| |
| |
| |
Inne de Jong:
It ‘Pekfek’ nei it reaklif
26 septimber 1970.
It P.E.K.F.E.K. (Polityk Ekonomysk Kultureel Frysk Europeesk Kontaktorgaen) hâldt syn earste gearkomste yn it seizoen. Spikers mei koppen wurde der hjoed net slein, it giet mear om it opmeitsjen fan de winteragenda, hwat nammers noch net ienris tafalt. Professor Walda is lykwols in bitûft foarsitter, saeklik en taktysk. Sels de gystene jonge yngenieur Van Beem, dy't wolris hwat rûger idioom brûkt as yn dit selekte selskip wenst is, kin er aerdich yn de stokken hâlde.
It is skoft, de kelner komt mei kofje.
- Minsken, sorry: hearen, it foldocht my hjir skoan, mar hoe let kinne wy sahwat klear? freget Van Beem. Om healwei ienen stap ik op, ik moat nei it Reaklif. Hwa fan jimme giet mei? Ik kin noch fjouwer yn de wein hawwe. Gjinien fansels, dat binne wy wol wend. Hawar, ik wol der by wêze, it is hjoed in fearnsieu lyn, dat de bitinking bigoun, sinneskyn waer en op sneon, ik forwachtsje in protte folk.
- Ik tink, dat wy healwei ienen wol klear binne, seit de foarsitter, dan kin Van Beem oan de ein ta bliuwe. Der binne noch in pear ynkommen stikken, dêr't wy hjoed net oer útprate kinne, mar dy't dochs efkes ús omtinken freegje. It giet oer aktuéle dingen. It waeit in heale stoarm, heakket er der oan ta, de kraech mei op it Klif wol op, Van Beem.
- It aktueelste ûnderwerp is hjoed de slach by Warns, en hwat de stoarm oangiet, dêr klappe de flagen fleuriger op. Op 26 septimber 1345 wie it ek ûnlijich, Willem syn float is tominsten yn trijen waeid.
- Dat stiet histoarysk net fêst, seit dr. Loatsma, skiednislearaer.
- Hawwe jo alris in bitinking meimakke, Loatsma? Ik ha jo noch noait op it Klif sjoen en dat in histoarikus.
- Dat komt út, Van Beem. Lûdroftige bitogingen en greate wurden lizze my net, ik ha earnstiger wurk to dwaen foar Fryslân. Ik freegje my ek ôf, oft wy mei sokke demonstraesjes de goodwill, der't wy sa'n forlet fan hawwe, net forspylje. Baltende studinten hawwe forline jier de lju de skrik op it liif jage, de Hollânske parse spriek der skande fan.
- Ik twifelje net oan de earnst fan jou wurk, mar hjoed is ús plak op it Reaklif. Dêr komt hjoed it Fryske folk, dêr't it ús om
| |
| |
to rêdden is. Soe 't de muoite net wurdich wêze, om út ús hege posysje wei hwat solidariteit to bitoanen? Wês bliid, man, dat de studinten der komme. Einlings en to'n lêsten hawwe hja bigrepen, hwer't har plak is: foarenoan. Foarmje de studinten yn elke nasionale biweging net de avant-garde? Hja hawwe de lêste wiken in efficiënte propaganda foar Warns makke en ast my net mist, sille hja hjoed bitoge foar it Athenaeum, dêr't wy nou tsien jier lang om biddele hawwe. It ôfwaeide praet fan de Hollânske parse lit my stienkâld en mear as fan jou forneamde goodwill hawwe wy forlet fan in birette kloft, dy't it folk wekker ropt en Den Haech wekker ropt. As dat net bart, steane wy yn it jier 2000 noch foar de winige doar. Op it Reaklif is yn 1345 skiednis makke en dêr is hjoed it folk, dat demonstrearret. Ik bigryp der neat fan, dat ús forneamde Pekfek ivich en altyd forstek gean lit op 26 septimber. Hwat is dat foar in would be aristokratyske distânsje? It liket op in kompleks.
- It liket my ta, dat jo de wearde fan dy bitinking oerskatte, seit dr. Vearman, filosoof en literatuerkritikus. Dat tromgeroffel op it Klif sil Fryslân net rêdde, dêr wurde âlde feten opwaerme en kontroversen skepen, dêr't wy neat mei bidije. As wy dêr meiinoar hinne geane, binne wy ek mei forantwurdlik foar dat spul. It Pekfek mei syn bilangrike relaesjes kin gjin risiko's nimme. Woene jo faeks, dat professor Walda fan 'e middei mank de mannichte stiet to sjongen: feinten, hâld de fûsten ré?
- Wis en wrachtich, dat is krekt hwat ik wol en nedich achtsje. Dat is dynamyske filosofy, Vearman. Yn 1345 wiene der gjin patriciërs en plebejers, mar wie der ien Frysk folk, dat de dea riskearre, om it libben en de frijdom to winnen. Mar wy meije gjin risiko's nimme, fanwegen it Pekfek en ús reputaesje. Soe men jin de bûsen net útskuorre? Hwat histoarysk bilef, man, hwat fantasij, hwat solidariteit...
De foarsitter tikket mei de hammer. Der lûkt in tear yn syn foarholle, mar hy seit lykmoedich: - Hearen, lit ús de dingen net yn de persoanlike sfear bihelje en elkoars oertsjûging respektearje. Ik ha hjir in brief fan it aksjekomité Lauwerssé, dat ús stipe freget foar in massale aksje fan folk en biweging. It is in lang stik, ik stel út, jimme in trochslach to stjûren en it yn oktober to bihanneljen.
- De koarte ynhâld, foarsitter?
- It komt hjir op del, de dyk leit dêr, mar de sé is dêr ek noch. Dit timpo is mûltergjen en wy hawwe ús nocht. De regearing moat dúdlik makke wurde, dat der in ein komt oan ús
| |
| |
geduld. De aksjes fan 1960 en 1964 binne dearoun troch partijpolitike agitaesje, mar nou is 't út.
