De Tsjerne. Jaargang 16
(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 91]
| |
David Rosolio:
| |
[pagina 92]
| |
Oarspronklik skeppend wurk.It tal komponisten en it tal ta útfiering kommen komposysjes is lyk as ek it forskaet fan thema's en fan muzikale foarmen dy't brûkt wurde, gans greater wurden. It is opmerklik, dat hast gjinien komposysje - en grif gjinnent fan bitsjutting - skreaun waerd oer in ûnderwerp, dat ûntliend is oan 'e striid foar de ûnôfhinklikheit en de stifting fan 'e Steat, útsein dan in stikmannich wurken, dy't komponearre binne foar in aparte gelegenheit en dêr't de wearde oer 't generael fan biheind bleau ta dy gelegenheit sels. It hat der wol hwat fan, oft yn 'e muzyk lyk as yn 'e literatuer de skeppende geast noch to min distânsje fan dat barren krige hat om der by wize fan sprekken fan boppen ôf op delsjen to kinnen, de ynderlike bitsjutting der út to heljen, troch to kringen ta de kearn en dy mei help fan de artistike ekspressy yn in lottere foarm wer to jaen. De komponisten fan 'e âldere generaesje hawwe har wurk fordjippe en útwreide; Paul Ben-Haim, Josef Tal, Oedoen Partos, Mark Lavry en harren fakgenoaten forrykje de oarspronklike muzykliteratuer alleduerigen troch har op nije paden to bijaen en nije thema's en uteringsfoarmen to sykjen; E.W. Sternberg bliuwt trou oan de geast fan 'e lette Romantyk; A. Uriah Boskovich dêrfoaroer hat it skriuwen fan nije wurken skraechwurk oerjown, mar syn forneamde Semityske Suite biset altyd noch in foaroansteand plak op 'e wurklisten. De jongerein hat syn posysje eink mar hwat skoarearzjend ynnommen; inkelde kopstikken binne bygelyks Avidom, Seter, Alexander, Boehm, S. Jaffe, Wohl, Sheriff, Orgard, Lakner en Bertini. It is net sa maklik en jow krekt oan hwat it mienskiplike yn e ûntjowing is, to sizzen op it mêd fan 'e trije grounslaggen fan skeppend komposysje-wurk: thema, foarm en styl. Hwat de thema's oanbilanget, der bistiet sokssahwat as in oanstriid ta it jin konsintrearjen op 'e absolute muzyk, dy't net boun is oan dichterlike bigripen, in oerhingjen nei in wize fan komponearjen, dy't tagelyk biskiedend is foar foarm èn ynhâld. Us komponisten uterje har idéen lykwols leafst yn 'e wenstige foarmen fan symfony, suite en sonate, mar ek like goed yn 'e âlde foarm fan 'e douns-suite en yn 'e ‘frije’ foarm, dy't spesiael tapast wurdt yn komposysjes foar solo-ynstruminten. Oan 'e oare kant is der in earnstich bisykjen om skiedkundige, binammen bibelske ûnderwerpen to bihanneljen, ûnderwerpen, dy't nammers ek nei foaren komme yn lieten, koarsangen en sels yn opera's, bygelyks yn Sternberg's Twelve Tribes (de tolve stammen), yn Tal's Saul in Endor en yn in opera fan Avidom | |
[pagina 93]
| |
op in Makkabeesk thema. It stribjen fan ús komponisten om de eleminten fan 'e Easterske muzyk yn har wurk to biheljen, komt hwat langer hwat mear nei foaren en der wurdt mei ynmoed bisocht om dy mei de Westerske bigripen oer de harmony to kombinearjen. Der wurdt eksperimintearre om in ‘Middellânske sé’-styl to skeppen (hwat soks dan ek mar ynhâlde mei) en om Easterske - binammen Yemenityske - meldijen to brûken of nij to skriuwen foar fariaesjes en kantilenen neffens Arabysk fatsoen (bygelyks Parto's fioelekonsert en forskate oare komposysjes). Mar inkeld nimme as komponisten de biwende religieuze ûnderwerpen wer op; yn sa'n gefal wurdt dan fansels de styl fan 'e synagogyske muzyk brûkt (lyk as yn Seter's Shabbat Cantata en The Sacred Service - de earetsjinst - fan Lavry). En langlêsten hat de Israélyske muzyk mei Tal syn Exodus him op it mêd fan 'e eksperimintéle elektroanyske muzyk bijown. Wy hawwe in