| |
| |
| |
Sjoerd van der Schaaf:
It barbaersk ynstrumint
Jan Douwenga, dy't mei it pak reizge, ornearre dat alle forkeardens op ierde fuortkaem út de macht fan de ien en de ôfhinklikens fan de oar. Doch de polysje wei mei har glêdde knopen en doch de boargemasters wei mei har hege huodden, en jo sille sjen hoe't de minsken dan ynienen foroarje! Fansels, der roun noch wol mear forkeard folk om. Ut en troch koe Jan Douwenga him ek tige lulk meitsje oer ministers en keamerleden mei har hege trakteminten, dat skoandere jild, dêr't hja neat foar diene. Lykwols, yn syn deistige idéele praktyk wiene polysjes en boargemasters de kweade geasten, al sei hy der faken by, dat hy har as minsken wol achte. It wie allinne ivich spitich, dat hja mei har kop fol misbigripen fan de wrâld sa'n ûnfreonlik en gefaerlik ding makken. Hwer't Jan Douwenga ek neat fan ha moast dat wiene de domeny's; mar oer harren makke er him net drok. Dat naesje die neffens him gjin skea mear, en boppedat stoar it út.
It is al wer lang forlyn, dat Jan Douwenga mei it pak troch it gea swalke. Op in dei yn de krisisjierren founen hja him op 'e Efterwei, njonken syn fyts. It pak wie him to swier wurden. Hy reizge dy tiid al yn it skaed fan âld en earm. Mar kremearre waerd er wol, hwant dêr hied er jierren foar bitelle. Hwa't op it tsjerkhôf fan K. komt, fynt dêr op 't heden noch in nuveraerdige stien, dy't de urn mei syn jiske dekt. Der stiet op: Gjin rjucht, dêr't macht bistiet. Soksoarte dingen lêst men yn dizze tiid net faek mear op grêfstiennen.
Nou giet dit forhael net sasear oer Jan Douwenga. It giet binammen oer Hette Swart, dy't noch skoan libje kind hie, as it barbaerske sjutding der net west hie. Hy hearde wol ta de rounte fan Jan Douwenga, de rounte dy't alle gewelt en alle ynstruminten fan it gewelt forsmiet. It wie mar in lytse rounte, sa'n man of tweintich op syn heechst. Larue hearde der by, de tsiiskeapman, en Katrine Schoegje mei it effen gesicht, en de ierpelskipper Durk Venema en de pompmakker Michiel Jaspers en syn hwat dûknekkige suster. Fierders wiene der noch de boere-arbeider Kingma, dy't hja Kingma & kou neamden fanwege it iene bistke, dat er op hie, en de ropperige Piter Jonkman, mear bikend ûnder de namme Piter Joukewitsj; en einliken moast ek de gemeente-opsichter Roel van Hijum ta de klub rekkene wurde, alhoewol hy der net rjucht foar útkaem om gjin lêst to krijen mei de boargemaster. Fan Roel van Hijum waerd forteld, dat hy sa'n nuvere weach yn de strjitte by de
| |
| |
garaezje fan de boargemaster sitte litten hie, dat de man it hert yn it liif omdraeide, sa faek er der mei syn auto oerkaem. Yn de klub fan Jan Douwenga waerd hy dêr heech om achte, mar biwiisd is it nea.
Om dizze losse kearn sweven noch wol mear nuvere sielen hinne. Hja kamen opsetten, as der ris in gearkomste wie, en kochten elke kear in stikmannich fan de krantsjes, dy't Katrine Schoegje en Line Jaspers har brochten om se dan op har foar fierder ûnder de minsken to bringen. It wiene krantsjes, dêr't ofsieren en polysjelju der net sa foardelich yn ôfkamen. Op de printen plichte de ofsieren it bloed fan de hannen to rinnen, wylst hja kâldgnysken ut deadskoppen; en it fjildwachtersfolk sloech almeast mei sabels op hongerlijende froulju en bern yn. Dat barde fansels allegearre yn tsjinst fan de machtigen op ierde, it naesje dat, lyk as Alva yn it forneamde fers, de wrâld laitsjend rikjen seach, as it der sels mar better fan waerd. Ut en troch foun boargemaster Gijswijt ris sa'n krantsje yn syn brievebus. Hy tjirge him der tige om, hwant hy achte himsels in wichtich man en de hate fan de Douwenga-klub folslein wurdich. Dat dy klub it gewelt forsmiet, sei him neat. Hy fordielde de minskewrâld yn twa soarten: de fatsoenliken, dy't freonen fan it gesach wiene, en de révolusjonairen dy't, as hja de kâns krigen, nearne foar stiene. Hy hie ofsier west, en waerd mislik, as er bloed seach.