- Leit dit wol op ús wei, foarsitter? freger mr. Feringa. Wy binne op it lêst in ynternasionael kontaktorgaen.
- It liket my ta, dat wy ús min ôfsidich hâlde kinne. Den Haech ferget yndied hwat to folle fan ús geduld. Mar dêr kinne wy dan op 'e folgjende gearkomste oer prate.
It twadde brief komt út Bretagne. Nou't Frankryk oer syn slimste gloarjekoarts hinne is, kin de Bretonske biweging in bytsje rommer sykhelje, hoewol it sintralisme fan Parys har noch net folle earmslach jowt. Hja freegje ús sterke stipe op it o.s. minderhedekongres en ien of twa ôffurdigen op har greate jiergearkomste yn de Krystwike.
- Ik wol der graech hinne, foarsitter.
- Dat komt yn oarder, Van Beem.
- It trêdde brief, fan it Dútske konsulaet yn Ljouwert, is tige nijsgjirrich. It giet oer it Dútske toerisme. 95% fan de frjemdlingen dy't dit jier Fryslân bisochten, wiene Dútskers en de stream riist al mear en al mear. Foar de Fryske ekonomy is dit in suver net to oerskatten seine. It docht it konsulaet deugd, dat in fearnsieu neidat de lêste misforstannen tusken de bruorrefolken opromme binne, de Dútsk-Fryske ekonomyske en kulturéle kontakten nei in waerme Germaenske mienskip groeije, dy't de Europeeske ienheit allinne mar to'n goede komme kin. De hotelakomodaesje yn Fryslân is treflik. ‘Riis am See’ op Murns, dat mei fyftich bêdden bigoun, hat nou twahûndert. Hotel ‘Adenauer’ op Skylge is 't greatste yn Nederlân, ‘Sonnenschein’ to Earnewâld is fan Europeesk formaet, de lytser gelegenheden binne ek pûrbêst. It hotelpersoneel sprekt in Dútsk, suver sûnder aksint. Dútske muzykselskippen, films en toanielploegen aksentuearje de sfear.
Der binne lykwols in pear dingen dy't better koene, op it Fryske fêstelân alteast. It Fryske publyk, oars forneamd om syn savoir-vivre, syn linigens en hoflikens foar frjemdlingen oer, is tige reservearre hwat it brûken fan de Dútske tael oangiet en dat kin oanlieding jaen ta misforstân. Hjir is fansels gjin sprake fan nocht oan ûnnocht, faeks wol fan ûnkunde. Soe it Pekfek as ynternasionael kontaktorgaen, net it inisiatyf nimme kinne ta it organisearjen fan Dútske kursussen oer hiele Fryslân, nou't it Dútsk noch gjin forplicht learfak is op 'e legere skoallen? De bifolking fan de Hollânske Noardsékust docht it allang en praktysk wurdt dêr yn de simmermoannen allinne Dútsk praet. Op 'e eilannen giet it ek de goede kant út.
| |
| |
Ofsjoen fan de kulturéle winst foar de autotochtone bifolking, is it fan great bilang, dat de Dútske toerist him op Sânfurd like thúsfielt as yn Sandfoart. It konsulaet wiist der yn dit forbân ek noch op, dat Fryske halbstarken wolris oanstriid hawwe, om de sânforten, dy't de toeristen oan it strân bouwe, to forinnewearjen. Forten bouwe is in erflike hobby fan de Dútskers, it soe gaedlik wêze, dat it gastlân dizze folklore ek wurdearre, of alteast neat yn de wei lei.
Jimme krije ek fan dit skriuwen in trochslach.
- Ik stel út, dit Ersuchen net op 'e aginda to pleatsen, mar foar kundskip oan to nimmen en yn de papierkoer to smiten, seit Van Beem grimmitich. Syn útstel wurdt mei seis tsjin fjouwer stimmen forwurpen.
- Dat bitsjut dus...
- Dat bitsjut allinne, dat it konsulaet in antwurd kriget, Van Beem. Wy kinne ús savoir-vivre der yn forarbeidzje.
It lêste brief sille wy daliks mei ja of né biantwurdzje moatte. Justerjoun haw ik de measten fan jimme per telefoan al ynljochte, allinne de hearen Van Beem en Van der Velde wiene net thús en witte dus noch fan neat. Ik sil it brief efkes foarlêze.
Heechachte Hearen,
By gelegenheit fan it fiifjierrich bistean fan it P.E.K.F.E.K. hawwe wy de eare Jimme in diné oan to bieden op sneon, 26 septimber, yn hotel ‘Riisterbosk’ op Riis. Dr. Nanne Nijdam hat him ré forklearre om dêr dan in kausery foar ús to hâlden. It spyt ús tige, dat wy troch twingende omstannichheden sa let binne mei dit skriuwen, mar ús tank foar hwat it P.E.K.F.E.K. yn dizze jierren prestearre, hat ús twongen, om dochs troch to setten en de frijmoedichheit to nimmen, Jimme út to noegjen ta in fan ús organisearre feestlik bitinken fan dit earste lustrum. It soe ús in great foarrjocht wêze, as Jimme bislute koene, dizze minlike útnoeging oan to nimmen. Wy hawwe in bus bisteld, dy't om healwei ienen foar it Oranjehotel stiet.
Mei rju heechachting,
foar de Federaesje fan Fryske Studinteforienings,
Douwe Rienks, foarsitter,
Marijke Walda, 1e skriuwster.
- Dat is de muoite wurdich! ropt Van Beem. As jimme nou, om yn de studintestyl to bliuwen, bislute koene myn minlike útnoeging om earst mei nei it Klif to gean, oan to nimmen,
| |
| |
stap ik ek yn de bus. Né fansels. Hawar, nei de bitinking kom ik op Riis en bring jimme forslach út. Yn alle gefallen: oannimme, mannen!
