De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Yaakov Cahan: Tirzah Dei op dei as it dûnker falt En de wrâld is mei stiltme bifongen Dan giet Tirzah, leaflike faun Ut yn it hûf to sjongen. Dei op dei as it dûnker falt Strykt dêr op sêfte fearren In cherub del yn it skimerjend hûf Om nei har sang to hearren. It leaf is roerleas mei de wyn En alle fûgels swije En de cherub hâldt de siken yn By Tirzah's melodije. Dan rint in triljen troch it struwel Yn dy heimige nachtlike ûre En Tirzah sjocht oer it skouder, kjel As hie har in hân biroere. Mar dan sjongt hja wer allike klear Hwant der wie dochs neat to fornimmen En de cherub, syn wjukken yn earbied gear Stiet harkjend tusken de beammen. Vorige Volgende