| |
| |
| |
Dr. J. Melkman:
Agnon en de religieuze krisis yn us tiid
Fan de hjoeddeiske Hebrieuske skriuwers is der sûnder mis gjinien sa forneamd wurden as Samuel Joseph Agnon, dy't der great op gean kin dat gâns fan syn forhalen, koarte sawol as lange, oerset binne yn ûnderskate Europeeske talen. As wy op dizze grounen oannimme meije dat de namme Agnon min of mear húsriem wurden is, dan witte wy ek, dat de lêzers him it bêste kennen leard hawwe kinne as de biskriuwer fan it ‘stedtsje’ yn East-Europa. Hy is net de earste, dy't dit ‘stedtsje’ biskreaun hat; binammen yn it Jiddysk ha wy allerhanne soarten forhalen oer dizze boarne fan Joadsk libben: leafdefolle en sarkastyske, humoristyske en mankelike. Agnon syn biskriuwing is in gearmjuksel fan al dizze soarten en mei sok in masterskip set er jin sawol de minske as dy syn formidden foar eagen, dat men fan it lêzen oer syn berteplak Boeczacz yn Galicië, ûnderdiel noch fan it greate keizerryk fan Eastenryk en Hongarije, nea jins nocht kriget. Ek as syn froede Rabbi Joedel jin, mei syn koetsier en beide hynders, meifiert troch it Galicyske lân, fielt men jin thús yn it Joadsk formidden en men fornimt net ienris dat it prosédé, dat Agnon brûkt, in lette neikommeling is fan de Don Quichote fan Cervantes, faeks noch mear ynspirearre op de greate Russyske skriuwer Gogol. Ek dy syn haedpersoan ommers tsjocht mei hynder en wein it lân troch en syn hynders fiere ek al petearen ûnder elkoar, lykas dat by Agnon it gefal is. Foar it neist is it lykwols dochs de baes en tink oan Don Quichote: ús Rabbi Joedel is yn 'e groun in like eale ridder as de Spaenske helt en syn eagen binne al like slim forbline foar de wurklikheit; en syn koetsier is Sancho Pancha net wanlyk dy't foar de dreamerijen fan syn baes oer sa nofteren bliuwt as 't mar kin en dy't lykwols neat oars kin as dizze bernlike, bigreatlike, naïve en domme master
biwûnderje en hearrich wêze omdat er him in drager wit fan ealer eigenskippen as hysels bisit, in fortsjintwurdiger fan in oare wrâld, dy't better en dêrom sterker is as dêr't wy ús yn biwege.
En dêrmei hat Agnon ús ynienen, sûnder dat wy der aen fan hiene, midden yn in konflikt set, wylst wy ûnder it lêzen dochs mienden dat it yn syn Joadske doarpkes - en letter yn Erets Jisrael - allegearre suver fansels gyng. Faeks, sa hâldt men jinsels foar, meitsje wy Agnon to modern. Faeks wolle
| |
| |
wy sa graech dat ús Hebrieuske skriuwer greate problemen bihannelet, wylst hy neat oars wol as fortelle, it iene forhael nei it oare, it iene forhael yn it oare, oer de minsken yn syn doarpke, oer syn wjerfarren yn Dútsklân yn de tiid fan de republyk fan Weimar, oer Erets-Jisrael en syn chaloetsiem. Forsinne wy ús net as wy tinke dat dizze man mei syn superieur-ienfâldige styl in konflikt bihannelet, wylst hy ús oanhâldend deagewoane minsken foarset, dy't allinne troch de wil fan de skriuwer ta ‘helten’ yn it forhael wurden binne, mar hwaens hiele hâlden en dragen yn gjin inkeld opsicht ‘helthaftich’ is? Hwat hat syn winkelmantsje, syn timmerbaeske, syn koetsier of sels syn gelearde mei de djippe konflikten fan de minskheit to krijen?
Lit ús, om ússels ris rekkenskip to jaen, in inkeld forhaeltsje fan Agnon ûndersykje en lit ús dêrta datjinge útkieze dat de auteur oanlieding jown hat om syn oarspronklike namme fan Chachkes to foroarjen yn Agnon: it is it forhael Agunoth, út 1909. In Aguna is neffens de Joadske wet in frou dy't troch de man forlitten is sûnder dat hja ea wer hwat fan him fornommen hat. Dizze frou mei net earder wer trouwe as hwannear't hja in bitrouber deadsbirjocht krige hat. Komt dat net, dan bliuwt hja har libben lang fêstknotte oan de man dy't by har weiroun is. Gâns Joadske skriuwers hawwe it lot fan sokke ûngelokkige froulju biklage; en faek fynt men by Agnon situaesjes dy't mei dit probleem anneks binne.
Yn ús forhael is der sprake fan de rike Rabbi Achi-ezer yn Jeruzalem, dy't ta syn fortriet gjin soan hie, mar wol in dochter dy't tige kreas wie en skrander en elkenien dy't har seach foar har ynnaem. Dizze dochter socht Rabbi Achi-ezer in weardige skoansoan foar en dêrom stjûrde er - hwat him kwea ôf nommen waerd - boaden út nei alle dielen fan de golah (diaspora); hwant hy foun yn Jeruzalem nimmen dy't hy weardich karde. Nei forrin fan tiid komt der tynge, der is yn Poalen in bysûnder bitûft jong gelearde, dy't yn elk opsicht oan de easken foldocht. De rike Achi-ezer wol, sa nimt er him foar, foar syn gelearde skoansoan in jesjiewa (Talmoedskoalle) yn Jeruzalem bouwe dy't har gelikens op ierde net hawwe sil. En it moaiste moat de Hillige Arke wêze, dêr't de Torarôlle yn biwarre wurdt. Oan Ben-Uri, in swijsum, dimmen fakman, draecht er dit bouwurk op.
‘Rabbi Achi-ezer naem Ben-Uri op yn syn hûs en joech him in fêst plak op de leechste fordjipping. Ben-Uri helle syn ark op en sette him ta it wurk. Fuortdaliks waerd er
| |
| |
troch in oare geast bisiele. Wylst syn hannen har wurk diene, jubelen syn lippen de hiele dei.
