| |
| |
| |
Israel Gur:
It Hebrieuske toaniel nei tsien jier nasionale unofhinklikheit
De earste tsien jier fan nasionale selsstannichheit litte in duorjende ûntjowing fan it Israélyske toaniel sjen. Yn dy jierren hat it Hebrieuske toaniel de swetten útlein bûten it pleatslik ramt en is yn oanreitsing kommen mei it ynternasionale toaniel. Dat kontakt hat it mooglik makke mei nije streamingen yn 'e kunde to kommen, hwat tige fortuten dien hat. Der hawwe opfallende opfieringen west yn dy lannen, dêr't it skeppend wurk op toanielgebiet yn Israël nije technyske en dramatyske opfettingen oan to tankjen hat. By einbislút moat noch neamd wurde, dat it oarspronklike Hebrieuske stik in wichtich plak bimastere hat op it Hebrieuske toaniel fan hjoed de dei.
| |
Habima.
Lit ús dit oersjoch bigjinne mei Habima, it nasionale Israélyske toaniel, Ear't wy it hawwe oer it wurk en de súksessen yn de lêste tsien jier, wolle wy de skiednis fan dy ploech ris neigean.
De oprjochting fan Habima, yn 1917 yn Moskou, wie yn it foarste plak in symboal fan de werberte fan de Hebrieuske tael, nei de fuortsterking fan it nasionale biwitten by de joadske massa's en de biweging foar immigraesje nei Erets-Israël.
It bistean fan Habima iepene ek nije paden en mooglikheden, dy't oan dy tiid ta by it joadske toaniel ûnbikend wiene. Dat toaniel wie der al ear't Habima kaem, mar de ploegen dy't der hwat oan diene en har útdrukten yn it Jiddysk, hiene nea in heech artistyk peil birikt, nettsjinsteande dat der kunstners mei talint yn har rigen wiene. Dat kaem mei't dy kunstners oars net as melo-dramatyske teksten fan twivelige letterkundige wearde ta har foldwaen hiene en om't dat toaniel, as gehiel, bûten de Europeeske toanielaktiviteiten stie. It wie de fortsjinste fan Habima weardefolle stikken op syn repertoire to setten en in nij paed to wizen oan it joadske toaniel, mei't it ta de boarne fan oarspronklike thema's fan greate literaire en dramatyske wearde gie. Sa ûntlienden de earste Hebrieuske stikken dy't Habima op 'e planken brocht har stoffe oan de Bibel, oan it tiidrek fan nasionale selsstannichheit fan it joadske folk en oan de messiaenske forwachtingen fan it folk nei de forstruijing. De regy fan dy stikken waerd tabitroud oan pommeranten lykas Wachtangow, Metsidlow, Worochilow, dy't
| |
| |
har sinnich en forantwurdlik fak leard hiene by Stanislawsky.
Nei in triomftocht troch de hiele wrâld, o sa eare troch syn folk, kaem Habima yn 1928 yn Palestina. Yn de twa jier dy't dêroan foarôfgiene, hat de ploech yn Ruslân west (Leningrad), Letlân, Litauwen, Poalen, Eastenryk, Frankryk, Dútsklân, Nederlân, Tsjechoslowakije, Joegoslavië en Amearika. Gâns joaden kamen op dy opfieringen tasetten en hja krigen de triennen yn 'e eagen as hja dy treflike spylders seagen en har hearden yn 'e tael fan 'e Bibel. De greatste kritisi fan 'e wrâld seine dat Habima in ‘sensasionéle forskining’ wie yn de skiednis fan it toaniel en hja priizgen de ienheit fan de ploech, dy't hja oare toanielselskippen as foarbyld foarhâldden.
