| |
| |
| |
Tjitte Piebenga:
Anekdoatysk gejeuzel
Hein F. Faber, Doarp oan sé.
Laverman N.V., 1960.
Omslach fan 'e skriuwer.
Spitich is it, mar yn Fryslân sit de literaire krityk mei twa skonken yn ien hoas. It útkommen fan in roman is by uzes noch altiten in barren fan de earste artistike oarder, dat sa'n biprinte tal siden kin moai wis op in literair bisprek steat meitsje, ek by hwannear't op sa'n samling folsinnen eins mar ien kommintaer mooglik is, nammentlik: ‘Ofbliuwe, rotsoai’. Soks is net allinne spitich foar de romankultuer, dy't sa hyltiid mar wer minne produkten fuortbringt - de kritikus most dòchs in pear goede punten neame - mar ek foar de kritikus, om't er algedurich weroan gear moat oer min to fortarren lêsfoer, dat er allinnich troch syn bisprek in auréoal fan wichtigens jowt. In sirkelgong, dêr't mar op ien wize út to kommen is: it skriuwen fan in roman, dy't oer alle boegen hoek hâlde kin. Boppedat, men lêst Steinbeck, Joyce, Camus en Mann, en dan kriget men as leaflike opfrisser in oanbarnd produkt út 'e eigen koken ûnder de noas. In kwestje, dêr't de kritikus him mar mei rêdde moat. Yt lekker!
Lykwols, Doarp oan sé. Hein Faber, neffens Jan Piebenga ien fan 'e fryske skriuwers, dy't mear of minder goed proaza levere hat, en bikend fanwege syn Olgeand tij, het mei Doarp oan sé in roman leverje wollen, dy't yn ien greep it folkslibben fan sa'n foech tritich jier lyn to Makkum stal jaen sillen hie, mar slagge is it net. Nou hat Faber himsels mei dit ûndernimmen in net sa maklik nei to kommen doel steld, mar dat mei neat foroarje oan de kwaliteit fan de lang om let printe roman, hwant de kwaliteit moat ûnôfhinklik fan doel, bidoelings of opset goed wêze. In goede roman bistiet nou ienris net by de graesje fan de goede bidoelings. Hoe dan ek, foar in ûnderwerp as Faber sines bisteane in stikmennich gaedlike prosédé's, dy't sa foar en nei alris brûkt binne, mar dy't har deuchdlikens biwiisd hawwe. Hy hie bygelyks torjuchte kinnen by it middel fan it suggerearjen fan simultaniteit, sa't Dylan Thomas it tapast hat yn Under Milk Wood, of hy hie it Makkumer folkslibben ophingje kinnen oan in haedfiguer, lykas Antoon Coolen yn Dorp aan de rivier, ek hie er in meinimmende yntrige úttinke kinnen, mei gâns oersparre romte foar in heap byfigueren. Faber hat lykwols dizze mooglikheden litten foar hwat se wiene, en syn heil socht, mar net foun, by it op- | |
| |
tekenjen fan faeks wol hystoaryske anekdoates, dy't er útweakke ta min ofte mear gearhingjende forhalen, dy't elts foar oar in haedstik útmeitsje. Hie de skriuwer dy anekdoates nou gearlutsen op ien of twa haedfigueren, dan hie Doarp oan sé slagje kinnen, mar Faber hat de tastannen en anekdoates litten sa't er se foun, en is trou oan it oerskriuwen rekke. Sadwaende moast er syn roman in knap tal haedfigueren meijaen, dy't allegearre har gerak ha moasten, mei fan gefolgen, dat Doarp
oan sé net útkomt boppe de famyljekronyk. Boppedat geane mei it reltsje ‘anekdoate is haedstik’ inkelde lêstige konsekwinsjes mank, binammen yn forbân ta it greate tal meispyljende persoanen. Bygelyks, de twadde anekdoate dy't Eling bilibbet, de earste waerd opdist yn it tredde haedstik, mei net to lang útbliuwe, hwant alle figueren moatte har taks hawwe, mar Eling komt net earder wer mei in solo oan bod as yn de njoggenentweintichste anekdoate. Sibe lykwols komt op yn it twadde haedstik, mar kriget foar de twadde kear syn foar alwer yn it fjirde. It klinklearste biwiis, dat de komposysje lang net sterk is, en dat Faber hjir yn syn prestaesjes fier ûnder de mjitte bliuwt. Doarp oan sé is dan ek net in roman, hoewol't de skriuwer soks yn de ‘Oanrin’ al suggerearje wol. Dizze lêsstoffe is folle earder in bondel forhalen, dêr't in stikmennich de selde haedpersoan yn ha.
