De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 113] [p. 113] [Nummer 4] Durk van der Ploeg: De fugels hawwe gjin hus I De fûgels hawwe gjin hûs op ierde hja binne it bigjin fan de himel wenjend yn har kiel tusken ierde en wyn De minsken sizze: ‘Der is gjin fûgel stjurd, de wyn is forburgen, de ierde is jit net ploege foar de siedding en de tiid stjert stadich wei tsjin de ein hwerfan nimmen sizze sil dat it net west hat in fjûrfal hweryn in elk fynt syn bêd en syn hûs.’ Mar doe't nei de sintfloed de ierde droechfoel yn de beammen, stjûrde Noach de fûgels nei it forline hweryn gjin wurd en gjin wierheit foel. Sûnt binne hja op 'e hichten in fabel, ûnder de lânwyn lytse profeten, dragend it wurd fan 'e himel as brea ûnder de sinne; slaende in tonge yn it boarst fan in beam [pagina 114] [p. 114] amjend op de stream fan de wyn en de wrâld. Lizze oer de ierde de wizen en dwazen, de âlden biwenje it hûs fan de deaden, yn har is gjin wurd en gjin wierheit mear. Mar ûnder de himel fan it forline biweitsje de fûgels it ear fan de nachten en falle sjongend de fierte oan. [pagina 115] [p. 115] II Hûkjend op ierde sit ik mei reade stien to skriuwen ûnder it ljocht, inkeld wurden dy't gjin namme hawwe, skreaun as diggels ûnder de sinne. Sa stiftsje ik yn de kiel fan de ierde primityf in tael foar fûgels, skriuw ik ûnder de wyn bertewurden as lytse leginden yn sân. Mei myn hân liz ik Egyptysk deade fûgellichemen yn spraekgebrek en bou har in hûs ûnder de sinne: in lyts hûs foar deade fûgels. [pagina 116] [p. 116] III Ik kin mei de fûgels lêze en skriuwe al foroaret har tael elke dei. Al moatte de beammen op ierde bliuwe wy farre itselde mei fan dei en dea en dea en dei wy farre itselde mei. Ik kin mei de fûgels lêze en skriuwe al moatte de dichters op ierde bliuwe de poëzij formei oan de fûgels fersen to skriuwen al foroaret har tael elke dei. Vorige Volgende