| |
| |
| |
Chaim Rabin:
De werberte fan it Hebrieusk
It Hebrieusk is ien fan de âldste libjende talen. Syn skiednis bislacht in tiidrek fan 3300 jier; yn dy perioade hat it de tael west fan it boek mei de greatste ynfloed, dat it minskdom ken: de bibel en fan gâns oare greate filosofyske en ethyske wurken. Yn ús tiid hat it skiednis makke as it iennichste foarbyld fan in tael dy't wer mounling brûkt wurdt nei't hja as sprutsen tael folslein útstoarn wie. Hjir sil forteld wurde hoenear en hoe't dy werberte syn bislach krige hat.
| |
Hoe't it Hebrieusk as sprutsen tael útstoar.
Yn 1887 waerden by Tell Amarna yn Egypte in mannich brieven foun, skreaun yn 'e fjirtjinde ieu foar Kristus troch de Kanaänityske regearders oan 'e kening fan Egypte. Hja binne yn it Babylonysk skreaun, mar mei gâns flaters, dêr't men út opmeitsje kin hokker tael de skriuwers sprieken. It die bliken, dat dy in âlde foarm fan it Hebrieusk wie. Dêr kin men oan sjen, dat der al Hebrieusk yn Kanaän praet waerd ear't de Israeliten it lân foroveren. Nei alle gedachten hawwe Abraham en syn neiteam Hebrieusk leard doe't hja yn Kanaän tahâldden.
De bibel en in mannich ynskripsjes en brieven (op potdiggels) dy't út 'e Palestynske groun kommen binne, leverje it biwiis, dat der oanienwei en inkeld Hebrieusk brûkt is troch de Joaden yn 'e tiid fan 'e earste timpel. Langer as fjouwer ieuwen nei it weromkommen út 'e Babylonyske finzenskip waerd it Hebrieusk fan 'e bibel noch brûkt as skriuwtael, mar de folkstael krige njonkenlytsen de foarm, dy't wy by it ûnderwiis fan de rabbi's oantreffe, lyk as dat biwarre bleaun is yn de Mishnah (± 200) en yn oare skriftueren fan deselde tiid. Mar yn 'e twadde helte fan 'e perioade fan 'e twadde timpel rekke it Hebrieusk yn it neigean: Joaden bûten Palestina en frijhwat yn Palestina praetten Arameesk of Gryksk en de foroveringen fan de Hasmonyske keningen yn de lëste ieu foar Kristus hiene greate smiten fan sok folk oan 'e bifolking fan it heitelân tafoege. De oarloggen fan 70 en 132 nei Kristus forneatigen Judea, it sintrum fan it Hebrieusk, en makken, dat dit folslein bûten gebrûk rekke as sprutsen tael. Alles meiinoar hiene de Joaden sa'n fjirtjin ieuwen Hebrieusk praet.
Al foardat der in ein kaem oan it Hebrieusk as sprutsen tael hiene de Joaden literaire wurken skreaun yn it Gryksk en it
| |
| |
Arameesk en yn dy beide talen de bibel oerset. Arameesk, de tael sawol fan de Babylonyske as fan de Palestynske Talmud, brûkten de Joaden in bult; de Koerdyske Joaden prate it noch. Yn 'e midsieuwen skreauwen de Joaden yn lânnen, dêr't de Islamyske kultuer de oerhân hie, gâns yn it Arabysk. Yn Europa ûntstiene twa aparte joadske talen: it Jiddysk en it Ladino, it earste op 'e grounslach fan it midsieuske Dútsk, it lêste op dy fan it midsieuske Spaensk.
| |
It Hebrieusk libbet fierder as skriuwtael.
