[Nummer 2/3]
Groet en forantwurding
Nei de aparte nûmers dy't foargeande jierren fan De Tsjerne forskynd binne oer Bretagne, oer Amearika, oer Suriname en oer Noarwegen, forfetsje wy dy rige mei dizze debele ôflevering, dy't wijd is oan de ideéle kultuer fan de moderne steat Israël. Hwerom fust Israël? Wy miene to witten dat de bilangstelling foar de kulturéle en politike opbou fan de nije Joadske Steat ûnder de Friezen lang net lyts is. De mear as nijsgjirrige Israélysk-nasionale werberte, de oplibbing fan de oertâlde tael en de delslach dêrfan yn in jonge literatuer sille dêr net frjemd oan wêze. Ek yn Fryslân, al is it yn folle biheinder forbân, hawwe wy to meitsjen mei in taelûntjowing, oanpassingsprosessen en literaire nijbou, dêr't de lytse groep, dy't foar in folkseigen kultuer yn it spier giet, ûnûntkomber foar komt to stean. Fan datoangeande binne der yn Israël dingen oan 'e gong, dêr't in taelminderheit as de Friezen in skerp each foar hat.
Fierders is de niget oan de Sionistyske Biweging c.a. by uzes danich fuortsterke troch de spektakulaire Israélyske immigraesje, gefolch foaral fan de sé fan ellinde, dêr't de lêste wrâldoarloch dit folk yn 'e diaspora yn dompele hat. Mar boppe-al is dêr ommers de histoaryske bining. Oan dit âlde lân ûntsprongen ieren, dy't ús westersk-kristlike biskaving op 'en djipsten noch altyd bifloeije en bifruchtsje.
Wy groetsje dêrom út Fryslân wei de kulturéle pioniers fan Israël. Dit Israëlnûmer tsjinnet ta foarljochting fan Fryske lêzers, mar wol teffens in salút wêze foar harren dy't mei pinne en dirigearstok, mei troffel en lodde in takomst foar eigen bouwe.
Wy tankje de Israélyske auteurs dy't oan dit nûmer meiwurkje woene, yn 't bysûnder dr. J. Melkman to Jeruzalem dy't ús midsman en riedsman wie by it gearstallen derfan. Ek ús Fryske meiwurkers dy't ûnder de ûnderskate bydragen as oersetters neamd wurde, moatte de tank fan de redaksje hawwe. En allyksa de Israélyske Ambassade yn Den Haech dy't meastepart foar it yllustraesjemateriael en biografyske gegevens rette. De poëzij dy't yn dit nûmer foarkomt is út it Ingelsk fortaeld troch Fedde Schurer, wylst it omslach, dêr't in foto dy't in Yemenityske faem foarstelt yn forwurke is fan de bikende kunstfotograef Arielli, forsoarge waerd troch Durk van der Ploeg.
Dat dit nûmer, dat in byld jaen wol fan hwat der hjoed yn Israël geande is op it gebiet fan literatuer, tael, toaniel en muzyk, der by de lêzers goed ynfalle mei is de winsk fan
DE REDAKSJE