Meiwurkers oan dit numer
AGNON (CZACZKES), SHEMUEL YOSEPH (1888): prozaïst. Berne yn Galicië, wennet yn Palestina sûnt 1909 mei in ûnderbrekking yn de jierren 1912 oant 1923, dy't er yn Dútsklân trochbrocht. Agnon ûntliende syn skûlnamme oan it earste forhael dat er yn Palestina publisearre, Agunoth (Forlitten froulju). Hy wurdt biskôge as de greatste epyske skriuwer yn de moderne Hebrieuske literatuer.
CAHAN, YAAKOV (1881-1960): dichter. Berne yn Wyt-Ruslân, studearre oan it Ynstitút foar Joadske Wittenskippen yn Warschau (1927-1933), sette him 1934 yn Israël nei wenjen. Syn earste bundel, forskynd yn 1902, joech him daliks in plak ûnder de wichtichste Hebrieuske dichters fan dizze tiid.
BURLA, YEHUDA (1886): romanskriuwer. Berne yn Jeruzalem. Yn syn wurk kombinearret er eleminten fan Eastersk-Joadsk folkslibben mei it réalisme fan de moderne Europeeske roman.
GOLDBERG, LEAH (1911): dichteres. Berne yn Kovno, kaem yn 1935 yn Palestina. Sûnt 1939 fynt men yn har poëzij sterk de wjerslach fan de trageedzje fan de Westeuropeeske Joaden. Hja skriuwt ek toanielkritiken en toanielstikken en is sûnt 1958 as lektor yn de letterkunde forboun oan de Hebrieuske Universiteit fan Jeruzalem.
GREENBERG, URI TZEVI (1894): dichter. Berne yn Galicië, skreau yn it Jiddysk oant 1923, doe't er yn Palestina kaem en op it Hebrieusk oergyng. Hat ek in greate rol spile yn it forset (ûndergrounsk) tsjin de Ingelsken en waerd lid fan it earste Israélyske parlemint (yn it Hebrieusk de Knesset).
HA-MEIRI (oarspronklik FEUERSTEIN), AVIGDOR (1890): dichter en prozaïst. Berne yn de Russyske Karpathen, sûnt 1921 yn Palestina. Skreau gedichten en forhalen, kritiken ensfh.
LAMDAN, YITZHAK (1899-1954): dichter. Berne yn de Ukraïne, ûntkaem oan de pogroms dêrre en sette him yn 1920 yn Israël nei wenjen. Utjower fan it literaire moanneblêd Gilyonot.
RACHEL (skûlnamme fan Rachel Blovstein; 1890-1931): dichteres. Berne yn Ruslân, gong yn 1909 nei Palestina as pionierster yn ûnderskate kibboetzim. Hja hat ienfâldige, autobiografyske fersen skreaun, dêi t de leafde foar it libben yn Palestina en foar it pioniersbistean yn trochklinkt.
ROSOLIO, DAVID (1898): muzykkritikus. Berne yn Berlyn.
SHIN SHALOM (skûlnamme fan Shalom Shapira; 1904): dichter. Berne yn Drohobycz (Poalen) as de soan fan in rabbi, wenne fan 1914-1922 yn Wenen, sûnt yn Israël. Syn fersen hawwe in mystyk-religieuze ynslach. Hat ek in autobiografyske roman, forhalen en toanielstikken skreaun en hat Shakespeare yn it Hebrieusk fortaeld.