De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Avigdor Ha-Meiri: Peaske yn Jeruzalim Blinkende ingels gounzen hjoed troch Jeruzalim Tûzen maitiden brieken yn my út En skrinkeldeaden út har grêf sykhellen yn 'e sinne: Wês wolkom, geur en fleur, wolkom Gods seineboaden - Ik bin de wachter, de wachter dy't útsjocht Messiah, forlosser, forlokker, komt strak of letter Goed, as hy mar komt: Hjoed is it Peaske, hjoed is oan 't leauwen gjin grins. De pea fan ieuwen wurdt hjoed wiksle, tûzenris De wrâld snokt yn Gods sykbinimmende oerdied En út 'e grêven fan 'e foarteam stiicht de sang fan 't bloed: ‘Jeruzalim, Jeruzalim, stêd fan gebet en toarre groun Skik hjoed foar my it waerme breidsbêd ré Foar de pea fan dyn jonkheitsfreon, de bloedbreugeman Foar de bloedbiweiner - Tariedend ûnder dyn herte Kening Messiah's berte.’ Vorige Volgende