De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 138] [p. 138] Tineke Bethlehem: Nachtmiel oer it brekken fan it brea rikke dyn eagen my de wyn skriuw ik in krús dêryn... amen Jesus Christus amen om Jins Heit en om it Krús seinigje it barren tusken ús amen Jesus amen staech dript it bloed út farske wounen yn 't forstriken fan de stûnen lizze wy de sûnde ôf amen Heit en Hillige Geast amen lear ús tankjen. Bea as Heare op de jongste dei alle ingels swije de ierde brekt en grêven iepengean... Hear wol forjaen it ik wol sa graech dan neist myn leafste stean. Pascha eangje net eangje net binne de wurden fan myn hert Hear hoe kin ik nou net eangje as ik sjoch oan eltse doar Lamens reade bloedespoar eangje net eangje net siz yn godsnamme myn hert bin ik tsjin of bin ik foar mei ik yngean earne 'e doar fine lâns Jins toarnespoar hel en himels iepen doar. Vorige Volgende