Rink van der Velde:
Krystforhael
Jelke, hastou noch hwat yn 'e blaupûde? Ik bin ropsk yn 't liif. Hat net ien in brochje foar my? Dan moat ik mar in útsmiter ha, De Jong. En earst noch in slokje. Welné man, dy bus komt noch lang net. DUW-minsken kinne wol wachtsje, dêr ride se net hurder om. Wis, it is glêd, mar as hjir in keppeltsje hege hearen siet, dan soest ris sjen hoe gau dy bus hjir wie. Goeije krystdagen hawn, Wouter? Wy wol, de frou hie hwat yn 'e hûs helle, in heal mingel kleare en in pear stikken droege woarst. Hwer is myn skeppe bidarre? Bûtendoar, hen.
Moatst dy snotnoas fan in Douwe ris sjen. Yn 'e keet hat er him al forklaeid en hy doart op learzens de buorren net del. En mar djûre sigretten smoke. Hat er ek al in bromfyts? Docht my gjin nij; dy groujonges witte net hwer't se mei 't jild hinne sille. Unnut forgrieme fansels, en net iens in goeije skeppe. Juster hied er de jelte der ôf. It koe him neat skille, it koe der ek wol sûnder tocht him. Okkerdeis ha 'k ris mei him yn 'e put stien. Ik smiet der fiif stekken út tsjin him twa. En elk kertier smoke fansels. Skijtkeardels. De Jong, ik noch in slokje, en hoe is 't mei myn útsmiter?
Jow dy mar del, Jelke, de bus komt noch lang net. DUW-minsken kinne wol wachtsje. As wy in ûre letter by 't wiif komme, dat jowt neat. Mar moarns trije menuten to let op 't kerwei, dat kin gjin kant út. Moarns by tsjuster fuort en jouns by tsjuster thús. Foar trijensechtich goune.
Foar sokke mantsjes as Douwe is 't fansels noch fierstentofolle. Sa'n jonge bringt al goed fjouwer tsientsjes thús. Ik bigryp sokke âlden net, dat se him it allegear hâlde litte. Dat komt fansels noait goed. Hwat seistou? Wis, in nozem. Duvekater, dat wie yn ús tiid al oars.
De Jong, ik noch in slokje en as dy útsmiter nou net daliks komt, dan hoecht it net mear. Doe't ik sawntjin wie, hie 'k in húshâlding fan alve minsken op myn noed, stjerrende wier. Dat is nou krekt fiifenfjirtich jier lyn, tink ik. Jelke, dou moatst it noch skoan witte. Hwat is 't hjir gleon net? De Jong, dy kachel is fiersten to waerm.
Dat wie dochs yn dy strange winter, Jelke, dat heal Beets yn Crackstate siet foar streuperij. Wy hawwe doe ommers noch in wraem dien op dy ierpelbulte neist de pastorij yn Ald-Beets. Ja, doe siet ús heit ek yn Crackstate.