- It komt my oer it mad, myn frou forwachtet my aenst thús, seit dr. Van der Velde. Hwannear hawwe Jo dit brief krige, foarsitter?
- Justermiddei, fan de 1e skriuwster, myn dochter. Ik ha daliks sein, jimme binne to let, mar it fanke hat my oertsjûge, dat hja perfoarst net earder koene. It soe in ûnbidigen toloarstelling foar de jongelju wêze, as wy wegeren. De oare hearen hawwe justerjoun al sahwat tasein, en jo moatte fansels ek mei, Van der Velde. Jo kinne jou frou efkes opskilje.
In kertier letter rydt de bus mei njoggen hearen fan it Pekfek en in ploechje studinten nei it suden. Nimmen fan de learde hearen hat by it ynstappen sjoen, dat der in smel doek foar de kop fan de bus spand is mei de letters P.E.K.F.E.K. Allinne professor Walda, dy't foar de bus lâns roun, hat it opmurken. Hy hat effen glimke.
Hja ride oer Boalsert, dêr't de pompeblêdden fan de Martini waeije.
- De stêd fan Gysbert flaget op 26 septimber, einlings en to'n lêsten! Nou giet it de goede kant út! ropt Marijke optein.
Dr. Loatsma en dr. Vearman sjogge nei boppen en skodholje. Professor Walda sjocht filosofysk fan de flage nei syn dochter. Warkum flaget ek.
Op 'e trijesprong tusken Koudum en Riis slacht de chauffeur net lofts ôf, mar rydt troch nei Himmelom, op it Himmelommer Heech stoppet er.
- Is 't net in lust, dit útsicht? freget Van der Schaaf, foarsitter fan de Natio Frisica. It blykt, dat inkelde hearen fan it Pekfek, dy't oan de Rivièra goed thús binne, dizze hoeke fan it heitelân jit net kenne. Hja moatte tajaen, dat it de muoite wurdich is. In weagjend lânskip tusken marren, bosken en de âlde Sudersé mei prachtige panorama's. Fan alle tuorren yn de omkriten en fan inkelde partikuliere huzen waeije Fryske flagen. Der ride gâns weinen, skooters, bromfytsen en ek noch inkelde fytsen de kant nei Warns út. In bus mei studinten, suver bidutsen ûnder in greate flage, sjit foarby. As hja troch it efterrút de namme Pekfek sjogge, boarst der in forheftich eala! los en steane hja as wylden to wiuwen.
Dr. Loatsma skodhollet grimmitiger.
Yn professor Walda hâldt de dichter en strider, dy't er yn
| |
| |
syn jonge jierren wie in nijsgjirrige monolooch tsjin de forneamde wittenskipsman, dy't er wurden is. Hy hat him yn 't iepenbier nea net útlitten oer de kwestje Warns, mar hy is der stelselmjittich weibleaun. Earst hat er himsels wysmakke, dat it in quantité négligeable wie. Letter, dat er perfoarst net út antipathy weibleau, mar út gewoante en dat it yn syn funksje faeks ek wol wize strategy wie. Yn petearen mei syn radikale dochter fielde er him net al to sterk. Doe't hja him forline wike fûl ferge: hoe kin heit dit nou goedkrije, yn alle formiddens yn binnen- en bûtenlân de saek fan Fryslân fordigenje en stéfêst thúsbliuwe, as it folk foar deselde dingen opkomt yn in feestlike demonstraesje op in histoaryske dei en in histoarysk plak! hied er him der mei in boutade ôfmakke. Winliken is er net âld en útdroege genôch, om kâldwei yn syn hege toer sitten to bliuwen, as it libben sjongend optsjocht. Hjir en hjoed kriget er suver oanstriid om mei to gean en mei to sjongen. Byneed: feinten, hâld de fûsten ré. Soe it de reputaesje fan de gelearde skeine? Hwat dan noch? It libben is mear as reputaesje, de minske mear as de professor. Loatsma, Vearman en Feringa soene raer guod opjaen, as hja syn prakkesaesjes neigean koene, dat binne dogmatyske Warns-opposanten. Yn 'e groun fielt er in bidroefd bytsje foar har arguminten. Wie Van Beem fier mis, doe't er fan in kompleks praette? Is 't net hwat al to healwiis, om hjir by it Reaklif om to krusen en der net hinne to gean? Hy hat wol yn de rekken, dat de studinten harren hjoed mei opsetsin hjir hinne helle hawwe. It sil him nij dwaen, hoe fier hja geane en oft it harren slagget, sûnder ûngelokken ta har doel to kommen: it Pekfek nei it Reaklif, hwant dêr is it harren sûnder mis om to rêdden. Hawar, fan syn kant hoege hja gjin forset to
eangjen.
De strategy fan de studinten is like trochsichtich as foarsichtich. Op it Bakhúster Heech stopje hja jitris. It útsicht is hjir seldsum. Ivige moai, konstatearret Douwe Rienks. En dan freget er: professor, hearen, wy hawwe noch in sé fan tiid, sille wy noch efkes omride, de moaiste plakjes fan ús koele Fryske Rivièra lâns, of daliks nei Riis gean? Hjir rjochts ôf nei ûnderen komme wy yn Murns. Oan de iene kant de hichten mei de spits fan de Bakhúster toer der boppe, oan de oare kant de sé en tsjin de donkere eftergroun fan it Riister bosk it forneamd badhotel ‘Riis am See’.
- Hwat my oangiet, neat op tsjin, seit professor Walda.
Feringa hat gjin euvelmoed en wol it Dútske hotel wolris sjen. Vearman en Loatsma fiele har net op har gemak, mar
| |
| |
kinne min sizze, dat hja net nei Murns wolle. De oaren hawwe ek gjin biswieren en de bus glydt al by de skeante del.
