De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 90] [p. 90] Leah Goldberg: Ienris sil de dei Ienris sil de dei fan forjefnis en frede dochs komme Dat men ienfâdich yn 't fjild samar to kuijerjen giet Troch greiden fol kostlik gers en klaverblommen Of oer stoppels dy't stekke, mar sûnder pine of fortriet. Of yn in stjelpge reinbuoi as de loft him set ta broeijen Wurdst dweiltrochwiet, op 't fel ôf - kinst der tsjin. Traepjend troch 't wiete gers fielst stiltme yn dy groeijen Sa 't ljocht binnen yn in wolk groeije kin. Dû drinkst de roken yn dy't út de fuorgen waeije Sjochst de sinne speegle yn 'e puozzen stean Meist it libben wer nimme sa 't is, it wer oanreitsje en aeije En leaf to hawwen is net mear forbean. Stadich silstû gean troch it fjild, net bidrige fan immen Gjin forskrikking fan brânnen en wegen dweile mei bloed En stadich, stadich wurdst wer ienfâldich en dimmen As it gers, as in minske, trouhertich en goed. Vorige Volgende