De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 145] [p. 145] [Nummer 5] Tiny Mulder: Chanson oktober ik haw it ynlizjild kreake út de kearn fan myn wêzen en bitelle mei krûdich sykheljen yn heechgeberchten fan freugde dystou skepen hast út in hânfol hert sûnt bifar ik de stoarm fan myn tinken oermoedich yn myn lea elmusfjurren barnend op 'e neilen en swinke myn dagen yn it gelid nei de dou-tiid [pagina 146] [p. 146] wy geane as beammen as geve folwoechsen beammen yn de skjinstjalpe stoarmmoarn de minsken jowe ús nammen de minsken sizze dêr geane de soan en de dochter fan alle tiden hoe kinne hja dizze geweltdiedige stoarm forneare is sa sterk de leafde? ja sa'n macht jowt de leafde dat wy forkeazen to gean as bineamde beammen en wy giene mar de freeseftigen mar de skrillen mar de machteleazen wy moatte har optille wy moatte har tusken ús tûken sette [pagina 147] [p. 147] tsjoen fuort dat sket ik wol sjen oft myn heinderbalwurden libben stuitsje op dyn skouders fan alle wurden tusken ús sein jilde amper ien en twa worden dy't ûnstjerlik binne by 't moedwillichste forjitten ast net hearre kinst moatst fiele ien en twa wurden pinsiele op de reachfine einen fan de sinen yn it holle fan dyn hân [pagina 148] [p. 148] Bloeiselsnie listichwei bispionnearre fan in heaze smeulske moanne sweve blossums yn de dize achteleas losfêst forbounen mei skyndeade apelbeammen weve geurich op foreale earmen fan in swalkske wyn losse wolken waerje fearich om hwat praetske stjerrebylden lústerjende oer 't lichtsinnich neakenrinnen fan de blossums yn de keale nacht en loslippich struije wolken flitterjende sniekristallen en de wyn forjit hoe tear er streakje woe it skamtleas bloeisel wite siden ballerina's draeije beam- en selsforgetten mei de flokken pirouetten witte net mear hwa't hja binne blossumflokken sniewytblommen apelsnie of bloeikristallen d'iene d'oare d'oare d'iene yn deliryske balletten dy mei roazeseam allinne witt' noch dat hja bloeisel binne [pagina 149] [p. 149] en ik sjoch iepen sjoch troch finsterglês útkarde gean dy't kaem nea oars as komme mocht ik stoarje en stoarje oant tusken bleke strakke sliepen eagen ynein en pynlik roustippen filmje en trage brakke streken dan keil ik myn bigearen in fûstfol izer troch de laden loft it rút ûntploft ta ûnbirime stjer nou kinn' myn woune hannen stellenderwize taeste nei dyn lippen myn fingers stellenderwize waerje nei dyn hier nou fiele de eagen fjûr deunby riede deunby útdaegjende earmen deunby dyn troaijende mûle dan sjoch ik iepen wer o ik sjoch klear dy stean transparantgouden laitsjend fossyl yn barnstien Vorige Volgende