Al waerd it Hebrieusk tusken 200 en 1800 net sprutsen yn it libben fan al den dei, it formogen om it to praten rekke dêrom net wei. It waerd brokt as kommunikaesjemiddel tusken Joaden fan ûnderskate lânnen, dy't inoars tael net forstean koene; guon fromme Joaden praetten Hebrieusk op de sabbat. Mar wylst dit útsûndering bleau, wie it skriftlik gebrûk fan it Hebrieusk tige algemien yn dit hiele tiidrek. Yn guon dielen fan it joadendom waerd it Hebrieusk as skriuwtael brûkt nêst in oare tael: de spaenske Joaden brûkten Arabysk foar filosofy en Hebrieusk foar poëzij; yn oare mienskippen - byg. by de frânske en germaenske Joaden fan de tsiende oant de fjirtjinde ieu - wie it Hebrieusk it iennichste skriftlike kommunikaesjemiddel. Yn East-Europa wie it Hebrieusk de tael fan 'e ûntwikkele klassen. Doe't yn it lêst fan 'e achttjinde ieu de moderne Europeeske biskaving by de joadske massa's yngong bigoun to finen, barde dit binammen troch de hebrieuske skriftueren fan 'e Haskalah (forljochtings-) biweging, hwaens leden de ûngrammatikale styl fan 'e midsieuwen farre lieten en ta de tael fan 'e bibel weromkearden. Hja skreauwen moderne poëzij, toanielstikken, romans en wittenskiplike wurken; yn 1856 kaem de earste hebrieuske krante út, it wykblêd Ha-Maggid.
De literaire rispinge yn it Hebrieusk yn dy sawntjin ieuwen koe munsterje, nei kwaliteit en nei kwantiteit, mei dy yn 'e greate talen fan 'e Europeeske biskaving yn dy tiid. Dêr binne ek hûnderten oersettingen út oare talen by. Mar al koe dy literatuer oant de ein fan 'e achttjinde ieu oan al it kultureel forlet fan 'e joadske lêzer foldwaen, dat wie net mear sa by de enoarme foarútgong fan 'e yntellektuéle ûntjowing yn 'e njoggentjinde. It gefolch hjir fan en fan 'e langst nei assimilaesje wie, dat de kennisse fan it Hebrieusk hurd mindere. Om 1875 hinne joech de greate dichter J.L. Gordon yn 'e folgjende wurden utering oan 'e mismoed fan harren, dy't har bêst diene om de hebrieuske literatuer fuort to setten:
| |
| |
Hwa wit hwat komme sil, hwa kin sizze
Oft ik net de lêste fan Sions dichters bin
Of Jo de lêste, dy't dit hebrieuske wurd lies?
| |
It oplibjen fan 'e nasionale geast.
Yn in ieu doe't de bêste geasten ûnder de Joaden as heechste idéael hiene it folsleine boargerskip fan 'e, Joaden yn 'e ûnderskate lânnen like de kultivearring fan in aparte literaire tael yndied oerstallich. Mar doe't de russyske pogroms fan 'e tachtiger jierren it alleman dúdlik makken, dat de oplossing fan it joadske probleem fan binnen út komme moast, troch in nije opbou fan 'e joadske naesje, bisefte men ynstinktyf it bilang fan de nasionale tael by dy rekonstruksje. Hebrieusk waerd de tael fan Hibbat Zion, de foargonger fan it Sionisme. It earste resultaet wie in tige opmerklike opbloei fan 'e hebrieuske literatuer op alle gebiet tusken 1880 en 1914. Dat tiidrek, mei skriuwers as Ahad Ha'am, Bialik en Tchernichowsky, wurdt algemien biskôge as de klassike tiid fan 'e hebrieuske literatuer. Yn dy tiid kamen ek, sûnt 1886, de hebrieuske deiblêdden op en foun it Hebrieusk yngong yn de Foriene Steaten. Mendele Mocher Seforim (1835-1917) skoep in synthese tusken it bibelske Hebrieusk fan de Haskalah-skriuwers en dat fan 'e rabbi's, lyk as dat brokt waerd oan 'e ein fan 'e midsieuwen. Troch him krige it moderne Hebrieusk it karakter dat it nou noch hat.
It forbân tusken tael en nasionael oplibjen waerd tige dúdlik, noch foar de pogroms, by Eliezer Ben-Yehuda (1858-1922). Yn 'e maitiid fan 1879 publisearre er in artikel mei it útstel, yn Palestina in joadske steat to festigjen as nasionael sintrum. De literaire tael fan dy steat moast it Hebrieusk wêze en sa soe de hebrieuske literatuer in natuerlike boaijem hawwe om har to ûntjaen. Yn 'e hjerst fan 1880 skreau er út Algiers wei, op reis nei Palestina ta: ‘Hjoed-de-dei prate wy frjemde talen, moarn sille wy Hebrieusk prate.’
| |
Wer sprektael.