Dina, de dochter fan Rabbi Achi-ezer hearde dat, gyng foar it finster stean, sloech him acht en harke en har hert loek nei de wurkpleats as troch tsjoenkrêft, God mei ús hoedzje. Ja, hja gyng sels hinne en biseach hwat de fakman makke hie, hja mei har fammen, biseach de Arke, rierde yn 'e ferve, bigluorke de forsierings, hifke it ark wylst Ben-Uri al sjongend oan in skeakel fan de Arke arbeide en skaefde. Doe't Dina syn lûd hearde, wie hja harsels net mear. Hy lei it der ek op ta om har hert to lûken troch syn gesang, dat hja by him bliuwe soe en toninter wer fuortgean. Mar doe't hy him wer ta syn wurk bijoech, naem him dat wer hielendal yn bislach, sadat er mei hert en siel allinne by de Arke wie, en der alhielendal fol fan wie. Hy tocht net mear oan Dina en forgeat har.’
Ben-Uri fart fuort mei syn wurk en syn sjongen hâldt op. It slagget him en bou in oeribel moaije Arke.
‘Ben-Uri seach nei it wurk fan syn hannen en wie fornuvere dat dit bistie wylst hy himsels leech fielde. Hy waerd drôvich en skriemde.’
Ben-Uri rint it tún yn en falt yn 'e sliep. Dina komt op dat stuit yn 'e nachtklean ta har keamer út omdat hja ûntdien is dat hja al safolle dagen it lûd fan Ben-Uri net heard hat. Hja giet yn syn keamer en fynt him net, mar wol de prachtige Arke.
‘De Satan kaem en geat oergunst yn har hert. Hy wiisde op 'e kast en sei tsjin har: hwat tinkt dy, hwa oars hat it lûd fan Ben-Uri bismoard as dizze kast? Wylst er sa spriek staette er tsjin de Arke oan. De Arke kantele en foel troch it iepen finster.’
Dina fielt har skuldich, wylst de Arke yn it tún leit. As de minsken de oare deis komme en sjogge hwat der bard is, tinke hja dat Ben-Uri in minderweardich man is hwaens wurk op dizze wize troch God forwurpen wurdt. De Arke wurdt opburgen, der wurdt in oarenien makke, mar elk dy't dy sjocht slûpt fan mankelikens gau wer fuort. Yntusken komt de forneamde breugeman en de dei fan it houlik brekt oan. Hja bringe de breid by de Rabbyn fan de stêd en omdat de troudei foar breid en breugeman as in Greate Soendei jildt, in festeldei dat de sûnden biliden wurde moatte, fortelt hja de Rabbyn tomûk hwat der bard is. De Rabbyn, alhiel oerstjûr, bisiket har to treasten en ûnthjit de Arke wer op syn plak to setten. Mar doe't hja de Arke sochten wied er der net mear. ‘Stellen of- | |
| |
weistoppe of nei de himel fearn, hwa sil it sizze?’
De brulloft kriget syn bislach mar de jongelju binne net op dré. It is neat liker as stiet der in muorre tusken harren. ‘En de iene kaem de oare net neijer de hiele nacht troch net (Exodus 14:20), sels net doe't hja yn in aparte keamer brocht waerden.’ Syn tinzen nimme de wyk nei Poalen en nei syn buorfaem Pardele en hàr tinzen binne by Ben-Uri dy't sûnder in spoar efter to litten fordwoun is. De oare moarns stiet de breugeman to bidden middenmank gâns oaren ‘hwant hja litte him net allinne om him to hoedzjen foar kweageasten. Mar de kweageasten binne master yn syn hert en pinigje him gâns’ hwant yn syn reinste bea lit har syn buorfaem Pardele sjen. Syn heit sjocht him mei argewaesje oan; hy is dochs ryk, hy hat dochs in moaije, froede breid en in hûs as in paleis? Hja sette de jongelju ûnder it miel njonken elkoar. ‘Hja sitte deun by elkoar, har herten binne elkoar fier.’ Hja komme elkoar nea neijer. De breugeman Rabbi Jechezkel tinkt allinne mar oan Poalen, ek al is er nou op Gods eigen hillich sté.
Rabbi Achi-ezer moat tajaen dat hja togearre gjin pear foarmje. Rabbi Jechezkel jowt syn frou yn bywêzigens fan de Rabbyn in skiedelhrief. ‘Us gelearden sizze: as immen syn earste frou forstjit, dan skriemt sels it alter, mar hjir skriemde it alter al doe't hja troude.’
De Rabbyn fan de stêd hat dêrnei in dream: Hy sjocht sielen yn drôfenis sykjend om in frou dy't harren past. Hy sjocht Ben-Uri.
‘Ben-Uri seit tsjin him: Hwerom ha jo my fordreaun fan it erfskip Gods? De Rabbyn sei: Is dit dyn lûd, myn soan Ben-Uri? en hy bigoun to skriemen. Troch it gûlen waerd hy towekker en hy bigriep dat hjir mear efter siet. Hy wosk de hannen, naem in stôk en rânsel, rôp syn frou en sei: myn dochter, sykje my net, ik moat de ballingskip tomjitte om it lot fan Agunoth to forlichtsjen. Hy gyng fuort en hja hawwe him nea werom foun.’
‘Der wurdt tsjintwurdich wol sein dat er yn it hillige lân omswalket. De greate minsken twifelje deroan en guon spotte der sels mei. Mar de skoalbern sizze dat hja jouns in âld man tsjinkomme, dy't harren nei oankomt, yn 'e eagen sjocht en wer fuortrint. En hja, dy't it boppesteande forhael kenne, sizze dat dy âld man nimmen oars is as de Rabbyn. En by God sil de oplossing foun wurde.’