- In frucht fan it Wirtschaftswunder, seit Marijke, wylst hja op it greate moderne hotel wiist. It lânskip is der mei skeind, mar hawar, de Gaesterlanners hawwe har noch net lykskeakelje litten; se falle my net ôf.
Wylst de bus oplûkt nei de hege dyk, praet Rienks foar it faderlân wei.
- Dêr skean foar ús is de Mokkebank, ien fan de moaiste fûgelreservaten yn Nederlân. Hwat dêr yn dit seizoen húsmannet komt net sa lyk. Sjoch, dêr giet in keppel wylde swannen op 'e wjok! Fier nei rjochts glinsterje de Fluessen en de Moarre. Aenst om 'e bocht leit it nijsgjirrige âlde fiskersnêst Laeksum rjocht foar ús.
- En efter Laeksum leit it Reaklif, seit dr. Loatsma batsk.
- Ja, mynhear Loatsma, Fryslâns heechste punt, mei it moaiste útsicht. Mei dit kleare waer liket de Hollânske kust deunby.
- Is it Reaklif it doel fan de reis? freget dr. Vearman.
- Perfoarst net, mynhear Vearman. Us doel is Riis, dit reedtsje is in tajefte. Wy kinne aensen by Laeksum rjochts ôfslaen nei Warns en it Klif lizze litte. As de hearen lykwols gjin prinsipiële biswieren hawwe, kinne wy noch krekt it fyfte lustrum fan de Warnsbitinking meinimme. Mar jitris, wy dogge hwat jimme wolle. Hoe moat it, professor, nei it Klif, of daliks oer Warns nei Riis?
Marijke sjocht mei ûndogenske spanning nei heit. Der is gjin ûntkommen oan, tinkt hja.
Professor Walda glimket. - Nou't wy sa deun by it feest binne, soe ik de kwestje stelle wolle, lyk as Rienks it dien hat: as der gjin prinsipiële biswieren binne, soene wy de gelegenheit waernimme kinne om ris persoanlik mei dit faset fan de Fryske striid yn de kunde to kommen. As der lykwols mar ien op tsjin is, geane wy nei Riis.
Nimmen oppenearret him. Loatsma, Vearman en Feringa fiele, dat hja yn de skjirre sitte. Hja soene folslein har gesicht forlieze foar dizze studinten, as hja wegeren. En faeks noch in opkiper yn ‘Fryslân oerein’ meikrije. Ynwindich binne hja lykwols pûr. Hat professor Walda hjir mei de hân yn? Hja sille him der oer to wurd.
- Sjoch, sjoch, jonges sjoch dêr ris! ropt Marijke ynienen. Twa helikopters saeije op 't Klif del! Dat is nijsgjirrich! Troch de loft nei it feest fan Warns! Offurdigen fan de Foriene Naesjes miskien!
| |
| |
Tsien menuten foar healwei trijen stiet it Pekfek yn syn hear en fear mank in tûzenkoppige mannichte op it Reaklif. It Warnser korps spilet ‘It feintsje fan Menaem’, it folk sjongt fleurich mei. It tilt fan Fryske flagen, kloften studinten steane dêr mei spandoeken: De Lauwerssé moat daliks droech! Wy wolle op koarte termyn in Athenaeum! Fryslân is gjin generaliteitslân!
Van Beem springt optein en forbjustere op Loatsma oan en slacht him op it skouder. - Jimme hawwe my dus fan 'e moarn foar de kroade riden mei jimme anti-Warnsoraesjes! Hawar, it is yn oarder, mannen, it Pekfek op it Reaklif! Nou sil it heve!
Dr. Vearman giet in stapmannich op side, om in nije útboarsting fan Van Beem to ûntkommen. Mar nou rint er in journalist yn de earmen, dy't him syn kaert sjen lit: in korrespondint fan de Nije Rotterdammer. - Hwat bitsjutte dy letters op 'e bus, dêr't jo útstapten, mynhear?
Vearman sjocht forbjustere nei it spandoek, dêr't er neat fan wist en dan nei syn ynterviewer.
- Ik bidoel: P.E.K.F.E.K.
- Polityk Ekonomysk Kultureel Frysk Europeesk Kontaktorgaen, seit er mei tsjinsin.
- In ynternasionael kontaktorgaen dus. Ien fan de topynstânsjes fan de Fryske biweging, bigryp ik. Mei ik jou namme miskien ek witte, mynhear? De N.R.C. soe ynljochtingen fan heechst bifoege side tige op priis stelle.
Vearman byt op 'e lippen. As er dy nijsjager net objektyf antwurdet, stekt er syn ljocht by in oar op, by Van Beem bygelyks. En dan kriget er faeks noch in sneer yn syn eigen liifblêd op 'e keap ta.
- Vearman, seit er, dr. Vearman, lektor yn Grins.
- Jo achtsje dizze bitinking, dêr't alle lagen fan it Fryske folk by fortsjinwurdige binne, grif ek fan it heechste bilang?
- Dat haw ik net sein.
- Sorry, mynhear, mar it P.E.K.F.E.K. komt hjir mei in spandoek demonstratyf op 'e bus, dat seit, tinkt my, genôch.
De journalist skriuwt gysten en Vearman winsket him yn Siberië. Hy tanket de himel, as de foarsitter stilte freget. De flage wurdt hise, de huodden geane ôf, de fûle eastewyn blaest kâld oer Vearman syn glêdde plasse. Moarn ek noch de gryp, tinkt er bitter. Mar ear't er it sels yn de rekken hat, sjongt er it flaggeliet mei. Loatsma net, dy knypt de lippen stiif opinoar. Feringa wifket.