Ben-Yehuda brocht dit nije idé fuortynienen yn praktyk: op 'e boat fan Algiers nei Jaffa ta praette er Hebrieusk mei syn frou. Syn soan, berne yn 1882, wie it earste bern yn ús tiid dat mei Hebrieusk as memmetael greatbrocht waerd; hy waerd letter in skriuwer mei de namme Itamar Ben-Avi. Ben-Yehuda foun bisibbe geasten ûnder de ûntwikkele famyljes fan Jeruzalem, binammen by dy fan Sephardi- (spaensk) komôf, dy't
| |
| |
wend west hiene, lyk as yn de midsieuwen, om Hebrieusk to praten mei Joaden, dy't gjin Ladino of Arabysk koene (it petear oer de oprjochting fan 'e earste neutrale skoalle yn Jeruzalem yn 1885 hie yn it Hebrieusk pleats hawn). Ben-Yehuda seach skerp, dat it folsleine oplibjen ta stân komme moast troch it Hebrieusk de fiertael fan alle ûnderwiis to meitsjen om sa in generaesje to krijen dy't har hiele libben yn it Hebrieusk lei. Fuortdaliks nei syn oankomst yn Jeruzalem, yn it lêst fan 1880, publisearre er yn it hebrieuske tydskrift Ha-Hava-tzelet in hertstochtlike oprop om it Hebrieusk ta de tael fan 'e skoallen to meitsjen. Hy waerd sels ûnderwizer yn 1883, mar moast dat wurk moai gau oerjaen, om't er de hieltyd út stel wie. Mar yn 1888 waerd alle ûnderwiis yn 'e pleatslike skoalle fan Rishon le-Zion yn it Hebrieusk jown en yn 1892 keazen ûnderwizers út hiel Palestina foar neat as Hebrieusk yn de skoallen. It hebrieusk gymnasium fan Jaffa (nou Gymnasia Herzlia), oprjochte yn 1906, brocht itselde bilied yn it ûnderwiis oan 'e middelskoalle. De dútsk-joadske Hilfsverein stifte ek in rigeltsje skoallen, dêr't it Hebrieusk de foarnaemste fiertael yn wie. Doe't dy foriening yn 1913 in technyske middelskoalle (it Technion fan nou) yn Haifa planearre, achten hja it winsklik de technyske fakken yn it Dútsk to ûnderwizen om't it Hebrieusk him noch net folslein ûntjown hie. De réaksje fan 'e Yishuv wie fûlder as men forwachte hie: tûzenen bern en ûnderwizers gyngen út 'e skoallen wei en hâldden skoalle yn 'e iepen loft. Einlings en to'n lêsten wounen de Yishuv dy ‘taelstriid’, de earste fan gâns in rige, foar de folsleine erkenning fan it Hebrieusk. De resultaten fan
Ben-Yehuda' striid kamen wol tige klear nei foaren by in telling yn 1916-'18, doe't it bliken die dat fan 'e hiele bifolking fan Palestina bûten Jeruzalem sa'n 40% (34.000) Hebrieusktaligen wiene. Fan de bern wie it persintaezje 54 en yn Tel Aviv en de doarpen sels 77.
| |
Ynternasionale erkenning.
It Palestina-mandaet fan 1921 erkende it Hebrieusk as ien fan 'e offisiéle talen fan it lân nêst Ingelsk en Arabysk. Sûnt dy tiid waerd it brûkt yn de administraesje, by de post ensfh. en binammen op it al mar oanwinnend gebiet fan autonome joadske ynstellingen. Withoefolle dei- en wykblêdden, in netwurk fan skoallen, dy't hast 100% fan de joadske bern omfetten, de hebrieuske universiteit fan 1925 en in sterke literatuer soargen der foar, dat de 576.000 Joaden dy't der by kamen (troch immigraesje en natuerlike oanwaechs) yn 'e mandaet- | |
| |
perioade ôfdwaende ‘hebraïsearre’ waerden. Drastyske middels waerden soms net skroomd: de beukerskoalle en de legere skoalle brochten de bern by, dat it forkeard wie oare talen to praten en makken harren ta in pro-hebrieuske ynfloed yn 'e hûzen. De Gedud Megine ha-Safa (‘Legioen ta biskerming fan 'e tael’) die gâns om enthousiasme op to roppen foar it Hebrieusk yn in tiid, doe't de talen dy't de immigranten meinamen noch altiten in bidriging foar it Hebrieusk bitsjutten en eltse nije immigraesjeweach tydlik de posysje dêrfan forswakke. De telling fan 1948, fuort nei de stifting fan 'e steat Israël, wiisde út, dat 80% fan 'e bifolking Hebrieusk prate koe en dat 54% inkeld it Hebrieusk brûkte as kommunikaesjemiddel. Hiel hwat dêrfan wiene bern (of sels bernsbern) fan minsken, dy't by it Hebrieusk as memmetael opwoechsen wiene.
| |
Steatstael.