De earste fraech dy't jin rekket is dizze: hwer is hjir, yn dit
| |
| |
hiele forhael, sprake fan in Aguna, fan in frou, dy't wetlik troud is mar hwaens man fordwoun is? Sawol it houlik fan Dina mei Rabbi Jechezkel as de skieding wie alhiel neffens de foarskriften fan de Joadske wet. It bigryp Aguna is hjir allinne mar ta to passen, as wy it slaen litte op de forhâlding tusken Dina en Ben-Uri, de frjemde timmerman. Of op dy fan Rabbi Jechezkel en Pardele. Mar yn gjin fan beide gefallen is der sprake fan in echt houlik; sels net ienris fan in ûnthjit om to trouwen. Dina en Ben-Uri hawwe alhiel net meielkoar praet en ek fan Jechezkel en Pardele fortelt de skriuwer ús net dat de iene fan de oare wist (of sels mar aen hie fan) hwat der yn syn en har hert omgyng. Dochs binne Dina en Jechezkel al foroardiele ta in ivich allinne-wêzen, ek al binne hja troud, omdat harren hert it ûnthjit dien hie. Net de plechtige ynsegening fan it houlik is hjir biskiedend, mar de tinzen dy't de minsken bisielje. It is net allinne sa dat it tinken rekkene wurdt as de died, né, earder is it sa dat foar Agnon it fielen en tinken de wierhaftige died is en dat dy hanlingen dy't wy wend binne dieden to neamen, yn wierheit ûnbitsjuttend binne. Dizze gedachte, dat it wierhaftige libben fan de minske yn syn inerlik is, fiert Agnon mei in rigoureuze konsekwinsje troch. Yn ús forhael wurde op syn minst trije minsken libbenslang ûngelokkich omdat de ynjowing fan it hert net opfolge waerd of wurde koe: Dina, Jechezkel en de Rabbyn, dy't faeks dit lijen fóár wêze kind hie as er him hâlden hie oan de wetten fan de gefoelswrâld en net oan de wetten fan 'e ‘gewoane’ maetskippij. Der is, yn ien fan de lêste boeken dy't Agnon skreaun hat, in bundel forhalen dy't de kollektive titel drage Boek fan 'e Hannelingen. Alle forhalen yn dy bundel binne dreamen, de hannelingen, foarsafier't hja foarkomme, binne
dreamhannelingen yn in wrâld mei eigen wetten, gâns oars as dêr't wy oan wend binne. Net de uterlike faktoaren biskiede it libben, mar it is ús wil, dy't de gong fan saken yn 'e wrâld regelet en as ús wil mar krêftigernôch is, dan foroaret er ek alle wetten fan 'e natuer. Dit bygelyks fortelle de froede pylgers elkoar:
‘Doe't ús hillige gelearden, har oantins wêz’ ús ta Seine, Rabbi Nachman fan Horodenke en Rabbi Mendele út Premyszl en oare soksoarte Tsaddiekiem (rjochtfeardigen, rabbinen) nei Erets Jisrael teagen en hja bifounen har yn gefaer op sé, doe naem Rabbi Nachman in Torarôlle yn syn earms en sei: Byhwannear't, hwat God hoedzje mei, oer ús yn it Hege Gerjochtshôf bislist is dat wy ûndergean sille, dan stimme wy, it Gerjochtshôf op ierde, nei ús assumearre
| |
| |
to hawwen de Hillige, priizge sij Er en de Godlike Majesteit, net mei yn dit bislút, en dêrop anderen hja allegearre: Amen. Op dat eagenblik kleau in matroas yn 'e mêst en sei: ik sjoch troch myn fierker al de stêdden fan Erets Jisrael. Doe seine de bywêzigen by harsels: dat wiene Greate Rabbinen, hja wiene sterk; meije wy troch harren fortsjinste en troch de fortsjinste fan Erets Jisrael út dizze need rêdden wurde.’
De frommen yn de forhalen fan Agnon binne by steat de natuer en it lot nei har hân to setten. Foar in part liket it ús ta dat gâns fan syn forhalen oer it âlde Joadske libben goed ôfrinne omdat hy forlet hat fan in ‘happy ending’, in fleurich eintsjebislút tipearjend foar de measte folksforhalen, dêr't syn forhalen ornaris biwurkingen fan binne. Mar dochs is dat net wier. As in man, dy't in muntstik fynt op Sjabbat en it net opkriget, dat muntstik net allinne fan koper ta sulver en fan sulver ta goud wurden sjocht, mar it sels ta in greate skat útdijen sjocht as er it nei de Sjabbat opkriget, dan is dat net in geskink fan God, Dy't der nou ris in sin by hat de frommens to leanjen, mar dan hat de frommens fan de man dit wûnder sels biwurke. De Don Quichote-eftige Rabbi Joedel, earm as in lûs, fynt op 'e ein fan syn omswalkjen de greate skat dy't it him mooglik makket syn dochters oan in man to helpen en boppedat noch in ryk man to wurden. Trochdat er from wie foun er de skat; syn Bern dy't der hannel mei bidriuwe wurde earm. ‘Rabbi Joedel, dy't folslein wie yn syn bitrouwen, krige fan de Hillige priizge sij Hy in bileanning al navenant syn bitrouwen, syn pakesizzer Simon stelde syn bitrouwen op 'e hannel en de hannel smyt soms hwat op, mar soms bringt hja ek ûnk oer harren dy't dêr mei piele.’
Mar net allinne wit de wilskrêftige frommens rykdom to winnen en minsken út need to rêdden, hja kin noch folle greater wûnders dwaen. Yn in forhael dat yn Safed spilet, wurdt forteld dat ienris by in godstsjinstoefening de tsien man dy't nedich wiene net foltallich wiene, net foltallich wêze koene omdat ien fan harren forstoarn wie, en dat doe de oaren elkoar en de deade by de hân krige hawwe en de deade bisward hawwe, dat hy harren net sitte litte soe. ‘Hja leine it ear op e lúster en hearden dat der lûd fan syn lippen kaem: Hy dogge - sa sei er - de wil fan harren dy't Him freezje en doe wisten hja dat harren bea oannommen wie en dat er libbe.’
Sels it opstean litten fan de deaden kinne de frommen biwurkje, hwant God docht hwat hja wolle. Dizze
| |
[pagina p.t.o. 46]
[p. p.t.o. 46] | |
CAPERKANA (KANA) - DE WELLE DER'T IT WETTER UT KAEM, DAT JEZUS YN WYN FOROARE
(foto Arielli)
| |
[pagina p.t.o. 47]
[p. p.t.o. 47] | |
(foto Boris Kowadlo)
IT FOLK FAN IT BOEK
| |
| |
suver magyske gedachtegong, dat it mooglik is God to twingen de wil fan de minsken to dwaen, hat Agnon urven fan de kabbalisten, dy't der fêst fan oertsjûge wiene dat harren dwaen en litten en harren bidden net allinne wolgefallich wêze koene by God, mar dat dy - mar dan wol op 'e goede wize en op it goede sté utere - in foroaring yn wrâlds bistel toweech bringe koene. En it is nijsgjirrich hoe't Agnon, dy't him hjir biweecht op 'e grins tusken dream en magy, tusken inerlik bilibjen en mystysk hanneljen, in brêge slacht fan de wrâld fan 'e midsieuwen nei ús dagen. Mar dêr kom ik noch neijer op.
