tsjinst oan de Tora is tsjinst oan in God, ‘foar Hwa't de sé en al hwat der yn is bolderet’, dat ‘elk skepsel wit Hwa't him skepen hat.’
It aparte oan harren en itjinge de wrâld ôfskrik jowt, is dat hja bisiele binne fan de oertsjûging, dat dìzze tsjinst oan God en dìt bigryp fan God as Skepper fan de wrôld by harren, yn har mienskip de heechste foarm birikt hawwe en dat hja, de leechleinen en forspijden, yn wêzen de útkarde bern fan God binne. Ek al is har klaeijing sjofel en gauris sels snústerich, ek al binne har wenten earmtlik en brekfallich, dochs sjonge hja sûnder wifkjen: ‘Oerwinningsjubel klinkt yn 'e tinten fan de frommen’ en it iennichste dat de blydskip liket to timperjen is it feit dat net de hiele mienskip fan frommen yn Jeruzalem forgearre is. ‘En bring ús forstruiden byinoar út de folken en sammelje alle fordwaelden fan de úteinen fan de wrûld.’
Boppesteande biskriuwing fan de Freugde fan de Wet yn Jeruzalem slacht perfoarst net op it meartal fan 'e bifolking fan Israel. De fromme sekten, dy't it útskroevenst binne yn har feestfiering, meitsje mar in lyts part út fan de Joaden, sels yn Jeruzalem, dêr't hja it sterkst fortsjintwurdige binne. Dochs moat men harren ek wer net ûnderskatte, hwant har oansûgende macht oer oaren is krekt op sokke dagen fan ûnbidimme wille tige great en gâns minsken wurde faeks by tûzenen ta harren oanlutsen, almeast jongerein, dy't it godstsjinstich libben in nije oantrún jowe.
Mar ek as men de formiddens fan de orthodoksen en har mear of minder fêste oanhang der hûten lit, dan noch is út soarte it feest symptomatysk foar Israel. Hwant de bislettenheit en it harsels genôch wêzen fan de Joadske mienskip kin nea griffer hifke wurde as oan it slach teksten dat it dounsjen bigeliedt. Dy sprekke fan ûnderwurpenheit njonken God oer, mar hja jowe tagelyk bliken fan in oerdreaune pretinsje. En sikerwier, dy't oer Israel skriuwe wol, kin der net foarwei dat er syn oardiel groundearret op in oanfurdigjen of ôfstegerjen fan de pretinsje dy't de namme Israel opropt: Israel as folk en Israel as steat, Israel as mienskip fan it leauwe of as nasionale groep, Israel as histoarysk bigryp of as libbene wurklikheit, Israel as idé, bihâlden yn it Joadske folk of forwêzentlike yn e Kristlike Tsjerke, dy't him dêrom ‘it wiere Israel’ neamt.
Dy pretinsje is foar de théolooch bigryplikernôch, mar hwa't it birin fan de Joadske skiednis yn 'e lêste heale ieu mei stúdzje neigien hal, bisaut him der oer. De grounlizzers fan de