Doe't maeije 1948 de steat Israël ta stân kaem, krige it Hebrieusk in posysje werom, dy't it 1975 jier earder kwytrekke wie, doe't de Hasmonéyske dynasty foel. It waerd de offisiéle tael fan 'e steat. Arabysk wurdt allinnich brûkt yn saken dy't de Arabyske minderheit oangeane, al stiet it op munten, postsegels en strjitnammebuordtsjes yn guon stêdden; de measte Arabieren yn Israël kinne nou Hebrieusk prate. De werberte fan it Hebrieusk is dus net langer in idéael foar de takomst, mar in fêststeand feit wurden, mei't eltse boarger fan Israël alteast in potinsiéle hebrieuskprater is. Yn 'e tiid fan 'e massale immigraesje like it der gauris op, dat de hebrieuskpraters ondergean soene yn in sé fan frjemde talen, mar al weroan learden de immigranten (mei útsûndering fan de âlde minsken) gau in mûlfol Hebrieusk, dêr't hja by it wurk, yn it maetskiplik libben en yn 'e kontakten mei it offisium net sûnder koene. Yn 1954 brûkte nei skatting likernôch 60% fan de joadske bifolking it Hebrieusk as iennichste of as earste tael. Letter sifers binne der net, mar nei skatting koene fan de 1.760.000 Joaden, dy't der oan 'e ein fan 1957 yn Israël wiene, sa'n 95% har daegliks wurk yn it Hebrieusk dwaen, al praetten withoefolle thús oare talen en liezen hja faeks oartalige deiblêdden. Guon fan harren sille sûnder mis mei de tiid folslein ‘hebraïsearre’ wurde; yn elts gefal bitsjut it bistean fan de steat dat harren bern hebrieuskpraters wêze sille. It Hebrieusk wurdt dus fan mear lju praet as it Albaensk, Letsk of Welsk. Alve deiblêdden komme der yn út, withoefolle tydskriften en mear as tûzen boeken jiers, wylst fiif akademyske ynstellingen it as
| |
| |
iennichste fiertael brûke. In hiel rigeltsje lânnen (dér't hiel hwat arabyske steaten ta hearre) jowe alle dagen radioprogramma's yn it Hebrieusk.
De werberte fan it Hebrieusk krige sa syn bislach noch gjin tachtich jier neidat it idé foar it earst to praet brocht waerd, hoe skeptysk men faek ek foar it slagjen oer stien hat.
| |
Hoe't it Hebrieusk herfoarme waerd.
Yn 1880 wie it Hebrieusk hielendal net in ûngaedlike tael. It doogde bêst foar poëzij, essays en histoaryske romans en foar de diskusje oer gâns ûnderwerpen, filosofy dêrby rekkene en dan fansels foar it skriuwen oer godstsjinstige ûnderwerpen yn great forskaet. It oplibjen as tael foar alle libbensgebiet stelde dêrom lykwols easken op twadderlei terrein, dat oan dy tiid ta net ûndersocht wie: op dat fan it gewoane deistich praet en op technologysk gebiet. De fraechstikken op it earste koene de hebrieuskpraters sels wol oan, mei hwat help fan romanskriuwers; der ûntjoech har in krêftige, kleurige sprektael, dy't oan alle forlet fan 'e Israeli foldocht, al sil de strange purist der biswieren tsjin hawwe lyk as tsjin de Ingelske sprektael. Op technysk terrein moast alles der op set wurde om de bisteande boarnen fan 'e tael troch alle tiden hinne oan to boarjen en nije wurden to foarmjen, as dêr forlet fan wie. Ben-Yehuda wie wer de man dy't de foarstap naem. Hy samle it materiael foar in wurdboek, de Thesawuis, dy't útjown is yn sawntjin dielen mei meiinoar oer de achttûzen siden. Oare greate wurdboeken binne dy fan J. Goor (Grazovsky) en J. Even-Shoshan.
