De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 124] [p. 124] Tiny Mulder: Bloeiselsnie listichwei bispionnearre fan in heaze smeulske moanne sweve blossums yn de dize achteleas losfêst forbounen mei skyndeade apelbeammen weve geurich op foreale earmen fan in swalkske wyn losse wolken ware fearich om hwat praetske stjerrebylden hústerjende oer 't lichtsinnich neakenrinnen fan de blossums yn de keale nacht en loslippich struije wolken flitterjende sniekristallen en de wyn forjit hoe tear er streakje woe it skamtleas bloeisel wite siden ballerina's draeije beam- en selsforgetten mei de flokken pirouetten witte net mear hwa't hja binne blossumflokken sniewytblommen apelsnie of bloeikristallen d'iene d'oare d'oare d'iene yn deliryske balletten dy mei roazeseam allinne witt' noch dat hja bloeisel binne en ik sjoch iepen sjoch troch finsterglês útkarde gean dy't kaem nea oars as komme mocht ik stoarje en stoarje oant tusken bleke strakke sliepen eagen ynein en pynlik roustippen filmje en [pagina 125] [p. 125] trage brakke streken dan keil ik myn bigearen in fûstfol izer troch de laden loft it rút ûntploft ta ûnbirime stjer nou kinn' myn woune hannen stellenderwize taeste nei dyn lippen myn fingers stellenderwize waerje nei dyn hier nou fiele de eagen fjûr deunby riede deunby útdaegjende earmen deunby dyn troaijende mûle dan sjoch ik iepen wer o ik sjoch klear dy stean transparantgouden laitsjend fossyl yn barnstien Vorige Volgende