rike muzykliteratuer hwat lieten, mei en sûnder bigelieding, foar solisten en foar koaren, oanbilanget. Op dit mêd, faeks mear as earne oars, is der in eigen Israélyske styl to merkbiten, dy't him ûnderskiedt troch syn synkopearre ritme en de aparte bou fan syn meldijen. Alhoewol't de skaeimerken fan dizze styl al moai klear to sjen binne, sil der noch gâns oan forbettere wurde moatte. Deselde styl is nammers ek tige yn 'e moade kommen op it stik fan 'e fier en hein forsprate saneamde lichte muzyk en de gelegenheitsmuzyk lyk as chansons, kabaretlietsjes, folkssangen en marslieten en muzyk by spesiale toanielútfieringen. Dat binne allegearre soune tekens fan in normael forrinnende ûntjowing. Der moat jit ek wiisd wurde op hwat der op it stik fan 'e ûtjowerij bart, dy't yn haedsaek forsoarge wurdt fan twa ûndernimmingen: de Israeli Music Publications, stifte en laet troch dr. P.E. Gradenwitz, en de Musical Library, in ûndernimming fan 'e HistadrutGa naar voetnoot1), stifte troch de nou forstoarne Nissim Nissimov en tsjinwurdich ûnder bistjûr fan Shlomo Kaplan. Wylst ‘Publications’ yn haedsaek ynstrumintale muzyk printet mei it each op útfieringsmooglikheden yn oare lannen, om sa de moderne en eigensoartige Israélyske styl fuort to sterkjen, soarget de ‘Library’ binammen foar it pleatslik forlet fan vokale muzyksolo en koar, mei en sûnder bigelieding - en fan útjeften, dy't tsjinje kinne by de muzikale opfieding, muzyk, dy't skreaun is foar de blokfluit en foar oare populaire ynstruminten. | |
[pagina 94]
| |
Wichtige muzikale manifestaesjes.Twa kear yn dizze tsien jier hat it Israélyske Philharmoanysk Orkest konsertreizen nei 't bûtelân makke, yn 1951 nei de Foriene Steaten fan Amearika en yn 1955 nei in mannich Europeeske lannen. Yn 1954 is yn Haifa it jierlikse festival fan it Ynternasionale Sintrum fan Hjoeddeiske Muzyk hâlden. Alhoewol't de útfiering fan 'e moderne en soms tige swiere stikken troch eigen en frjemde kunstners nou net altyd oan 'e heechste artistike easken foldwaen koe, hat dat festival dochs wol sjen litten, dat Israël yn steat is om in wichtich ynternasionael artistyk barren to bioarderjen en syn gerak to jaen. De muzykleafhawwers hiene tige op mei de konserten, dy't de hiele wike troch jown waerden en hja wiene yn tal sa machtich, dat it de bûtelânske artysten en bisikers opfoel yn forliking mei de bilangstelling - ûnder deselde omstannichheden - yn oare lannen. Tagelyk mei it festival waerd doe ek de foarste Joadske Muzykmoanne organisearre, yn 1956 fan in twadden-ien folge. Yn dy moannen die bliken, dat it geartropjen fan Joadske muzyk yn in rige fan deun opinoar folgjende konserten, dy't dêr alhiel oan wijd wiene, net de gaedlikste wei is om dy muzyk populair to meitsjen. De needsaek om in hiel soad Joadske muzyk yn in koart tiidsbistek ut to fieren siet de kwaliteitsseleksje dwers. Om de Israélyske en Joadske komposysjes ûnder 'e minsken to bringen, soe it folle better wêze en jow se in plak tusken oare wurken op 'e wurklisten fan algemiene konserten yn, lyk as soks systematysk bart - en mei in tigen sekses - by it Kol Ysrael Orkest, yn tsjinstelling mei it Philharmoanysk Orkest, dat dy allerwichtichste opjefte sels yn syn pleatslike útfieringen net neffens eask forsoarget. In libbene yllustraesje fan 'e trêftige ûntjowing fan it folkskoarwêzen yn Israël joech de greate gearkomste fan koaren, dy't hâlden waerd yn Givat Brenner, yn 'e simmer fan 1952, de deis foar de earste ‘Zimriyah’ (it foarste festival fan Joadske lolkskoaren út de hiele wrâld) to sjen. Koaren rounom út it lân wei dienen der oan mei, almeast fan 'e kibbûtsen (kollektive wen-sintra), mar ek fan oare doarpen en ot 'e stêdden. Hja stienen op in skaplik peil hwat útfiering en technyske kwaliteiten oanbilanget en hiene der har mei gâns energy en op fornimstige wize op útlein om gaedlik sjong-matriael to finen, likegoed yn 'e forneamde klassike literatuer as yn 'e nijmoadrige en streek-eigen partitueren. De trije ‘Zimriyots’ dy't hâlden waerden yn 1952, yn 1955 en nou koartlyn yn 1958, | |
