‘Ik in Moslem?’ frege ik en ik bisocht myn laitsjen yn to hâlden.
Der kaem in great fortriet yn Latifa' eagen.
‘Wurd dou Joadinne, Latifa, dan trou ik mei dy.’
‘Us heit soe ús beide formoardzje’, sei hja en sette ôf.
De oare deis kaem Sjeik Surbaji yn de wyngert. Hy wie in âld man mei in moai wyt burd en in greate fez op 'e holle. Hy ried op in trintene wite merje, dy't mei graesje túgde, as syn master de arbeiders groete, dy't djip en dimmen foar him bûgden. It die my gjin nij dat er my tige koel groete, hy stie bikend as in Joadehater.
Doe't er Latifa ûntduts, skreaude er grimmitich: ‘Ik ha dy forbean, dizze Joad ea wer to sjen’, wylst er in stok griep en har op 'e rêch sloech.
Ik woe him oanfleane, mar Latifa smeke my mei triennen yn de eagen, neat to dwaen. De Sjeik sette ôf mei syn dochter en de arbeiders gyngen wer oan 't wurk.
‘De Sjeik is in hurd man’, sei ien fan harren, doe't hja fuort wiene. ‘Hy is pûr, om't er syn arbeiders net langer twinge kin, fan de iere moarn oant de lette joun to wrotten foar in hongerlean.’
‘En ik wit, hwerom't er binammen hjoed sa breinroer is’, sei in oaren dy't my mei sin oanseach.
Latifa kaem net wer op it wurk, mar in pear wiken letter seach ik har op in middei, doe't ik nei 't skoft wer fan hûs gyng. Hja siet op 'e groun mank in keppel hinnepiken dy't hja forkocht. Doe't hja my seach, kaem hja oerein. Har eagen liken moaijer en drôver as ea.
‘Hoe giet it mei dy, Latifa?’
‘Goed, tankje’, sei hja mei in beevjend lûd.
Noch forskate kearen kaem hja dêr, ornaris yn it middeiskoft. Doe op in dei fortelde in freon my, dat hja nei Agar gien wie, om mei de Sjeik syn soan to trouwen, in lyts, ûnsjoch mantsje. Letter hearde ik, dat it hûs fan dizze man ôfbrând wie en dat hja, oan it fjûr ûntkommen, nei it âldershûs flechte wie en nou wer mei har heit libbe.
Jierren gyngen foarby, ik wie troud en hie in eigen hûs boud. Op in sinneskyndei, doe't ik de doar út kaem, sleten der twa âlde Arabyske froulju, dy't hinnepiken forkochten. By myn forskinen gyng ien fan harren oerein en kaem op my ta.
‘Hawaja, Musa?’ frege hja bidêsd.
Ik seach har ûndersykjend oan... en frege dan: ‘Latifa?’
Hja glimke. Dizze âlde frou mei tearen en groeden yn 't