As forhalebondel skôge, is Doarp oan sé likemin literatuer fan 'e earste oarder, hwant dêrfoar driuwe de forhalen tofolle op 'e hystoaryske anekdoate, hawwe se to min ynderlike spanning, en wurdt de klimaks of antiklimaks lang net biwust genôch hantearre. De forhalen bliuwe tofolle útdijde anekdoates, mei hok útweakjen de skriuwer de anekdoate to faek har sjarme ûntnimt, dy't krekt leit yn de flits en it puntige, hwermei't er it tsjinoerstelde effekt kriget. Boppedat is Faber tofolle as journalist oan it wurk gien, liet er de hystoaryske wierheit útgean boppe de literaire mûchlikheden, en dêrmei forsiet er de kâns, it Makkum út 'e tritiger jierren yn in minsklik dokumint to fetsjen. De forhalen út Doarp oan sé binne to nayf, dogge to simpel oan, en hawwe tofolle yn fan in aerdich skoaljongesopstel, wylst de skriuwer dêrneist dit fiskersplak yn syn rûgens en syn ienheit net frij hâlde kinnen hat fan idéalisaesjes, en dat hat Faber sels witten, om't er yn Stella oan Richt, de knappe mar kleurleaze faem fan Goitzen, in tipelsinnich mar gûns sympathiker tsjinspylster bisocht hat to jaen, hwat faeks de bidoeling net hielendal west hat. Nou hat Faber mei dizze naïve, gauris ûndjippe trant fan skriuwen miskien de opset hawn, syn stoffe direkter wer to jaen, en sadwaende ek de héroyk, dy't absolút yn it barren en de stoffe sit, ta syn rjocht
| |
| |
komme to litten. Mar hwerom yn de goedichheit dan dy ‘fordúdlikjende’ útwreidings, dy't it barren sûnder needsaek ûnderbrekke en de faesje opkeare? Sa bygelyks op side 66:
Reade Teade wiist mei it gewear omheech. ‘Net sjitte, Teade, dizze binne to heech. Kinst sa wol hearre', warskôget Goitzen. Goitzen en Teade. As men Goitzen seit, dan seit men ek Teade. Nea sjocht men de ien sûnder de oar. (Brrrrr). Mei Jan en Hindrik hearre hja ta it útkarde wyld fan de ryksfjildwachter. Hja ha ek gjin jachtakte en hja ha ek gjin forgunning....... Heegstra is sa njonkelytsen ek sa wils al, dat er wit dat it fjouwerspan it mei elkoar oerleit om it sa to roaijen dat hy efter it iene keppel oan sit wylst er krekt it oare hawwe most.......’. (Folget eksplikaesje en fordúdliking fan hwat Heegstra docht en tinkt).
Mei't Faber de saken omdraeid hat - de tinzen en dieden fan 'e haedfigueren binne fordúdlikings yn sté fan réaksjes - docht it bliken, dat Faber finael frjemd foar it forhael as organysk gehiel oer stiet, hweryn't de réaksje fan de spyljende figueren logysk fuortkomme út it barren. Dit eksplikearjende gejeuzel is in taljochting op 'e konkrete wurklikheit, dêr't it in literaire wierheit wêze moatten hie, en as sadanich ûnderhâldt dit geskriuw gjin inkelde forhâlding ta literair proaza. En wie dit nou it iennichste eksimpel, it mocht hinnebruije, mar men wurdt hyltiten op de selde wize foar de kroade riden. It is, as stiet men efter in great spegelrút to sjen nei in diorama, dat jin fierders sa kâld as in stien lit. Hoe dan ek, Doarp oan sé hinget as los sân oan elkoar. It mist de ynspiraesje-fan-de-lange-baen, de greate greep, dy't eigen is oan de roman, it mist de yntelliginsje dy't nedich is foar it skriuwen fan koarte forhalen, en it mist de technyske feardichheit fan beide. Hwat it dan wol is? Ik soe bliid wêze as ik it wist, mar ‘In Bisykjen Ta In Romantisearre Sosiografy Fan It Doarp Makkum’ liket my noch it gaedlikst.
It is, alwer spitigernôch, in bikend feit, dat gâns fryske romanprodusinten tangele sitte mei de psychology, en dat hja it kinnen en de middels misse, om de psychology fan har figueren yn 'e djipte út 'e doeken to dwaen. Hoe't soks komt is min nei to gean, mar it hat der hwat fan, dat it boppest masyntsje by guon fryske skriuwers ûnder it skriuwen net draeit. Hja hawwe tominsten noch noait leard, dat de objektive konstatearring hy ‘hâldt fan har’ de subjektive fielens ditoangeande in literaris noch net wier makket. It objektive stellen allinne seit nou ienris net genôch, is as sadanich ûnfruchtber, om't it subjektive fielen de oankundiging wier meitsje moat. It produsearjen fan in roman is dus net in biskriuwen sûnder mear,
| |
| |
mar boppedat in biwiisfiering, en salang't dy der net is, forwurdt de roman ta amtlike akte of kronyk, en soks is per slot fan rekken de opset fan de roman net, hwant in roman is mear as it stéryl notearjen fan feiten, om't de feiten har forarbeide delslach yn 'e figueren fine moatte, hwersûnder it fierdere forrin fan it barren ûnoannimlik wurdt.