It foarnaemste wurk op dit terrein is dien fan 'e Vaad ha-Lashon (‘Taelrie’), dy't sûnt 1904 bistiet. Dy rie giet oer stavering en spraekleare; hwa't op taelkundich gebiet hwat witte wol, kin torjochte by ien fan syn buro's. It hâldt der kommisjes op nei (op it stuit njoggen en tweintich), gearstald út learden en minsken út 'e praktyk, dy't Hebrieuske wurden bitinke moatte foar it technysk forlet fan de ûnderskate ambachten en biroppen. Ien fan 'e lêste publikaesjes is in wurdboek fan muzykwurden; fierder ien foar de auto en syn ûnderdielen en ien foar telefoantechnisi. De 3600 wurden fan dy trije wurdboeken binne foar de greatste helte net nije, mar goede âlde Hebrieuske, dy't hwat foroare binne om se gaedlik to meitsjen foar technysk gebrûk.
Yn 1954 krige de Vaad ha-Lashon by de wet de posysje fan ‘Hebrieuske Taelakademy’, mei as leden learden en foaroan- | |
| |
steande skriuwers en dichters - har bisluten jilde foar alle offisiéle lichems. Der is fuort úteinset mei in Akademysk Hebrieusk Wurdboek, dat alle perioaden fan 'e tael bislaen sil.
De militaire macht fan Israël hat in eigen taelkommisje, dy't gâns opmerklike fynsten op har namme hat, dy't al gau yngong founen yn 'e tael fan it folk. Der binne mear steatsburo's, dy't de tael forrike hawwe. Dit stiet hielendal los fan 'e fornijingen, dêr't alle dagen weroan kranten en in great forskaet fan skriuwers foar soargje.
Gâns nije wurden sloegen net oan. Guon nije wurden wiene neat as lokkige fynsten yn âlde boarnen, wurden dy't net mear brûkt waerden, oant der in gelegenheit kaem om se nij libben to jaen. In wurd foar ôfdak yn 2 Ken. XVI, 18 waerd om 1950 hinne it wurd foar garaezje. Ut en troch slagge it, in gaedlik wurd to finen yn ien fan 'e Arameeske dialekten, dy't de Joaden eartiids brûkten. De measte nije wurden komme ta stân troch de gearstallende dielen fan Europeeske wurden (eartiids Dútske, nou meast Ingelske wurden) yn it Hebrieusk oer to setten.
De taelûntjowing komt yn de folgjende sifers dúdlik út. De wurdeskat fan de bibel bifettet 7704 ûnderskate wurden, it wurdboek fan Even-Shoshan hat 28.185, dêr't 8458 fan ynfierd binne sant it oplibjen fan 'e tael. Dit binne algemien brûkte wurden, mar der binne helte mear technyske wurden.
| |
Hoe't it Hebrieusk de striid woun.
doe't de werberte fan it Hebrieusk al in moai ein foardere wie, leine noch altiten withoefolle lju der tsjin yn, omdat noch nea in deade tael wer ta libben kommen wie. De ûtkomsten hawwe biwiisd dat hja ûngelyk hiene, mar wy meije ús dochs wol ôffreegje, hoe't it komt, dat it Hebrieusk wer ta nij libben kaem, wylst oar bisykjen om talen, dy't noch net ienris folslein útstoarn wiene, oplibje to litten, minder sukses hie.
Om to bigjinnen: Hebrieusk wie foar de Joaden nea in deade tael. Dy hiene altiten it fielen dat de talen, dy't hja yn 'e Diaspora sprieken, mar tydlike helpmiddels wiene en dat hja ienris wer nei Sion gean soene en Hebrieusk prate. Ben-Yehuda wie allinnich de man, dy't sjen liet, dat dit nou barre moast, net yn in fiere takomst. Dêrom koene dy iere Halutzim der ta komme om nêst in libben fan swier arbeidzjen de alderminst lichte taek op har to nimmen om to praten yn in tael, dy't hja mar heal bihearsken, wylst jonge minsken ré wiene it mei it Hebrieusk as iennichste ûnderwiistael to weagjen.
| |
[pagina p.t.o. 80]
[p. p.t.o. 80] | |
(foto Richard Stern)
EIN KAREM, IT STE DER'T JOHANNES DE DOPER BERNE WEZE MOAT
| |
[pagina p.t.o. 81]
[p. p.t.o. 81] | |
JOADSKE PARTISAEN DY'T YN DE BERGEN FAN JAJCE FOCHTEN HAT
| |
| |
Dêr komt noch by, foar de immigrant út East-Europa, Azië en Noard-Afrika wie Hebrieusk de tael, dêr't er gâns of al syn boeken yn lies, dêr't er gauris brieven yn skreau of rekkens en dy't, net to forjitten, de tael fan syn godstsjinstich libben wie. De literatuer fan 'e Haskalah, dy't oan 'e werberte foarôfgyng, hie it Hebrieusk op gâns oare terreinen brocht. Ek noch foar it oplibjen falle de kranten dy't (sûnt 1863) yn Palestina útkomme, dy't yn it Hebrieusk wiene, krektlyk as de measte kranten dy't yn East-Europa fan Joaden útjown waerden.
