Paulus Akkerman:
De leste fan Arjens jonges
Alle fjouwer greate manlju wiene yn 'e tryste keamer doe't it âld mins stoar. Trije dagen wiene se dêr om by honk bleaun. Efterôf hie it net hoegd, hja hiene gjin wurden mear fan har hawn. Men wist dat foarút net en hja wiene eigen bern.
‘It is ôfroun’, sei Ruerd. Hy wie de âldste, al oer de sechstich. De oare trije knikten. It sizzen fan Ruerd wie gjin nijs, hja wisten it al. Hja diene doe hwat der to dwaen wie. Bokke sei de buorren oan. Teake gyng nei it doarp om dokter en timmerman to warskôgjen, de boade ek. Ruerd roun him nei yn 'e skuorre. ‘Ast dochs yn 'e buorren bist, helje in pear koeken by de bakker, wy moatte hwat yn 'e hûs ha. Koe'st ek wol troch fytse nei Reimerom dan witte se it dêr ek.’
Sa gyng it libben troch, al die Auk dan net mear mei. Har dea hie ynfloed op it libben al wie it mar foar in biheinde romte en duorre it heechút fjouwer dagen. Nei de bigraffenis, noch eart hja de klean út hiene, sei Ruerd: ‘It liket my it bêste ta dat Fokke fuortoan de húshâlding docht, it fé birêd ik, Bokke en Teake hâlde de bou, dan hawwe wy it minste spul.’
Net ien dy't dêr hwat tsjin ynlei. Swijend hopgen hja de swarte sneinske klean oer in stoel, swijend strûpten se de deiske dracht wer oan. Dêrmei hie memme dea gjin ynfloed mear op har libben.
Fokke krige de breatromp út 'e kelder. Hy snijde foar elk twa stikken bôlle en in stik roggenbrea. It brea bilei er mei tsiis, ien fan de stikken bôlle die er dêr op. Hy skoude elk sines ta. Sa hie it west sûnt jierren en jierren.
Ruerd sei: ‘In moaije oanspraek.’ De oaren knikten. Teake sei: ‘Reimerom wurdt ek minder.’
In sober petear, likegoed foechsum praet krekt nei in bigraffenis. Dêrnei bijoech Ruerd him nei de kij. Teake en Bokke moasten troch de ierappels. Fokke krige in boarstel en seach de sneinske klean nei eart er se opburch yn 'e holle kast tusken de hege bedsteden.
De weachjes dy't memme forstjerren yn har deistich libben slein hie, wiene forsljurke.
Arjens jonges. Swijend, bisteklik, nea bûten de stringen. Berne en great wurden op it âld spul oan 'e sédyk. Arjen wie al mear as tritich jier wei.
Net ien fan 'e jonges dy't ea nei froulju taeld hie. Hja bleauwen thús as wiene der oars gjin mooglikheden. Hja buorken fjouwerisom, kalm, evenredich. Net al to âlderwetsk, net