Alle wûnders dy't wy oant nou ta seagen, barden yn earder tiid. Hja wiene boun oan it leauwe en de yntinsje fan ús foarâlden en omdat dy goed en sterk wiene, hiene hja metafysyske krêft. Nou is der in oar slachte opstien dat dit leauwe en bitrouwen mist. Wy hawwe al sjoen hoe't it bernsbern fan Rabbi Joedel yn syn sucht nei jild it jild forspile dat syn pake, dy't in wearze hie fan ierdsk gewin, forgearre hie. Noch fantastysker bringt Agnon de tsjinstelling tusken de generaesjes nei foaren yn in forhael, titele De Goede Jierren. Under it miel yn in deftich hûs yn Jeruzalem docht bliken, dat it foargeande slachte hieltyd fikser en sterker wie as it neikommende oant op 't lêst de oerpake ynkomt dy't noch alle dagen in fisike prestaesje leveret dêr't syn oerpakesizzer net mear ta by steat is.
‘Ik stie fol forbazing to sjen nei dy pake, dy't in jongkeardel like as men him seach njonken syn soan en ik sei: is it mooglik, dat hy de soan is fan him en is der dan in heit, dy't jonger liket as syn soan? Doe sei dy âld man: hoefolle minder binne de generaesjes wurden en hoe swak de wrâld. As in man út Israel net sa krûm liket as in sjofer (trompet), net kochelt, net trillet oer alle lea en syn hiele lichum noch wit to bihearskjen, dan leauwe hja net dat er âld is, ek al is er âlder as tsien âld strûken mei elkoar...
Dizze nije stagen, dêrfan binne de minsken wurch en kinne har net tofreden stelle mei in bytsje; as har eat fan de genietings fan de wrâld ûntkomt, binne hja daliks lilk, sadat harren lichem bigjint to roastkjen. De iene deis wolle hja nei Egypte tsjen, de oare deis de sé oer, dan wer nei it Noarden, dan nei it Suden. As der stoarmwaer opsetten komt dan roppe hja daliks: wy trilje op 'e fuotten; skynt de sinne, dan rane har de tosken yn 'e mûle - wé ús dat wy hjir binne, wé ús dat wy hjirwei gien binne, as wy dêr noch wiene dan sieten wy ûnder snie en iis.’
| |
| |
En wylst it de âlde fromme ljuwe slagge wie en meitsje de deaden wer libben, binne de libbenen hjoeddedei dea. Dizze paradoks fynt men yn it ûntroerende forhael fan de lytse winkelman Menasjee Chajiem dy't ta útkerken rekke is en dy't by syn wiif weirint om to biddeljen en syn persoansbiwiis ruilet mei in oare bidler, dy't fuort dêrnei forstjert.
Op it stuit dat Menasjee Chajiem yn syn doarp weromkomt, heart er dat syn wiif krekt dy deis foar de twade kear trout mei in oare man, omdat hja syn deadstynge krige hat (wer it thema fan de Aguna!) en Menasjee Chajiem wit neat betters to dwaen as daliks werom to gean, hwant de iepenbiering fan syn identiteit soe it minske yn it ûnk stoarte. By syn omswalkjen bilânnet er op in tsjerkhôf, dêr't hy in stien stean sjocht mei syn namme derop, dêr delset troch syn wiif: syn lêste libbensdagen slyt er wylst er nei dy stien sjocht dêr't de letters fan sizze dat de man dy't by syn libben har oanskôget yn wêzen al dea is.
Der is fansels in reden hwerom't dit slachte minder krêftich is as it foarige, mar tige selden lit Agnon him presys út oer de ûntjowing dy't der west hat: it is him mear to dwaen om de tsjinstelling, de paradoks oant yn it fantastyske tusken de geweldige technyske foarútgong yn 'e wrâld en de minsklike siel dy't yn 'e knipe komt en dy't yn de nije maetskippij gjin tohûs, gjin wensté fynt. Ien fan de haedskuldigen, faeks wol de haedskuldige sels, is de ynfloed fan de Westerske biskaving en kultuer op de sletten Joadske mienskip. It medium fan de Westerske kultuer hat Dútsklân west, dat Agnon yn de tiid fan de Weimarrepublyk kennen leard hat, mar dat al foar de oarloch in enoarme ynfloed krige op de Joadske stedtsjes yn East-Europa. De Dútske kultuer en de earste wrâldoarloch, dy't in ûnkearber gefolch fan dy kultuer like to wêzen, hawwe fit Joadske hûs ûnbiwenber makke, forneatige en forbrând. Yn ien fan syn lettere, sterk auto-analityske forhalen fortelt Agnon, dat er in brief toplak bringe moat yn opdracht fan in dokter - dy is nammers identyk oan Mozes, sa docht by neijer ûndersyk bliken - mar dat hy ûnderweis in âlde kunde fan sines moetet: Gressler (fgl. gräszlich). Dy Gressler is in biis, dêr't er eartiids in bulte wille mei hawn hat mar dy't optlêst dochs skuldich stiet oan it feit dat syn hûs eartiids, yn it bûtenlân, ôfbrând is. It is ta syn greate fornuvering en wierliken net ta syn freugde dat er dyselde Gressler nou wer moetet yn it lân fan Israel. Gressler noeget him by him yn 'e wein en mei't er dat net ôfslaen kin rydt er in ein mei. Der bart in ûngelok mei
| |
| |
de wein lykas alles hwat Gressler oanrekket op lijen útrinne moat. Mar ûndertusken hat de ik-figuer fan it forhael net foldien oan de opdracht dy't him jown wie. Mei oare wurden: de plichten dy't Mozes, de skriuwer fan de Tora, ús oplein hat, wurde net achtslein omdat de fleurige kultuer fan Dútsklân, dus it Westen, al to sterk troait en dêr kin oars neat as lijen en selsforwyt út fuortkomme.