Douwenga syn greatste meistanner wie Kingma & kou. Kingma koe op evenredige manear útlizze, dat hy gjin gewelt woe en gjin kontribúsje; allinne de rede en it krantsje. Mar der gyng gjin krêft en Bloede fan him út, en hy koe net op tsjin de jongerein. Piter Joukewitsj, timmerman-rûchhouwer, hie de mûle feardich yn twa hannen. Syn skeldnamme hied er to tankjen oan it bisiik, dat Jouke Jonkman, syn heit, yn de tweintiger jierren ris oan Ruslân brocht hie. Sa giet neat forlern yn de skiednis. Folle handiger lykwols as Piter wie Hette Swart, dy de kost fortsjinne as boeke-kolporteur. Hy koe sprekke en hy koe skriuwe, fyn bislipe en moai demagogysk. Beide wiene hja wol tige tsjinstanners fan de macht, mar it is net hielendal wis oft hja foar de machtigen net hwat oars yn it fet hiene as forstjitte en forjitte, lyk as Jan Douwenga it woe. Michiel Jaspers en Durk Venema hiene namme as bitûfte kenners fan it sûnderegister fan alle minsken fan jild en oansjen; en Jaspers, de pompmakker, hie noch al hwat op de wetterlieding tsjin. Dêr hoegden hja mar hwat yn to dwaen, sei er, en alle ûnskuldigen en ûnwittenden gyngen om 'n luchtje.
Larue, de tsiiskeapman, wie forneamd om syn anekdoatyske rabberij. Nimmen koe moaijer fortelle as hy oer mislearre boar- | |
| |
gemasterlike en fjildwachterlike ûndersiken op alderhanne gebiet. Hy gyng der fan út, dat by al dizze ûndersiken it it saneamde gesach to dwaen wie om syn eigen bilang: om dingen, dy't hja naderje koene, om jild of om froulju. Dat hy yn de oarloch fan fjirtjin op achttjin goed fortsjinne hie mei swarte hannel, woe hy wol witte. Hy sei, dat hy itensguod ûnder de minsken brocht hie; itensguod dat de boargemaster en syn maten fansels sels opfrette woene; hwant sa wiene hja wol.
Yn dizze rounte wie Katrine Schoegje in wûnderaerdige forskining. Fleurich koe hja amper neamd wurde, mar ûnforsteurber wie hja as gjin oar. Mei har sêfte stimme en effen gesicht forkocht hja ek mannich krantsje oan dyjingen, dy't yn de yndieling fan boargemaster Gijswijt perfoarst ta de fatsoenliken hearden. Prate die hja oars net safolle, en de jongkeardels Piter Joukewitsj en Hette Swart sochten dêr hiel hwat efter. Beide hiene hja smucht op Katrine Schoegje, en hja mochten mekoarren der net om lije. It wie Hette Swart tige yn 'e wei, dat Katrine him net dúdlik útforkarde boppe de ropper Piter. Hwant hy wie de man, dy't yn it krantsje skreau ûnder de namme Tiberius, en altomets ris yn gearkomsten spriek.
Jierren lang libbe de Douwenga-rounte der frijhwat stil hinne. Mar doe, ynienen kaem de greate biproeving, dy't har to machtich bliek. It bigoun mei it hommels forstjerren fan Douwenga sels. It wie in greate slach; hwant hwa koe him forfange? Kingma & kou hie de âldste brieven, mar hy wie ek al âldeftich, en de minsken harken amper nei him. It kaem der dan ek wol fan, dat Hette Swart de lieding oernaem, al foel der gjin bislút. Minsken, dy't gjin God en gjin master erkenne, wize fansels gjin lieder oan. Mar hy waerd yn elts gefal de wurdfierder, om't der gjin oaren foar yn de bineaming kaem. It stie him bûtenwenstich oan en him tocht, der moast nou einlings wolris in teken komme fan Katrine Schoegje.