Fan 1928 oant 1948 waerd it repertoire fan Habima forrike mei stikken oer bibelske, messiaenske en klassike ûnderwerpen, njonken wurk dêr't it libben fan it joadske folk yn 'e forstruijing yn forarbeide waerd. Yn dy tweintich jier brocht de ploech 89 stikken op 'e planken, dêr't hjirre de wichtichste fan neamd wurde: Dijbbuk fan S. Anski, De Golem fan H. Leiwick, De kroan fan Davin fan Calderón de la Barca, Trijekeningen fan Shakespeare, Uriel d'Accosta fan Goetskow, De hillige flam fan Somerset Maugham, Keatlingen fan H. Leiwick, Dyn folk fan Sjalom Aleichem, Gerzige Greiden fan Perets Hirschbein, Op in fioele fan Sjalom Aleichem, De keapman fan Veneesje fan Shakespeare, Wilhelm Tell fan Schiller, De wite pest fan Capek, Heiten en soannen fan Werner, De mem fan Capek, Mikhal, dochter fan Saul fan A. Achman, Misdied en straffe fan Dostojewsky, Phèdre fan Racine, Kening Oedipus fan Sophocles en Spoeken fan Ibsen.
Dat tiidrek fan tweintich jier yn 'e skiednis fan Habima neamden syn leden de tiid fan de eigen-regissearre stikken, mei't de measte stikken út dy jierren ûnder regy fan leden fan it selskip opfierd waerden, to witten Baroeh Tsjimarinsky en Tsevi Friedland. It wie in tiid fan biskieden súksessen, dy't lykwols har bitsjutting hiene.
De berte fan de steat bitsjutte it bigjin fan in nij tiidrek yn 'e skiednis fan Habima. Dat waerd ynset mei it stik Oarloch yn de Negeb fan Yigal Mosinsohn, dat it moedige forset fan de Kibboets Negba yn de ûnôfhinklikheitsoarloch útbylde. De literaire fortsjinsten fan dat wurk binne net sa great, mar syn wearde leit dêryn, dat it it Israélyske toaniel forrike mei in aktueel stik, dat troch it enthousiasme en de kwaliteiten fan de spylders fan Habima in great súkses by it folk bihelle. Yn dat stik waerd de stridende jeugd fan it lân to'n toaniele brocht
| |
| |
en biskate rollen waerden útbylde troch jonge bigjinnende kunstners, dy't sa út it leger kamen. Oarloch yn de Negeb makke it paed frij foar it Israélyske stik en wie in oantrún foar de jonge skriuwers yn it lân om foar it toaniel to skriuwen.
Yn 'e rin fan 'e folgjende tsien jier waerd net in lyts tal oarspronklike stikken, skreaun fan bigjinnelingen, troch Habima oer de fuotljochten brocht. Meastentiids wiene it net folle oars as dramatyske reportaezjes en hiene hja de oarloch foar de ûnofhinklikheit en tafrielen út it Israélyske libben ta ûnderwerp. Al wer kaern it troch de masterlike útbylding fan de leden fan Habima dat de midsmjittige literaire wearde fan dy skeppingen op 'e eftergroun kaem en hja in súkses waerden.
De lju joegen har rekkenskip dat in goed stik eerst nei gâns sykjen en taesten ta stân komt en al gau koene der stikken mei dúdlike literaire wearde oankundige wurde: De wreedste - de kening fan Nissim Aloni (mei in ûnderwerp út 'e bibelske tiid); De ein fan 'e tiden fan Hayim Hazaz; Hanna Senech fan Aaron Meged.
De lêste tsien jier hat Habima it sels regissearjen oerjown foar forskate stikken dy't it algemiene peil fan it Israélyske toaniel omheech bringe moesten. Biromde regisseurs lykas H. Klurman (Nij-York), André Barsacq (Parys), S. Malmkvist (Stockholm), L. Lindberg (Zürich) wiene gasten fan Habima en regissearren inkelde fan de bêste stikken fan it ynternasionale repertoire: Monserrat fan A. Roblez, Midsimmernacht-Dream, Othello en Macbeth fan Shakespeare, Skriem, leaf lân fan Maxwell Anderson, Medéa fan R. Jeffers (nei it wurk fan Euripides), Mem Courage fan B. Brecht, Anne Christie fan O'Neill, Peer Gynt fan Ibsen, It théhûs fan John Patrick, De oproermakkers fan de Caine fan Woulk, It aei fan Félicien Marceau, ensfh.