[pagina 95]
| |
wienen fan greate propagandistyske bitsjutting mei dat in tal Joadske koaren út 'e diaspora wei, mei hûnderten en hûnderten dielnimmers, der op ta setten kamen. Spitigernôch wie it peil fan 'e measten fan dy koaren net heech genôch, mei in pear opmerklike útsûnderingen: it Londenske mannekoar en de koaren út Parys en út Joegoslavië. Yn 'e twade Zimriyah wie der gâns foarútgong to merkbiten op it stik fan 'e organisatoaryske opset, wylst yn 'e tredde it artistike peil fan somlike útlânske koaren - net fan dy út it eigen lân - heger wie as earst. De iepening fan it ‘Paleis foar kultuer’ yn Tel-Aviv (dêr't ek it saneamde Frederic Mann Auditoarium yn ûnderbrocht is), de deis foar it doe rinnende Tsiende Bitinkingsjier, bitsjut in kearpunt yn it fierder popularisearjen fan it iepenbiere muzyklibben op heech peil. Der binne guon minsken, dy't har bisauwe oer de bûtenwenstich hege kosten en de ûnnedige lúkse, mar as wy it prachtige gebou sjogge yn histoarysk perspektyf - en it tiende bitinkingsjier jowt dêr in gaedlike gelegenheit ta - dan sille wy it sjen as in kultuer-monumint fan 'e allerheechste bitsjutting foar it hiele lân, dat dêr stean sil as in skatkeamer fan muzikael en kultureel biskavingswurk en geniet, en dat it in rige fan jierren, faeks wol ieuwen úthâlde sil, as de swiere lêst fan 'e stiftingskosten al hwa wit hoe lang forgetten is. | |
Utfierende muzyk-ensembles.Mank de ûnderskate muzyk-ensembles yn ús lân stiet it Israélysk Philharmoanysk Orkest op it foarste plak, al fan it bigjin fan syn bistean ôf. Syn artistike noarmen lizze heech, lyk as by de twa bûtelânske konsertreizen wol bliken dien hat. It orkest hat lykwols mei swierrichheden to krijen, dy't net sa maklik oer to kommen binne: it hat gjin fêste dirigint, gjin direkteur mei de nedige autoriteit op muzykgebiet, dat de konserten hingje binei folslein ôf fan gastdiriginten en solisten om utens wei. Sadwaende driget it gefaer, dat net allinne de dirigint út eigen lân, mar ek de Israélyske komponist oer de holle sjoen wurdt. Mar nettsjinsteande dat binne de konserten fan it orkest fan útsûnderlike wearde foar it greate publyk, binammen foar de jongerein, dy't systematysk brocht wurdt ta it wurdearjen fan forneamde muzyk fan alle tiden en lannen, fan dy gefolgen, dat it kulturéle eachweid rommer en de kennis en it bigryp fan muzikale saken fordjippe wurde. Sûnt it bigjin fan it bistean fan 'e Steat hawwe de muzykprogramma's fan Kol Yisrael (de stim fan Israël) - it sintrale radio-stasion fan ús lân - in révohúsionaire foroaring troch- | |
[pagina 96]
| |
makke en de muzykôfdieling fan dat stasion is nou it sintrale plak wurden foar it hoedzjen en noedzjen fan Israélyske muzyk. Op alle mooglike manearen, mar binammen lâns de wei fan de konserten, dy't it eigen orkest alle wiken jowt, it út 'e studio's wei útstjûren fan premières, dy't op 'e bân opnommen binne en it foar it earst nei foaren komme litten fan jonge kunstners, dy't der op ferge wurde om Israélyske komposysjes yn 'e wurklisten op to nimmen, soarget Kol Yisrael foar it útfieren fan eigen muzyk en fan it wurk fan Joadske komponisten út oare lannen. It stasion stjûrt fansels ek alle soarten fan ‘algemiene’ muzyk út, dat