Earst Douwenga dea, en in moanne of hwat letter bigoun de greate staking. It wurkforskaffingsfolk bruide it ark der by del. Party minsken achten it mar in nuvere staking. Hwa hie oars bilang by de wurkforskaffing as de arbeiders sels? Mar doe't dy yn de kâlde maert-dagen mei hûnderten tagelyk har greate fytstochten bigounen troch it gea, as keppels tsjustere fûgels, dy't gjin útwei founen, foroare de geast wol hwat. Fansels, it wiene hongerlijers mei har tolve, trettjin goune wyks; fansels, it koe dêr yn de wurkforskaffing ek gjin kant út.
Lyk as de dingen stiene, biskôgen de stakers de Douwengarounte as har sintrom fan geastlike en stoflike help. Hja wiene suver allegearre lju fan gjin kontribúsje. Oan de iene kant wie it foar de rounte in hiele eare, oan 'e oare kant stelde it fiersto
| |
| |
hege easken oan minsken, dy't fan organisaesje neat wisten en neat witte woene.
Hette Swart bigoun mei help to freegjen fan de greate mannen fan de frije rjuchting: Sanderson, Den Haan en Arnoldse, Amsterdammers alle trije en forneamde sprekkers. It like him wol gaedlik ta, dat hy en syn maten harren hwat efter dizze bitûfte folksmenners forskûlje koene. It moat sein wurde dat Sanderson, Den Haan en Arnoldse harren net lang bitochten. Hjir like in kâns to bistean, lyk as hja amper mear hope hiene ea noch to krijen. Boargemaster Gijswijt hearde der fan en tocht, dat dit dan wol de révolúsje wie. Hy sleat de sinneblinen fan syn hûs en bisocht rounom wei polysjefolk op to tromjen, al twivele er oft it hwat jaen soe. Huzaren hiene it wêze moatten as yn de tiid fan Domela, mar fan hegerhân lieten hja him witte, dat dat to folle opskuor jaen soe. It regear bang foar opskuor, dan wie it needlot wol ûnderweis, achte boargemaster Gijswijt. Der moast nou mar fan komme, hwat der fan komme woe. ‘As wy ûndergeane’, sei hy tsjin de fjildwachters, ‘lit it dan wêze mei de flagge yn top.’ It stiet fêst, dat hy yn dizze tiid testaminte en dat hy allinne oer de strjitte kaem mei in pear man polysje efter him oan.
Oan de trije Amsterdammers lei it net. Hja warden har yn 't earstoan as liuwen. Yn greate gearkomsten leine hja de stakers dúdlik út, hoe forrotte de maetskippij wie en hoe great gelyk hja hiene om nouris fjouwerkant né en né en nochris né to sizzen. Har died wie in glânzjend foarbyld foar it hiele lân; de tiid wie kommen om de machtigen oan kant to reagjen en einlings de machteleazen it plak to jaen, dêr't hja rjucht op hiene: net mear as de oaren mar ek net minder! Né, gjin gewelt, mar wol boargerlike oerhearrichheit. Hwat soene hûndert gewearen bigjinne tsjin de moed en de oertsjûging fan hûnderttûzen, dy't foar neat en nimmen wykten? It wie fansels moai sein, en it joech yndied de stakers earst in seldsum gefoel fan triomf. Mar it duorre net sa hiel lang. Hwant de fortsjinste stie stil, en hja moasten to iten hawwe.