It wurkjen mei dy regisseurs makke it de spylders fan Habima mooglik har artistike persoanlikheit to forrykjen en mear ûnderfining to krijen. Dy minsken fan it bûtenlânske toaniel lieten âlde akteurs yn in nij ljocht sjen en it spyljen fan de lju waerd priizge fan bikende útlânske kritisi. Lit ús binammen de spylders Hanna Rowina, Aaron Meskine, Simon Finkel, Rafaël Klatskine en Miriam Zohar neame. (De lëste wie in nije immigrante, dy't via de kampen op Cyprus yn 1948 binnenkommen wie).
It stribjen fan it selskip giet foaral yn twa rjochtingen: oan 'e iene kant de ûntjowing fan it oarspronklike stik, regissearre troch pleatslike krêften, en oan 'e oare kant it oersette stik, keazen út it ynternasionale repertoire en útfierd yn oparbeid- | |
| |
zjen mei greate regisseurs, dy't út it bûtenlân útnoege wurde. Dat hiele stribjen hat de artistike smaek fan it Israélyske publyk gunstich biynfloede, hwat it pleatslike toaniel forplichtet ta it hieltyd opfieren fan syn kunstsinnich peil.
| |
Ohel.
As wy al sizze meije dat Habima yn 'e lêste tsien jier swide artistike súksessen bihelle hat, dan jildt datselde net foar it selskip Ohel, dat it toaniel is fan de wurkjende stân yn Israël. Dy ploech waerd yn 1925 oprjochte en die wichtich wurk op artistyk gebiet yn it bigjin fan de Sionistyske kolonisaesje, mar makke koartlyn in earnstige krisis troch en men freget jin ôf oft it selskip dat to boppe komme sil. It wurdt hieltyd dúdliker dat foarstellingen troch amateurs, dy't biwûndere waerden fan de earste kolonisten, net nei it sin binne fan it hjoeddeiske publyk, dat in sterk ûntwikkele gefoel foar artistike wearden hat. Troch de meiwurking fan twa trije goede spylders hat Ohel wis in mannich goede opfieringen sjen litten, mar op 'en dûr sil it de stjerren fan it selskip net slagje de hiele ploech to rêdden fan de midsmjittigens. Wy hawwe al sein dat Ohel in earnstige krisis trochmakket. It muoit ús, mar wy kinne gjin oar wichtich artistyk súkses fan de ploech oanwize yn de lêste tsien jier as de opfiering fan it stik It paed fan de tabak, dêr't de hiele fortsjinste fan to tankjen wie oan it bûtenwenstich talint fan de haedrolspylder Meir Margalith (hokker akteur koartlyn oergien is nei Habima). Lykwols moat sein wurde dat de ploech lof fortsjinnet foar syn stribjen op it mêd fan it oarspronklike Israélyske stik. It selskip trunet jonge toanielskriuwers oan en fan de Hebrieuske stikken dy't it opfierd hat, kinne wy neame De ein fan 'e wrâld fan Mosje Shamir (dat nije immigranten útbyldet dy't fier fuort yn de koloanje wenje en de âlde kolonisten dy't yn 'e omkriten fan dy koloanje libje), It briedplak op 'e rots fan Aaron Meged (bylden út it libben yn de kibboets),
Dizze stêd fan Yakob Orland (dat de bilegere stêd Jeruzalem ta ûnderwerp hat) ensfh.
| |
Cameri.
Dizze ploech hat in great oandiel hawn yn de algemiene ûntjowing fan it Israélyske toaniel yn it forrin fan de lêste tsien jier. It wie de earste dy't de nije rjochtingen fan it Europeeske toaniel folge en him hieltyd dêrop ynspirearre. It selskip sette syn doarren wild iepen foar jonge spylders en jonge toanielskriuwers en twong troch syn súkses de oare selskippen om
| |
| |
syn foarbyld to folgjen. De foarútgong fan de ploech waerd hieltiten mei bilangstelling folge troch in great publyk en Cameri komt de eare ta by it Israélyske publyk en binammen ûnder de jongerein in wiere hertstocht foar de dramatyske kunst oproppen to hawwen.
