De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 60] [p. 60] Uri Tzevi Greenberg: Net as hounen As hounen ha ús de Eallju net bljegene - by har dochs wurdt in houn Streake en patte sels fan Eale lippen; syn jongen De poppen fan it hûs: hy wurdt oanienwei let en set En giet sa'n houn dea - hwat in triennen litte de Eallju om him. Hja brochten ús ek net as skiep nei de slachtbank Wy, rudige skiep, waerden dreaun ta forneatiging Oer al de moaije lânskippen fan Europa - De Eallju soene mei har skiep net omgean as mei ús lichems Foar it slachtsjen brekt men jins skiep de tosken net út Noch tept har de wolle fan 'e lea, sa't hja ús diene; De skiep smieten hja net yn it fjûr om jiske fan libben to meitsjen En dy jiske to struijen yn revieren en rioelen. Bin der oare likenissen foar it needlot dat har hân ús oandie? Der bin gjin oare likenissen (wurden bin skaden fan in skaed) - Dit is it skriklikste to sizzen: der bin gjin oare likenissen. De wreedste martlings dy't minsken ea noch minsken oandwaen sille yn it lân fan 'e Eallju Dy't in forliking siket sil it sa sizze moatte: Hy waerd tramtearre as in Jood. Alle skrik, alle ûntsetting, alle ienlikhelt en alle bittere triennen to wrâld De likenisskriuwer sil sizze: It is by de Joaden om't ôf. Us needlot is gjin helpen oan Hwant syn ôfmjittings omspanne de wrâld: De hiele biskaving, it ryk fan 'e Eallju oant syn top - is yn ús bloed En al syn forhoalen biwitten - yn ús triennen. Vorige Volgende