De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 58] [p. 58] David Shimoni: Skielk bart it dat de geast Skielk bart it dat de geast, oprizend, lichems finznis Untkomt, as in revier dy't alle diken brekt De ein fan alle flesk: inkeld geast, licht en neuken Inkeld siel, dy't la siel sûnder wurden sprekt. En dy stien yn it lân, swier en stom en forgetten Is gjin balstien, mar geast fan 'e lydsumheit It oarspronklik bigryp, yn syn kearnen bisletten Stoarret nei hwer't de grins fan de oerstiltme leit. En de skonk fan dat mûldjier, swier bûgd ûnder lêsten Hwerom kobbet it swit op dy trillende skonk? It is pine om de twang en in langst net to dwêsten Nei bifrijing as 't lûd fan 'e driuwer forklonk. Jit slommet de skepping, in bern yn 'e nane Dat boartsjend syn tean yn 'e wrâldromte stekt Mar rounom sjonge al ingels, en feestfjurren baerne Foor de geast dy't oerwint en de grinzen trochbrekt. In beam palmet langhalzjend op nei de sinne En de sinne drupt bloed fan har bloed yn syn lea En trochsichtich fan huverjend langstme sa rinne De kleuren him op en ôf - grien, goud en rea. Skielk, forlost sil dy beam la ûntaestbrens genêze Leafde sprekke yn 'e tael fan it twadde bigjin En der sil in greate, langjende opflecht wêze Nei de skientme dy't is, mar nòch net komme kin. Neiswyljen Neisimmer, stiltme en damp. In âld Yemenitewyfke fandelet droege prikken foar in feestbrantsje Har krûme rêch dûnkeret tusken it druvegrien en glimt yn hjerstgloede. Har gruzige bernssoan, krollen om 'e earen, docht in raem yn 'e tûken fan in figebeam. [pagina 59] [p. 59] In pille swart brea hat er tusken 'e tosken en syn fûle fingers teppe de lêste fruchten. In fûgel is út it figestruwel brutsen, driftich tsjitterjend yn 'e stilte fan 'e wrâld op, en strykt wer del op 'e waerme groun om de fallene breakrommels op to pikken. Ik hear by dizze neiswylders, loom lizzend tsjin 'e skeante fan 'e wynheuvel en stellenderwize myn steal fan 'e simmer heljend, rispings neiglâns, suver en apart. De blompot Dêr is in ieuwewâld; syn mânske stammen Skoarje de loft En dêr is in ierden pot: deryn groeit In deiske blom. Yn it finsterbank fan in lege klint Groeit hja stilwei Alle dagen komt by dy blompot in âldminske En jowt de blom drinken. Har hân trillet, de âld rêch is krûm En de jitter swierdernôch Mar hja hat in sin by dy blom, bûcht der oer En spounzet syn blêdden. En doe't ik dat âldminske seach Dy't har blom drinken joech Riisde ynienen in great wâld Yn dy dimmene bloeijende plant. In ieuwewâld, dêr't Gods each oer giet Oanienwei dei en nacht Syn toarst wurdt sêdde út de ûngroun En út de himel beide Mei streamen, mei dauwe en rein. Vorige Volgende