Steven de Jong:
Alle kneppels op it jiskelan
‘Hwer sil ik fan dichtsje mem...’
O. Postma
Wol ik yn Fryslân net iepenbier foar sjamme stean en via de Ljouwerter krante net as dizige eamelder de literaire Fryske skiednis yntsjen, dan sil ik dochs hwat ynbringe moatte tsjin myn eksekusje troch Durk van der Ploeg yn it jannewarisnomer fan De Tsjerne.
1) Hwerom ik de polemyske toan brûkte.
Ik hie ris yn in psychologyboek lêzen dat de westerske minske mear as 90% fan syn formogens yn frede stjerre lit. En fan de skriuwer fan 'e fakirs krige ik de yndruk dat er de wrâld om him hinne as in keppel wurge slangen seach. Ien dy't dat sa sjocht, moat dochs wol foar 99% ûnbiwust libje.
Dr. C.G. Jung, dy't gâns stúdzje makke hat fan 'e psyche fan 'e primitive folken, skreau, dat in bêst middel om dizze minsken biwust to meitsjen wie, se in slach yn 't antlit to jaen. Dat sadwaende liken my in pear spjildeprippen net in minne therapy ta.
2) Ik soe der theoryen en fiksjes op nei hâlde. Dat is mooglik. In minske is him syn eigen fiksjes net biwust. Mar as Durk van der Ploeg wol dat der motivearre en wiermakke wurde moat, hied er my dúdlik meitsje moatten hokfor theoryen dat wiene en hwerom't dat fiksjes wiene, dan hie ik my der miskien fan bifrije kind.
3) Hat dy therapy fortuten dien?
Ik leau dat dit eksperimint mislearre is. As ik de hear Van der Ploeg goed bigrepen ha, sjocht er it bistean nou as in kadaver en it bloeijende dêrfan as it surplus. Dat de slangen binne al net wurch mear, mar dea. Dit kin lykwols oan myn geastlike ynstelling of biheind yntellekt lizze, dat net oerienkomt mei syn dualisme.
4) Ik seach de gravité net yn it bisykjen fan syn poëzij relaesje to finen mei it folk ensfh., mar yn it feit dat dy poëzij dat die om it bistean to distânsiearjen fan it banale. Ik fielde dêr yn dat troch ien of oare ethyk it bistean to koart dien wurdt en dan kin wol ris bliken dwaen, dat dat banale lang sa banael net is as dy ethyk.
Nou sil ek dúdlik wêze, dat ik in lykrede op hokfor libbene