De Tsjerne. Jaargang 16
(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 61]
| |
Yehuda Burla:
| |
[pagina 62]
| |
wenne. ‘Ik bin lokkiger yn myn lytse keamer as yn alle pracht en romte fan myn wente op Rhodes. Sa biwisse mei ik wêze op myn lêste dei as ik nou de wierheit sprek. Hokker paleis kin de glâns fan Jeruzalem bilykje? As myn eagen rêste op Bethel (de synagoge fan de Kabbalisten), streamt myn hert fol ljocht en blydskip. En hwat bitsjut in keningshûs njonken de hillichheit fan de Greate Kahal (de synagoge fan de Sefardyske Rabby Johanan ben Zakai)? En hwat de Westlike Muorre oangiet, mei de Greate Heit my de seine fan Syn genede jaen op myn âlde dei. Sûnder ophâlden sil ik Syn Hillige Namme priizgje.’ Sokke skoane, weardige, godfruchtige wurden wiene altyd op har lippen en healwiis praet makke hja faek in ein oan. As hja op bisite kaem by buorren of kunden, wie har mûle fol lof, wylst har hannen spounen of breiden. Hwer't hja ek kaem, hja wie altyd daliks ré om yn 'e húshâlding to helpen, sûnder sels ea help to freegjen. In útnoeging om mei to iten sloech hja lykwols nea ôf. De oare suster bleau ornaris yn har eigen keamer. Hja wie winlik al to swijsum en sletten. Fan de moarn oant de joun siet hja, de knibbels krúslings oerinoar, njonken har hânnaeimasine, de han sûnder lins forwegend fan en op 'e nulle. Foar in spotpryske makke hja ienfâldige klean foar de Arabyske doarpelingen. In inkelde kear gyng hja der op út. Hja kuijere dan rêstich en ûnopfallend, sûnder nei rjochts of lofts to sjen, lyk as wie hja bang dat immen har oanhâlde soe. Elke biweging dy't hja makke like in teken to wêzen, dat der hwat wie dêr't de frou har oan wijde mei hert en siel. Sa gyngen de jierren foarby, oant men gewaer waerd, dat hja susters wiene. De eersten dy't it ûntdieken wiene de learlingen fan de wize mannen, dy't de Torah kenne. De learlingen fan de wizen yn Jeruzalem plichten yn 'e leage to lizzen foar iensume âlde froulju, lyk as in jager op syn proai wachtet. Rike âlde froulju, dy't oer de middels biskikten, bisochten foar harsels in ‘padrone’ to winnen. In padrone wie in weardich geleerde, dy't sa'n âlde frou bystie sa lang as hja libbe. Elke joun foar de Nije Moanne lies er har de Trettjin Bigjinsels foar, dy't hja dan wurd foar wurd neisei. En sa faek as hja forlet fan him hie, kaem er by har om to dwaen hwat hja frege. Nei har dea soed er har tsjinje as in soan syn mem mei de Kaddich to sizzen, de bea foar de deaden, it Wetboek, de Mishna to bistudearjen foar har geest en fierder alles to dwaen, dêr't de forstoarnen forlet fan hawwe yn de Wrâld fan | |
[pagina 63]
| |
de Wierheit. As bileanning urf de padrone nei har dea alles hwat hja bisiet. As er it lok mei hie, koe sa'n wize in ‘madrone’ winne, dy't de muoite wurdich wie om op to wachtsjen, hoe lang ek. Dyjingen lykwols, dy't net ryk genôch wiene om in padrone to biteljen, makken in akkoart mei de ‘Kolel’, it haed fan in Jeruzalemske mienskip fan minsken, dy't út itselde plak kamen. Hja joegen him dan hwat hja bisieten yn jild of yn natura en krigen yn ruil in lytse talage yn de moanne, sa lang as hja libbe. Neitiid hie de Kolel lykwols gjin inkelde forplichting mear. Sokke âlde froulju, dy't de middels misten om foar harsels in ‘erfgenamt’ to winnen, hiene in jammerdearlik libben op ierde. Hawar, men waerd gewaer, hoewol net fan harren sels, dat hja susters wiene en doe't bilanghawwenden der efteroan gyngen, ûntdieken hja mei gauwens, dat der neat to fortsjinjen wie en dat hja in akkoart sletten hiene mei de Kolel. Harren talage wie lykwols fiersto lyts om dêr fan to libjen. Sadwaende moasten hja, elk op eigen wize, sûnder lins arbeidzje, om der by to fortsjinjen hwat hja tokoart kamen. En jit altyd hong der dy sfear fan heimsinnigens om harren. Hwer founen hja, earm en bihoeftich as hja wiene, dy rêst en dat leauwe op har âlde dei? En hoe koene sokke âlde froulju altyd frede hawwe mei in diel foar dizze wrâld, dat net de minste help en útsjoch joech foar de Kommende Wrâld? | |