Dat drok skriftlik brûken fan it Hebrieusk troch de ieuwen hinne hie it al tige taret foar de herfoarming dy't it ûndergean moast om alle forlet fan it moderne libben werjaen to kinnen. Hiel hwat wurden, dy't nou brûkt wurde, binne yn 'e midsieuwen bitocht fan filosofen, Kabbalisten (bioefeners fan it Joadske mysticisme) of fan rabbi's, mar fan noch greater bitsjutting is dat hja de methoaden fêststelden, dy't yn ús tiid de Taelakademy en oare lichems en persoanen brûke koene om de tael to forrykjen.
Doe't de opbou fan it Joadsk nasionael tohûs yn Israël fest stie, wie der ek gjin oare útwei as de werberte fan it Hebrieusk. Dat wie de iennichste tael dy't alle Joaden mien hiene. Jiddysk en Ladino sprieken mar in part fan 'e Joaden en dy't it net diene koe men min fan forwachtsje, dat hja in tael oannimme soene, dy't gjin forbân hie mei har eigen joadsk forline. It wie fansels ek net mooglik in oare tael, bygelyks it Ingelsk, op to lizzen oan lju, dy't nei it nasionael tohûs weromkamen, hwant hja kamen werom om Joaden to wêzen, net om de iene assimilaesje yn to roaljen foar de oare. It wer ynfieren fan it Hebrieusk wie dus in wêzenlik diel fan 'e joadske werberte.
De oermacht fan it Hebrieusk yn it daegliks libben waerd biskaet troch it ritme fan 'e immigraesje, dat sadanich wie, dat gjin inkelde joadske groep ea folle greater wie as de oare yn 'e Yishuw, hwat der ta liede kinne soe, dat de omgongstael fan dy groep har forspraette oer oare groepen. Hebrieusk wie it natuerlik medium foar alle omgong tusken lju út ûnderskate lânnen en de natuerlike tael foar de húshâldingen, dêr't man en frou út ûnderskate mienskippen kamen. As der mear fan sokke houliken komme en de âlde Landsmannschaften (tige bisletten groepen fan minsken út deselde krite of fan itselde komôf) bilies jaen moatte foar de ienfoarmige Israélyske maetskippij, fordwine de oare talen, dy't yn eigen formidden brûkt wurde, njonkenlytsen. Der wurdt fansels gâns stúdzje makke fan it Ingelsk yn skoallen en universiteiten en men soe Ingelsk
| |
| |
biskôgje kinne as de twadde kultuertael fan 'e Israéli. Yn 'e lêste tiid komt der mear bilangstelling foar it Frânsk. Der binne deiblêdden yn it Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Arabysk, Perzysk, Jiddysk, Ladino, Poalsk, Hongaersk, Roemeensk en Bulgaersk en wykblêdden yn oare talen. De fijannige hâlding foar it Jiddysk oer is foroare yn freonskiplike bilangstelling: jiddysk toaniel en jiddyske lietsjes binne tige yn swang en jiddyske tael en literatuer wurde ûnderwiisd oan 'e Hebrieuske Universiteit.
| |
Hwer't it moderne Hebrieusk op liket.
Al binne dan gâns nije wurden sûnt de werberte ynfierd en al hawwe de uteringsfoarmen gâns foroaring ûndergien om de moderne westerske idéen werjaen to kinnen, dochs liket it Hebrieusk mear op de tael fan 'e bibel, 3000 à 2500 jier lyn, as Ingelsk liket op de tael fan Chaucer, dêr't it oars mar sa'n 550 jier fan ôf stiet. It Hebrieusk stiet yndied yn guon dingen tichter by it Hebrieusk fan 'e bibel as by de tael fan de Mishnah fan 1700 jier lyn. Dat komt omdat it moderne Hebrieusk eleminten opnommen hat fan alle soarten Hebrieusk dy't ea bistien hawwe en dy forboun ta in tige aparte mingtael. Nou moat hjir net út opmakke wurde, dat it Hebrieusk fan ús dagen ‘kunstmjittich’ is. De forbining fan âlde taelfoarmen mei jonger is typearjend foar de hiele ûntjowing fan it Hebrieusk en bigjint al by it gearstallen fan 'e daeglikse gebedens, sa'n 1900 - 2000 jier lyn. Oan 'e oare kant is it al sa, dat it mingingsproses nea sa sterk west hat as yn 'e tiid fan it oplibjen.
