as fjûr, oaren sykhellen amper, de architekt treau fan emoasje syn bûsdoek heal yn 'e mûle. Doe wist Donia dat er in kunstner wie, in man dêr't de wrâld aenst by opsjen soe. Hy lies en lies; hy lies goed en it forhael roun nei syn klimaks. Doe't er lang om let de slotsin útsprutsen hie, bleau it in hiel skoft stil. De harkers seagen him suver forwezen oan. It bisef, sa'n great kunstner yn harren formidden to hawwen, èn to hâlden, moasten hja noch forarbeidzje, sa't it like.
Op 't lêst suchte ien fan de hearen djip, it wie de diere-arts Plet, en doe kamen de tongen los. Elk bearde fan it forhael, fan Donia syn fortelkunst en fan de muzikaliteit en ladenheit fan syn tael.
- Ik haw komselden sa'n geef en spannend forhael heard! rôp architekt Herrema. Lit ús hjir op klinke en drinke, hearen.
Der waerd omraek klonken en dronken. Donia wie der suver mei oan, safolle eare wie him noch nea biwiisd en earlik sein hie er dy sels daelks ek net forwachte. Hy bûgde nei alle kanten, klonk, dronk en tanke oanienwei op 'e nij oant er op 't lêst ynein op 'e stoel sakke en him it swit fan 'e holle fage. De eare kaem him ta, hy wist it. Men wie kunstner of net, ien fan beiden. Dêr tuskenyn wie neat, men koe mei de bêste wil gjin kunstner wurde as men it net wie... Hwat seine Jo dêr, mynhear fan Heemstra?
- Ik sei, in prachtich stik literatuer, mynhear Donia.
- Tige tank, ik wit Jo binne in man fan erudysje, mynhear fan Heemstra. Ik haw hwat biskieden west, ik hie earder publisearje moatten, mar ja...
- Hawar, Jo binne nou los, ik haw my yn gjin tiden sa formakke as joun en de oare hearen sil it wol krekt sa gean. Spitich fan dy bankdirekteur...
- Fan dy bankdirekteur, mynhear fan Heemstra?
- Spitich, spitich... nou ja, dat is faeks hwat to sterk sein... mar Jo hiene dy better hwat oars tekenje kinnen, tinkt my. Elk hat nou daelk wol troch dat de hear Poulet Jo foar de geast stien hat.
- De hear Poulet? Mar ik haw it hjir oer in bankdirekteur, hearen, net oer de direkteur fan in krante. Boppedat, myn forhael spilet yn in havenstêd en wy wenje hjir by myn witten in fiks ein it lân yn.
| |
| |
- Goed, goed, Donia, wis al, nimmen kin it Jo biwize, mar ik bin it wol hwat mei fan Heemstra iens, sei architekt Herrema. My binne nammers noch in pear oare dingen opfallen. It is in pracht fan in forhael, mar it liket my ta dat Jo dy apothekersassistinte der útlitte moatte, it is hwat pynlik foar wethâlder Strampel. Elk wit wol dat Jo syn dochter, de analiste dy't nei Australië forfearn is, foar eagen stien hat.
- Ik haw yn 'e fierste fierte net oan dy juffer tocht, kin 'k de hearen sizze.
- Nou, dat wol my wol oan, sei immen efter Donia syn rêch - it wie de antiquair Baltjes - mar faeks wol fan hiel tichteby. Wy witte allegearre wol, Donia, forfette Baltjes, dat soks net biwust giet. Mar út it ûnderbiwuste wei stige soms dingen omheech dy't jin samar út 'e mule of pinne flutte, sûnder dat men trochhat hwat der yn wêzen bart. Dêr hawwe Jo bygelyks dy karakterbiskriuwing fan de bankdirekteur Lorjé. Lês dat nochris, Donia, dat iene rigeltsje, dêr't dy toanielspylster út Amsterdam yn neamd wurdt, toe nou... Lorjé stie him to forbiten... lês it nochris.