II. It lokkige pearJier nei jier gyng syn wenstige gong. Mannich âld man en frou kamen, om biskûl to finen yn it skaed fan Jeruzalem, forskate oaren wiene fortige yn de rin fan tweintich jier en jit wie der neat foroare yn it hâlden en dragen fan de beide susters, hoewol de âlde dei dédlik syn mark op harren sette. Sels de nijsgjirrichsten, dy't net tofreden binne ear't hja alles fan in oar witte, seagen gjin kâns efter it geheim fan dizze beide to kommen. De regelmjittigens fan har libben stuite alle nijsgjirrigens op ôf. Hja gyngen elk har wei, evenredich en swijend nou, en mei de warberens fan skreppende eamelders, oant de tiid kaem, dat har geheim oan 't ljocht komme soe en dat wie to tankjen oan in nij pear út Rhodes, dy't har yn Jeruzalem nei wenjen setten: in man en in frou, beide oer de sawntich. It pear húske yn in ienkeamerswente op it binnehôf fan Haham Meshullam, de wachter fan de Greate Synagoge. It duorre net lang, of elkenien koe harren timperamint moai aer- | |
[pagina 64]
| |
dich, binammen dat fan de âld man, en men neamde harren it Lokkige Pear. Hja koene sa goed meiinoar, dat de taskôger yn harren in libben foarbyld seach fan it lok, dat minsken soms biskern wurde kin. De âld man siet fol grappen, mar syn humor wie der noait op út, om in oar sear to dwaen. De iennichste dy't er foar de kroade ried, wie it wiif fan syn jeugd. Hja wiene altyd byinoar, lyk as ornaris it gefal is mei âlde minsken. De reden wie, forklearre de âld man, dat hja de amme foar syn noasters wie en hy gjin amerij bûten har libje koe. Efter har rêch heakke hy der lykwols suchtsjend oan ta, dat er har net fortrouwe koe nei safolle jierren. Altyd moast er wach wêze en oer har weitsje, hwant hwer soe hy bidarje, as hja sin oan in oar krige, of in oar oan har? Sa lang as hy jong en sterk wie, hie it hwat oars west. Hja mocht har gong gean, hied er sein, hy koe better fine as har... Mar nou't er âld wurden wie, wie hja de iennichste, net út leafde, mar inkeld en allinne út gewoante. Undertusken naem er alle húshâldlike plichten waer, iten siede, waskje en sels de flier dweile mei de mouwen opstrûpt en in wite skelk foar, wylst hja mei in hantwurkje by it finster siet. As hja folk krigen, dat in ûrke fordivendaesje socht, wie it ornaris syn wurk, kofje to setten en de gasten to bitsjinjen. En oft hja der nou op sinden of net, hy soe harren altyd útlizze, dat er syn frou sa bihannele, net út leafde, mar allinne út birekkening, dat hja har ta deugd oanstelle soe. En wylst hy mar foar 't faderlân wei mâljage, siet hja mei in myld en guodlik glimke mank de gasten en bisocht helpleas har to fordigenjen tsjin syn grappen. ‘Hoe kin ik him yn 'e faksen sitte?’ frege hja dan. ‘Haw ik ea hwat tsjin him sein? Jowt er my ea de kâns om hwat to sizzen?’ ‘Dat moast der noch by komme, dat hja bigjinne soe to bletterjen! Fansels jow ik har gjin kâns om hwat to sizzen. Omdat - om't ik wit hwat der yn har omgiet, ear't hja de mûle iependocht. Hwat forwachtet men noch nei fyftich jier byinoar wèzen? Ik wit it nou stadichwei wol. Ik wit hwat hja tinkt: as men âld wurdt, is it de man syn plicht, it wurk to dwaen, foar de húshâlding to soargjen, wylst de frou stilsit en rêst. Het hja it yn har jonge jierren net folle swierder hawn as de man? Tink ris oan njoggen moannen swier wêze, de pine fan it bernkrijen, de noed foar de bern, it greatbringen, de nachten sûnder sliep en neam mar op... Hwat mear is, seit hja yn harsels, soks net ienris, mar fiif kear (hwant God hat ús seinge mei | |