eltse muzykleafhawwer yn it hiele lân, fan 'e fynpriuwer fan 'e moaiste klassike muzyk ôf oant hwa't sljocht is op lichte muzyk en dounsmuzyk ta, wurdt bitsjinne. Der wurdt noch apart omtinken jown oan de bilangen fan immigranten út Easterske lannen, dy't neffens tradysje oan oarssoartige muzyk wend binne, muzyk dy't yn 'e Arabyske folklore biwoartele is en dêr't âlde Joadske religieuze muzyk, lyk as dy him yn 'e Easterske lannen ûntjown hat, yn bimongen sit. Op dy wize spilet Kol Yisrael in tige wichtige rol yn 'e kulturéle assimilaesje fan 'e nij-ynkommelingen. Yn syn programma's foar de jongerein en yn spésiale jeugdkonserten troch Kol Yisrael, forspriedt dat orkest kennis fan en wurdearring foar de muzyk ûnder bern en jongerein. Hjir moat noch efkes oan fêstheakke wurde, dat Kol Yisrael in gaedlike oplossing foun hat foar it probleem fan in fêste orkestdirigint yn 'e persoan fan Heinz Freudenthal, dy't fan 1959 ôf alle jierren acht moanne yn ús lân bliuwe sil. De oare tiid fan 't jier sil George Singer de lieding op him nimme, wylst yn elts seizoen in stikmannich konserten reservearre wurde om bitûfte jonge diriginten ut eigen lân in kâns jaen to kinnen en by nou en by dan ek om it plak to romjen foar in gastdirigint út it bûtelân. De bisetting fan it orkest is koartlyn útwreide en it peil fan e konserten forhege. Oare orkesten dy't it fortsjinje om hjir efkes neamd to wurden binne it út 'e kibbûts-formiddens wei foarme orkest en fierder it Israélysk Militair Orkest en it ‘Gadna’-(jeugd) orkest hat mei tige great súkses meidien oan krigen foar jeugdorkesten út alle lannen, dy't yn België en yn Nederlân organisearre binne. Keamermuzyk wurdt geregeldwei yn 'e greatste stêdden útfierd en keamermuzyk-ensembles bisykje regelmjittich de lytsere stêdden, de doarpen en de kibbûtsen. Oer 't generael skeelt it peil fan 'e útfieringen alles net, mar de fierdere ûntjowing | |
[pagina 97]
| |
fan 'e keamermuzyk-konserten wurdt opkeard troch it ûntbrekken fan permaninte formaesjes, dy't har alhiel - of alteast yn haedsaek - op it spyljen fan keamermuzyk útlizze. De measte leden fan dizze ensembles binne yn 't foarste plak orkestlid en lesjower en dan pas keamermuzyk-spiler; hja oefenje wol foar de iepenbiere konserten, mar der is to min kontinuïteit yn 'e repetysjes en sels yn 'e gearstalling fan sa'n ensemble - allebeide needsaeklike bitingsten om ta in heech peil fan keamermuzyk-spyljen komme to kinnen. Koaren en korpsen (muzykforieningen) bisteane op in great tal plakken en binammen it koarlibben ûntjowt him yn 'e breedte en yn 'e djipte. Mank de muzykforieningen moatte apart neamd wurde: de ‘plectrum instruments band’ (fan in mandoline bygelyks wurde de snaren mei in plektrum poend) fan it berne-doarp fan Meir Shefeya en fierder de jongereinbands yn Haifa en Nahariya, allebeide foar blazers en slachwurkers. It koarlibben bloeit yn haedsaek yn 'e plattelânsgebieten. It hiele lân omfetsjende sjongkrigen foar koaren, lyk as yn 1952 ien yn Givat Brenner hâlden waerd, soene eink geregeldwei, lit ús sizze om 'e twa jier, organisearre wurde moatte; dy soenen in gaedlike gelegenheit bitsjutte om hearre to litten hokker foarderingen troch koaren en lieders makke binne. Dy koardirekteuren krije har oplieding yn leargongen, dy't organisearre wurde troch it Kultuer-departemint fan 'e Histadrut. Nije koarlieten soene ek in gewoan forskynsel by sokke sjongkrigen wurde kinne. It Keamerkoar ûnder 'e treflike lieding fan Eitan Lustig bistiet al jierren en in skoftsje lyn hat Gari Bertini, in krigele en kundige jonge musikus, in nij keamerkoar, de Rinat, oprjochte en dat koar hat al in