- Folk fan Fryslân, seit de foarsitter, fortsjintwurdigers fan gemeentebistjûren, gasten út Noard-Fryslân, Hollân, Flaende- | |
| |
ren en Wales, wolkom! Yn 1345 hat ús folk de slach by Warns woun, hjoed winne wy de slach om Warns. De foarfaers wiene yn in pear ûren klear, wy hawwe der in fearnsieu oer dien, mar dizze massale opkomst, dit spontane enthousiasme, biwiizgje, dat ús folk wekker wurdt. Hjoed waeije de flagen fan alle tuorren yn it súdwesten, Ljouwert kin op 'en dûr net binefter bliuwe. Dizze bitinking wurdt it jierliks appèl fan in lyts folk, dat syn biskieden, rjochtlik plak ûnder de sinne freget. It docht my tige deugd, dat ús studinten yn kloften hjir hinne komd binne, har striidleuzen binne uzes. Dat hjir in deputaesje fan it aksjekomité ‘Holland, blijf je zelf’ yn helikopters hinneflein is, biwiist wol, hoe twingend aktueel de striid om it eigene wurdt, ek bûten Fryslân. Wylst wy hjir noch altyd yn 't gewear moatte tsjin de kroanyske Hollânske sykte, is yn Hollân sels in Dútske epidemy útbrutsen, dy't hurd oanboazet. De bruorren út Hollân, dy't hjir hjoed by ús binne, bigripe ús en wy harren. Den Haech, dat hjir net fortsjinwurdige is, liket neat to bigripen.
De Rono sil takomme woansdei dizze bitinking wiidweidich útstjûre, inkele flitsen op it filmjournael meije wy ek forwachtsje. De 26ste bitinking fan de slach by Warns is bigoun.
Der wurdt forheftich klapt, de studinten roppe: Fryslân, oereen! In ploech Grinzer studinten fiert in pear fleurige folksdounsen út. Dr. Vearman ken de measten fan harren en syn sin wurdt hurd better. As de Ballade fan de Ridderslach foardroegen is, sjongt it folk in pear koupletten fan ‘War dy’, professor Walda sjongt mei: feinten, hâld de fûsten ré! Van Beem formakket him ta de teannen út, nammersto mear as er sjocht, dat Vearman ek meisjongt.
Dan komt der in sprekkoar fan in tweintich fammen en feinten mei in solostim.
Hwat ha wy mei dy âffaers hjoed noch mien?
Yn leafde la de frijdom bin' wy ien.
Fjochten hja net mei 't gleone skerpe swurd?
Wy mei it liet en mei it wurd.
Hwat kin in wurd, hwat kin in liet?
In folk bisielje, dat it rjochtop stiet
en selsbiwust syn wegen giet.
Mar keare wy forfal en ûndergong?
Wy leauwe oan Fryslân en wy binne jong.
Yn dy trant giet it fierder en it folk herhellet de beide lêste rigels:
Wy, de Friezen ien en mien,
wy, wysels en oars gjinien.
| |
| |
De sprekker fan de dei is in midden-fyftiger mei in ûnbidich bosk griis hier. Syn lûd is jong en it klinkt party fan de âlderein suver revolusionair yn de earen. De jongerein, dy't hjoed sa massael bywêzich is, moat greater ynfloed yn de biweging krije, wol er hawwe.
Syn lûd wurdt hommels oerdondere fan in formaesje strieljagers, dy't leech en deun by it Klif lâns fleane.
- In earesalút fan de legerlieding, seit er. Mar it kaptael, dat dat âlderwetske túch kostet, koe de Lauwerssé mei droech.
De studinten klappe, dr. Loatsma rydbosket.
- Fan it Pekfek, de Akademy en de Biwegingsried oant de lytste kriten moatte der folle mear jonge minsken yn de bistjûren. De sechtigers en sawntigers dy't jong bliuwe, kinne wy net misse, mar by in part bigjint de geastlike ierfolkalking al folle earder en dat utert him dan yn twivel en mismoed, op syn gunstichst yn mijene taktyk en bloedleaze foarsichtigens, dy't foar heechste wysheit trochgean moat. Sille wy de biweging fris en dynamysk hâlde, sille wy de slach om Fryslân winne, dan moatte wy net allinne de jongerein bisielje, mar ús fral fan har bisielje litte. It binne de jonge minsken, dy't risiko's nimme doare, omt hja fan it libben noch alles forwachtsje, dy't de skiednis ombûge. Wy ha forlet fan wize taktyk, mar mear noch fan jong avontûr.
De studinten ûnderbrekke him mei lûde byfal.
Binne it yn de ynternasionale polityk, freget er, net faken âlde keardels, dy't it op 'e dea hâlde, om't hja ynwindich mei it libben ôfrekkene hawwe? En wiene it hjir yn Fryslân ek net altyd âlde knapen, dy't ús har kromme partijkneppels foar de fuotten smieten op biskiedende stuiten? En hat de liedende âlderein yn de biweging net to folle as makke skiep réagearre?
De studinten klappe wol in minút lang.
Hy pleitet net foar in studinteregearing, seit er, mar wol foar it ôfgean fan allegearre, dy't bang en twivelriedich binne. Om plak to meitsjen foar jonge birette lju mei moed, talint en fantasij. Ik ha, bislút er, hjoed mei opsetsin iensidich west, om't dat nedich wie. Fryslân sil libje, as der in jongerein is mei koele koppen en gleone herten, dy't har ynsette wol mei de hiele hûd.
Studinten, gymnasiasten en h.b.s-ers en in kloft oare jonge minsken bringe him in ovaesje, party fan de âlderein klappe foarsichtich en hwat ûnwennich, in jonge dichter mei in grouwélich burd sjocht de sprekker wémoedich oan. Van Beem slacht him it yl suver yn de hannen, Loatsma en Feringa binne
| |
| |
wyt fan ergewaesje, professor Walda meditearret in amerij.
