De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Shin Shalom: It pleintsje 't Is mei it pleintsje net sa simpel as it liket In skiednis stoarret út elk finster wei Op 't muorwurk, yn 'e platte stiennen fiket Oantinken 't skier relaes fan nacht en dei. 't Is net sa simpel dêr efter 'e binnendoarren 't Sit yn 'e boekekast, de stoel, de blom foar 't raem It swier gerdyn, it bêd - der is in frjemd biswarren 't Geheim fan eat, dêr't gjin gewach fan kaem. En al dy hûzen hawwe in dûnker treppensgat Moarns geane en jouns komme, frjemden foar elkaar, Ienlike skepsels, lûke in doar yn 't slot - Ik haw mei har to dwaen en bid foar har. Vorige Volgende