It selskip Cameri is yn 1944 oprjochte troch Josef Milo, in jong spylder, dy't doe yn syn 29ste wie en dy't gjin plak foun hie by de bisteande selskippen. Forskate bitûfte akteurs, jonge sawol as âldere, dy't ek om nije mooglikheden sochten, kamen by him om meiinoar it nije selskip op to rjochtsjen, dat forwûnderlike gau it publyk meikrige. It greate publyk fielde dat hjirre in jong, enthousiast en dynamysk selskip wie. It die al gau bliken dat de oprjochting in twingende needsaek fan de tiid wie en dat it Israélyske toaniel, sûnder it bistean fan Cameri net syn hjoeddeisk peil birikke kinnen hie.
It selskip Cameri sette it publyk alles fan it aldermodernste foar hwat stikken en regy oangie en naem it mei nei de heechste sfearen fan de dramatyske skepping. As earste kaem it mei avant-garde stikken lykas De wrâld dêr't wy yn wenje fan Capek, Bloed-boask fan Lorca enAntigone fan Jean Anouilh. It naera regisseurs yn tsjinst lykas professor Sjarof út Rome, dy't De revisor regissearre en L. Lindberg, dy't de regy hie fan It slot fan Kafka. Mar de bêste foarstellingen fan dizze ploech waerden troch Josef Milo sels laet. Hjir folgje in mannich: Sa't jo wolle fan Shakespeare, De goede siel fan Satchouan fan B. Brecht, Jeanne d'Arc fan B. Shaw. Mei forhearde biwûndering folge it Israélyske publyk it wurk fan Milo, dy't him ûntjoech ta de earste Israélyske regisseur fan great formaet. Underwyls die it publyk sines der ta dat greate akteurs lykas Hanna Merone, Orna Porath, Zalma Levioech, Abraham Ben-Yosef en oaren nei foaren komme koene.
Milo en syn maten bisochten it wjerlûd to wêzen fan it inerlik libben fan de Israélyske jongerein, dy't it toaniel fan it libben opstapt. Dy generaesje kaem op yn de rûzige jierren fan de ûnôfhinklikheitsoarloch en it slagge Milo om op it toaniel stal to jaen oan it fielen fan dy troch de oarloch foarme generaesje. doe't de earste roman fan Mosje Shamir útkaem, Hy gie troch de fjilden, trune Milo de skriuwer oan om syn boek foar it toaniel to biwurkjen. De dramatisearre tekst waerd fan Milo op it toaniel brocht en nettsjinsteande biskate lekken en brekken fan it stik hie it in great súkses by in great publyk. It stik rint der út troch syn earnst en de taskôgers wiene bliid dat har leafste winsk forfolle wie: op it toaniel in byld to sjen
| |
[pagina p.t.o.108]
[p. p.t.o.108] | |
(foto Boris Kowadlo)
ISRAEL IS EANNIJS WER IN LAN FAN BOEREN - HJA LEVERJE DE GREATSTE BYDRAGE TA DE OPBOU FAN DE JONGE STEAT
| |
[pagina p.t.o.109]
[p. p.t.o.109] | |
DE KONSERTSEAL YN TEL AVIV
| |
| |
fan de jongerein, de nije generaesje. De gala-foarstelling wie in symboal fan it boun dat ta stân kommen wie tusken de generaesje fan striders en it jonge Hebrieuske toaniel. Lit ús ek noch bitinke dat it stik inkelde jierren neitiid opfierd waerd yn Parys, yn it Théâtre des Nations, dêr't it mei gâns enthousiasme ûntfongen waerd.
Dêrnei lûkt Cameri de toanielskriuwers as in magneet nei him ta. It trunet se oan en liedt harren mei fêste hân. It hat de stikken fan Mosje Shamir opfierd (earst Hy gie troch de fjilden en inkelde jierren letter De kriich fan de bern fan it ljocht en De leginden fan Lode), fan Yigal Mosinsohn (Casablan), fan Sjoelamith Bat-Dori (Sé en hurdsté), fan Nathan Sjaham (Hja komme moarn, Neam my Siomka en De nije rekkens) en fan Leah Goldberg (Kasteleinske). De measte fan dizze stikken (útsein Hja komme moarn, De kriich fan de bern fan it l jocht en Kasteleinske) binne dramatyske reportaezjes, mar forskate dêrfan waerden súksessen troch it prachtige spyljen fan de akteurs en de tige knappe regy.