De boargemaster fan Sandfoart sprekt noch in koart wurd. Hy hat net alles forstien, seit er, mar dizze greate demonstraesje fan it Fryske folk foar eigen aerd, sede, tael, kultuer, sille him en syn deputaesje oantreastgje, om mei mear klam it folk fan de Hollânske Noardsékust op to roppen ta selsrespekt. De ôffurdigen fan Wales, Noard-Fryslân en Flaenderen bringe de groetenis en sympathybitsjûgingen fan har folk oer.
As de Hollânske helikopters wer boppe de sé hingje, jowt it folk him ôf, in part nei hûs, oaren nei de herbergen en kafé's fan Warns, Starum en Riis, om nei to petearjen.
It diné op Riis, mei de tsien mannen fan it Pekfek, tsien studinten en dr. Nanne Nijdam, forrint fleuriger as sommigen forwachte hiene. Loatsma en Feringa hiene der gjin sin mear oan, mar hja bigriepen dat hja de bisiking oan de ein ta meimeitsje moasten. It foel lykwols ta. De studinten binne yn high spirits, Rienks is in pûrbêste, hoflike tafelpresidint, Marijke Walda en Tini van der Skoat binne charmant. Boppedat wurdt der in goede koppige wyn skonken, dy't alle skelen ophevet yn in minsklike synthese. Alinne dr. Loatsma wrokket nei, hoewol syn wurden bitterder klinke as syn moed winliken is. Hy fart út tsjin de komeedzje fan it Reaklif, dy't de hiele Fryske saek kompromitearret, tsjin de sprekker, dy't syn eigen generaesje to skande sette en it jongfolk opswypke. De boutades fan Van Beem kin er lykwols net tsjin op en hy is alhiel fan de wize, as dr. Vearman mei him klinkt en Omar Khayyàm sitearret
In glês en jitris ien, dat ik fordrink
it riedsel fan myn machteleaze dei.
Spanning komt der as dr. Nanne Nijdam syn kausery hâldt. Nijdam hat net nei it Klif west, hy hat der noch mar ien kear yn syn libben west en dat hie him min foldien. Hy is in fûl kritikus, mei ryklik selswurdearring en, bihalven yn in lyts freoneformidden, fan aerd hwat ienkennich. Hy wit wol dat er nei in fiks slokje faei is foar in mylde dichterlike minsklikens en dêrom hat er sa min mooglik dronken. Hy wol hjoed foar dit selskip fan biwegingsaristokraten en studinten mei nasionalistyske kompleksen ris dúdlik sizze, hoe't it lân der hinne leit. Syn ûnderwerp is: Fryslân, lân fan biwegingsburokraten en poëtysk analfabetisme.
Hy hat oan de petearen wol heard, seit er, dat de dames en hearen hjoed de slach by Warns opreakele en hast allegearre in slach mei de moalpûde hawn hawwe. Hy gunt it folk syn
| |
| |
pretsjes en forsetsjes, mar it Fryske yntellekt moast each foar forhâldingen hawwe en de biwegingsmelodramatyk op har krekte wearde hifkje. It is der hjoed grif wer heil om seil oan wei gien. Fryslân oerein! Eala Fria Fresena! Aldfaers erf, wy weitsje oer dy! Feinten hâld de fûsten ré! - hy ken dat. Unnoazele fraseology, âldfrinzige romantyk en retoryk, irreëel geswam, dat bromfytsende feinten en fammen in pear ûren oerstjûr makket en it birutsen fjûr fan de âlderen efkes oanblaest. Moarn skynt de hjerstsinne wer dizenich, of reint it wer oer in dea lân en oer in folk fan froede boargers en smoute jounpraters, skou foar it wiere, greate avontûr, dat fan de geast.
- Op ien útsûndering nei fansels! falt Marijke yn.
- Gjin ynterrupsjes, Marij! warskôget de foarsitter.
- Mei al dat trelit, forfettet Nijdam, al dat fjûrwurk en gebalt en mei alle swierwichtige proklamaesjes fan biwegingsburokraten komme wy om fan geastlike earmoed en libje wy yn in lân fan poëtysk analfabetisme.
- En dêrom krije wy joune stielpillen en fitaminen!
- Dou kinst aensten it wurd krije, Marijke!
- It is in opmerklik forskynsel, dat de Fryske poëzij efterút giet yn itselde tempo as de biwegingsburokrasy har sels opskroeft. De dichter kin yn sa'n klimaet net aerdzje, allinne as er de moed hat ta it isolement, it iensum avontûr, as er sterk genôch is om de baltende keppel de rêch ta to kearen, hat er kâns de folsleine frustraesje to ûntkommen. Mar sokken binne tsjintwurdich tin siedde yn dit lân...
- Hjir wurde se joun siedde, ik fiel al hwat...
- Marijke!
- De dichters dy't in stikmennich bihoarlike fersen skreaun hawwe, distansiearren harren yn 't algemien fan de heilsoldaten fan de biweging. En biwegingspommeranten dy't bihalven retoryske striidsankjes ek noch wolris akseptabele poëzij skreauwen, binne de útsûndering, dy't de regel bifestigje. De dichter an sich hat mei de Fryske biweging neat to rêdden, it is al slim genôch, dat er him fan it histoarysk-geografysk bigryp Fryslân nea alhiel losmeitsje kin. Hy bitsjinnet him fan de Fryske tael, om't dat syn ûnûntkomber needlot is, mar alle melodramatyk oer folk, tael, naesje, aerd, sede, bloed, tradysje lit him stienkâld...
- Fansels, sa'n olympyske godheit...
- Dr. Nijdam hat it wurd, Marij!
- Ik ha der hoegenamt gjin lêst fan, foarsitter. De dichter, dy't him meitroaije lit nei de merke fan de biweging, dy't mei- | |
| |
spilet yn it hynstespul. Eala fria fresena wurdt sa forkâlden as in snip en hat mei gauwens gjin lûd mear...
- Aspirine, gleone anysmolke en in wollen himd!