[pagina p.t.o. 64]
| |
JONG FOLK FAN ISRAEL
| |
[pagina p.t.o. 65]
| |
(foto Arielli)
YEMENITYSKE JONGFEINT YN ‘YESHIVA’ (ORTHODOKSKE SKOALLE) | |
[pagina 65]
| |
trije soannen en twa dochters, lang meije hja libje). Dêr hawwe jo dan noch mar in lyts part fan har noeden en soargen, wylst har man yn rêst en frede libbet. Nou dan, hwannear soe de man dy swiere skuld ôfbitelje moatte? Sûnder mis op syn âlde dei... Sjoch, dat is it, hwat yn har omgiet. Boppedat, ik moat har neigean, op dizze jierren binne hja net to fortrouwen. Hwa wit, hwer't sokke flarden ta yn steat binne... Dat sadwaende komt alles foar my op. Nei fyftich jier bin ik der oan wend, it jok to dragen!’ As hy, lyk as wolris barde, thúskaem en hja wie der net, om't hja by de buorren siet, of nei de winkel wie om boadskippen, gyng er daliks efter har oan en frege elkenien yn de buert: ‘Hawwe jo myn âld wiif ek sjoen, hawwe jo ek hwat heard? Is der, God hoedzje ús, hwat mei har bard? Hja is dochs net mei in oarenien op stap? Myn libben lang’, koed er der hommels yn fortrouwen oan taheakje, ‘haw ik bang west, dat hja der mei in oar útstrike soe.’ En sa koed er dan fan de iene nei de oare gean en elk ûntfong him mei in glimkjend wolkom, lyk as wiene hja allegear tankber foar de fleurige sfear dy't er oeral mei hinne naem. | |
III. Twa Torah-rollenHaham Jacob Meshullam, de wachter fan de synagoge, stie by elk yn hege achting, fanwegen syn godfruchtich libben en syn kunde fan de Torah. Koart nei Peaske kaem der in âld frou by him oan de doar, dy't him sprekke woe en hy liet har yn de studearkeamer. ‘Hear Haham, ik woe in Torahrol skinke foar jou synagoge. Hjir binne tritich gouden Napoleons. Ik ha heard dat dit genôch is om in Torah to keapjen mei in sulveren koker en dat der ek de kosten út bitelle wurde kinne foar de freugdedei, as er hjirwei nei de synagoge brocht wurdt op it feest fan Shavuot’Ga naar voetnoot1) Der wiene lykwols twa forsiken, sei hja, dy't hja de earwearde rabby dwaen woe: foarst, dat der yn de mantel fan de Torah in ynskripsje komme soe, dat dit in jefte wie fan Malka, dochter fan Gentil, as in boete foar alle sûnden dy't hja bidreaun hawwe mocht op ierde. En twad, dat de earwearde rabby de bea foar de deaden foar har sizze woe as har tiid fan skieden kaem en fierders elk jier op har stjerdei, hwant hja hie gjin sibbe of neibisteande mear, mar stie folslein allinne | |
[pagina 66]
| |
yn de wrâld. Bigraffenis en deadsmantel wie foar soarge, alle kosten foar har lêste dei soe de Kolel mei rêdde. Dat de earwearde rabby hie oars neat to dwaen as de Kaddish to sizzen, de bea foar de rêst fan de forstoarnen, elk jier op har stjerdei. Hja skamme har tige, dat hja de rabby neat oanbiede koe foar syn muoite. Hja hie neat oerhâlden, sels it jild dat hja him jown hie, hie hja mei great lijen en swier bodzjen bidijd. Stûr by stûr hie hja sparre, fyftjin jier lang, sant hja yn Jeruzalem kommen wie. De rabby treaste en bimoedige har mei alle mylde wurden, dy't er fine koe, priizge har died as goed en great en ûnthiet, dat er neffens har winsk hannelje soe jierren en jierren lang, om har, in frou sa oprjocht en rjochtfeardich, de skuldige eare to biwizen. In pear dagen letter kaem der in oare âlde frou yn syn studearkeamer. Rêd en spraeksum ûntskuldige hja har en kaem dan mei itselde oanbod as har foargongster en ek mei deselde bitingsten. doe't de rabby hearde, dat hja Rebecca hiet, de dochter fan Gentil, en dat hja ek fan Rhodes kaem, frege er hoeden: ‘Hawwe jo in suster hjir yn Jeruzalem, mefrou?’ ‘In suster?’ antwurde hja forheard. ‘Ja, mar hwat hat myn suster to rêdden mei myn forsyk om jou freonskipstsjinst nei myn dea?’ ‘Né, dy hat der fansels neat mei út to stean, ik woe it allinne mar witte, hwant ik ken in âlde frou, dy't ek fan Rhodes komt en hwaens memme' namme ek Gentil is.’ ‘Hoe binne jo dat gewaer wurden, earwearde rabby?’ De rabby fortelde har, dat dy oare âlde frou by him west hie mei itselde bidrach oan jild en mei itselde forsyk. ‘Is 't wier?’ lústere de forbaesde âlde frou. ‘Seinge mei hja wêze... Hja hat dus ek stuorke by stuorke sparre... En hja arbeidet hurder as ik... ik ha der tweintich jier foar wrotte moatten... hja hat it yn fyftjin dien... Myn suster is rjochtfeardiger as ik...’ ‘Soe it dan net gaedlik wêze, mefrou, dat wy de beide Rôllen tagelyk en yn 'e mande fan myn hûs nei de synagoge brochten op it feest fan Shavuot? De goede died soe fordûbele vuurde en de blydskip allyksa. De jefte fan twa susters, tink ris oan, hoe't dat de freugde fordûbelje soe, jitris en jitris.’ De frou stoarre twifeljend foar har út. Nei in skoft fan prakkesearjen sei hja súntsjes: ‘Ik biwilligje, mar jo moatte bisykje, gewaer to wurden, oft it har ek goed is...’ De rabby ûnthiet it en doe't er it har frege, stimde ek de | |
[pagina 67]
| |
oare suster der yn mei. Mar hwat der tusken harren lei hied er gjin aen fan en ek hy waerd tige nijsgjirrich nei harren forline. Hy bigoun mei syn buorren to freegjen, it lokkige pear, dy't ek fan Rhodes kamen. Doe't er harren de bisûnderheden fortelde en dat de susters syn útstel oannommen hiene, seagen hja elkoarren geheimsinnich oan, lyk as wie der hwat, dat hy net witte mocht. Dan sei de âlde man hastich: ‘Ja, earwearde rabby syn hûs. De beide Torah-rôllen waerden op in hege stelwitte wy neat en minder as neat fan harren.’ Doe't de dei fan Shavuot kaem, wie it boarstende fol yn de rabby syn hûs. De beide Torah-rôllen waerden op in hege stellaezje pleatst, dêr't hja rjochtop stiene, de sulveren sier blinkend, en dutsen mei prachtige goudbinaeide siden mantels. Se liken op twa ingels, fan boppen delsaeid om har hillichheit oer de mannichte to sprieden, dy't suver net útsjoen rekke. By de stellaezje sieten de beide âlde froulju yn de kleurige nasionale dracht fan Rhodes, en mei in wjerglâns fan it hillige ljocht fan de Torah-rôllen op har strieljende gesichten. Har lok hie mjitte noch roai. De wizen en de frommen bigounen to dounsjen en har wijde sangen to sjongen yn de bywêzigens fan de Torah-rôllen. Midden yn it feestlik trelit kaem it lokkige pear der oan, âlde Haham Jaliban en syn frou Saraji. Doe't de susters harren seagen, gyngen hja forheard oerein, de âldste foel Saraji om 'e hals, lyk as woe hja nee wer loslitte en beide skriemden hja sûnder ophâlden. Mar de blydskip op har gesichten biwiizge, dat it freugdetriennen wiene. Wylst stie Haham Jaliban bûgjend foar Rebecca en spriek har oan, lyk as wie hja immen fier boppe syn stân. Oant it tiid wie, om de Rôllen nei de synagoge to bringen en hja allegear dounsjend en sjongend meigyngen. | |
