sketten, hwant as er seit: De minske skept himsels in godheit troch alle mooglike objektive noarms, om mei dy godheit himel en ierde bihearskje to kinnen, dan leaut er oan de mooglikheit dat dit de kearn fan de sûndefal neamd wurde kin. De Jong hat der lykwols net by stilstien hwat de konsekwinsjes fan dy sûndefal binne. Dêrmei wurdt tagelyk de harmonije forbrutsen tusken God en minske. Mei de sûndefal ûntstie de eangst, de skamte, de leagen, de haet, de flok. En tagelyk waerd dêrmei ek de folsleine ienheit tusken de wurden en de dingen forbrutsen. De wurden waerden losskuord fan de dingen en de dichter Adam kaem yn deselde posysje to stean as hweryn wy nou steane. Hy moast tonei sykje. Der wie gjin ienheit mear, mar twivel, der wie gjin leafde, mar forflokking. De minske krige in grins tawiisd yn in brutsen romte, yn in brutsen tiid, hwant de minske soe stjerre. En troch in brutsen tiid bigoun hja skiednis to wurden, bigoun de tiid har to fordielen fan slachte oant slachte. Troch it forbrekken fan de ienheit, hweryn it IK en de OAR primair opnommen wiene yn de leafde, kaem ûnderskie en krige foar it IK de OAR in bistean op himsels. Mei it forbrekken fan de paradyslike ienheit tusken de minske, de dieren en de dingen komme wy to stean yn de wrâld fan 1961. Wy kenne net de ienheit en de kollektiviteit dy't ús oerbleaun is, foarmet gjin sletten gehiel. As Steven de Jong my dúdlik meitsje kin dat syn Eersen gjin relaesje sykje, mar trochgeand dy relaesje hawwe, moat er dat wiermeitsje. De dichter is in siker nei it lok, in ûntdekker fan in geheim. Mar hy bliuwt in iensume sjonger fan de mythologyske muze dy't ús bringt tusken réaliteit en forbylding, tusken mythe en werklikheit.
It liket my ta dat De Jong bang is foar tradisionéle poëzij. Alles hwat bûten syn generaesje leit stiet tagelyk bûten syn eachweid. Mar wit Steven de Jong wol dat de flecht fan it hollânske eksperimint, tsien jier nei de foarming fan in mei biloften oerladen generaesje, stuite is? Men soe hjiroan ûnderskate fragen forbine kinne dy't opkomme út in rékonstruksje fan it globale forrin fan it eksperimint yn forhâlding ta har programma of yn oare gefallen it dogma, dat oan dizze literatuerûntwikkeling to'n grounslach leit, alteast foarsafier der fan in grounslach sprake wêze kin.
De greatste pommeranten, dy't dizze manifestaesje agressyf bigoun binne, litte nou yn harren poëzij in lûd hearre dat wiist op in retour, op nije foarming en miskien fordjipping fan it avant-gardistysk stribjen. Dizze retournearring hat ta gefolch