- Syn relaesjes binne it eigen hert, God, de neiste, de leafste, de natûr, de kosmos...
- Fryslân leit yn in romte bûten de kosmos. As Einstein...
- Marijke, wachtsje dyn tiid nou efkes ôf!
- Ut eigen need of blydskip wei skriuwt er. Faeks stiet hjir in dichter fan bitsjutting op, as de biweging efter de siken is, of oan de ein fan har latyn. En de irony fan de histoarje sil wêze, dat er út de stilte wei dit folk in reputaesje jowt, dêr't burokraten en soldaten jierren lang omdoch om roppen hawwe.
Wylst dr. Nijdam sitten giet, suchtet Marijke fleurich: hawar, dan wachtsje wy op dy Dalai Lama.
Der wurdt ynskonken en ek Nanne Nijdam drinkt mei wille, nou't er syn galle kwyt is.
- Ik tink, dat Marijke nou it wurd wol hawwe wol, seit de foarsitter.
- Ik ha winlik al sein, hwat ik kwyt woe, mar hawar. Dat dr. Nijdam syn anathema's tsjin de biweging hjir yn sok goed standert-Frysk nei foaren brocht hat, hat er oan dyselde biweging to tankjen. Dat ûnûntkomber needlot fan de Fryske tael, dêr't de útkarden ûnder suchtsje, liket my in fariaesje op it âlde forfelende thema fan de Fryske tragyk, dat ús de kiel úthinget. As dr. Nijdam hjoed op it Klif west hie by de soldaten en burokraten, soene him de spinreagen grif út de holle waeid wêze. Syn earme dichters, dy't lije ûnder ús gebalt, haw ik meilijen mei. Hja hawwe, skerp steld, neat mei Fryslân to rêdden, likemin as Gysbert Japiks yn syn tiid, likemin as Homerus mei Grikenlân, Dostojewski mei Ruslân, Tagore mei India. Dizze sterile filosofij, dit libbensfrjemde literaire founemintalisme wurdt ús anno 1970 as drankje tsjin de biwegingssykte oanbean.
- Ik leau, dat juffer Walda my net alhiel bigrepen hat.
- Ik leau, dat ik dr. Nijdam tige goed bigrepen ha. As er ús tominsten net foar de kroade ride woe, mar dêr wie syn preek to krampeftich ta. De Fryske biweging is in seiskip fan âljende âldfrinzige romantisi en de dichters moatte dy baltende keppel de rêch takeare, om mei de kosmos en de faem yn 't lyk to kommen. Hwat in ûnwittende mooglikheden biedt harren skielk de romtefeart. Marsman hat songen: dit is mijn land, mijn volk, dit is de ruimte, waarin ik wil klinken, mar hy wie dan ek in dynamysk dichter en gjin hymjende dogmatikus.
| |
| |
- As heilsoldaet fan de biweging slút ik my by Marijke oan, seit Van der Schaaf. De sprekker op it Klif hat it hawn oer ierforkalking, it liket my ta, dat dr. Nijdam, dy't ik optimistysk by de jongerein rekkene hie, ek oan dy krupsje lijt. Hy is like bang foar ús heilsleger as de froede boargers, dêr't er op ôfjowt. As de biweging har greate bek hâldt...
- As de biweging swijt, bidoelste, ûnderbrekt de foarsitter.
- Né, ik bidoel, hwat ik siz: as de biweging har greate bek hâldt, komt de tiid fan de dichter, mient dr. Nijdam. Ik siz: as de biweging op apegapjen leit, leit ek de Fryske dichter to spinfuotsjen. Hja is de iennichste romte, dêr't er yn klinke kin.
- Al soe dr. Nijdam ûngelyk hawwe, dan hat er noch gelyk, falt dr. Loatsma paradoksael yn. Dat geblaf op it Klif bringt ús op in minne namme. Wy hawwe gjin forlet fan lawaei oan de iene en fijânskip oan de oare kant, mar fan lju dy't sûnder opskuor arbeidzje foar ús kultuer. Dizze bourgogne is bêst, mar ik kom nea wer op 26 septimber op it Reaklif.
- As jo Nijdam gelyk jowe, tekenje jo jou eigen founis, seit dr. Vearman. Hy hat net allinne Warns foroardiele, hy hat jo útmakke foar in biwegingsburokraet.
- Binne jo bikeard, Vearman? freget Loatsma forûntweardige.
- Neam it sa't jo wolle, ik wol yn alle gefallen it rjocht hawwe it mei mysels ûniens to wêzen. Ik bin tsjin myn sin nei 't Klif gien en nou fyn ik it hjoed al mei al in kostlike dei. Ik ha in gefoel, dat ik fan in kompleks ôf bin en dat Nijdam der noch mei tangele sit. He's a jolly good fellow, mar syn skôging oer it poëtysk klimaet is iensidich. Dichters komme út de stilte en ut de stoarm, nimmen kin har baen birekkenje. It sil my nij dwaen, hwat moarn de Nije Roterdammer skriuwt.
- Du choc des opinions jaillit la verité, seit dr. Nijdam, dy't nei in pear glêzen bourgogne folle fleuriger de wrâld ynsjocht. As ik ryklik sterk aksintuearre ha, wie dat saeklik bidoeld en net persoanlik. Dat de biweging de motor west hat fan in foege renaissance, ek yn literair opsicht, ûntstriid ik net. Mar dy tiid is lang foarby, nou soe hja op 'e poëzij gjin ynspirearjende, allinne mar in forlamjende ynfloed hawwe. De dichter is soeverein en lit him net foar de wein fan in ideology spanne.
- Jo fjochtsje tsjin wynmolen, seit Marijke, gjinien wol de dichter bine. Mar jo hawwe út jou houten himel wei in biweging oanfallen, dêr't jo neat fan bigripe. De horde, fan de goaden forachte.
