De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 102] [p. 102] Avraham Shlonsky: Ut ‘arbeid’ Kanteljende moarnsloft - wringbyld fan in mânske terebint En de kop fan Absalom, goudbikrolle Fongen yn 'e tûkekrún - Sinne! Sinne! En ik bûch my del nei it sân Under seminten twang hymje de heuvels: Hwat moatstû hjir, minske, om de wyldernis In bytling to slaen yn syn bek? En hommels swypke de eastlike stoarm En as keppels kamielen, gjin rider biwend Stoarme it oan op 'e nijbou-stêd Sân! Oer asfaltwei en hûsfoundearring foel har stoarmrin En har fine hoeven Feninige sânkerlhoeven Sloegen myn oantlit: Forjilding! En de roungiseljende winen floiten: Tobek nei de steppe, tobek nei de steppe! En ik kearde myn hân (En yn myn hân in skeppe griis fan speesje) En de nije rydwegen trunen: Har nei, Har nei Birongje se, birongje sel Ryd de steppe yn 'e stringen! Lûk de asfaltwegen strak as jaechlinen Ik hâld de leije, ik stjûr Ik bin - arbeid! As opstutsen fûsten rize nou út de steppe Hûzen - hûzen - hûzen - En ik fiel: Ik bin it, dy't fongen bin yn 'e tûkekrún fan 'e moarntiid En yn myn hân leit as in blinkende striel - de leppe En foar my út laket de stêd, de nijboude: Sinne! Sinne! [pagina 103] [p. 103] Jeruzalim is in heuvelsted Jeruzalim is in heuvelstêd Syn hichten bin groune yn goud en bikrânzge mei goud Hwant tusken har gongen de mannen dy't God seagen Trêdden yn hearlikheit de preesters moansiik fan hilligens. Tsjoch de heuvels yn En speur de forsille stiennen As de bonken yn Ezechiëls delte; Swietrook fan libben sil kringe yn dyn noasters En bûten sinnen silst profetearje: ‘In stien op in stien wurdt in muorre en in hûs In hûs en in hûs wurdt in blinkende foarstêd En sa bou ik Jeruzalim.’ Jeruzalim is in heuvelstêd Kweahoalen skûlje yn dizze heuvels Yn rotskleauwen nêsten fan 'e earn En Jeruzalim is in dou. Snúfden hja galge-ies It Kedarsnaesje, kûpjende yn har kampen? De earn set op dy, Jeruzalim De njirre moot dy ha, gazelle ûnder 'e folken. Gazelle fan Sion Hja wolle dyn foarstlik gewei tsjin 'e groun. Vorige Volgende