IV. It geheim fan de sustersIn deimennich nei Shavuot sieten forskate buorlju op in joun byinoar yn it binnehôf fan de rabby syn hûs. It lokkige pear wie der by en rabby Haham Jacob kaem der ek yn en gyng sitten. Syn frou klage der op in gemoedlike toen oer, dat Haham Jaliban en syn frou Saraji oanhâldend wegeren, it forhael fan de beide susters to fortellen, hoe't men harren ek ferge. Wie dat der net fier by troch? De rabby foel syn frou by en brocht nei foaren, dat it net meer as binlik wie, de lju towille to wêzen, sels as men forwachte, dat hja de folle wierheit sizze en neat forswije soene. | |
[pagina 68]
| |
‘Hawar, as de earwearde rabby it winsket, meije wy net wegerje’, sei Saraji. ‘Fortel dou it mar, Jaliban, dou witst der alles fan.’ ‘Né leave, it is foechsumer datstou it fortelste.’ ‘Ik soe it wier wol fortelle wolle, mar hwer moat ik bigjinne en hwer ophâlde? It liket my ta, dat ik yn gjin dagen klear komme soe, as ik alles fortelde. Al dy dagen fan grime, fortriet en hertsear. Hwat in triennen binne der skriemd doedestiids. Ik ha gjin krêft genôch, om alles to fortellen lyk as it bard is.’ ‘Lit Saraji dan sa koart mooglik krieme, ús it bilangrykste meidiele en net to folle op bisûnderheden yngean’, advisearre de rabby. ‘Goed, as de earwearde rabby it winsket, sil ik net wegerje... Wel, ik ken harren beide sûnt har jonge jierren. Har heit, Haham Nissim, wie in fatsoenlik man, in keapman mei in winkeltsje. En hoewol syn dochters net jong trouden, hat hy it dochs noch bilibbe. Mei er yn frede rêste. Yn 't bigjin wie der neat tusken harren, gjin spul, gjin skeel, hoewol hja blykber ek net mâl meiinoar wiene. Yn 't earstoan hiene hja deselde toloarstelling: hja krigen gjin bern. Letter lykwols krige Malka twa Bern, in famke en in jonge, mar hja hat harren beide nei it tsjerkhôf bringe moatten. Meije wy der foar biwarre bliuwe. Rebecca har man, Joseph Russo, wie in knappe, rêdsume, take jonge man dy't foarútkaem yn 't libben. Fiif, seis jier nei har trouwen hied er in bêste posysje. Altyd hied er sukses en hy fortsjinne jild as wetter, Mei gauwens neamde elkenien him Senor Joseph Russo en mei rjocht. Tsien jier letter wied er smoarryk. Hy hie twa greate HanukahGa naar voetnoot2)-lampen, in hûs fan twa fordjippingen, in feint en in faem. Hy koe syn gemak der fan nimme en fan it libben genietsje. Koartom, hy hie al hwat rykdom in minske biede kin. Neat ûntbriek harren, bihalven ien ding: in bern. Gods wegen binne uzes net. Malka har man, Raphael Kapeluto, hie lykwols oars net as tsjinslach. Hy wie ek keapman en bisocht it oer alle boegen, mar alles mislearre him. It heucht my jit, dat er twaris felyt sloech. Syn libben lang bleau er in earm, bihoeftich mantsje. Syn sweager, Senor Joseph, holp him mear as ienris oerein, joech him jild en goede rie, mar it wie omdoch. It sprekwurd seit, dat alle jild fan de wrâld immen net helpe kin, dy't it lok net mei hat. | |
[pagina 69]
| |
Lyk as ik sei, Malka krige, ryklik let, twa bern. It iene wie in jonge en it hoecht jin gjin nij to dwaen, dat Senor Joseph, dy't seis gjin bern hie, mâl waerd mei dy jonge en him alles joech, hwat er tokoart kaem. Mei syn myld hert leave er dat bern en suver alle dagen gyng er dêr hinne om mei him to boartsjen, mar mei't er bang wie, dat syn frou Rebecca dat net forneare koe, die er it tomûk. En fansels kamen der praetsjes: it soe him net allinne om it bern to rêdden wêze, mar ek om 'e mem. Sa kaem it, dat er it bern stjûrde al hwat it bigearde, soms iepentlik, meastentiids yn 't geheim. It each fan in frou is lykwols skerper as dat fan in earn. En sa skeaten der toarnen en