De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 129] [p. 129] Anda Pinkerfeld-'Amir: Hagar ... en Abraham kaem de moarns bitiid op... en hy stjûrde har fuort en hja gong en roun de woastine yn. Genesis 21 : 14 En Abraham, lang om let tepte har út syn hert sa docht men mei in plant in stik ûnrant dat syn woartels ûnfoech yn in rotsgroef sloech. Né, ik mei dy net sjen, Hagar, slavinne As klimmer wynst om myn skonken hinne Dû litst my net yn myn wêzen Dû sikest my wer to bilêzen. Ik doch dy willemoeds sear En it makket dy kliemsker tomear. Sawnris kin myn swipe dy slaen sawnris silstû my forjaen sawnris my krôljend wer folgje - sawnris moat ik fan dy walgje. Sa briek ik dy heilleaze bining en jage dy yn 'e woastyn mar dû kroepst myn tinte wer yn moai forhael oer in ingelforskining om my wer by 't moed to krijen ik bleau yn heechhertich swijen 'k foun dochs gjin bigryp foar myn tael by dyn slavemoarael. En dû hiest dy mar yn 'e holle set dat it sa moast en sa koe en dû tochste yn dyn forbline hert dat 'k njonken my útstean koe. en dû moaste it dochs wol fornimme dat 'k dy leger en leger triemme foet op 'e nekke as 'k dy mar kwytrekke kwyt út myn each en dy net mear seach. [pagina 130] [p. 130] Nou sil dy de jakhals frette dy en de bringst fan dyn skerte hja helje dy jammerjend yn hyena's sjonge dyn deadesangen en slikje mei har blaei dyn kâlde wangen. Sa tepte hy Hagar út syn hert mar Abraham dreamde net fan nachten en nachten sûnder ein mei jakhalsgegûl en hyenagewein mei wylde jammerstimmen om him syn sliep to binimmen hwant yn al syn fierdere nachten forfolgen him de klachten fan Hagar en har bern, syn bern al woe hy se net mear sjen. Hy stjûrde har yn 'e steppe op 'e skoai mar hy bel sels de jakhals ta proai. Ek wist er net, doe't er har bande En hja foargoed by him weigong Hoewol hy it wite koe Dat er yn skamte en skande op syn fûsten bite soe bite dat it bloed der nei gong. Hagar hie hûnger en Abraham wie sêd Mar hy kaem net oerein fan syn feilich bêd en hy tocht net: ik moat der hinne en rêd myn bern en helje myn slavinne hwant Hagar hie 't inkeld mei har leafde bidoarn en dizze leafde koe Abraham net oan. Hy dreamde net dat de liuwen har gean litte soenen en dat ingels, blinkend en wiuwend har jitris bystean woenen hja foun yn 'e steppe it paed nei palmbeam en wettersaed mar oeral socht hja him en forwachte it lûd fan syn stim dy't roppe soe: kom werom nei myn tinte en nei myn hert - mar dat wist Abraham net. [pagina 131] [p. 131] Né Abraham hal it net witten mar Hagar, de ûnskuldige de troch dagen en nachten forduldige wie ré om alle kwea to forjitten as wie it nea bidreaun as Abraham, yn 'e sinne sa gleon har mar wer rôp en sochte en har hwat wetter brochte samar yn syn hân hjir yn it skroeijend sân. Dan soe hja har net skamje mar him alles forjaen en syn knibbels omklamje sa't hja plichte to dwaen. Sa swalket Hagar oan en wei Yn steppe en strjitte, nacht en dei Slachten komme en slachten gean mar Hagar wurdt gjin rêste bean hja reizget oer de hearrewei altyd it byld fan Abraham nei hjir helpt gjin skriemen en kriten Hagar libbet altiten. Hwant sterker as de dea is dit bliedend hert Dit wit sels de dea net to stjolpen Sterker as de dea is dit bliedend hert en dat wurdt mei gjin boete forholpen. Abraham hie dy skuld dylgje kind, oars gjin ien Mar Abraham, Abraham hal it net dien altyd sil Hagar der wêze nimmen kin Hagar genêze. Foar de forstoarnen har nammen waerden lêzen as in efterhelle forline en yn de twa minuten stilte hawwe wy ús gebedens rjocht oerein set (Fortaling út it Ingelsk fan Fedde Schurer) Vorige Volgende