Ut 'en rûgen kin sein wurde, dat de wurdfoarmen fan it hjoeddeiske Hebrieusk yn haedsaek út 'e bibel komme, de bou fan 'e sinnen út 'e tael fan 'e Mishnah en de wurden sûnder ûnderskie út alle tiden en stilen. Withoefaek kin itselde op twa (of mear) menearen sein wurde; dy menearen stamme dan út ûnderskate tiden. Faek hat dan it moderne gebrûk fine bitsjuttingsûnderskiedingen ûntwikkele tusken dy ûnderskate uteringswizen om de tael riker en krêftiger to meitsjen. Soms wurdt de iene menear allinnich yn heechdravende tael, de oare yn it deistich praet brûkt. Sadwaende wit immen, dy't it tradisionéle Hebrieusk yn it útlân leard hat, earst faek net hwat er der oan hat, as er de Israéli de wurden, dy't er oars wol ken, op sa'n aparte wize brûken heart. As er mei geduld en bigryp him yn dy ûnderskieden jowt (sa't men alles yn Israël binei komme moat) kin er by einsluten wolris tige ûnder de tsjoen komme fan de wize, dêr't de Israéli taelproblemen op oplost
| |
| |
hawwe, problemen dy't fansels net bisteane foar immen, dy't it Hebrieusk net as iennichst uteringsmiddel brûke moat.
Ieuwen lang hawwe de Joaden yn 'e synagogen it Hebrieusk tige forskillend útsprutsen: hja kiene de Sephardi- en de Ashkenazi-útspraek (mei gâns fariaesjes) en de Yemenityske, de Noardafrikaenske, de Perzyske en noch oare. De saneamde Sephardi-útspraek fan Israël is net lyk oan ien fan 'e tradisionéle synagoge-útspraken, al liket dy it meast op Sephardi, dat spaenske Joaden eartiids yn ûnderskate dielen fan Europa brûkten. Jonge minsken binammen prate it Hebrieusk mei greate krêft en tige fluch, sadat de wurden faek tige forkoarte wurde. Men kin prate fan twa gongbere útspraken: de iene wurdt brûkt fan de measte Israélis, de oare fan immigranten út Arabië en harren bern. Der is ek ûnderskie tusken stêdpraet en doarpspraet; it lêste is stadiger en sjongt mear.
doe't hja de Sephardi-útspraek foar kar kamen, diene Ben-Yehuda en syn maten, meast russyske Joaden, frijwillich ôfstân fan har eigen tradysje. Hja diene it mei't it Sephardi, lyk as hebrieuske wurden yn talen fan deselde tiid biwize, de útspraek wie yn de tiid, doe't it Hebrieusk noch sprektael wie. It bigjin fan 'e Ashkenazi-útspraek doar men op dit pas net earder sette as de iere midsieuwen.
| |
Hebrieuske biskaving.
De bitsjutting fan in tael wurdt net biskaet troch har apart karakter en likemin troch it tal sprekkers fan dy tael, mar troch de kulturéle wearden, dy't hja draecht. Hebrieusk hat it foardiel fan in literatuer fan mear as 3000 jier, mei it forneamdste boek fan allegearre, de bibel, nêst in great tal oare wurken, dy't heech oanskreaun steane yn 'e skiednis fan 'e minsklike geast. Ja, hwat mear seit, hiel hwat wurken út dit lange tiidrek lêst de hebrieuskprater nou ek noch mei wille: alderearst de bibel, dan de Mishnah, de ûnderskate boarnen fan Agadah, de poëzij fan Judah Halevi en Salomon Ibn Gabirol en oare dichters fan 'e midsieuwen en de filosofy fan 'e mystikus Bahya Ibn Pakuda, fan Judah Halevi, fan Maimonides en fan gâns oare midsieuske filosofen, hwaens wurk yn 'e midsieuwen út it Arabysk oerset waerd of dy't sels yn it Hebrieusk skreauwen. In jier as tsien lyn krigen wy kunde oan in alhiel nije literatuer, dy fan 'e Deade Sé-rôllen.