stikels op yn de forhâlding tusken de beide famyljes. Mei God ús jimmer biwarje foar jaloerskens, dy't it hert forskuort. Rebecca's oergunst op har suster wie as in frettend fjûr. Alle dagen wie der grammoedigens en fortriet, spul en skeel, rabberij en forwyt. Rebecca bigoun har suster sa fûl to haetsjen, dat hja der hommels op in joun yn 'e hûs kaem, doe't hja wist, dat har man dêr wêze moast. Har eagen fûnken fan grime en bitter wie har hert en hja woe al har forwoedendheit útstoarte oer har suster en har man. Mar doe't hja seach, hoe bliid en ynmoedich har man it bern oanhelle, koe hja gjin wurd útbringe, der kaem oars net as ien lange, bittere needgjalp en doe siigde hja der hinne. Neitiid mijde de rike man it hûs fan syn oantroude famylje. Rebecca wekke as in liuwinne en woe net lije, dat er harren ea hwat joech. De hate tusken de beide susters boaze oan en har jaloerskens (dat it ús nea net oerkomme mei!) waerd in fjûr, dat alles forslynde. Dy oergunst makke de rike frou mankelyk. Hja waerd suver sljocht en har eagen lieten har man gjin amerij los. Sels as er syn deistich wurk die, liet hja har ynljochtsje oer al syn dwaen en litten. En as it ris barde, dat er syn oantroude famylje tomûk hwat stjûrde, wist hja it ynienen, net liker as dat kweade ingels it har fornijden. En as har man dan thús kaem, boarstte de hel los. En leau mar, dat har suster Malka har likemin stil hold. Hja hate har rike suster yn ieren en sinen, mar hoe koe hja, earm en yn de lytse loege, har reitsje en sear dwaen? Hwat kin in pauper bigjinne tsjin in rikenien? Dit wie it iennichste dat hja dwaen koe: by elke gelegenheit, dat it oer har suster to praet kaem, spriek se har namme net út, mar neamde har de ‘toarre breabeam’. En altyd wiene der wol kweade ingels, dy't it oerblaeiden om oalje op it fjûr to smiten. Sadwaende hearde de rike suster suver alle dagen hwat Malka birabbe oer de toarre | |
[pagina 70]
| |
breabeam. En kwealaster en ergewaesje walmen troch as de flikkerjende úteinen fan in brânnend stik hout. Doe op in dei waerd der hommels forteld, dat Rebecca swier wie. God hie einlings en to'n lêsten har lijen sjoen. Hja moat doe likernôch fiif en tritich jier west hawwe. It die mennichien goed. Priizge wêze Syn Hillige Namme, seine de kunden dy't it hearden, nou sil de eale frou treast fine en ta rêst komme. It trelit, it getsier en de oergunst sille ophâlde en de minne tiid is foarby! It wie yn de tiid, dat de rike lju taholden yn har simmerwenten op 'e heuvels, doe't men it nijs foar 't eerst hearde. En men kin it fan tinken wol hawwe, hoe't hja neigien waerd. De dokters ornearren, dat hja de eerste seis moannen lizze moast. Hja wiene fan bitinken, dat de berchlucht gaedlik foar har wie en hieten har dêr to bliuwen oant de berte fan har bern. En hja die hwat har hjitten waerd. Nei de sechste moanne kaem hja út en troch ris del foar in kuijer troch it doarp. En nou kamen de kweade ingels, om sâlt yn de iepene wounen fan Malka to struijen. Hja fortelden har hoe't har rike suster let en set waerd yn har steat fan blide forwachting, as hja troch de buorren kuijere, of troch de fjilden en hôven, biselskippe fan in tsjinstfaem, en hoe't hja biskerme waerd tsjin it lytste ûnk. Har stappen waerden sûnder mis teld en har winsken út de eagen lêzen. Doe't Malka dit allegear hearde, hie hja it gefoel, oft skorpioenen har stieken. Hwerom fornedere God har op dizze manear oant yn 't stof? It koe allinne mar bitsjutte, sei hja, har siele bisûndigjend, dat God oan de kant fan de riken stie. Om koart to kriemen, doe't