Ek de oarloch, dat is to sizzen de earste wrâldoarloch, is soksoarte ûnk út fuortkommen, net allinne yn it materiéle, mar mear noch yn de siele fan de minsken. In bisyk oan syn bertestedtsje, biskreaun yn Oreach nata laloen (In gast kaem nachts om ûnderdak), in gearmjuksel fan roman, fortelling, reisbiskriuwing en auto-analyse, rint út op klearebare toloarstelling. De stasionswachter hat in kunstearm, in goefreon in houten skonk en dizze beide uterlike brekken binne symboalen fan de fatale ynfloed fan de oarloch op it minskene bistean. Húshâldings binne útelkoar spat, it âlde leauwe is fordwoun en it greatste lok fynt Agnon noch by in jonge kommunist dy't toloarsteld út Erets Jisrael weromkommen is en dy't, al is er in earme strjitmakker, mei it leafste fanke út it doarp trout. Sa hat de oarloch de minsken út it lykwicht slein: de bern, dy't foar de keizer as soldaten to fjilde tsjogge, sneuvelje of komme as dwylsinnigen werom en harren âlden dy't it net goedkrije kinne dat de bern harren ûntnommen binne, hâlde dwers tsjin alle birjochten yn fêst oan it leauwe dat de bern werom komme en ienris de âlde woltier ek. En binammen treft dit wreed lot it Joadske folk dat fan hûs en honk fordreaun is en dat by syn weromkommen gjin noflik wensté mear fynt, mar oars net as pún dat de muoite-pine fan it opromjen amper wurdich is.
Is der foar dizze kwalen gjin remeedzje? Dêrta moatte wy fansels to riede by dyjingen hwaens wiisheit ús op it libbenspaed ta stipe wêze kin. Dus de gelearden? De wittenskip hat ommers de pretinsje it oansjen fan de wrâld to wizigjen en de oplossing to bringen foar gâns fraechstikken, dêr't de wrâld oant nou ta mei tangele sitten hat. Wittenskip en foarútgong wiene ommers identyk en foarútgong wol dochs neat oars sizze as de forheging fan it minsklik lok? Mar foar Agnon is dizze pretinsje fan de wittenskip nearne op basearre. It liket wol gauris as mikt er mei de skerpste pylken fan syn sarkasme en humor op de wittenskip en binammen op de minsken dy't har bioefeners binne. Yn it foarste plak binne der mei de wittenskip altyd dingen mank dy't folslein gjin wearde hawwe foar it sie- | |
| |
lelibben fan de minske. Dêr is bygelyks de gelearde Jaäkov Rechnitz (tink om 'e namme!) dy't him spesialisearre het op de algen fan de Middellânske Sé en as sadanich bineamd wurdt ta professor yn Amearika. Of Manfred Herbst, in great kenner fan in lyts ûnderdiel fan it ljocht fan Byzantium. Of Adiël Amza, dy't tweintich jier dwaende west hat mei it ûndersyk nei de geheimen fan de stêd Gumladitha, dy't troch de Goathen forwoastge is. Of de gelearde dy't in geheime, lang forsille tael ûndersiket. Krekt op it stuit dat hja slagje sille nei't it liket komt harren ûnformogen oan it ljocht. Rechnitz wit net hoe't hy de jongfaem Sjosjana, dy't foreale op him is en dy't hy in ûnthjit fan trou dien hat, fan har sliepsykte genêze kin. Herbst wit, dat er ûngelokkich troud is, mar hy kin himsels net losmeitsje út it twangjak fan syn houlik om de frou to boaskjen dêr't er eins fan hâldt. En Adiël Amza, hwat smyt him syn stúdzje op?:
‘De wysheit het in forboun sletten, dat se har bioefeners net loslit en hja har net. Hy sei: hwerom soe ik my ôfmêdzje? Mar hja hâldde him fêst en sei: gean sitten, myn leafste, en gean net by my wei. Hy bliuwt sitten en ûntdekt forhoalene dingen dy't de geleerden fan alle slachten ûntgien wiene, oant hy se oan it ljocht brocht. En omdat der safolle wie dat dien wurde moast en der sa'n soad to ûndersykjen, út to lizzen en to bigripen falt, joech er syn wurk net oer en bleau dêr oant yn ivichheit.’
Fortuten hat Adiël Amza dus net bihelle mei al syn êndersikings. En fan syn kant fornimt de gelearde dy't de geheimtael ûndersiket, dat de sliepwanneljende frou alles wit fan al dy dingen dêr't hy sa moedsum om siket en net allinne dat hja de tael sprekt dy't hy mei muoite ûntsiferje kin, hja sprekt him sels ta yn de goede yntonaesje en sjongt de lieten dy't foar de gelearde in sletten boek wiene.
As it de gelearden dan net slagget, dan dokters faeks? Moatte hja de kwalen net genêze kinne? Mar ek harren geleardheit is oars neat as skyn:
‘De kiel wie my droech en de tonge bisloech my en oars as mei it hoastjen koe ik gjin lûd útbringe, en ik joech mysels al op. Mar de dokter joech it net oer. Hy joech my it iene middeltsje nei it oare en foroare de namme fan myn sykte. Mar in foroaring to'n goede hawwe wy lykwols noch net merkbite kinnen.’
As fan dokters gjin heil to forwachtsjen falt, dan dochs grif net fan politisi en ‘rju eale lieders’ dy't sa graech prate meije
| |
| |
en sa'n kromke sizze. Yn syn Haedstikken út it boek fan de Steat fiert Agnon sa'n lieder, de hear Schreiholz (!) nei foaren. Hwat kweajonges dy't it goede foar hawwe ûntfiere him foardat er ien fan syn biruchte speeches ôfstekke kin. Schreiholz is earst lilk, mar as hy de jonges safier kriget dat hja mei kunde fan sines, dy't meikoarten ek sprekke moatte, krekt itselde úthelje sille as mei him (en harren sels jild jowt om taxi's foar dat doel to hieren) kriget er frede mei de ûntfiering en is er der sels bliid om. De fortuten fan de maetregel - hwerby't Schreiholz syn freonen wer wraek nimme op hàrren freonen - bliuwe net út:
‘Fandygefolgen bigoun it publyk de gearkomstesealen to mijen, hwant gauris wie it bard dat hja wol kamen, mar de sprekkers net. En omdat hja der doe net mear út hoegden om sprekkers to biharkjen bleauwen hja thús. En omdat hja thús sieten, seagen se soms ris in boek yn of bimoeiden har mei de bern. En as de wrâld dan noch net to'n goede foroare wêze mei, in lytse foroaring is dochs merkber. Hwant omdat hja harren dagen en jierren net fordogge mei it harkjen nei redefierings, slagge hja acht op harsels om har eigen hâlden en dragen to forbetterjen. En meidat hja harren hâlden en dragen forbetterje, wurdt ek de steat al sa njonkenlytsen hwat better.’