earste priis helle yn it ynternasionale konkours fan jeugdkoaren, dat yn 1956 yn Parys hâlden is. De opera. De Israélyske (Nasionale) Opera moast in jiermannich lyn nei in lang úthâlden striid om it bistean syn doarren slute; de wichtichste oarsaken fan it mislearjen wienen it lege artistike peil fan 'e útfieringen en it âlderwetske repertoire fan deaspile stikken. De Opera is yn 'e maitiid fan 1958 fannijs út ein set. It Philharmoanysk Orkest is in pear jier forlyn bigoun mei it jaen fan opera-útfieringen yn konsertfoarm; hwat it each dêrby to koart komt - gjin toanieloanklaeijing, gjin toanielspyljen - wurdt ryklik goedmakke troch de werjefte fan 'e muzyk, dy't oan hege easken foldocht. It jierlikse Muzykfestival yn Ein Gev, dêr't de kibbûtskoaren en it orkest fan 'e kibbûtsen oan meidogge, en soms ek | |
[pagina 98]
| |
bûtelânske gastmuzikanten, is yn 'e eksperimintéle sfear hingjen bleaun; de bitsjutting kin ûngelyk oer tocht wurde, al is der wol in tige moaije en greate konsertseal yn dat plak boud, dêr't in opteine Amerikaen it jild ta jown hat. It Israélyske Sintrum fan Hjoeddeiske Muzyk, oansletten by de ynternasionale organisaesjes, lit de saek op 'e ronge slypje nei it glânzgjende hichtepunt fan it Ynternasionale Festival yn Haifa. Hwat de âlde muzykskiednis oanbilanget, yn 'e greate stêdden jowt it Collegium Musicum útfieringen fan keamermuzyk út earder tiid. Ut namme fan Joel Engel silger, de geastlike grounlizzer fan 'e artistike Hebrieuske muzyk yn progressive styl, dy't likernôch tritich jier forlyn yn Tel-Aviv forstoarn is, wurde alle jierren troch de stêd Tel-Aviv muzykprizen útrikt. Koartlyn binne der in koar en in orkest oprjochte, gearstald út studinten en in mannich dosinten fan 'e Hebrieuske Universiteit yn Jeruzalem; dy hawwe by gelegenheit fan offisiéle Universiteits-feestlikheden al moedjaende tekens fan warberens sjen litten, dêr't gâns fortuten fan forwachte wurde meije. Skoallen en oare ynstellingen bisykje mei it jacn fan iepenbiere útfieringen fan opera's de muzikale opfieding mei it muzikale geniet to kombinearjen; sa joegen learlingen fan it Herzliah-gymnasium yn Tel-Aviv in goede útfiering fan W.A. Mozart's bikende Zauberflôte en de Kibbûts Hazorea fan Let's make an Opera fan Britten. | |
Muzikale opfieding.Oan twa Muzyk-akademy's, ien yn Jeruzalem en ien yn Tel-Aviv, binne de bêste dosinten en oare learkrêften forboun, dy't biskikber wienen; der wurdt op akademysk peil les jown yn it bispyljen fan ynstruminten en yn direksje, fierder yn alle theorétyske fakken en yn Tel-Aviv ek noch yn euritmyk. Anneks mei dy akademy's en ek op somlike oare plakken bisteane der konservatoariums foar learlingen fan skoallen om it bispyljen fan in ynstrumint to learen en it ensemble-spyljen to oefenjen, en fansels ek om harren in algemiene muzikale foarming to jaen. Yn Zichron Ya'akov, yn it Daniel-hus, in rekréaesjeplak foar musisi, is twa kear in seminary fan trije wike hâlden, dêr't muzykstudinten, dy't al in fiks ein opsketten wienen, les krigen yn it ensemble-spyljen en yn 'e kunde brocht waerden mei mei sin útsochte moderne komposysjes en mei treflike ynstrumintalisten út it bûtelân. Regelmjittich wurde der leargongen foar koardireksje en de theorétyske aspekten fan 'e muzyk organisearre troch it Kultuer-departemint fan 'e Histadrut. Yn | |
[pagina 99]
| |