Rebecca' tiid kaem, fleach it nijs troch de buorren, dat hja in jonge krigen hie, in moaije soune jonge. Ik kin jimme net fortelle, hoe't hja út de skroeven wie, hoe't hja dit feest fierden mei sang en klang en jeften oan de earmen. En op 'e dei fan de bisnijenis wie de blydskip bûten alle roai. En hja neamden it bern Nathan, om't it in jefte fan God wie. Hwa't lykwols yn dy dagen de heit skerp achtslein hie, dy soe gewaer wurden wêze, dat der hwat wie, dat him hindere, dat in skaed oer syn eagen Loek. Hy koe soms foar him út stoarje, lyk as wie syn loaits biferzen, mar dan waerden syn eagen hommels wer myld en makke er him los út syn prakkesaesjes. En alles hwat er ûndernaem en de jeften dy't er oan de earmen joech, hy die it allegearre mei in wiis hert en in goed sin. | |
[pagina 71]
| |
Doe't de feesten foarby wiene, gyng it libben syn wenstige gong. De rike Rebecca wie faek op 'en paed mei de poppe en syn minne en in help. Soms gyng hja op bisite yn de stêd en yn har eigen hûs ûntfong hja in soad gasten en alles wie yn oarder. En hwa't har seach mei it bern, bispeurde hoefolle lok en eare der foar de riken weilein wêze kin op dizze sûndige wrâld. Hja seach der like strieljend en lokkich út as in soune jongfaem. En hoe soe hja net? Krige hja minne nachten, of moast hja oerdei mei de poppe rêdde? Fansels net, dat wie wurk foar de minnemoer, net foar har. Bigryp my goed, it ûntbriek de minne oan neat. Der is wierheit yn it sprekwurd, dat de tsjinners profitearje fan de kening syn rykdom. Hwant doe't it bern ôfwend wie en hja yn de stêd werom kamen, namen hja de minne mei en mei har húshâlding wenne hja by harren yn, op 'e boppefordjipping, Hawar, it bern groeide op mank de oare bern. Bûtenwenstige knap wied er net, mar hy seach der fleurich en leaf út yn syn moaije klean en syn hâlden en dragen wie lyk as it rike lju's bern foeget. Undertusken wie der yn dy fiif, seis jier hwat bard mei Malka, de oare suster. Net, dat der folle op- en delgong is foar in earm minske. Earmoede en brekme wiene der juster, hertsear en need sille der moarn wêze. Mar der wie ynwindich hwat foroare. In greate mankelikens wie oer har kommen en dy liet har net mear los. De hiele dei siet hja thús, iensum en yn prakkesaesjes wei. As hja by gelegenheit mei immen praette, bigoun hja altyd to kleijen, dat God har libben sa bitter makke. Har fijân hied er forblide, har hied er fornedere oant yn it stof... Nou barde it op in dei, dat hja by sibben yn 'e hûs it bern Nathan seach. Har eagen meije dolken west hawwe, mar hja hold har yn en sei neat tsjin it bern, goed noch kwea. Né, op dat stuit sei hja neat, mar in pear moanne letter safollesto mear. Hja praette en praette en snettere altyd en oeral, de lingte en bridte fan de goede stêd Rhodes oer. Forskate lju skriemden om de dingen dy't hja sei, hwant har wurden priemken oant yn it hert. Mar Malka sels, God mei ús genedich wêze, wie dronken fan har oerwinning en ûnmeilydsum skuorde hja it masker ôf, makke it geheim buorkundich en forneatige it lok dat opboud wie. Elkenien fortelde hja, dat har rike suster net swier west en gjin bern to wrâld brocht hie en it ek net fortsjinne, dat hja deselde toarre breabeam wie, dy't hja altyd west hie...’ ‘Hoe kin dat?’ fregen allegearre, dy't nei it forhael fan Saraji | |
[pagina 72]
| |