Sûnt in skoftsje makket de ploech in krisis troch, mar de foroaringen dy't okkerdeis yn de ploech en de lieding oanbrocht binne rjochtfeardigje de hope dat dy swierrichheden moai gau oan kant wêze sille.
| |
Telem.
Sûnt de berte fan de steat binne tsientûzenen immigranten, ôfkomstich út Easterske gebieten, yn it lân kommen. It toaniel wie harren ûnbikend. De organisaesje Telem (toaniel foar immigranten) bisiket dy nije boargers mei it toaniel fortroud to meitsjen troch opfieringen to jaen fan stikken dy't oanpast binne oan har forlet. Troch dat inisiatyf bisykje de selskippen geregeldwei de opfangsintra en de doarpen fan de immigranten. De taek dy't dy selskippen tabidield is, bistiet út it foarmjen fan in publyk foar it Hebrieuske toaniel.
| |
Iepenloftfoarstellingen.
It toaniellibben yn Israël biheint him net ta opfieringen troch biropsselskippen. Der bistiet hjoeddedei in echte amateurtoanielbiweging, dy't foaral ta utering komt yn de kollektivisearre koloanjes. De kibboets set greate weardije op de ûntjowing fan it amateurtoaniel foar syn leden. By dy enthousiaste amateurs fine wy de kym fan it Israélyske toaniel fan 'e takomst. As wy dat sizze, tinke wy yn it foarste plak oan de iepenloft- | |
| |
foarstellingen fan Sjoelamith Bat-Dori, lid fan 'e kibboets Misjmar Huemek.
De heechtiidsdagen yn de kollektivisearre koloanjes bringe net inkeld de materiéle súksessen fan de koloanjes oan it ljocht, mar jowe ek stal oan de nije soasiale ûnderfiningen, dy't de minske dy't yn Israël wennet, bilibbet. By de kristallisaesje fan dy erfaringen hat it toaniel ek syn wurd to sprekken. Net it toaniel op kommersiéle basis, dat ôfhinklik is fan de bilangstelling fan it publyk; net it toaniel dêr't it podium it midpunt fan is en de prins it kleed dat it fan de wurklikheit skiedt. Sjoelamith Bat-Dori hat de iepenloftfoarstelling, dy't him rjochtet op 'e mannichte, yn it libben roppen. Der is hjir gjin kwestje fan stikken yn 'e eigenlike sin fan it wurd, mar fan foarstellingen mei ûnbigrinzge perspektiven. Hja jowe in mooglikheit foar artistike útdrukking fan it yndividu en de kollektiviteit, mei't hja de foriening fan artistike en technyske eleminten mooglik meitsje yn in unyk ramt foar it toaniel: in natuerlik lânskip, dielnimming fan in mannichte, in oerfloed fan kostúms ensfh. Dat hat allegearre stal krigen yn de greate opfieringen fan Sjoelamith Bat-Dori: Myn romrofte bruorren fan H. Fast en Tyl Ulespegel, dy't yn geweldige amfithéaters opfierd waerden foar tûzenen taskôgers, dy't út alle úthoeken fan it lân kamen.
Dy earste manifestaesjes fan it nije Hebrieuske toaniel dat him ûntjowt, binne in biwiis fan syn oanhâldende fuortgong, dy't útrinne moat op de skepping fan in permanint toaniel fan kollektivisearre koloanjes, dat op in bislissende wize de ûntwikkeling fan it toaniellibben yn it lân biynfloedzje sil. Hwant de iepenloft-opfieringen foarmje in ynstrumint mei ûnbigrinzge mooglikheden. De wearde dêrfan foar de opfieding en de ienwurding stiet bûten kiif. Hja litte ús dielhawwe oan de forrykjende erfaringen fan in soun folk dat wennet yn eigen lân, en dat al syn ynspanning rjochtet op de oanwinnende foarútgong.
(fortaling út it Frânsk fan Jo Smit)
|
|