De tiid fan it oplibjen foege dêr net allinnich it wurk fan Mendele, Bialik, Tchernichovsky en Ahad Ha'am oan ta, mar ek dat fan oare skriuwers, dy't yn 'e Diaspora to wrâld kamen
| |
| |
- hiel hwat fan harren, byg. de lêstneamde trije, founen by einsluten it paed nei Palestina. Gâns in rige dichters, toanielskriuwers en romanciers soene hjir neamd wurde kinne; dêr komt in great tal literaire kritisi en essayisten by en learden, dy't oer algemiene ûnderwerpen skriuwe of oer forline en hjoed fan it joadske folk. Der binne forskate skouboargen, de útfieringen steane op in heech technysk peil en der komt altiten gâns folk op tasetten. Der is ek in bigjin fan in hebrieuske filmyndustry. Yn 'e lêste tiid, sûnt de twadde wrâldoarloch is in hiele generaesje fan jonge skriuwers, dy't yn it lân berne binne, nei foaren kommen. Wylst hiel hwat fan dy literatuer giet oer hjoeddeiske ûnderwerpen en de foarbylden fan westerske literatuer, de Amerikaenske dêr by rekkene, folget, is der tagelyk in oanwinnende bilangstelling foar histoaryske en spesiael-joadske thema's. De lêste jierren komme de lichtere literatuer, de komeedzje en de fordivedaesjekunst mear nei foaren. Der bistiet in greate foarrie fan folkssangen, dêr't de opmerklike poëtyske kwaliteit fan it Hebrieusk yn foriene wurdt mei meinimmende heal-easterske melodijen, dêr't de natuer fan it lân ta ynspirearret.
| |
Hoe't it Hebrieusk de immigranten leard wurdt.
De needsaek om immigranten kultureel sa fluch as 't kin to absorbearjen en binammen de immigranten mei yntellektuéle kundigens, dy't de tael brûke moatte foar har wurk, hat sûnt 1948 gâns nije methoaden foar fluch en goed taelûnderwiis yn 't libben roppen. Foaroan steane hjirby de fjouwer Ulpan-ynstellingen fan 'e haedstêd, dêr't alle jierren sa'n 1200 minsken in tige yntinsive leargong fan fiif moanne folgje, dy't har yn steat stelt forantwurdlike amten oan to gean. De methoaden binne tige útfikelearre en de resultaten kippe der út. Der is op syn minst ien goed hebrieusk skriuwer, dy't syn earste oplieding krige hat by Ulpan yn Jeruzalem. Der binne ek in rigeltsje ‘Arbeidzjende Ulpanim’ yn lânboudelsettingen, dêr't jonge learlingen in heale dei arbeidzje en fierders studearje. Yn 1953 ûntstie in massale aksje mei namme Hanhalat ha-Lashon (‘it trochjaen fan it taelkundich erfskip’) om in minimum kennisse fan it Hebrieusk ûnder nije immigranten to forsprieden. Dy aksje lei op in stuit bislach op 50.000 minsken; hiel hwat fan harren krigen les fan frijwilligers, dy't nei de lju tagyngen en oan hûs hiele húshâldingen ûnderwiis joegen. De hiele aksje hie ta grounslach in list fan tûzen nuttige wurden, dy't in bilangryk middel bleaun is ta sukses op koarte termyn. Yn 1957
| |
| |
kaem in ‘Fiifhûndert wurden’-plan ta stân foar it ûnderwiis yn it Hebrieusk oan Joaden yn 'e Diaspora. Oan 'e ein fan 1957 is in bigjin makke mei it oerskriuwen fan bikende forhalen fan joadske skriuwers yn ‘Maklik Hebrieusk’ d.w.s. safolle mooglik yn 'e wurden fan 'e list mei tûzen wurden. Der is ek in wykblêd yn ‘Maklik Hebrieusk’ en alle dagen binne der útstjûringen fan nijsbirjochten yn ienfâldige tael foar immigranten en dan in deiblêd mei de fokalen allegearre oanjown foar hwa't it gewoane joadske skrift sûnder fokaeltekens noch net lêze kinne.
(fortaling út it Ingelsk fan prof. dr. J.H. Brouwer)
|
|