Donia socht de biwuste passaezje op en lies: - Doe't jonker W.C. fan Piaem to Gaest yn de klaeikeamer fan de diva talitten waerd, stie Lorjé him to forbiten. De jonker hie alles hwat hy nèt hie, útsein in fekke fan in wiif, en dy koe de jonker om him wol mei banksaldo en alles oerkrije. Lorjé wie in tragyske figuer, in fetklobbe dêr't lykwols frouljusfleis oan siet, net minder as oan de rizige elegante jonker, mar de jonker wist der wei mei, hy net. Hy moast him biheine ta de rol fan taskôger, sels yn syn eigen hûs, dêr't er útmakke waerd foar in fetlak, hwat op himsels ûnrjochtfeardich wie, om't er mei in eangstkompleks foar bismetting omroun en syn hannen deis wol hûndert kear ûnder de kraen houd. Doe't Lorjé de jonker net daelk werom kommen seach...
- Hou mar, Donia, genôch: Poulet ta de teannen út, sei de antiquair. It liket my ta dat Jo dy passaezje skrasse moatte. Jo moatte hwat om Jou karrière tinke, man.
De ien nei de oar bigoun kritiyk to leverjen, allegearre mei deselde oanrin: - In pracht fan in forhael, mar as ik Jo wie, Donia... de hiele stêd is hjir yn tekene. Nim nou dat gefal mei de bakkerinne, frou Loen... dat is ommers de frou fan slachter Hylkema, dy't mei de smid op 'e scooter nei Groet west hat. Jo litte har nou wol yn de auto ride mei dy autosloper Pibesma, mar elk fan ús wit wol dat Pibesma deselde is as Wagenaer, de smid fan 'e Hynstepôlle. Ik soe dat skrasse as ik Jo wie.
| |
| |
- Mar mynhear Jongepier...
- Wês wizer, Donia, it is in kostlik forhael, sa't ik al sei, mar dit kin net, jongeman. Né, wier... leau my nou. En dan noch hwat, Jo forfalle gauris yn herhelling yn dit forslach.
- Jo woene sizze dat ik...
- Ik stel foar, rôp architekt Herrema, dat Donia it stik nochris op 'e nij yn 'e steigers set. Dat fan dy haedredakteur Mollema giet my ek stûf genôch. Goed, it mei dan gjin helt wêze, ús freon Sevensma, de kleuren meije him dan ris inkeld op en del gean, mar der is ek noch sokssahwat as journalistyk fatsoen. En dat hat Sevensma der foar biwarre om de smoarge wask fan syn en ús goede stêd oan 'e publike line to hingjen.
- Mar ik haw it dochs net oer de hear Sevensma yn myn boek, mynhear Herrema!
- Toe nou, toe nou, Donia... Mollema en Sevensma binne ien en deselde... Hja brijkje beide, hawwe beide in wetterkwaeltsje, binne beide mear prinsipieel as origineel... beide wyt krolhier... toe nou, wy bigripe Jo skoan. Sevensma is net in noflik hear, mar dit kin net, jonge, wier, dit kin net. Jo dolle jou eigen grêf.
- Tinkt jimme dan dat ik it hiele forhael better omwurkje kin?
Notaris Jongepier kloppe mei de pipe op 'e jiskepanne om stilte en naem it wurd: - Hearen, wy hawwe joun in goede joun hawn. Ik leau dat ik mei út jim namme sprek as ik dit fêststel. Ik leau ek dat jimme it mei my iens wêze sille as ik útstel dat de hear Donia dit forhael better weidwaen as omwurkje kin. It is in pracht fan in forhael, mei in pracht fan in titel, mar foar in lytse, ja tige biheinde rounte, lyk as dizze rounte bygelyks. It soe bûter oan 'e balke en pearels foar de swinen wêze as sa'n forhael yn hannen fan it vulgus kaem. Binne jimme it dêr mei iens?
Elk knikte, ek Donia, sij it dan dat de kleuren him op en del gyngen. Doe roun er manmoedich nei de greate kolomkachel en mikte it forhael der yn.
|
|