Under alle soarten fan minsken, dy't yn it algemien biskôge wurde as lieders of dokters, masterjend oan wrâlds sounens, minsken dy't it lijen fan ús siele weinimme kinne nei't der sein wurdt, is der yn wierheit net ien dy't forlichting toweech bringt. Of hja meitsje ús kwalen slimmer, sadat wy der sûnder harren gau sa goed oan ta wêze soene, of hja skinke ús in yllúzje dêr't wy hjoed of moarn dochs wer út towekker skrilje, sadat wy dizze hielmasters foar bidragers hâlde. En dêrmei slacht de fraech wer op ússels tobek: as wittenskip, genêskunde en polityk ús lijen net forlichtsje kinne, dan moatte wy sykje om middels yn ússels.
As ús tiid jin leed bringt en as wittenskip en foarútgong de oarsaek fan it lijen net weinimme kinne dan seit it himsels dat men jin nei it forline ta keart. Soe men net dy eardere tastân wer oproppe kinne, is der foar ús net in wei werom? Dizze fraech stelt Agnon gauris en yn allerhanne fariaesjes komt it probleem (en it problematyske!) fan de ‘wei werom’ yn syn forhalen oan de oarder; men soe sels úthâlde kinne dat by it meastepart fan de persoanen yn it epos fan Agnon de gedachte fan de ‘wei werom’ en fan de ynkear in sintrael plak ynnimt.
| |
| |
Yn it Hebrieusk is dit noch dúdliker, mei't it wurd tesjoewa sawol weromkear yn rûmtlike as ynkear yn geastlike sin bitsjut.
Yn it hjirboppe sitearre forhael fan de ta ûtkerken rekke winkelman Menasjee Chajiem, dat de ironyske titel En it krûme wurdt rjocht draecht, komt de man as bidler werom, om dan to merkbiten dat syn frou al mei in oarenien troud is. Dy sinleaze weromkear wurdt al op sinspile yn in scène op in merk. Menasjee Chajiem biharket dêr in dwylsinnich man, yn deadsklean klaeid, dy't ûnder it rinkeljen fan lytse skiltsjes sjongt:
Ha jim in ûngelokkige sjoen lykas ik
Sa freget myn siele, myn earme siel',
Ik kaem wer werom nei myn dea
En yn myn hûs is elke doar op slot
Ik kaem werom yn in wrâld fan chaos.
Yndied, Menasjee Chajiem komt werom yn in wrâld fan chaos dy't mei troch syn to let kommen de moréle basis kwytrekke is. Dit to let wêzen is in motyf dat hieltyd herhelle wurdt, dat elke weromkomst weardeleas makket. En as dat al it gefal is mei de lichaemlike, hoefolle mear jit jildt it foar de geastlike tobekkear! De oerpakesizzer fan Rabbi Joedel, de chaloets Jitsgak Kummer, keart him ta it leauwe fan syn âlden, mar syn leauwe hat de krêft net mear fan dat fan syn oerpake: it is neat liker as in kears yn in lantearne dêr't de gleskes fan brutsen binne; it lytste sigentsje kin it rjocht útblieze. En syn hosgenoat Orgelbrand leart him, dat it ek net oars mear kin. doe't de minsken noch leauden en net wisten dat hja it sûnder bidden ek wol rêdde koene, wie har bidden echt. Nou't hja witte dat it sûnder bidden ek wol kin, het de bea syn krêft forlern. En hwat Jitsgak Kummer docht is dan ek net folle oars as selsbidroch, hwat nammers ek al ûtkomt yn syn birop, dat fan skilder: ‘Chemdat (in jong dichter) wie freonlik foar Jitsgak al wie hy net to sprekken oer syn birop, dêr't altyd hwat mislieding mei mank giet mei't de skilders foar wenst hawwe de dingen fan ûnsjoch moai to meitsjen.’
Slach op slach komt Agnon op it probleem fan de ynkear werom troch to fortellen fan de deis, dat de fraech fan de ynkear de Joad op in dodliksten steld wurdt: Greate Soendei. Itselde thema spilet yn guon opsichten ek in rol yn it forhael Agunoth. De brulloftsdei stiet ommers lyk mei de Greate Soendei; Dina bisiket ta ynkear to kommen, mar de rabbyn makket it har ûnmooglik, dêroan ta to jaen - in sûnde dêr't hy likegoed
| |
| |
as Dina swier foar boetsje moat. Dit motyf fan de mislearre boete, dy't men libbenslang fiele sil, komt hieltyd wer nei foaren. It treft de froede Chananja, dy't by forsin op in Greate Soendei meirydt mei in man dy't er foar in Joad oansjocht: syn hiele libben lang docht er boete troch barrefoets to gean, mar it jowt him neat. It forhael Dûbel forhellet fan in Greate Soendei dy't forgetten waerd en dy't net ynhelle wurdt, sels net ienris troch in dûbelde festeldei: ‘in dei dy't forlern gien is kin men net mear ynhelje.’ En ek de binearjende dream hweryn't de fijannen it hûs fan de skriuwer yn 'e brân stekke en hy mei syn lyts famke nei de synagoge flechtet, dêr't har lêste klean troch in kears forbrênne, spilet op de joun dy't foarôfgiet oan de Greate Soendei, de dei dy't op de skriuwer ienris in greate yndruk makke hat - deselde dei dat nou syn famke neaken foar him stiet omdat er har net tsjin de fijân hoedzje kinnen hat.