harken, tagelyk. En rabby Jacob, dy't mei ynmoed harke hie, sei forwûndere: ‘Mar jo fortelden ús dochs, dat hja swier wurden wie yn it doarp op 'e heuvels en it libben skonken hie oan in soan.’ ‘Ja, ja,’ suchte Saraji, Malka forrette it geheim, dat dy soan it bern fan de minne wie, dy't tichtby it rike pear yn it doarp wenne. Hja waerd gewaer, dat Rebecca, doe't hja dêr tahold, ûntdutsen hie, dat de minne yn it earste stadium fan forwachting wie. Rebecca hie har hert útstoart foar de frou, skriemend yn har ellinde en ûnder de lêst fan it kwea, dat har suster har mei opsetsin oandie. En it bigreate de minne en har man slim om de rike frou, hja wiene goed folk en tige earm en hja hiene al trije bern. Sadwaende gyngen hja op it útstel fan Rebecca yn en biwilligen yn alles dat hja biskikte. Yn in skriftlik akkoart, fan beide partijen tekene, waerd fêstlein, hja soene it geroft forspriede en bifestigje, dat Rebecca swier wurden wie yn deselde tiid as de minne. De rike frou sels sop it buorkundich meitsje en har yn it publyk fortoane (de stakker: hja boun in kessentsje op it liif). As de tiid kaem, dat de minne har wâldreis die, soe Rebecca bikend meitsje, dat hja ek in bern to wrâld brocht hie (it wie allegearre bitûft en slutend opset) en de poppe soe as in prins of prinses opbrocht wurde. Hwat de minne oangiet, dy soe de wrâld to witten dwaen, dat hja in dea bern krigen hie. En neffens dat akkoart hawwe hja hannele. De wiere mem wie yn de eagen fan oaren in minne, yn werklikheit joech hja har eigen bern it boarst. Der wie ek fêstlein, dat de beide famyljes nei Jeruzalem forfarre soene, as it bern achttjin jier wie en dêr soene de âlders it rjocht hawwe, mei him to dwaen hwat hja winsken. Woene hja him forgoed ôfstean oan it rike pear, dan soed er har soan en erfgenamt wêze. Mar jaloerske Malka forrette alles. Nimmen wit hoe't hja it geheim ûntdutsen en it stik yn 'e hannen krige hat. It is in riedsel oant hjoed de dei. Mar mennichien, ek frjemden en heidens hawwe har forflokt om har stienhurd hert, dat gjin meilijen mei har eigen suster en gjin minsklikheit opbringe koe. De Himel sels hat har straft foar har kwea. Har eigen soan moast hja datselde jiers misse. Us heucht jit dy Sabbat, doe't er fan it dak foel en op it plak stoar. In pear jier letter forlearen hja har dochter en folslein birôve en forlitten bleauwen hja binefter. Rebecca waerd fan hertsear slim siik, tiden lang. Der waerd grute, dat it har yn de holle slein wie. Doe't hja opknapte | |
[pagina 73]
| |
(hoewol noch net de âlde), waerd har man siik. Jierren lang hat er omtsjirme, brutsen mei lichem en siel. Yn dy minne tiid hat er al syn jild forlern en doe't er nei likernôch tsien jier einlings en to'n lêsten kaem wei to reitsjen, liet er syn widdou, dy't fan de krommels libje moast, oars net as skulden nei. Net lang dêrnei bisleat hja mei har lêste skeamel bisit nei Israël to forfarren. Doe't in skoft letter Malka har man forlear, is dy ek nei de Hillige Stêd tein. Dat is dan yn 't koart de skiednis fan de susters, foar safier as 't my heucht. Mar hwat in genede fan de Skepper, dat it ús barre mocht, harren libben wer to finen, hjirre, dêr't Jeruzalem syn frede spraet oer harren en ús. It heil fan Jeruzalem hat dit dien en fanwegen de fortsjinsten fan de Torah, ik bin der folslein wis fan, sil harren alle kwea forjown wurde, dat hja elkoar oandien hawwe.’ En de rabby, Haham Jacob, forwûndere oer hwat de Skepper oer syn skepsels bringe kin, priizge Saraji, dat hja it forhael forteld hie, lyk as hie hja it sels meibilibbe. ‘Binne jo famylje fan harren?’ frege er. ‘Né, wy binne gjin sibben... mar faeks noch neijer...’ ‘Noch neijer? Hoe kin dat?’ De âlde frou bûgde har holle en sei súntsjes: ‘Ik wie dy minne.’
(fortaling dt it Ingelsk fan Inne de Jong) |