Nou krigen hja wol hwat help. Der wie in komité, dat jild en guod sammele foar de stakers; ek dat hie Hette Swart foar mekoar krige. En it ûntbriek net oan meilijen en meilibjen, alteast yn it bigjin net. Mar mear as in goune of hwat de man blykte it nei de earste wike dochs net lije to kinnen. Sa barde it, dat de aksje wylder waerd; it gyng sa njonkenlytsen wer op in bollejeijen as hie de tiid in heale ieu stilstien. Stiennen fleagen oer de strjitte en polysjesabels blonken yn de loft. It wie net, hwat Sanderson, Den Haan en Arnoldse woene, mar hja gyngen der dochs ek net sa botte tsjin yn. Hja joegen it de
| |
| |
polysje op 'e skuld; it wie altyd wer de polysje. Yn it krantsje forskynden bluodderige forslaggen en fûleindige tekeningen.
De stakers lykwols hiene der net safolle oan. Hja moasten libje. En de help waerd al gau minder. It bollejeijen wie gjin reklame. Roei van Hijum sei wol sa stikemwei tsjin Hette Swart dat hoe mear de strjitten opbrutsen waerden, hoe mear wurk der wie, mar yn 't generael hiene de minsken it net op dizze rûge aksje. Doe't der noch minder to forpartsjen wie, bigoun it tige oan to kommen op de Douwenga-rounte. En dy koe suver neat dwaen. Venema joech hwat ierpels, Larue hwat tsiis, mar Kingma & kou woe der syn kou net om kwyt. En hwat soene in pompmakker en in rûchhouwer fan in timmerfeint en in boekekolporteur dwaen kinne? Alinne Roel van Hijum hie hwat stille maten dêr't hy jouns let by torjuchte koe, mar it sette gjin sjedden oan 'e dyk. Dat die de rounte net goed; nei binnen net en nei bûten net.
Yn de tredde wike seine de Amsterdammers, dat hja werom moasten. Hette Swart wist, dat dat de ein wie, en hy krige it safier, dat Den Haan him ré forklearre, noch in deimannich to bliuwen. It gyng tsjin it sin fan de oaren; hja bitrouden Den Haan allinne net sa goed, nei't it like, mar Hette Swart wie bliid. Hy hie neat mear oan syn maten en soarge oan tsjin de dagen dy't kamen. Den Haan en Hette Swart wiene it, dy't foar de sneon it plan makken fan de bisetting fan it gemeentehûs. Gjin stokken, gjin stiennen, gewoanwei mei hûnderten der hinne gean en der yn rinne! Hja twivelen der net oan, of boargemaster Gijswijt wie de haedskuldige oan de hongerleanen yn de wurkforskaffing. Hwerom hied er oars syn blinen ticht, hwerom doarst er oars de strjitte amper oer? It nuvere fan it gefal wie, dat boargemaster Gijswijt himsels ek de forantwurdlike man fielde, al hied er oer de wurkforskaffing gjin sprút to kediezen. Der wie nou ienkear gjin jild, ornearre hy; de gemeente hie it net. Hysels soe ta it uterste syn plicht dwaen.
It plan fan de greate opmars waerd net stilhâlden, en de boargemaster naem syn maetregels. Freedtomiddei foroardere hy, dat net meer as trije minsken by mekoarren op strjitte wêze mochten. Hy sei der by, dat de polysje demonstraesjes mei alle middels út mekoarren jeije soe, as it moast mei de fjûrwapens yn 'e hân. Dyselde freed sil it west hawwe, dat Den Haan oan Hette Swart in revolver joech. Fan fjuchtgewelt moast er neat ha, sei er, mar as dy Gijswijt in stille kûgel troch him hinne krige, soe de wrâld gâns in stik opknappe.