Mar it dúdlikst komt it motyf fan de sinleasheit fan ynkear en weromkear ta útdrukking yn de roman In gast kaem nachts om ûnderdak dy't wy al sitearre hawwe. Fuortdaliks de earste scène al sprekt dat dúdlik út: as de boemeltrein binnenrydt, stiet der in stasionschef mei mar ien earm op him to wachtsjen. En de twade man dêr't er mei praet, is in ynvalide dy't in skonk forlern hat, net yn de kriich, mar wol as gefolch fan de ellinde fan de (earste) wrâldoarloch. Hy freget dy man, Daniel Bach, him nei it hotel to bringen en dan sil er noch nei de synagoge: it is ommers de joune fan Greate Soendei. By it ôfskie hâlde hja dan it neikommend petear:
(Daniel Bach:) ‘Meije jins namme to'n goede opskreaun wurde!’ Ik krige syn hân yn mines en sei: ‘Desgelyks.’ Bach lake en sei: ‘As Jo my bidoele is dat winskjen om 'e nocht, hwant ik leau net, dat de Greate Soendei de krêft hat om goed of tsjoed to dwaen.’ Ik sei tsjin him: ‘As er gjin formoedsoening bringt foar harren dy't net weromkomme, bringt er noch wol formoedsoening foar harren dy't wol weromkomme.’ Doe sei Bach: ‘Ik bin in lichtsinnich minske en ik leau net oan de krêft fan de tobekkear.’ Ik sei tsjin him: ‘Tobekkear en Greate Soendei formoedsoenje de iene helte en it lijen op de oare dagen fan it jier formoedsoenje de oare helte.’ Bach sei: ‘Ik haw it jo al sein dat ik in lichtsinnich man bin en ik leau net, dat de Hillige priizge wêz' Er it goede mei Syn skepsels foar hat.’
Sa set it thema al yn oan it bigjin fan it boek: de tobekkear en de ynkear, beide dogge hja gjin fortuten. Slimmer noch: oan de wurden fan Bach docht al bliken dat de minske him
| |
| |
toskoar sette moat tsjin in Godlike macht, Dy't him ta fordjer is. It is de meast pessimistyske libbensskôging dy't mar mooglik is en mei in paradoksael sarkasme neamt de man, dy't troch syn lijen reden genôch hat om sa swier oer it libben to tillen, himsels in lichtsinnich minske.
Efter it mislearjen fan de tobekkear, dy't in ynkear is, efter de forliedingen dy't jin bihinderje om de rie en de foarskriften fan de wiere dokter nei to kommen, de iennige dy't genêzing bringt - as sadanich forskynt by Agnon slach op slach de figuer fan ús learaer Mozes yn forskaet fan stal - efter ús tsjoedens en ús swakte en efter de misdieden fan oaren forskynt dus in God, Dy't ús nei it ûnk tafiert, omt Er it kweade foar hat mei it minskeslachte dat troch Himsels skepen is. Foar it selsbiwuste bitrouwen fan eardere slachten dy't wûnders biwurkje koene stiet de helpleaze byleauwigens oer fan de moderne minske, dy't troch in bline macht trytrotte wurdt.
Agnon is dus perfoarst gjin probleemleaze, ûnskuldige forteller, dy't der allinne mar op út is sketsen to jaen fan foarfallen en tastannen dy't er opmurken hat of dy't yn syn fantasy opkomd binne. Wol is it sa dat de lêzer, dy't him soks net ergeret, gauris op 'e doele brocht wurdt ynsafier dat er yndied mient dat it forhael fan Agnon oars neat is as in biwurke leginde of in scène dy't allinne mar forteld wurdt om de nijsgjirrige situaesje en it humoristysk forrin dêrfan. De leginden dy't er oan de rabbinen ûntliend hat lykas de sinbou dogge der harres ta om jin leauwe to litten dat men hjir in romantysk skriuwer foar hat, dy't oars nearne op út is as om jin to formeitsjen. Mar ek as Agnon sels dit byld sa't men jin dat fan him meitsje kin net fornield hie troch de lugubere forhalen dy't er de lêste fyftjin jier skreaun hat, dan noch soe men by neijer ynsjen merkbite kinne dat der in ûnbidige spanning oanwêzich is ûnder it rêstich oerflak fan syn ynbannige styl. Men kin dat bygelyks konstatearje oan de motiven en symboalen dy't hieltyd weromkomme en dy't derop wize dat hjir in dichter oan it wurk is dy't wrakselt mei de lêste fragen fan de minskheit. Sa soene wy wize kinne op it symboal fan it brief, dat wy yn alderlei foarmen moetsje. It brief dat in biskaet kontakt biwurkje moat of in biskate opdracht neikomme, hat suver altyd ôf gjin ôf in earslingse útwurking. Dêr is it brief dat foar de rike Rabbi Joedel ornearre is en tolânne komt by de earme Rabbi Joedel. Of it brief dat by forsin net op 'e bus dien is, of by forsin sels net ienris skreaun woarn is. Dêr binne fierders
| |
| |
de symboalen lykas kaeijen dy't to siik reitsje en neimakke wurde, boeken dy't stellen of forbrând wurde en sa soe men, dippend út it ûnbidich great arsenael fan Agnon syn forhalen, fierder gean kinne.
Wy sille ús lykwols om de trant fan Agnon syn forhalen to yllustrearjen biheine ta in symbolyk dy't net allinne tige faek foarkomt, mar dy't ús tagelyk tige dúdlik meitsje kin hoe't de forhâlding fan de skriuwer is ta alle aspekten fan it minsklik libben dat er bihannelet. De symbolyk nammentlik dy't mei de erotyk mank is.
