De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 86] [p. 86] Yehuda Karni: Foegje my yn 'e bres Foegje my yn 'e bres, fan 'e losse stiennen fen Triuw my mei hommers fêst Hwant de sûnde moat soene en de skuld foldien Fan it folk dat by púnfallen rêst. Hoe goed in stien to wêzen ûnder al de stiennen fan Jeruzalim To witten: myn biente bout de fêstingwâl op Dat dy't myn siel naem ek myn lichem nim Hout ta dyn flamme, folk, lûd ta dyn rop - Set my by Jeruz'lims stiennen, foegje m' yn syn muorren Bêdzje my yn semint En myn kniezend biente sjongt lûd fan 'e tuorren Ta de Messiah's advint. Bea fan in frou Hoedzje my God foar de wyn sa skrok Foar de stoarm út de woastenij Om it hoekje bou en it hinnehok En yn it skuorke de twa kij: Dêrta dochs is my it libben jown Fan ús mem yn in faeije kream Dat ik brea fan in meagere ierde woun En hwat frucht fan 'e figebeam: En dêrom stean ik Jo ek net tsjin En wol ik de muoiten net achtsje: De skeamele bisten, it sober gewin En dat ik wer in lytsen forwachtsje. Vorige Volgende