Dit is Hein Faber yn Doarp oan sé net slagge. Nou is dit fuortbringsel fan Faber direkt gjin roman, mar de easken steld oan 'e roman, geane ek foar in great part, binammen dêr't it de psychology oanbilanget, op foar it koarte forhael. Mar alle wetter fan de sé wasket it net skjin, dat dizze mingfoarm roman-forhael Faber noch net bihinderje hoegd hie, syn figueren fatsoenlik to strukturearjen. Ynsté fan it maklike en nuete skema slûchslim-solidair, mei mar twa figueren op 'e safolle dy't der bûten falle, Stella en Heegstra nammentlik, hie er in folle greater en riker skala fan persoanlikheden skeppe kinnen, hwat uteraerd mear easken steld hie oan syn skriuwerskip, mar de fortuten hiene yn elts gefal oannimliker west as nou. Fansels hat Faber it himsels sûnder needsaek ekstra swier makke troch it greate tal figueren, mar soks is earder in biwiis foar syn fallen as in ûntskuldiging, hwant hjir leine uteraerd kânsen, en dêrom leine hjir mûchlikheden ta stroffeljen, hwat dan bard is, om't Faber de needsaek net field hat, syn figueren yn har motiven en tinzen to typearjen. De skriuwer hat him ophongen oan 'e bleate notaesje fan feiten en wurklikheit, hwerby't er it minder goed sichtbere en minder oerflakkige barren driuwe litten hat. Yn wêzen is Doarp oan sé dan ek in fuortsetting fan de ynfryske en dea-ordinaire, himsels oerlibjende streaming fan it kopiearjen fan it deistige libben, yn West-Europa allang oerwoun, mar by uzes noch altiten foar master opslaend, it royaelste biwiis fan it ûnformogen en de tinmacht fan de fryske skriuwer, hwat Faber dúdlik sjen lit:
‘Hja skikt by de tafel. It ljocht falt nou fol op har troanje. Moai is hja net, mar dochs hat hja eat ynnimmends. Komt grif troch it moaije hier dat yn wylde, dûnkere krollen om har holle stiet en glânst (Brrrrr) as netwant dat krekt út de taentsjettel komt. De djiplizzende eagen binne net brún en net blau, sahwat in tuskenkleur, mar der is hwat trouhertichs yn dat jin ynnimt. De mûle is efkes to great en de lippen binne to tsjok. Hja is kant fan lea. In frommis dêr't in man mei niget nei sjocht.’ (bls. 27-28).
Wol is Sibe in kontemplative figuer, mar ik forhip it fjouwerkant, dizze sitewaesje as it bigjin fan in heftige forealens oan to nimmen, hwant ik leau nammentlik net, dat Sibe nei in tik fan 'e leafde sa nofteren Sjoukje har lytse flaterkes balânzet.
| |
| |
It is forgeemje om jin dea to skamjen, sokke eksimpels fan ûnmacht en banalens yn 'e saneamde fryske literatuer to moetsjen, nota bene in plattens, dy't de Margriet en de Libelle net misstean soe. It is sa wol to bigripen, dat de fryske literatuer him op dizze wize nea emansipearje kin, hwant salang't soksoarte lêsfoer de kâns kriget, as literatuer yn 'e boekhannels to kommen, en op in serieus literair bisprek yn gâns kranten en blêdden to rekkenjen, bliuwt dy emansipaesje in ûnmooglikheit en in fromme winsk.
