De Tsjerne. Jaargang 16(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 34] [p. 34] Yitzhak Lamdan: Israel En Hy sei: dyn namme sil fuortoan net Jacob neamd wurde mar Israël, hwant dû hast wraksele mei God en mei minsken, en hast oerwoun. En nou God, nacht op nacht komm' Jo ta my Net ta myn treast, mar om myn krêft to hifkjen En krij 'k Jo ûnder by it daegjen, ik bin ienlik wer In earme en frjemde pylger, lûkend mei myn skonk. ‘Mei God en minsk hastû wraksele en oerwoun -’ En dit is àlle seine dy't my jown wurdt, o Forburg'ne? Near is my 't witten: ik oerwoun, 'k oerwoun oer alle ding Mar oer de iene net - net oer mysels. Swier rêst Jins seine op my: 'k fordraech har amper mear As 'k hompeljend en ienlik steile paden gean Oerwin my ienris, Jo, en lit m' oant moarntiid rêste - Rêst, dêr't oerwounen rjocht op ha. Wer is it nacht. Allinne bin 'k. Wer komt God ta my del ‘Israël!’ Hjir bin ik, God, hjir bin ik Mar hwêrom mêdzje Jo my elke nacht mar ôf - Moarn litte Jo my los, en gean 'k wer kwels. Vorige Volgende