It sil wol sa west hawwe, dat Hette Swart eerst nuver opseach tsjin hwat Jan Douwenga altyd mei earlike hate en forachting in barbaersk sjutding neamd hie. Mar Douwenga wie
| |
| |
dea, en it wie nou de tiid fan der op en der ûnder. Yn syn hert hie Hette nea sa freedsum west as Jan Douwenga, en it woe him wol oan dat, nou't it op in oare manear net gyng, in lokkich skot op de boargemaster noch útkomst bringe koe. Mar hoe brûkten je sa'n wapen? Nei alle gedachten hat hy it net frege. Hy moat it daliks yn 'e bûse dien hawwe. Dit mocht nimmen, nimmen wittel
Fan de bisetting fan it gemeentehûs kaem de oare deis fansels neat. Rounom op de wegen wiene de stakers al tsjinhâlden, en hwat noch kans seach om yn de buorren to kommen, koe dêr neat mear útheve. Hjir en dêr sloegen de senuweftige fjildwachters wol mei gummykneppels yn de man of hwat om, mar meimekoarren hie it sahwat neat to bitsjutten. Dizze misbitearde aksje wie de útsetter fan de wylde trije wiken. Doe't it folk de jouns thúskaem wist it, dat it de moandeis werom moast nei it wurk. In hongerlean wie dochs noch better as hielendal gjin lean. En de minister hie trochskimerje litten, dat der yn akkoart faeks hwat mear to fortsjinjen wie as tolve, trettjin goune. It wie dien; boargemaster Gijswijt hie de révolúsje keard, al woed er dat pas in deimannich letter leauwe, hwant hy plichte de dingen tige swart to sjen.
Hwa wit hat der foar him in koart skoft noch gefaer wankt. Soed er bigrepen hawwe, dat it skot yn de bosk de sneintomiddeis faeks bidoeld wie as in oankundiging fan syn libbensein? It wie in kâlde dei mei hagel út en troch, en minsken kuijeren der net. Mar Markus Krikke, de baron syn oppasser, dy't gjin skot ûntgyng, teach der daliks op út en foun in deade Hette Swart. Boargemaster Gijswijt syn hûs stie noch wol op mear as in kertier geans, mar Hette Swart sil wol bitocht hawwe, dat hy earst witte moast hoe't sa'n wapen wurke, ear't er de boargemaster der mei to liif koe. It krekte koe fansels nimmen mear útfine: Markus Krikke net en de fjildwachter net en boargemaster Gijswijt net. Fêst stiet allinne, dat de boargemaster delsiigde, doe't er de bluodderige troanje fan Hette Swart seach. Hette hie it ek net sa bidoeld. Of soed er faeks witten hawwe, dat dyselde moarns Katrine Schoegje der fan troch gien wie mei Den Haan?
In dei of fjouwer letter waerd er bigroeven op itselde tsjerkhôf, dêr't Jan Douwenga syn jiske lei ûnder dy nuveraerdige stien. It wie ynienen maitiid wurden; it waeide myld út it suden, mar dat wie net to sjen oan it ploechje, dat tryst en skrousk by it iepen grêf stie. Kingma & kou en de oaren hiene yn har forbjustering en har jildkrapte net oanbean, om mei de bigraffenis to rêdden. Hette Swart syn heit hie der doe in domeny foar foun, en net iens sa'n tige frijsinnigen ien. De
| |
| |
Douwenga-rounte wist, dat hjir mear bigroeven waerd as allinne Hette Swart. Domeny spriek oer de rjuchtfeardichheit, dy Hette socht hie, mar it wie in rjuchtfeardichheit sûnder biskiedenens en oatmoedigens. De sûnde fan de heechmoed hie him altyd biselskippe; om't er God net koe, hied er de frede net foun. Mar dochs hie hy it goed bidoeld, en domeny frege elkenien om God to bidden, dat dy him oannimme mocht.
Kingma & kou bea net en Larue ek net en Venema ek net en Michiel Jaspers en syn dûknekkige suster allikemin, mar hja stiene der wol tige stil by: in lyts keppeltsje, sûnder Katrine Schoegje, dy't fuort wie, en sûnder Piter Joukewitsj, dy't net mocht fan syn baes, en sûnder stakers, dy't ommers wer oan it wurk wiene. Wol wiene der noch in pear fjildwachters om in eachje yn it seil to hâlden en om in relaeske foar boargemaster Gijswijt to skriuwen, en dêrom koe Roel van Hijum him fansels ek net fortoane.
Op it tsjerkhôf to K. leit it omskot fan Hette Swart mar in lyts eintsje fan Jan Douwenga syn urn. Mar neat op de sobere stien forriedt, dat hy dyjinge is, dy't ienkear fûleindige stikken skreau ûnder de namme Tiberius, en dat by dit grêf yn mekoarren fallen is dy lytse wrâld fan yllúzjes, dy't Jan Douwenga opboud hie om himsels en in tal oare breklike minskebern.
|
|