Gershon Shofman:
Deborah
De lju fan de Delling, út gewoante of fanwegen ûngeduld fan geast en swier wurk, hawwe gjin each foar it Bibelsk lânskip, dêr't hja yn wenje en hja trêdzje sûnder euvelmoed oer histoaryske ruïnen. Mar ik, in bisiker, bin djip oandien en kin it amper bigripe, dat hjir yndied dizze boarne, oan de foet fan Gilboa, deselde is, dêr't Gideon syn mannen hifke en harren keas al nei't hja dronken, ‘lyk as in houn slabbet’ of mei de han oan de mûle. Sêft, hast net to hearren, rûzet it wetter, klear lyk as it doe wie, trije tûzen jier lyn.
En de bergen fan Gilboa! It liket wol, oft hja klaeid binne yn militair habyt, in soarte soldatetekken, donkerbrún, droech, wreed. ‘Dauwe noch rein mei op jimme wêze’.
Ik kin myn eagen suver net losmeitsje fan dizze berchrégen en ik bisykje to roaijen, hwer, op hokker top, op hokker skeante Saul en Jonathan foelen. In kweageast wie de lêste tiid tusken harren kommen fanwegen David. In bitter forwyt: ‘Dou oerhearrige en opstannige soan!’ hie de heit syn soan tabiten en hy hie sels mei syn spear nei him goaid. Mar nou, yn dizze einichste ûre, stie de soan nêst syn heit, stiene hja togearre yn ien need, en togearre foelen hja. ‘Sels yn de dea wiene hja net skaet.’ Dy tearhertige jonge, siik fan leafde, en de man, dy't er leave, koe him noch syn leafde bigripe: ‘Wûnderlik wie my dyn leafde... !’
Lang stoarje ik nei Gilboa, sûnder dat myn eagen wurch wurde, en net yn steat to bigripen, dat hjir dy bergen foar my steane, wylst hja, de lju fan de Delling, hjir dei oan dei foarby geane, sûnder in each nei boppen to slaen.
Hjoed lykwols is myn fantasij, mear as fan hwa of hwat ek, fol fan Deborah. De direkte oanlieding wie in tocht mei in maet troch de fjilden fan Jizreël, doe't ik oanienwei op seach nei de berch Tabor mei de frjemde gebouwen op syn top. Hjir, hjir, yn dizze fjilden strûsde hja hinne en wer mei de soan fan Avinoam en syn leger, ûnder de driging fan Sisera. Hjir, hjir gyng dy greate frou. Hjirwei seach hja op, lyk as ik nou, nei Givat Hamoreh. Hwat binne de fersen fan har liet jit nij en reëel... ‘As it folk him út himsels oanjowt’... ‘En dy't har op 'e wei weagen, sloepen sydpaden lâns’... ‘De foarsten sieten stil yn Israël’... en dan einlings: ‘Fan de himel strieden de stjerren’...