Hawar, werom nei Sibe syn forealens. It hoecht net mear sein to wurden, dat Faber hjir lang net fier genôch sprongen hat, om't op it stuit fan in bigjinnende forealens it bilibjen hjirfan ûnôfhinklik is fan hier, lippen of stal, mar folle earder in diffús ûndergean fan 'e komplekse persoanlikheit, dêr't it waernimmen in mear of minder lytse rôlle yn spilet, dy't yn elts gefal net sa great is, dat dy funksje op dat stuit útein set mei it objektyf oantekenjen fan lytse ôfwikings. Hjir komt by, dat Sjoukje har hier de essinsje fan dat eagenblik net is, mar de sitewaesje kriget syn wichtigens troch de réaksje fan de beide persoanen op elkoar, wylst út 'e réaksjes de earstfolgjende ûntjowing fan de stoarje forklearre wurde moat, mar it lammetearjen oer hier, stal en lippen makket de leafde dy't Sibe bigjint to fielen noch net oannimlik, en de hwat mear forgeastlike konstatearring, dat hja him net bine wol, seit de leafdesfersen dy't Sibe bigjint to skriuwen noch net. Nou is it, spitigernôch, net allinne dit haedstik, dêr't Faber in ûndjipte yn it psychologyske flak yn demonstrearet, mar ek yn de oerbliuwende epistels docht it bliken, dat it fakmanskip fan Faber in stikmennich manko's hat. Dit is binearjend, binammen om't it in algemien forskynsel yn 'e fryske literatuer is, mar it wurdt noch ûngelokkiger, hwant dit is kiekt in kwestje fan fakmanskip, technyk en moed, dêr't de yntuysje fansels foar in part yn meispilet, mar it is to learen, en mei hwat psychologysk ynsjoch koe der al gâns forholpen wurde. Lykwols, dat Doarp oan sé op mear plakken sielkundich net troch de beugel kin, is to merkbiten oan it haedstik, dat Faber It skot as namme meijown hat. As Teade Goitzen by ûngelok foar de holle sketten hat, en de fjildwachter komt to freegjen hoe't soks koe, seit Goitzen, dat er
in ûngelok mei syn gewear hawn hat. Fansels is dit in great, út 'e freonskip fuortkommend gebeart, mar hwerom makket de skriuwer it net wier? Hwerom neat sein oer de motiven, dy't Goitzen ta dizze stap bringe, en hwerom swijd oer de twifel en de wrok, dy't der by Goitzen fêst west hawwe sille? Hjirtroch hat Faber yn dizze passaezje de oanwêzige mooglikheden mist, en sadwaende bleau dit ein ek
| |
| |
biskaet troch de glêdde oerflakte. Sa stiet it sûnder mis bûten kiif, dat Doarp oan sé f'ral foar de minske yn al syn fasetten oer gjin hoek hâlde kin, hwat fan dizze roman in earmoedich en toar stikje lektuer makket.
Faber is ien fan dy skriuwers, dy't it forhael ophingje yn in ramt fan sfear en lokale kleur, en dy't hjirmei bisykje oer to heljen, hwat it produkt op oare punten to min hat, en ek yn Doarp oan sé sprekt dit elemint tige sterk. Hwat dit oanbilanget, makket Faber brûkme fan in skriuwtrant, dy't jin sterk oan it ympressionisme tinke lit, al is it dan in ympressionisme yn fortinne foarm en minder plastysk, hwermei't it moai minder funksioneel wurdt. Fansels is op it oanbringen fan lokale kleur en sfear op himsels neat tsjin, mar dit slút uteraerd yn, dat de tapaste middels en de keazen bylden folslein forantwurde wêze moatte, en dit hat der by Faber wolris oan. As de skriuwer op bls. 7 bygelyks seit, ‘stadichoan stûcht de sinne de dampen yn’, dan sjit dit byld syn doel foarby, en it lit jin earder in dampige stream nei de sinne ta sjen, as in stadich weiwurdende moarnsdamp. En dit is net it iennichste foarbyld. It liket der op, dat Faber, hoe't it dan ek komme mocht, oer alle boegen gloednije bylden en plastysk taelgebrûk ynlaskje wollen hat, mar it is earder krampeftich bard as nij en funksioneel. Op bls. 11 stiet noch in pracht eksimpel fan nije taelhantearring: ‘De sinne krijt de gouns der yn. Der komt mear biweging yn it doarp.’ En de sinne mar op Makkum skine, om der noch mear gounzen en biweging yn to krijen. Sa krioelet it yn Doarp oan sé fan soksoarte brike bylden mei in produksjefout. Nou kin men fansels net alle bylden op har forstannelike hâldberens neigean, en der binne sûnder mis bylden, dy't net rasioneel to forklearjen binne en dy't dochs oansprekke, mar de eksperimintearjende rûgens yn 'e bylden fan Faber giet gauris to fier, en slacht to faek de planke mis.
Yn 'e fryske literaire krityk is it ornaris wenst, alle goede punten fan in roman of in koart forhael mei gâns omhael en tige krekt to notearjen. Krityk heart nou ienris opbouwend to wêzen, en oars bliuwt der boppedat sa'n forhipten bytsje oer, mar lit der yn fredesnamme dan in lyts bytsje oerbliuwe, ik forpof it, om't alle neamde goede punten ûntskuldigings bitsjutte foar likefolle nije minne produkten, en dêrom: Doarp oan sé is in mislearring, dy't him it bêste fan efteren nei foaren lêze lit.
|
|