Tel-Aviv en yn Oranim ticht by Haifa binne seminary's foar it oplieden fan muzykûnderwizers foar legere skoallen. It bispyljen fan populaire ynstruminten, binammen blokfluit, troch skoalbern is tige algemien en der is in rike literatuer foar dat ynstrumint. Koaren en lytse ensembles sjonge en meitsje muzyk op eltse feestlike gearkomste en op 'e strjitte, lykwols folle minder yn 'e hûs. Op fêste tiden wurde der krigen foar skoallekoaren - en langlêsten ek fan koaren en ensembles fan nije immigrante-formiddens - organisearre; dêrtroch bliuwt gâns biwarre fan de folkssang-tradysje by de Easterske Joadske mienskippen. In stéfêste en bûtengewoan populaire boarne fan muzikale opfieding en fordivedaesje is alle wiken de Muzikale Quiz fan Kol Yisrael, dêr't sneontomoarns troch tsientûzenen muzykleafhawwers út it hiele lân nei harke wurdt. It Muzikael Wittenskiplik Undersiik (research-wurk) yn Israël is yn haedsaek rjochte op it fêstlizzen fan 'e folklore en de liturgyske muzyk-en-sang fan de Easterske folksmienskippen, om foar to kommen dat dy linkendewei yn 't forjittelboek reitsje, mei 't de immigranten út sokke kontreijen har hjir nei wenjen sette, trochinoar mjukse wurde en yn de greate Israélyske pôt' torane. Us wittenskiplike ûndersikers reizgje it hiele lân troch, bisykje synagogen en partikuliere huzen om bân- en grammofoan-opnamen to meitsjen en guon fan 'e âlderein oan to treastgjen om sangen en gebedens op to heljen, hwerfan de meldijen almeast troch de wei fan mûle en ear fan it iene slachte op it oare oergien binne. It wichtichste wurk op dit mêd wurdt dien troch de bitûfte musikolooch dr. Gerson-Kiwi. Lêzingen en foardrachten, iepenbiere petearen en oare middels wurde brûkt om oer nijsgjirrige muzyk-eveneminten en ûnderskate kanten fan it muzyklibben redendiele to kinnen, om nije komposysjes yn to lieden foardat dy yn 't iepenbier útfierd wurde en al sa mear. Sadwaende is Israël ek mei de elektroanyske muzyk en mei de saneamde konkrete muzyk yn 'e kunde kommen. Koartlyn hat de wrâldbiweging Musical Youth (muzikale jeugd) ek hâldfêst krige yn ús lân en der binne al tûzenen leden ynskreaun, dy't op muzykgebiet warber binne om foldwaen to kinnen oan har forlet en oan har winsken, net allinne foar fordivedaesje, mar ek foar stúdzje. | |
Nei de takomst.Yn hokker rjochting sil de Israélyske muzyk him yn 'e kommende jierren ûntjaen? Hokker lekken en brekken binne der | |
[pagina 100]
| |
en hoe sil der yn forsjoen wurde? Yn hokker plakken moatte de bisteande organisaesjes bistevige wurde? Sûnder de minste pretinsje fan alle fraechstikken hjir op to neamen, lit stean foar somliken derfan in oplossing to jaen, jowe wy dochs in biskate list fan muzikale aktiviteiten, dy't neffens ús oanpakt wurde moatte of fuortsterke, en fan suggestjes op it stik fan 'e gaedlikste wegen en methoaden. • Yn 't alderfoarste plak moat it komponearjen fan oarspronklike muzyk oantreastge en ta swider ûntjowing brocht wurde. Fansels, genyen kinne net samar opkommandearre wurde, mar de weardefolle talinten, dy't der binne, moatte har ûntjaen kinne en oanmoedige wurde troch har wurk faek út to fieren; der soene prizen biskikber steld wurde moatte en krigen hâlden, dêr't eltse komponist, âld of jong, bigjinner of al mei namme, oan meidwaen kin. De minsken soene brocht wurde moatte ta in mear positive hâlding foar de eigen komponisten oer, dy't ommers by einsluten fan har eigen skaei binne en sjoen wurde moatte as in rike tûke oan 'e Israélyske beam. En de komponisten soene goed foar 't forstân hawwe moatte, dat hja in tige swiere forantwurdlikheit drage foar de kulturéle en artistike ûntjowing fan it geastlik bistean fan ús folk oer; hja tsjinje har opjefte folslein earnstich to nimmen en moatte net bigien wêze op goedkeap en hastich súkses; hja moatte fuortfarre mei it sykjen fan nije en noch ûnbigiene paden, mei it forgreatsjen fan har kennis en it stribjen nei rommer eachweid.