De forhâlding tusken man en frou spilet yn it oeuvre fan Agnon in wol tige wichtige rol. Dat is by neijer ynsjen frjemder as it earst liket. Hwant as men jin ta bistudearjen set, sil men fornimme dat it yn gâns in rige gefallen net giet om de forhâlding op harsels, mar dat yn wêzen it leafdesforhael symboal is foar hiel oare aspekten fan it libben. Ja, men komt njonkenlytsen ta de konklúzje dat Agnon suver alle forhâldings yn it libben sjen wol sub specie amoris. Dat kin jin ek bliken dwaen út it yn it bigjin fan dit artikel werjowne forhael fan de Agunoth, dêr't de forhâlding fan Erets-Jisrael en de galoet (diaspora) oan to'n grounslach leit. Itselde jildt foar oare forhalen. Trouwe eed wurdt bihearske troch it plechtich ûnthjit dat Sjosjana Jaäkov Rechnitz (!) yn harren jonkheit dwaen lit en dat Jaäkov nei't it liket by einbislút net neikomme wol omdat Sjosjana oan de sliepsykte lit: de ein leart jin ynienen, dat hjiryn oars neat skildere is as de forhâlding fan it Joadske folk ta de Sabbat en de oare dagen fan de wike. De sfear fan it forhael is erotysk-oantsjuttend, hwat typysk neamd wurde mei foar Agnon syn styl, wylst er oan de ein dochs folslein wer de symbolyk foar kar nimt as Sjosjana de striid mei har seis rivalen wint en harsels de kroane op 'e holle set - in byld dat jin daliks de bea foar de Sabbat yn 't sin bringt: Mozes, de trouwe (!) tsjinner kriget fan God in prachtige kroan op 'e holle as de stiennen tafels, mei de Sabbatfiering as wichtichste gebot, syn diel wurde. Yn it lugubere forhael De masteres en de bakjerinder is, ek yn de foarm fan in leafdesskiednis, de forhâlding skildere fan it folk Israel ta de oare folken. De bakjeman Joseph - de helte fan Agnon syn eigen namme! - biswykt foar it troaijen fan in wrede widdou: as er har misdiedich libben ûntdekt
deadet er har en tsjocht fuort sûnder der lykwols wis fan to wêzen dat er fierdersoan fannijs de forliedingen treast wêze sil. Ek it fraechstik fan de forhâlding fan de Joad ta de oerlevere leare dat Agnon sa heech leit fine wy werom
| |
| |
yn it leafdesforhael fan de âlde frou Tehilla, dy't troch eigen skuld har leafste Sjraga (it wurd bitsjut ljocht) net trouwe kin: de tynge fan syn dea fornimt hja op de sawnde Adar, de stjerdei fan Mozes!
Hoe great de rol is dy't de erotyske symbolyk by Agnon ynnimt, ha wy nammers al sjoen by de skôging fan syn lytsachtsjen fan de wittenskip: de wysheit lit har bioefeners net los, mar seit: ‘Jow dy hjir del myn leafste en forlit my net.’ En de ûnfruchtbere jacht nei de forlern giene harmonyske tael fan de minskheit fynt syn wjerslach yn de mislearre leafde fan Gavriel Gamzu foar Gemula, de frou dy't sliepwannelet.
Dy symbolyk, foarsafier't hja derop út wol dat de grounslach fan minskene mienskip birêst op de forhâlding fan de geslachten en dat alle problemen dêr't de minske mei wrakselt op de ien of oare wize forboun binne mei dizze grounslach en dêrom yn termen fan dizze forhâlding werjown wurde kinne, klinkt - it hoecht amper mear sein to wurden - wol folslein modern. Mar hja is tagelyk folslein Joadsk. Wy fine har fansels werom yn Tenach; mar de fellens en neakenens dêr't de profeten de seksuéle symbolyk mei brûkten strykt dochs net mei de bidimme en dêrom nea bifredige erotyk by Agnon. By him fynt hja har woartels folle earder yn de midrasj, dy't ek Israels forhâlding ta de folken, Israels leafde foar God of it ritueel fan de Joadske godstsjinst útdrukt yn de termen fan in leafdesforhâlding.
Foarbylden binne der folle en gjin genôch, mar men kin folstean mei to wizen op de likenissen dy't Israel as breid fan God foarstelle of de Sabbat as breid fan Israel. De allegoaryske útliz fan it Heechliet mei dan oan 'e iene kant tsjinne hawwe om dit wrâldske liet oannimlik to meitsjen foar de canon fan de hillige skriften, oan de oare kant moat men net forjitte dat it feit dat hja ta sok in allegoaryske útliz komme koene derop wiist, dat ek doe religieuze ympulsen yn de erotyske sfear lutsen waerden. De allegory ommers ymplisearret dat de likenis forwiksele wurde kin mei datjinge dêr't de likenis op tapast wurdt. Yn dy sin hat ek dizze likenis ynwurke op it Joadske moed: de dúdlikste uteringen derfan fynt enen yn de gedachtewrâld fan de Joadske mystyk. Fan de Zohar oant de Baäl Sjem sjogge wy hoe essinsieel dit elemint is yn de dreamen en fantasijen, dêr't de mystisi har yn forlieze en yn in einleas tal fariaesjes komt jin hieltyd wer itselde grounthema tomjitte.
Ek Agnon kin in erfgenamt fan dizze tradysje neamd wurde. In tradysje dy't hy fordjippe, fornijd en útwreide hat ta in al- | |
| |
hiel eigen mythe. It is de mythe fan de moderne Joad, dy't ryk is oan kultuer en biskaving, dy't lykwols wit dat dizze oerfloed gjin wierhaftige rykdom bitsjut, allinne inerlike tobrutsenens. It is in mythe fan de moderne minske dy't net lykas yn de heidenske forhalen út de âldheit de striid oangiet mei hegere machten, mar dy't yn de moeting mei God of yn de moeting mei it lot al fan to foaren forslein is, omdat de foroaring fan de tiden him krêftleas makke hat lykas Delilah Simson. Mei syn oerrike fantasy hat Agnon ús forhael nei forhael foarset earst fan it libben fan oaren - út earder tiid en fan hjoeddedei - oant er himsels jaen doarst en syn eigen posysje yn 'e wrâld bleatlei yn dreamen en tinzen. En al hoe tige as men ek fan de âlde Agnon bigoun is to hâlden om syn ûngewoane humor en syn bitroude styl, dochs hat er him foar 't neist wol it greatst toand to wêzen yn de binearjende bilidenissen dy't er ús skonken hat doe't er âlder waerd. Hy hat yn syn romans en forhalen gjin oplossing bean foar de problemen dêr't hy en wy mei wrakselje. Dat kin nimmen en grif de dichter net dy't trochkringe wol oant yn it wêzen fan de minske. Mar Agnon hat wol in gebou skepen fan it Joadske folk en de Joadske minske yn dizze ieu, dêr't wy allegearre yn thús hearre en dat as in monumint foar alle ieuwen stean bliuwe sil omdat it skepen is troch de hân fan in master.
Amsterdam-Jeruzalem
(fortaling út it Nederlânsk fan Freark Dam)
|
|