- In biweging, dêr't jo lid fan binne, kin gjin horde wêze, juffer Walda.
| |
| |
- Yn oarder, Nijdam! ropt Van Beem. Drink ris op!
- Lit my dan as horde definiearje de hiele mienskip fan achtenearre boargers, foar hwa't de dichter in outcast is, omdat syn wrâld harres bidriget.
- Lit my dan konstatearje, dat deselde achtenearre boargers ús mei de nekke oansjogge, om't it Fryslân, dêr't wy foar stride, har gammele wrâld bidriget.
- Dêr sit hwat yn. Ik wiis lykwols jitris op it opmerklike feit, dat by it oanboazjen (forjow my) fan de biweging de poëtyske risping, op inkelde útsûnderingen nei, earmoediger wurdt.
- Jo kinne net mear as der op wize, in kausael forbân tusken dy beide forskynsels kinne jo net wiermeitsje. Ik soe wize kinne op it net minder opmerklike feit, dat men de measten fan ús adspirant-poëten noait op 'e barrikaden (forjow my) sjocht. Hja sitte yn har hokken of salons, clean shaven of mei in burd as in bok, op har poëtyske aeijen to brieden, mar der komme gjin piken. Soe it net gaedlik wêze, dat hja ris ûntgriene waerden, efter har rútsjes en ramtsjes weihelle, meisleept efter in findel oan, de wite koppen yn sinne en wyn? Miskien soene se har dan lossjonge.
- Yn striidlietsjes bygelyks?
- Bygelyks. Hwat is dêr op tsjin? As it mar nije lieten binne, dy't spand steane fan libben, licht of opstannich, bliid of bitter. In poatich striidfers, in rebelsk protest (en dat hoecht net allinne oer Fryslân to gean) is my mear wurdich as in puberteitskompleks yn dichtfoarm. Dichters komme út de stilte en út de stoarm, sei dr. Vearman niis. Ik leau, dat wy hjoed forlet hawwe fan in pear stoarmfûgels, om de makke gânzen kjel to meitsjen. Mear as fan goedkeape boetepreken tsjin it jonge libben, dr. Nijdam!
Van Beem klapt yn 'e hannen: hulde, Marijke!
Dr. Vearman giet stean en hevet it glês: Ik drink op 'e Federaesje fan Fryske Studinteforienings yn 't algemien en op har charmante earste skriuwster yn 't bisûnder.
- Ik allinne op juffer Walda, hoewol ik it op gjin stikken hinne mei har iens bin, seit dr. Loatsma.
Nanne Nijdam klinkt hoflik op Marijke.
Professor Walda bitanket de studinten. Jimme hawwe ús hjoed in eintsje fierder brocht as wy op rekkene hiene, seit er, mar ik kin my wol oanslute by dr. Vearman, dy't dit in kostlike dei neamde. De gefaren, dy't ús wolris bidriigje, binne routine en keamerlucht, dy't yndied burokraten kweekje, sels literaire burokraten. It foel my op, dat dr. Nijdam kwael en therapy net
| |
| |
ûnderskaette, mar meiinoar bitiisde. Ik kin him op in briefke jaen, dat it op it Reaklif fris en winich is, soms wolris ûnlijich, mar noait muf. Ik ha hjoed gâns yndrukken opdien. De sprekker op it Klif hat it fjûr oer ús ynroppen, dr. Nijdam de greate stilte en Marijke de stoarmfûgels (hwat ik nammers wol fan har wend bin). Is dat meiinoar net in prachtige dynamyk, dy't it hynstespul fan de Fryske biweging ta in boeijende ûndernimming makket? Men kin der jong by bliuwe.
In ploechje studinten bliuwt dy nachts op Riis. Marijke Walda en Roel van der Schaaf meitsje togearre in kuijer by ljochtmoanne troch de hjerstbosken.
- Fanke, hwat in dei, seit Roel. Wy mochten dy wolris huldigje, ik doch it yn alle gefallen. Dou hast de hiele federaesje sahwat mobilisearre om de trompet foar Warns to blazen, dou hast de oanslach op it Pekfek taret, dy't sa fordeald goed slagge is, dou hast Nijdam as in hynstebiter yn de fangen hongen.
- Witste, Roel, hwer't ik sa bliid om bin as in protter? Dat ik heit oer de drompel helle ha. Yn syn hert wied er it altyd mei my iens, mar hy woe 't net wêze. Leau mar, dat er it oare jier wer komt en dat is fan bilang foar in stikmennich fortsjinstlike hege hearen, dy't noch mei kompleksen sitte.
- Dou bist psychologe, Marij, hoe forklearrest Nijdam syn hâlding? Deagewoan nocht oan ûnnocht? Hy is oars sa bitûft, meastentiids fel, mar joune wied er oan it trochdraven en bleau er in stik ûnder syn eigen mjitte.
- Dat foel my ek sterk op en dat makke it foar my makliker. Mar nou'st my fregeste, komt my hwat yn 't sin. Dat ik dêr net earder oan tocht ha! Wyts fortelde my forline wike, dat syn forkearing mei Richt Landman yn 'e hobbel is. Dou kenst Richt?
- Oft ik Richt ken. Se wie fyftejiers, doe't ik yn Amsterdam kaem, se stie foarenoan yn de Federaesje, se hie ús allegear yn de bisnijing.
- Nou, tink dy ris yn, hwat der yn dy earme Nanne omgiet. In faem as Richt! En hy wurdt in dei âlder. Hy hat syn pine fansels op ús ôfréagearre.
- Soe 't útskuord wêze troch spul om de biweging?
- Bist net wiis? Dêr makket men gjin forkearing om út. Men nimt sa'n jonge gewoan mei, as it gjin sûch is. Dou bist ek in psycholooch!
Roel bigrypt yn alle gefallen, dat dit it psychologyske momint is, om Marijke de hannen om 'e hals to slaen.
|
|