De Tsjerne. Jaargang 16
(1961)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 8]
| |
Bifruchting
frou
lit tusken
de hantaesten
dy't ik skriuw
en deis formearje
altomets ris
in kymjend wurd
falle
wurd
dat it lok
op myn tafel leit
en dat ik dêrnei
yn myn fingerseinen
skroef
| |
[pagina 9]
| |
Lyts wunder
lyts wûnder
hoe bistou
sa forsille rekke
yn it sêfte petear
foar elkoar
seachstou
de hoeden forbjustering
om dit stadich
langjende lok
hoe't ús siken rutsen
ta in utersten fûgel
dy't flinterlicht
dyn wêzen biroerde
fieldestou it skaed
fan de taestende wurden
dy't wy suver skou
op dyn mûle leine
witstou dat ticht
ûnder dyn oerflak
ús eagen lizze
| |
Bern yn 'e rein
rinne de greaten
drinkeldea
yn de rjochte slach
fan it wetter
tusken dizze frjemde deaden
boartet in bern
yn ljochtsjende douns
fan dronkene drippen
smelle mearkestins
yn de blankwite rein
telt er forheard
de sulveren skulpkes
forwaeid op de dobben
boppe-ierdsk
op it wetter
|
|