• De muzikale opfieding yn 'e legere skoallen en yn 'e middelskoallen stiet noch net op in foldwaende heech peil en bislacht ek noch net it plak yn it learplan, dat it fortsjinnet. Der moast gjin skoalle wêze en gjin learjier, dêr't net in fiks tal ûren bistege wurdt oan sjongen en oan stúdzje fan 'e eleminten fan 'e muzyk, de easterske muzyk der by rekkene. • De pleatslike dirigint en solist moat in plak ynskikt wurde yn iepenbiere konserten en feestlike gearkomsten, dy't hwat to bitsjutten hawwe. Wy kinne ús yn ús iepenbiere muzyklibben net biheine ta gast-artysten; sûnder in sa great mooglik oanpart fan eigen krêften soe it muzykgeniet in privileezje bliuwe foar de stikmannich tûzenen, dy't it barre mei om in kaert to keapjen foar de ‘greate’ konserten. Krekt de eigen muzyk-man tsjinnet stêd en plattelân, doarpen en kibbûtsen, âlde folksmienskippen en nije immigranten; der moat alles oan | |
[pagina p.t.o. 100]
| |
FOLKSDOUNSJEN YN DE KIBBOETS GAL ED
| |
[pagina p.t.o. 101]
| |
FOLKSDOUNSERS
| |
[pagina 101]
| |
dien wurde om de eigen musikus by it útfieren fan syn wichtige taek yn 'e mjitte to kommen.
• Folksmuzyk en folkloristyske muzyk moatte fuortsterke wurde; der moat noed stien wurde fan de al moai goed ta ûntjowing kommen koarsang, der soene faker sjongkrigen organisearre wurde moatte en de rike koarliteratuer moat wider forspraet wurde. Der is noch romte genôch foar mear orkesten, foar bern en foar greaten, dy't populaire ynstruminten lyk as blokfluit of plectrum-ynstruminten bispylje. Der soe thús mear songen wurde moatte, dêr't de bern de âlden yn foargean kinne. Dy populaire ynstruminten binne tige gaedlik om goede muzyk yn elk hûs to bringen, it sjongen to bigelieden en sels om soli to spyljen of om der in keamermuzyk-ensemble mei to foarmjen.
• Hwat tige driuwt is: omtinken jaen oan it biwarjen fan 'e rike muzikale skatten, dy't noch yn 't ûnthâld fan 'e nije immigranten libje, binammen dy út Easterske kontreijen, mar ek dy út East-Europeeske folksmienskippen, dy't forlern gien binne. Sokke skatten libje allinne yn 'e mûle fan 'e âlderein en yn synagogale sangen; as se net yn in bliuwende foarm fêstlein wurde - en mei gauwens - dan is der great gefaer dat se foar ús folk forlern geane.
Israël is in muzykleavjend lân, dêr't yn 'e herten fan it greate publyk dy aldermoaiste kunst al tiden lang in tige wichtich plak ynnimt. Israël's musisi hawwe in greate taek to folbringen - de noarmen heech hâlde, eigen talinten ta ûntjowing bringe, oanpart nimme yn it gearranen fan 'e ûnderskate kulturéle wearden dy't immigranten yn ús lân brocht hawwe of dy't hjir al hiem wienen en ta ûntjowing kommen binne. Gasten hawwe in wichtige rol to spyljen troch it bringen fan muzykgeniet oan in bilangstellend en ûntfanklik publyk. Sa sil Israël hieltyd better yn steat wêze om syn sinding foar it Joadske folk oer to folbringen en syn Eindel heech to hâlden foar it antlit fan 'e wrâld.
(fortaling út it Ingelsk fan H.K. Schippers) |